28-07-2007

Ketsjupferslaving





Maaike en har freon Jopke en ús Jan sitte no goed in wike yn Egypte. Fan it tsjerke hawwe wy heard dat se in goeie fleanreis hân hawwe en dat se goed oankommen binne. Maaike hat in ferslachje oer de ôfreis opstjoerd nei de Sneinspetiele fan it Frysk Deiblêd, sy is no foar trije wike
‘ús korrespondinte yn Egypte’.

Fansels hie ik de bern fan alles wat meijûn. Pûdsjes droege sop, kaugom, in ammerke sâlte drop, wat krintekoekjes, salmiakkûgels en mear fan sokswat. Sy moasten al ris wat hawwe te haffeljen dêre. Spultsjes gienen ek mei: in lege learen fuotbal en follybal, in pompke, in spultsje Frysk boerekwartetten en gewoane spylkaarten om mei te klaverjassen.
Mar doe’t ik fan ‘e wike op Jans keamer kaam en de kompjûtermonitor útsette woe omdat it lampke al mar oan stie te flikkerjen, seach ik ynienen wat frjemds efter de kompjûter lizzen. Alle snobberij dy’t ik yn de reistas stutsen hie lei der moai ferdutsen efter. ‘No, dochs flink fan de jonge’, tocht ik by mysels. Hy is net de lichtste kant neist, dat hy hie him skynber foarnommen dy tiid oan te gripen om fan it swietguod ôf te bliuwen. Netsjes!

Mar doe’t Romke en ik fan ‘e wike oan ús mieltsje bakte earpels sieten (oerbleaun fan de oare deis, ik hie fierstente folle skyld) soe Romke de mayonêze en ketsjup efkes út de kelder helje. Mayonêze wie der noch wol, mar de ketsjup koe er nearne fine.
‘Och jong, sjoch doch ris better om dy hinne’ sei ik, ‘der moatte noch ien oanbrutsen en minstens twa nije flessen stean.’
Romke nochris de kelder yn.
‘Nee hear’, sei er. ‘Of ik mei wol kluten yn ‘e eagen hawwe, mar ik sjoch it net’.
Dat doe moast mem sels mar even hinne. Mar Romke hie wol gelyk, der stie net iens in flesse dy’t der wat op like.
Doe gie my in ljochtsje op.

Fan ‘e jûns belle Maaike op út Egypte. Nei in praatsje hoe’t it dêr wie fertelde se dat it mei Jan ek goed gie. ‘Allinne oan de itenstafel hat er it efkes dreech’ sei sy.
‘Hy hat hâlden en kearen om syn flesse ketsjup ûnder behear te hâlden.
Der sitte tritich man om ‘e tafel en se binne ynienen allegear sljocht op ketsjup...’









12-07-2007

Hingje de jas mar yn de gong





hoe’t ik dy ha wol
mei hier
en dat brune fel
witer yn ‘e winter

altiten wer
nei my takeard
mei seine
koartknipte fingerseinen

en eagen
dy’t nei lippen lûke
foar wurden, in tút
of in tongetip

at ik rin
nimst deselde trêd
mei dyn lingte
en dat bytsje breedte

op dyn grûn
wurd ik túnker
gjin plant negeret
dy dûbele segen

datst thús bist
dêr genietsje ik fan
steesoan eefkes myn noas
yn dyn jas op ‘e gong










08-07-2007

tarieding





Noch alve dagen, dan sil ús jeugd nei Egypte ta foar har World Servants projekt. De jongste hat noch nea flein, mar hy is mei in ploech bekenden, dat it sil wol wat tafolle mei de fleandersangst. Boppedat, Jan wol, - at er him ienris byinoar sparre en yninoar set hat - mei de skûter sprinte. En dat giet ek aardich hurd, dus dat sil it him wol net dwaan. Mar ja, witst nea mei Jan, dy set dy altyd foar ferrassings. Ik hoopje al dat se spuipûdsjes yn syn buert delhingje.

Mar no it folgjende: om't der safolle meigean, moatte se merkjes yn de klean ha mei harren namme derop. Alle guod fan tritich man wurdt deis wosken dêr yn Egypte, en dan moat dúdlik wêze fan wa't wat is. No ha'k al sa tûk west om in roltsje stoffen lint te keapjen dêr'tst de namme op skriuwe kinst, en dan kinst dat stikje derôf knippe en dan moat it mei in hyt strykizer op 'e klean strutsen wurde. Dat ik hie wat nij ûnderguod foar de bern helle, en sokken en sokswat, en wie al drok oan it striken (lamme earm derfan, want it moast mei lofts omdat der yn it rjochterskouder in slymbeurstûnstekking sit), doet Jan by de noas lâns opmurk dat er allinne âld spul meinimme woe, dat siet lekkerder en dat koed er dan ôfbrûke en fuortsmite.
Ja, dêr sit je dan mei je goed gedrach.
No moat ik nochris. En it minste is: guont merkjes moatte deryn nááid wurde. No, ik en nuddels, dat is twa. Ik ha noch nea in naaimasine hân, sa'n hekel ha'k oan dat pokkewurk.

MAAIKE | JAN | MAAIKE | JAN | MAAIKE | MEM | WURDT | SPIKER | GEK




01-07-2007

Ik de beahipper









It hat gjin doel en jou lûd,
ik krij hieltyd gjin gehoar en ik
wit wat der bard is mei dy mosk
op it dak. De rein en de wyn

makken fan dy de kjeld en my sa hosk
en ik tocht ús dy swiete pea nochris yn
foar’t de sinne syn ljocht wer falle liet.
Ik bin de beahipper en do de hearemyt.

It hat gjin doel en bûch nei dy oer,
wy steane op de râne fan it dak
fan in glêzen hûs. Yn de dream

sweefde ik nei dy ta, oant er bruts.
No bid ik my de knibbels hast krom,
myn leave en de line bliuwe stom.



22-06-2007

mûzen om 'e hjouwer




23 juny is it dan safier, dan sil ik oan de dyk stean mei poëzy. Wurden mei de wyn mei oer de minsken hinne struie. De kuierders sille my net ûntkomme, dat wol sizze; ik haw altiten wol ien te pakken, want der komt in dixie yn de buert fan myn tintsje te stean. It earste húske dêr’t de kuierders te plak kinne, dus it kin wêze dat der sporadysk gebrûk fan makke wurdt, mar it kin ek wêze dat er algeduerich beset is. En at se ienris sitte....dan binne se oerlevere fansels.

Romke hat in aggregaatsje liend, wy hienen sels in mikrofoan en wy mochten in fersterker liene fan it shantykoar, dat it kin heve. Ik haw in sjarmante assistint sjartere dy’t apels útdielt, in saneamde apeljonge. Wy moatte moarns earst mar efkes mûskopje. Ik sil him ynstruksjes jaan dat er net al te ree wêze moat mei se oan de minsken oer te jaan. Se moatte eins even op de striepakken sitten gean om te harkjen nei in wurdsje foar ûnderweis. Kinne se wilens moai dat apeltsje opite.
It sil my nij dwaan; soenen de kuierders de blik op ûneinich hawwe, of dogge se it harren oan tiid? Hinget ek fan it waar ôf fansels. No, wy sjogge wol, ik bin der klear foar, ik haw myn flowerpowerklean al opsocht en blommen op it striehuodsje. No noch ôfwachtsje oft der mûzen om ‘e hjouwer strune sille.


14-06-2007

Jan & Jopie




Jan en Jopie binne twa hannen op ien búk. Sadree’t Jan thúskomt út skoalle, fisket er Jopie út de koer op it hege kastke foar it rút yn it hok wei en mei de oare hân smyt er de tas del en docht er de jas út. En dan giet it saakje nei boppen ta. Jopie hinget him dan like slop oer de earm as wat, want it bistke docht deis oars net as sliepe.
‘Wêrom moat dy kat eins mei nei boppen ta, at er dochs mar wat op dyn bêd leit te sliepen, Jan?’ frege ik okkerdeis. ‘Wat hast dêr no oan?’
‘No,’ sei Jan, mei de iene hân set ik dan de kompjûter oan en mei de oare aai ik myn katsje eefkes. Dat fynt er moai.’
‘Fral Jan fynt dat moai’, tocht ik by mysels, want it heucht my noch dat ús mem eartiids tsjin my sei dat at bern har wat iensum fiele, dat se dan in bistke hawwe moatte, in marmot, in lamke of in knyn, makket neat út. Dan hawwe se wat by har en kinne se der wat mei om fandelje.

Justerjûn hie Jan al dûst en stie er mei de kat klear om nei boppen, doe’t ik Jopies eachjes wat al te wekker glinsterjen seach. Hy sloech ek wat mei de sturt. At er mei de sturt slacht, is dat meast in teken dat er ûntkomme wol. Mar hy sloech noch net sa hurd, miskien foel it wat ta. Ik warskôge Jan dochs mar efkes.
‘Jan, hy wol by dy wei, hy slacht mei de sturt.’
Jan seach ris in kear, mar allinnich it puntsje ferweegde.
‘Nee hear,’ sei er, ‘hy fynt it lekker.’



12-06-2007

poëzydrokte




Kommende wiken bin ik mei de poëzy op paad.

Nee, net mei it Literêr Sirkwy,
dêr bin ik net foar frege wurden, mar yn
Amsterdam op 17 juny (Iepenbiere Bibleteek Amsterdam),
oan de kuierrûte fan de Lauwerswandeltocht takom 23 juny,
yn de Prinsetún fan Grins (26 of 27 july)
en op 8 septimber by it kultureel festival fan it Kollumer Oproer, yn it Witwaterbos fan Kollum.


05-06-2007

It fleis fan pake Durk




Doe’t ik snein de sneonsbylage fan de Ljouwerter fan 2 juny lies kaam ik de namme ‘tante Hebel’ tsjin, om krekter te wêzen stie der: ‘De jus van tante Hebel’. ‘Hea’ tocht ik, ‘moat dat gjin tante Heabel wêze?’

En drekst wie ik nijsgjirrich, want ik hie ek in tante Heabel, tante Hepie seinen wy thús. Us mem har suster hiet sa, en ek fierderop yn de famylje sieten Heabeltsjes. It artikel gong oer de kollumnist Martin Bril en syn Fryske roots. Nei’t ik fierder lies kaam ik hieltyd mear bekende nammen tsjin en wat blykt: Bril en ik binne fiere famylje, syn mem en minent binne nichten. No is dat útsykjen fan besibbens altiten in grage beuzichheid fan Friezen. Kinst net mei in Fries om útens yn de kunde komme dat der net praat wurdt oer fan wa’tst ien biste en oftst dy-en-dy ek kinst. Skynber binne alle Friezen famylje fan inoar. Ja, dik kâns eins ek wol.

Doe’t ik my twa jier lyn bezich holden haw mei de stambeam fan ús heit en mem ha’k my fansels ek ferdjippe yn de Pilatten. En yndie, wat kamen der doe in ferhalen foar it ljocht. Ek al omdat de famyljes sa grut (en earm, fral yn de njoggentjinde ieu) wienen. Net earder as doe’t it spoar fan Ljouwert nei Grins oanlein waard klaude de famylje wat oerein, want doe krigen de manlju wurk by it spoar en dat betelle goed. Dêrnjonken hat de famylje altiten bekend stien om de feehannel. Ek dy smiet moaie ferhalen op. Ik hoopje dat Bril se opskreaun hat.

Wat hy neamt yn it artikel, dat der nei in optreden fan him trije nichtsjes op him ôfstapten en dat hy se net mear koe, mar wol drekst fernaam dat it famylje wie, fyn ik hiel wjerkenber. Der sitte trekken yn dy Pilatfamylje dy’t hieltyd weromkomme, en dat fernimst fral troch de ferhalen dy’t der ferteld wurde, mei steesoan deselde soart fiten en prinsipes. Wat ik net werom fyn by Bril is de Frysksinnigens, dy’t de Pilatten oars ek wol ha. Mar dat kin perfoarst lizze oan it feit dat hy gruttendiels bûten Fryslân opgroeid is. Hy ferstiet de taal wol, mar praten bliuwt by twa rigels en him lêze sil der ek net kinne. Miskien wie dat oars west at er hjir bleaun wie. De opmerking dat it wichtiger is foar in bern om te witten wêr’t Brussel leit as hoe’t Frjentsjer stavere wurdt yn it Frysk floeit dêr hast automatysk út wei en is ek mear de Hollânske opfetting. Hy hat noch net yn de gaten dat Friezen wolris trochsjitte yn harren stribjen de taal en kultuer te behâlden. Want ast it fleane litst, komt it net werom. En dan kinst sizze: ‘so what?’ Mar ik freegje my ôf; bliuwe de Pilatten dan de Pilatten noch wol?

It docht my tinken oan pake Durk Pilat. Pake Durk wenne op Sânbulten en kocht it fleis altiten by Abele Kamminga oer de wei. Abele Fogel (sa hiet syn frou) wiene slachter. Pake koft it fee yn, Abele kocht it fan pake en pake koft it fleis dan wer fan Abele. In kilo kowefleis, in pûn bargefleis, in leverwoarst en in stik as wat droege woarstjes wyks. Dat helle er saterdeimiddeis op. Sa gie dat, stielen wet. Sels doe’t pake út de hannel wie helle er it fleis noch by Abele wei. Trou as goud. Syn dochter Heabel sil it fleis ek grif ris taret hawwe. En de sjú.







29-05-2007

Tante yn 'e tinte




Net safolle nijs fan it front hjirre; wy hawwe griperich west en dan hast net oeral sinne oan. It modderet mar wat troch sa. Yntusken hat it grutte World Servantsfeest wol west yn Boerum. Jan hat dielnommen yn de organisaasje en alles wat er dwaan moast is ek útfierd, al gienen guont dingen wol op it lêste momint. Hy hie dus ek de gryp, mar hat de jûns al yn de feesttinte west. De artysten ( Henk Wijngaard, Roef en Marjan, grutte Geart, Jan Johannes, Tseard en Nick en Simon (de freonen fan Jan Smit) ) wienen allegear en op tiid presint. De presintator fan Holland FM hat de saak wat oan inoar praat. De tinte wie goed fol en Van Kammen hie it spul netsjes foar inoar, bodyguards as kleankasten included.

Kinst ek sjen dat wy net mear wend binne om dat soart feesten mei te meitsjen. Ik kaam yn dy tinte en tocht: ‘earst mar ris in bakje kofje’, dus ik trêde op ‘e drankwein oan. Se hienen der sa’n moai brechje foar. ‘Maklik,’ toch ik, ‘foar at it wat wiet waar is, dan hoege de minsken net yn de drits om te wâdzjen’. Mar nee, dat wie it plak foar de obers, dêr hie ik neat te sykjen waard my al gau dúdlik makke. Dat tante moast mar werom, en achter de baalje keurich om in bakje kofje freegje. No, dat hienen se wol. Mar mei myn jild koenen se neat, ik moast earst muntsjes keapje seinen se. No, dan earst mar op nei de munteferkeapkarre. Dêr ha’k de eagen mar efkes tichtknypt foar de prizen, oars krije jo ek neat, no. Wer op nei de kofje, en ja hear, diskear hie ik it systeem goed folge. Kofje mei molke. Nei it twadde bakje koe om my it feest wol begjinne, mar it moast noch op gong komme. Ik seach om my hinne nei stuollen en taffeltsjes, mar dat is der tsjinwurdich net mear by.
‘Dêr goaie se mei, mem,’ sei Jan. Ik koe it my net foarstelle, mar goed, skynber is dat sa. Dat jo moatte de hiele jûne no stean. Gjin wûnder dat der gjin âlderein mear yn dy tinten komt. Dat is ommers net út te hâlden. ‘No ja, dan mar wat dûnsje’, tocht ik by mysels. Ik haw dus oant 1 oere nachts ta dûnse. Twa dagen like lam yn ‘e fuotten west as wat, mar dat docht neat.
Doe’t ik letter op ‘e jûn wer by de drankwein kaam om reade wyn, sei it oberkewat spytgnyskjend: ‘O, moatte jo neat hawwe mei molke?’ Ik sei: ‘Nee jonge, ik kom der hieltyd mear yn. No wyn en as ik aanst wer kom, kinst de bearenburch mar klear hâlde.’


15-05-2007

Wat der net al driuwt





Driuw yn it limoer, myn jonkje,
no’t boppe it wetter brekt.
Dyn spegelbyld yn de plassen
makket skrassen op myn antlit,

ik kin net fierder mei de komeedzje.
Heit joech him der ûnder del,
do hiest mear myn fel. Der is
gjin remeedzje mear, remeron

kostet my de kop, dêr bliede
myn harsens. De himel spilet foar hel
om it wiif mei de blauwe mouwen.
Hjerstmis driuwt yn in loftballon.




11-05-2007

Slavinken en fuotbalfans




Juster wie it dan einliks safier. It hie gâns fuotten yn ‘e grûn hân. Jan hie ferline wike freed al foar njoggenen foar de doar fan de sigarewinkel stien om kaartsjes te keapjen, doe’t baas fiskboer al belle wêr’t er bleau. Ja, dan moatst krekt wer op guont wachtsje dy’t in pakje sigretten, twa kaugomballen, de Privé en in krante ha moatte fansels. Mar goed, it wie slagge en nei in skrobbearring fan baas fiskboer wie er mar hurd oan it wurk gien mei de karre skjin te meitsjen en yn te laden foardat er mei de sjofeur op en paad soe.

De hiele wike hie er it der oer. Oars is er de rommel altiten kwyt, mar diskear waard der op de kaartsjes past as wie it goud. Piter soe mei. Piter is syn fuotbalkammeraat, in sportive jonge dy’t sels ek fuotballet. Jan fuotballet net by in klup. Net mear. Eartiids wol, doe’t er noch in jonkje fan in jier of tsien wie, mar se koenen allegear hurder rinne as hy en dêr fûn er mar neat oan. Mar sûnt koart hat er in spultsje fûn op it ynternet, en derby is hy dan de coach fan in alvetal. Hy moat yn- en ferkeapje, it geëamel fan spilers oanharkje at se foar te min ferkoft wurde ensa, en dat hat syn belangstelling foar it fuotbaljen en wat derom hinne hinget nij libben ynblaasd. Boppedat hellet Piter him ek wol gauris op om mei in pear oare maten efkes in baltsje te traapjen, dat it fuotbaljen leit him no wer wat nijer.

Ik tocht al: no hoopje ik al dat it wat in aardige wedstriid is, want it kaartsje hat him de helte fan syn lean koste en it soe al sneu wêze at der dan in lije wedstriid spile wurdt. Mar nee, dêr hoegde ik net oer yn te sitten, sei Jan, want it wie ommers Feyenoard tsjin Grins, dat waard altiten wol in spektakel. En ja hear; der wie fan alles bard: ûnderút skopperij, in reade kaart, in stikmannich giele kaarten en trije goals. It is my fan ‘e moarn mei spjelde en nuddel bestutsen.
Vink, sa hiet de skiedsrjochter, hie twa kear net sjoen dat it in penalty foar Grins west wie. Dat Jan soe Jan net wêze as er net hiel hurd meiraast hie:
‘Slavink, slavink....’







08-05-2007

Ferkearde fragen of ferkearde leeftyd?




In âld karre of kerreven hawwe se noch net, mar al earne in hoal mei in stopkontakt.
Ik kaam thús sneintemiddei en de kast stie iepen en der misten buorden en pannen dy’t ik brûk foar it barbecuën. Efkes letter seach ik dat de frituerpanne ek fuort wie. No ja, doe hoegde ik it deksel fan de frieskast fansels net mear op te tillen; ik wist genôch.
De âld rot wie der letter wer stikem ynkommen en nei boppen slûpt.
Ik haw it mar gewurde litten.
Yn de itenspannen op it oanrjocht siet noch wat mayonêze en kurry, en it bestek lei yn de panne dêr’t de mannen it frituerde iten yn hân hienen.
Fan froeger wist ik noch dat myn bruorren ek altyd fan dy fret- en drinkplakjes hienen. De jeugd byinoar, wat frisdrinken of bier derby, muzykje oan en do hearst se de hiele middei of jûne net wer.
Dat giet der net om dat se thús gjin plak hawwe soenen, mar hja hawwe no ienris saken te besprekken dêr’t gjin folwoeksen earen by heare. Soks moatte jo as âlders oanfiele.
Lesten kamen wy fjouwer man sterk oer it mat, moai foar de tillvyzje oan in potsje bier. Hindert neat, hja binne sechtsjin west, mar doe’t ik derby sitten gie en frege wa’t foar stie mei it fuotbaljen wienen se ynienen samar fuort. Ferkearde fraach steld? Joast mei witte wêr’t se sa gau keard wienen.
Ek nei dat geheime hoal seker.








04-05-2007

Maaiedei





Yn ‘e fierte sigeunermuzyk.
Do hevest de holle skean,
as harkest,
mar de eagen bliuwe leech,
wjerspegelje it Gebou,
it lûdsmozayk
fan griis en brún
net mear dat fûle blau.





02-05-2007

Je zus rijdt






Op ‘e winkelstrjitte yn Surhústerfean hold in frou my oan; oft ik ek in pinne hawwe woe. Wis wol, in pinne komt altyd fan pas by in skriuwer. Der stie in moaie tekst op, sei se. Ja, dat wie ek sa, in bibelske tekst fan de Korintiërs seach ik. ‘Moai hear, tankewol’, sei ik en woe trochrinne, mar dat wie de bedoeling net fansels. Der wie ek in begeliedend ferhaaltsje by. Ik wie eins wat gleon, want Maaike hie my mei de mobyl skille dat se yn in kleanwinkel wat oan stie te passen en dat moast ik keure foardat se it keapje woe. Mar ik koe de frou foar my ek net foar de holle stompe wol? Dat ik haw se efkes rêstich oanheard, mar doe hie se noch folle mear spul by har. Boekjes en boekelizzers en sa. Ik koe alles wol fergees meikrije. No, ik kin dat wol brûke foar de kategisaasje, dat ik haw it yn tank oannommen. Op it lêst krige ik noch in kaaiehinger. Ik kaam fan Boerum, dat ik soe wol mei de auto wêze sei se. Dan koe de kaaiehinger moai by de autokaaien.

Doe’t ik thúskaam joech ik de kaaiehinger oan Jan. ‘Kin in kaai fan in skûter oanhingje’ sei ik.
It is al langer in tear punt tusken ús; Jan is in kear sakke foar it brommersrydbewiis en no ferrekt er it en doch it noch in kear oer. Salang’t er gjin rydbewiis hat, komt er net op ‘e skûter dy’t yn it hok stiet te ferrustjen.
‘Wat stiet der op dy kaaiehinger?’ frege Jan.
‘Je zus rijdt?! Ja, dat kin wol klopje, ik mei net op ‘e skûter ride hin?’
Hy gong fierder:
‘Mem leaut seker dat ik der in ûngelok mei krij omdat ik net in rydbewiis haw, en as ik it al doch, kriget mem de ferfrommele skûter werom mei in geve kaaiehinger deroan dêr’t opstiet: “Jezus redt”.
Mar dat leaut mem dan ek net mear, tink?’










30-04-2007

Fol fan Keninginnedei





Mar foardat it safier is, moat de jeugd mei de trein. Of mei de bus, mar dat is hjir út Boerum wei al hielendal in crime. En de auto, dêr hoege wy it net iens oer te hawwen, dat ding kinst nearne kwyt yn Grins op sa’n dei.
De trein dus. Dat betsjut datst earst yn Bûtenpost, Gryptsjerk of Súdhoarn besykje moatst te kommen. Dat is in makky, pakst de wein en rydst de bern der efkes hinne. Of hja kinne op ‘e fyts, mar mei it each op de weromreis en de tastân dêr’t se dan wierskynlik yn ferkeare is dat net ferstannich.
‘En wat docht mem hjoed?’ frege Maaike.
No, mem woe mei.
Op it stasjon fan Gryptsjerk seagen wy al hiele kloften klear stean op it perron, en foar de kaartferkeapmasine stie ek in hiele kliber. Guont namen de muoite net en keapje in kaartsje, dat seagen wy wol, dy baarnden sa troch. Mar dat doarst ik net. Stel je foar, sit je yn de trein en krije jo in fette boete. Moaie Keninginnedei.
Mar doe’t wy ynstappe woenen, wienen wy wol de lêsten, want der koe gjin kop mear by. It lêste famke hong noch mei de efterein ta de trein út, dy ha’k mar efkes oanlutsen, want oars wie se tusken de doar kommen. De trein siet sá fol, dat der mei gjin mooglikheid noch in kondukteur tuskentroch koe. Jan seach my al meilijend oan; dy mem, dy’t sa noadich noch kaartsjes keapje moast.
Foardat de kondukteur ek mar ien boete útskreaun hie, soenen wy al yn Grins wêze.
Sels de trein dindere oars as oars, koest it gewoan fernimme sa tsjokfol siet er. Der kaam in jonge fan syn plak ôf, hy wjirme him tusken ús troch en soe nei it húske. Moai mis, want it wie beset. Hy timmere wat op ‘e doar om.
‘Hy moat bier kwyt,’ nokkere syn maat tsjin ús. In Westereiner, sa te hearen. Wy knikten wat stom. Siet dy jonge op ‘e hinnereis al fol bier?
Doe’t de doar fan it húske op it lêst iepen gie rûgele der in spantsje út mei reade hollen. Dy hienen dus wol plak hân. Yn Súdhoarn fleach de trein it stasjon foarby. De masinist hat de trein ek hifke tink, en tocht: fol is fol.


28-04-2007

Sjoernaliste mei kreas hier?







Dat de wrâld en dêrmei ek it skoalbarren feroaret is foar minsken mei bern yntusken al gjin nijs mear. Sels it MBO docht mei oan de moderne tiid. Maaike hat goed har bêst dien op skoalle. Omdat der in pear kear yn it jier deselde praktykeksamens oanbean wurde, kinst as learling sels bepale hoenear’tst dêrfoar tentamen dochst. En alles wêr’tst foar slaggest, dat is binnen. Sy hie alles goed op gleed en sa koe it barre dat hja net yn juny, mar yn febrewaris al mei al har tentamens en opdrachten klear wie. Moai, mar moast se dan oan july ta wachtsje foar har diploma?
‘Nee,’ seinen se by har op skoalle, ‘wy dogge mei de tiid mei, dus se mei it earder oanfreegje en dan wurdt it har ek earder útrikt. Dat sa koe it dat wy tongersdei in tillefoantsje krigen mei it berjocht dat har diploma ophelle wurde koe.
Dat hawwe wy dus mar efkes tegearre dien, Maaike en ik. It moast eins ek drekst, want at se it diploma fóar 1 maaie yn har besit hie, koe se in part fan it skoaljild werom barre.
Op nei Grins dus. En ja, it wie wat in keale bedoening fansels, want mei it setten fan har hân ûnder it formulier wie it ek dien. Oars wol in hiel aardige mentor hear, dy’t har it diploma oerlange, mar gjin taspraakje of sa.

‘Dochs mar moai binnen, mem,’ sei Maaike.
En dat is sa, allround kapster is se no. Mar knippe? Ho mar. Hja wol wer oan it learen...
In sprinthavo. Ja, ek wer wat nijs. Twa jier Havo yn ien jier dwaan. En dêrnei? Skoalle foar sjoernalistyk yn Swol seit se...
Se wit wat se wol. No wol.


25-04-2007

Boppe en ûnder de grûn





Hjoed wie ik efkes by heit en mem. Hja wenje noch altyd op it boerespultsje yn ‘e bocht, efter it griene stek mei it hekje mei de izeren hoanne derop. Heit hy krekt wer in ikebeamke ta de grûn útlutsen, it swit stie him tsjok op ‘e holle. Dit beamke hie tsjin de flearebeam oanstien en dat mocht perfoarst net, want dan krige de flear wer net genôch lucht en wetter. “Kloppet ek wol,” sei heit, “want dat ikebeamke hie mear woartel ûnder de grûn as stamme boppe de grûn. Dat is in teken dat er djip gean moat om wetter te krijen. En dizze flearebeam giet dea ast dy ikebeam syn gong gean litst.
Ja, sokke wiisheden hoege de minsken tsjinwurdich net mear te hearen hin,” sette er fuort, “hja sjogge op ‘t heden leaver nei Jensen mei syn smoarch boskje hier en ôfwaaid praat. Mar wat hat dy man ús no te learen?” Ik sei mar neat, want ast der tsjinyn giest, rekket de âld man noch mear yn redendrift oer alles dêr’t er neat mei te meitsjen ha wol.
Mem sei ek neat.
Dy seach nei it fûgeltsje dat in oardel meter fan ús ôf op ‘e grûn stie te stampen.
“Sjochst wol wat er docht, Ruurdtsje?” frege se. Ja, ik seach in fûgeltsje dûnsjen.
“Nee,” sei se, “hy siket om iten. Moatst mar ris sjen.”
It duorre mar krekt even of der kaam wrachtich in wjirm ta de grûn út. “Dat docht dat fûgeltsje mei doel hear,”sei mem. En wier, it bistke stie oan dy wjirm te lûken, wolst it net leauwe, mar hy wie wol trije kear sa lang as himsels. It fûgeltsje wie der suver mei oan. Mar hy krige him út de grûn. Hy lei de wjirm foar him del en begûn de lange slanter yn stikjes te hakjen. Dat slagge mar foar in part, mar hjir rêde er ek mei: hy tearde de sliert in pear kear op en naam de deade wjirm doe as in strikje mei yn de snaffel.
Doe fleach er nei it nêst.
“Sa,” sei mem, “dy wurde wol sêd, dit is syn tredde hjoed al.”





24-04-2007

Moarnsmuzyk








Neier en neier komsto
op my of. In slûpskaad
op oaljige fuotten mei rôze neilen.
Se gienen fan boppen nei ûnderen
hâlden ho by it húske en ik hearde dy:
it klettere en pofte, de doar stiet iepen.

De doar stiet iepen, it bêd kreaket.
do komst deryn. De sinne flamket
at it kezyn dyn laits heint.
It gerdyn knikt meistimmend;
nim it, nim it, jou dy del.
Kinst noch wol efkes sliepe.

Efkes sliepe wurdt neat, dyn
bleate skouder wanket en
blomket ûnskuld. No komt it
lusten neier, yn de rêst fan
geduld. Sêft tsjurrelet it bloed.
Ik haw lake en it die my goed.












23-04-2007

Dalfsen



De bern (ik haw der op ’t heden trije; Jopke, de feint fan ús Maaike rekkenje ik der ek mar by) hawwe dit wykein nei Dalfsen west foar de tarieding foar har reis nei Egypte, takom simmer. Se sille der meibouwe oan in tehûs foar dakleaze froulju mei bern. It plak dêr’t se hinne sille hjit Beni Suef en leit yn de kontreien fan Kaïro. Yn july, dus dan kin it der wol fjirtich graden wêze. Of noch hiter, wa wit. It griist my oan. Sa lang at se libje binne Jan en Maaike my alle jierren ûntkommen, eltse simmer ferbaarnden se earst in kear foardat se in kleurke krigen. Dat ik hâld my it hert beet. Ik moat se earst thús mar wat brúnje litte tink.
Mar goed, sa’n projekt giet dus fan de World Servants-organisaasje út, en freget hast wol in jier tarieding. Der moat in bedrach betelle wurde foar de reis (dat moatte de dielnimmers sels betelje) en der moat jild komme om it hiele projekt te beteljen. Dat wol sizze, foar safier’t der troch dizze groep oan boud wurdt. Ien groep kin sa’n tehûs net bouwe, sa’n projekt nimt wol in jier as twa, trije yn beslach en der gean dan fiif of seis groepen nei inoar hinne om hieltyd wer in stikje fierder oan de bou by te dragen. De groep út Boerum moat soargje foar de binnenmuorren. Om it jild byinoar te krijen hat de groep yn it doarp ferskate aksjes opset.

Tsjin it wykein yn Dalfsen seagen ús bern nochal op, omdat it allegearre halleluja-gedoch wêze soe, sa’t Jan sei. Dy wie al hielendal net te sprekken, want hy miste syn boarne fan ynkomsten no, de deihier fan de fiskkarre dêr’t er sneons op rydt. Boppedat moast in maat fan him sneins in skûterrace ride yn Meppel, en dat hie er ek graach sjen wollen. Hy hat noch efkes besocht om my te sjantearjen, dan moast ik dy miste ynkomsten mar fergoedzje, mar dêr trapet dizze mem net yn hin. Hy moat der ek mar wat foar oer ha.
Likegoed wie it dochs wol in moai wykein west, seinen de bern. Wol twa en in heal oere tsjerke hân, hieltyd wer stean en dan wer sitte en sjonge mei de hantsjes omheech, jimme kinne dat wol. Jan hie him op it lêst mar deljûn en Maaike koe fan ‘e wike har fitness-oerke wol oerslaan sei se. De goemoarnpetearkes hienen se noch it moaiste fûn. Deryn koe elk fertelle wat him dwers siet of wêr’t er nachts fan dreamd hie.
It team is build. No it dakleazensintrum noch.


22-04-2007

letter





letter


Hjir is de roas
Dy’t ik foar dy koft
Hast him op tafel set
Yn in reade wynflesse

Dêr stie er dan
Twa moanne lang
In reade roas sûnder bledsjes
Yn in griene flesse.

No haw ik de roas
Op sterk wetter set
Badwetter
Yn in wite flesse
Om te bewarjen
Foar -









21-04-2007

Krantsje by de boadskip




Freed gie ik om boadskip nei de nije Poi yn Kollum, doe’t der in bûtenlânsk frommiske my by de winkeldoar opwachte. Hja hie in stapeltsje tydskriften yn de hannen en seach my freegjend oan. Ik seach like freegjend werom. Dêrop preuvele sy wat. Ik preuveleminte werom: ‘wat sizze jo?’ en nochris: 'pardon?'
Ik hie net iens yn de gaten dat Kollum ek al grutstedske nigings hie om swalkers har dakleazenkrantsjes oanbiede te litten. Mar dat moat it wol west hawwe, tink ik achterôf.
It frommiske spruts gjin wurd Nederlânsk, lit stean Frysk, en ik koe der net efter komme hoefolle at dy krantsjes no kosten. Faaks hie dat neat útmeitsje moatten, mar men giet nei de Poi foar de oanbiedings, no? Dy earste fraach wie dus ek net sa gek. It puollemûlkjen gie wat hin en wer, mar wy kamen net in stap fierder. It wiifke, dat noch net iens sa âld wie, seach wat helpleas sykjend om har hinne. Efkes fierderop stie in tinte man, dy’t ús wol seach út de eachhoeken wei, mar gjin azem joech. Hy sil wol tocht ha; dit is nochal in tante, dêr weagje ik my net oan. Dat it earme minske en ik stienen der allinne foar, en wat docht hja? Hja draait my de rêch ta. No, tocht ik, dat is dúdlik genôch.
No kin ik om boadskip.
Doe’t ik werom kaam stie se der noch. Mar ik bestie net mear.




20-04-2007

it pakt




Hoewol’t Minoes en Jopie dus neat fan inoar hawwe moatte, hawwe se dochs in stilswijende oerienkomst sletten: at de doar fan ‘e hûs iepen giet, fljocht ien fan twaen deryn. No is it net sa dat de katten net yn ‘e hûs meie, mar soms gean wy fuort en at wy fan ‘t hiem binne moatte de katten eins net yn ‘e hûs bliuwe út sanitêr eachpunt wei. Fan it hok út nei bûten ta hawwe wy al in kattelûkje, dat se kinne altiten yn it hok foar de keuken oer komme.
Yn dy keuken sjogge der rútsjes út op it hok, dat de katten sjogge ús oankommen, en dan witte se dat de doar meikoarten iepen gean kin. En fan dat momint ôf giet it pakt yn wurking.
Of de iene of de oare kat sjit nei binnen at de doar iepen giet. Nea allebeide. Dat kin ommers ek net, want hja libje yn wapene fijânskip en wêr’t de iene is, wol de oare grif net wêze.
Mar hoe’t it no krekt wurket wit ik net, want hja binne allebeide like snel en wa’t no krekt foarrang kriget is my in riedsel. Mar hjá witte dat wol.
Dêrom hjit it ek in pakt, hin.
Dêr stean wy minsken bûten.





18-04-2007

Drinte




Sa wekker wurde



De earste fan sân moarntiden.
Krekt dan. Op tiid
fan bêd, yn nachthimd
de wannel yn ‘e sliep.

De doar beseft, klammet earne,
myn hân wjerhâldt it lûd.
Gjin geroft fan my
ik bin hjir net,
inkeld de bosk.

Slippers koarkje oer it paad
hout op hout, dat mei by
boskspoar, en noch justjes fierder,
fuortsakke yn it mûtele grien,
soppet de grûn, foarrinner
fan de útlekte dobbe
dy’t oan de oare kant sweeft
en dêr gjin ein hat.

De leeljes!

Hja winke stadich de eagen iepen
wurde wekker yn it kleare ljocht.
Rôze, wytkloste nestjes
mei ferdutsen teisterslach.

Oan de rânen nevelje michjes
dy’t harren gûnzjend tútsje,
kikkerts kweakje bletterjend
en hynstebiters skeare
glimkjend oer har spegel.

De sinne ferskynt,
de mistwiele ferwisket.

It is fris bûten.











Mûskes by Mukkes




Nei kafee Mukkes yn Ljouwert west mei mem, om de risseltaten fan in winter poëzykursus by Tsjêbbe Hettinga heare te litten. It wie moai. Teake Oppewal iepene de jûn en soarge foar de technyk. Der wienen mikrofoanen, hiel handich, want iksels bin troch it ferkâldzjen net sa bêst by stim. Ik hearde in tal fersen dy’t ik al earder heard hie op de kursus, mar guon kursisten hienen ek wurk fan foar of nei de kursus meinommen. De kursisten wienen (yn folchoarder fan ferskinen): Aukje-Tjitske Hovinga, Sipke de Schiffart, Aeltsje de Boer, iksels, Ytsje Hoekstra en Elske Kampen. De ôfwikseling fan poëzy mei muzyk wie goed. Muzyk wie der fan Renny Ausma en Ted Willemsen, Gerrit Gerlofsma en Basile Maneka Lukadi.
Ik hie allinne wol wat mear skoften hawwe wold, want wy kamen net oan praten ta en de krukken wienen fan hurdhout. Boppedat is it praten oer poëzy somtiden like nijsgjirrich as it skriuwen derfan. Wy hawwe by Tsjêbbe nochal wat mei haikû ompield, mar der wie mar ien kursist dy’t it oandoarst om dy haikû heare te litten. Wol troch in sprekstâlmasteresse yn persoan fan Wieke de Haan, mar dat docht neat. It wie moedich fûn ik, want haikû liene har mear foar lêzen dan foar foardragen.
Hawar, ús mem sei dat se it wurk fan de iene dichter net moaier fûn hie as fan de oare. Just it ferskaat jout kleur oan poëzy. Helder wie wol, dat der in protte te genietsjen wie, it publyk wie as mûskes yn Mukkes.



16-04-2007

Skiednis fan Joopke



Ut betroubere boarne wit ik dat nijs oer ús katten Minoes en Jopie swier tsjin it sin yn mist wurdt. Dêrfandinne dan dochs mar efkes in weromsjoch op de ôfrûne winter.

Hja hawwe harren deljûn.
Of alteast, ik moat it eins noch wat krekter sizze: hja hawwe harren talein op it sykjen fan it gaadlikste plakje yn ‘e hûs. Sa’t jimme faaks noch wol witte binne it mem en soan en hja hawwe in wat muoisume relaasje meiïnoar. Dat is ús skuld. Wy wisten it net, dus rekkenje it ús net oan, mar in jong nestke katten moatst net te lang by de mem bliuwe litte nei’t it berne is, want oars kloarket it de mem út. Hea, wat kinne minsken dochs in protte fan bisten leare.

Mar no. Minoes hie dus trije moaie reade famkes krigen en ien jonkje. Dat jonkje hie de ûndogenske eachjes, dat Jan hie fuort al yn ‘e holle om dy te hâlden.
‘Wêrom no de grutste dogeniet hâlde, Jan?’ frege ik him, ‘dêr hawwe wy ommers gjin belang by. En Jopie bâltet ek noch it hurdst.’
‘Mem,’ sei Jan, ‘dat sit sisa: at Jopie de ûndogenste is hjir yn ‘e hûs, dan bin ik dat net mear.’
Gjin spjelde tusken te krijen. Jan hat in hiel eigen logika. Dy wurket altyd it bêst foar himsels, ha’k fernommen.
Dat ja, wie hienen it tiimke wat te lang by de mem holden, en dat lurkjen die har op it lêst sear fansels, en doe stjitte Minoes de bern ôf. No, dy moasten dochs fuort en se hawwe ek allegear goed plak krigen, mar Jopie bleau by ús en Minoes, en waard it swarte skiep fansels. Dy fersteurde ferhâlding komt nea wer goed. Mar ja, omdat er boarre is, hat er hier op ‘e tosken en sadwaande hawwe wy twa katten dy’t oan inoar weage binne.
Allinnich at der oare katten op it hiem komme lûke se ien line.
Mar ja, no efkes oer it pakt dat se sletten hawwe. Nee, dat wurdt no te let, deroer moarn of letter mear.



01-04-2007

hy flamket




Fiifentweintich jier wie er wurden, hie ik útrekkene. Mar ja, wol op ‘e gok, want wa ûnthâldt no de bertejierren fan syn bruorren en susters? Ast twa hast, kin dat nochris, mar mei fjirtjin wurdt it stampwurk. En freed hie ik al in jierdei fan in skoansuske fersitten. Ik kin wol sizze dat se noch net troud is mei myn broer, mar dat telt net mear at se al jierren húzje, no?
Hawar, de broer dy’t hjoed syn jierdei fierde, is achtentweintich jier lyn mei in keal kopke op de wrâld kommen.

Wy woenen ús heit net leauwe. Mem lei mei de lêsten hieltyd yn it sikehûs en heit kaam op in moarn thús mei it bliid boadskip. It soe wol in 1 aprilgrap wêze, tochten wy. Fral doe’t ús heit derby ferkundige dat it jonkje keal wie. Dat wie mei net ien fan ús allen sa west, dus wy laken ús heit ek hiel hurd út; wy stoden dêr net yn.
Mar ja, doe’t mem in dei as wat letter werom kaam út it sikehûs, wie it al sa. Net om oan te sjen, it earme hert. Wylst de oaren allegear skattich lange dûnkere slierkes hienen dy’t fuort al yn de poppekrol koenen, of mei ljochte wylde kroltsjes, wie it holtsje fan dit baaske sa glêd as in aai. Wy wisten net wat wy deroan hienen. Wy hawwe him mar wakker oer it lytse kopke strutsen; faaks holp dat foar it waaksen.
‘Wachtsje mar’ sei ús mem, ‘hoe langer it duorret hoe moaier hier at it jonkje kriget.’

No, in jier is lang, ast noch mar bern bist en wachtsje moatst. Mar mem krige wol gelyk. Nei presys in jier skeaten der oranje flamkes by it jonkje út de holle. It wie krekt sa’n bytsje om Himelfeartsdei hinne, dat wy koenen ús libbendich foarstelle hoe de dissipels baarnende flammen op ‘e holle krigen by de útstoarting fan de hillige Geast. Faaks krige ús bruorke de geast ek oer him...

No, hjoed yn alle gefallen al. Doe’t wy fan ‘e middei kamen om him de hân te jaan, wie de fûgel flein, kreas dinkje achterop en mei de motor it moaie waar yn.


28-03-2007

woansdeimiddeis frij




Hjoed hie ik beide grutte bern om ‘e teannen. Ien wie siik, ús Maaike, dat bekomt krekt wat, mar it is in gemien grypke. Koarts, pine holle, pine yn ‘e kiel...ja, ik wit der alles fan want hja hat it fan my. Mar goed, hja klaude dus krekt wer wat by de wâl op en lei moai op ‘e bank yn ‘e keamer ûnder de rôze tekken wat om har hinne te gowen.

Jan hie hjoed mar in heale dei op skoalle, dus dy wie ek al om ien oere hinne thús. Mei oandacht hawwe se beiden in skoftke sjoen wat mem allegear by de ein hie. No, ik siet yn de reiskostefergoedings. Fan in hiel jier yn de aginda de kilometers opsykje dy’t der riden binne foar Romkes baas, it doarpshûs. Affijn, op it lêst sa’n kantsje as 6, 7 fol. Ik hie it al útrekkene, mar om’t Jan my dochs mar wat op de hannen stie te sjen (syn peesee is stikken en no wol er minent brûke), mocht hy it saakje earst efkes foar my neirekkenje. No kinne jo wol tinke; ‘kin dat minske dat sels net?’, mar soks hat fansels in opfiedkundige bedoeling. Jo moatte op it lêst ek witte oft sa’n fiskboer wol rekkenje kin, is ‘t net sa? No, hy hat rap de rekkenmasine fan boppen helle, en ja, it kloppe allegear, op ien kantsje nei. Dat wie ek sa, want dy hie ik ek al neirekkene.

Undertusken waarden wy wol sân kear steurd troch de tillefoan. Maaike sei: ‘hoe kinne jimme de holle der no by hâlde mei al dy tillefoan?’ Datselde freegje ik my ek wolris ôf. Mar der moasten noch wat sluven op ‘e brievebus en de listen mei biljerte-útslaggen koenen nei de ponghâlder fan klup De Klos en buorman Hâns woe de grûnboar werom hawwe út it hok, koe Jan him dy efkes opsykje? De kaartsjes foar it benefytfeest moasten stimpele wurde. Dat woe Maaike wol efkes dwaan. Ik hie de folders ek al klear te lizzen, dy koenen ek by del brocht wurde.
‘Hat mem it altiten sa drok op woansdei?’ sei Jan,
‘dan bliuw ik foartaan wol wat langer op skoalle.'


16-03-2007

fiskferkeap




Jan is fiskboer wurden.
It baantsje by de canvascompany is er wat sneu weirekke; in frommeske dêr hat him in slach foar de harses jûn en Jan woe net weromslaan, doe is er der mar mei de reade holle lulk fuortrûn.
Ja, dat is Jan. Kinst alle kanten mei him út mar moatst net oan him komme. Op skoalle lesten ek, sei er, 'der binne wat fan dy stedske jonges dy't miene dat se oaren narje meie'.
'No', sei ik tsjin Jan, 'en peste se dy ek wolris?'
Jan seach my oan as wie it my yn de plasse slein.
'Mem,' seit er, 'ik hoech se allinne mar oan te sjen.
En at dat net helpt, dan sis ik hiel rêstich tsjin harren:
'Jonges, no efkes te plak, hin. Ien kear snuve en dizze jonge hat jim dwers foar de noastergatten.
No ja, du jonges witte fansels net wat de noastergatten binne, mar mear hoech ik net te sizzen mem.'

Kinst dy net foarstelle hin, dat er dan sneons mei in wyt skelkje foar yn de wein stiet en seit:
'noch in farsk hjerrinkje, mefrou, of sille wy it samar dwaan?'


13-03-2007

tink titelroazen




Tsja, jo hienen it al fernommen tink; ik bin wer wat oan it logjen. Moast ek, as skriuwer moatte je net te lang de penne dellizze of it toetseboerd fersloere litte. Foarst tinkt men dan dat der wat mei jo is en twads tinkst sels datst fergetten wurdst (joechhei!). Sa’n skriuwstop, bêste minsken, betsjut oars net as datst efkes wat mear oan it libjen bist as oan it skriuwen. Guont kinne dat tagelyk, mar ik wikselje it ôf. No soest dy ôffreegje kinne: ‘wat hat se dan belibbe?’ mar dat kin ik eins sa hurd net betinke. Der falt altiten genôch te dwaan, ik ferfeel my nea, mar ast my fregest wat ik hjoed dien ha, kom ik net fierder as trije, fjouwer dingen opneame, wylst de dei dochs om is en ik net mei de hannen oer inoar sitten haw. Ik tink dat ik in hiel soad....tink. En it is krekt sa as mei enerzjy, ast dat net opheinst, slacht it de grûn yn.
Dêrom hawwe wy hjir ek sokke bêste grûn yn Boerum. It gewaaks fljocht derút. Ferline wike noch liderkes, doe de krookjes, en moarn de titelroazen. Tink ik.










10-03-2007

groeistûp




Ik tink wat lûd hear ik dêr dochs? It is net de tillefoan, en ik haw de ôfwaskmasine en de waskmasine ek noch net oanset. Wat bromt hjir dan dochs sa? Dat ik mar ris efkes in slach troch it hûs. Dêr stie er hear, ús Jan, pontifikaal foar de gongsspegel. It hier te dwaan, tocht ik, mar nee, sokke wylde meneuvels hie der oars noait by it kjimmen. Doe seach ik it: hy wie him oan it skearen.
Jan seach my sjen en ik seach in skealik glimke om syn mûle.
‘Moatsto al skéare, Jan??’ frege ik fernuvere, mar ek wol wat optein.
‘Jawis,’ seit Jan, ‘ik wurd al wat rûch yn it burd, no?’
Ik seach ris goed. No, rûch? Mar goed, hjir en dêr stike al wat.
‘Ik skear my oars al in heal jier hear’, sei Jan wat breinroer.
Ik hie dêr noch neat fan fernommen oars, ek al omdat er noch net om in skearapparaat of sokswat frege hie. Mar ja, hy wurdt santjin yn septimber, dat it is ek gjin wûnder.

‘Haha,’ sei Maaike doe’t ik it letter oan har en Romke fertelde, ‘myn broerke wurdt ek al grut.'
‘O,’ sei Romke, ‘ik tocht dat ìk yn myn twadde jeugd siet...
ik himmelje al in heal jier poddehier út ‘t apparaat.’


06-03-2007

kolampe






Is it keunst, in ko
of is it keunst in ko
te wezen? Wa’t it wit
mei it sizze. Ik knip
in lampke oan en gean
foar myn buroke stean.
Ynienen seit it koke:
‘no sa!’ En knikt
my freonlik ta.




















Is het kunst, een koe
of is het kunst een koe
te zijn? Wie het weet
mag het zeggen. Ik knip
een lampje aan en ga
voor mijn bureautje staan.
Opeens zegt de koe:
’t is goe!’ En knikt
me vriendelijk toe.




05-03-2007

lolly




Moai is dat om te sjen yn sa'n sineesk restaurant mei útstald buffet. Kinst fan alles nimme, en ast ienris goed en wol sitst, kinst sjen wat der noch mear omrint. Paken, beppen, dikke froulju, froulju dy't neat ha om by te setten, manlju mei grouwe kontbusen, famkes mei hakken sa heech dat se der mar kwalik op rinne kinne. En bern. Oeral bern. Stroffelst der hast oer, want sy sjogge net út. Der binne guont by dy't rinnendewei nei de tafel al fan har pantsje ite. Der stie ien njonken my mei in lyts topke taugé op it itensboard, dat moast mar efkes wokt wurde. De Sinees efter de baalje wist eins net wat er der oan hie. Ssssausss erbij? frege er op it lêst mar. Jawis, swietsoere.

Wy sieten moai yn it midden, mei it each op 'e kassa. Dy hat net ien kear iepen west. Allegear plestik jild. Pake helle him troch de slûf as hie er noait oars dien. Beppe stie geduldich te wachtsjen, taske ûnder de earm want dêr moast it paske aanst al wer yn. Pake wie klear. Hy lange beppe de pas oer, méi in pipermuntsje.

'As hat se leaver in lolly, leave?' frege er.
'Dy krij ik jûn wol' sei beppe.




28-02-2007

Blomketiid









Seis dagen fan de wike set er him
te skoar yn stoarm en sinne.
It stean fynt er net sa hiele slim
mar dat se om him hinne rinne.

Oer de brêge oan de oare kant
stiet er ûnder beammen ferside
trou te wachtsjen op de lêste klant -
hy wit noch fan mindere tiden.

In blomke dat der wat op liket
fan it mantsje mei de giele klompkes.
Wa’t foar frou of sike wat moais siket
fynt rillegau it paad nei Romke.





21-02-2007

Leafde








Sa is myn woastyn:
stiltme mei it lûd
fan in gewisse

yn de griene katedraal
fan myn jonkheid
hie ik noch gjin aan

no’t ik âlder bin
klinkt de skientme
yn it suver wêzen

fan wat is: de dea
hat der gjin thúslân en
de frjemdling gjin grinzen.





14-02-2007

Falentyn









De leafde dy’t ik fiel foar dy
ferfljocht mei it skaad op it lewant
ik wit datsto oan my tinkst
my elts oere wol koezje wolst
yn it opkommend nachtkwadrant
en dat de moanne neat ferlichtet



do bist noch net fan my
hjir stiet allinnich in gedicht
fan skouwe wurden en gedachten
hja wjukslagge as sweltsjes
troch de neare nacht leave,
swier fan it ferwachte.













Valentijn




De liefde die ik voor je voel
vervliegt met de schaduw op de muur
in het terugkerend nachtgewicht
ik weet dat je aan me denkt
dat je me ieder uur koesteren wilt
en dat de maan niets verlicht

je bent nog niet van mij
hier staat alleen een gedicht
van schuwe woorden en gedachten
ze wiekslagen als zwaluwen
door de late avond liefste,
zwaar van het verwachten.





11-01-2007

Hûs mei oranje ramen





It hûs jûchheit!
It ljochte hûs
mei de oranje ramen.
It fiert feest
want hy is thúskomd.
Der waard net op rekkene,
dochs kaam er noch.
Nimmen stiet foar de ruten
útsein wy
dy’t yn it tsjuster stean
om mei oranje herten
wer nei hûs te gean.


Njonken dit hûs
dat donkere, sletten hûs
dat him deljout ûnder de
wetten fan de natoer.
De minsken fergetten,
blyn op bêden útspraat.
It hûs mei de kniperskop.
It sil de oare deis wol
wekker wurde, útslept,
mar och sa efterop.






La Maison aveugle ou la Maison rose ...
Willliam Degouve de Nuncques





Huis met oranje ramen.


Het huis juicht!
Het lichte huis
met de oranje ramen.
Het viert feest
want hij is thuisgekomen.
Er werd niet op gerekend,
toch kwam hij nog.
Niemand staat voor de ruiten
behalve wij
die in het duister staan
om met oranje harten
weer naar huis te gaan.



Naast dit huis staat
dat donkere, gesloten huis
dat berust onder de
wetten van de natuur.
De mensen vergeten,
blind op bedden uitgespreid.
Het huis met de knijperskop.
Het zal morgen wel
ontwaken, uitgeslapen,
maar toch - zo achterop.



05-01-2007






Frysk sonnet


pom pom pom pom pom pom pom pom pom pom
pompepom pom pom pompepom pom pom pom
pom pom pom pom pom pom pom pom pom pom
pompepom pom pom pompepom pom pom pom

pom pom pom pom pom pom pom pom pom pom
pompepom pom pom pompepom pom pom pom
pom pom pom pom pom pom pom pom pom pom
pompepom pom pom pompepom pom pom pom


pom pom pom pet pom pom pom pom pom pet
pompepom pom pom pompepom pom pom pom
pom pom pom pet pom pom pom pom pom pet

pom pom pom gled pom pom pom pompeblêd
pompepom pom pom pompepom pom pom pom
pom pom pom rêdt pom pom pom it of net.



24-12-2006

mei blidens...







der is in wachtsjen
der is ferwachting
in nij gesicht

de fracht is licht
de reis is swier
de komst in swicht

it berntsje lake
waard in gedicht
fan beleavjen

yn de eagen mist
en yn de siken
in al sêfter stream

it waard beslist
wy witte it wite
ûnder de linebeam.







Met blijdschap...



er is een wachten
er is verwachting
een nieuw gezicht

de vracht is licht
de reis is zwaar
de komst ontwricht

het kindje lachte
werd een gedicht
van een beminde

in de oogjes mist
het kon de adem
al minder vinden

er werd beslist
wij weten het witte
onder de linde.





19-11-2006

Dreamarena





Sjoch mem, at de bijen gûnzje
moat ik der wêze, se dûnsje om my hinne.
Ik bin der net allinne, der paradearje froulju
by my del, grut en swier en fyn en slank.
Ik bin net bang. Ik pak de stôk mei it rea
flanel en slach foar by de bolle langs, och ju,
wat soe my dochs dat bist, dit is in dream
en ik sil him krije troch linigens en krêft,
net mei in list. Ik bin wier net bang.

Dy froulju mem, guont sitte fol bijen,
dy’t hunning bringe of helje
en der falle dingen fan boppen: XTC
pillen en snobbersguod, roazen, anjers
en fantasy, der komt gjin ein oan
dy frouwerigele. Ik bin in jonkje, mem,
mei in hoep, en ik stoarje oer de râne
fan in dream. Skielk wurd ik torearo,
mei stekstokken yn ‘e hannen en in frou
thús oan bannen. Ik bin net bang.











By The Hallucinogenic Toreador
fan Salvador Dali

09-11-2006

Ride






En at it rydbewiis helle jo hawwe, moatte jo ek ride fansels.
Maaike woe yn ús auto te winkeljen, mar dêr hie se noch noait earder sels yn riden. Hja moast nije learzens hawwe foar nei it wurk, en mem koe wol krekt efkes mei. No ja, dat moast dochs in kear wêze, dus dan drekst mar.

Dat Maaike pakt de kaaien fan it boardsje by de doar en docht eigenwiis mei de ôfstânsbetsjinning de doarren fan de wein iepen. Hja kin deryn, mar ik net, dan moat de wein earst út de garaazje riden wurde. Dat kin mar krekt, moatst goed op ‘e spegels lette en der ek om tinke datst mei in slachje derút rydst, oars sitst fuort yn ‘e hage. En pront rydt se yn 'e hage.

No, ik haw wol tweintich minuten efter har stien te healwiizjen. ‘Ja, sóks hawwe wy mei de rydlessen net leard hear!’ sei Maaike. Nei lofts wizend, nei rjochts wizend, winkend nei my ta, efterútrinnend en wer nei foaren late ik har de garaazje út, de wei op. Krekt mei de kont de ferkearde kant útdraaid fansels, ik swaai de auto altiten nei rjochts, dan kin ik de wei nimme dy’t om it doarp hinne giet en hoech ik net troch it sintrum.
Sy net. Ik fûtere al; ‘do stiest ferdoarje no ek noch ferkeard!’, mar hja lake ris en sei leaf tsjin my: ‘ik moat dochs efkes sjen litte dat ik myn rydbewiis haw en ride kin, mem?’
No ja, it rydbewiis hat se.

Doe’t wy – mei flink wat oanwizings ûnderweis fan myn kant – einliks yn Súdhorn wiene, hawwe wy earst mar ris in rûntsje riden op it parkearterrein. At der safolle romte is, wurdt it in kear sa dreech kiezen, no? Uteinlik sette hja de wein deun neist in oaren del.
‘Hast moai dien, leave,’ sei ik, ‘mar mem moat der ek noch út hin?’
Ja, dat koe net, of mem moast wilens de reis al flink ôfslanke wêze.
Hawar, in kear derút ride, in kear der yn, in kear der wer út en nochris wer deryn, dat kaam ek goed.

Hja slagge mei de learzens en de weromreis gie goed.
‘Heit moat de auto aanst seker ek noch brûke, hin?’ sei Maaike loftich doe’t wy it hiem wer op rieden.
En hja parkeare de auto keurich foar de garaazje.

26-10-2006

Ferjou my heden









ferjou my Hear
it âlde sear
in swolm fan jierren

ferjou it sied
dat it opsjit
út oergeunstgrûn

by de buorlju
it farske gers
it waakst en baret

de begearte
nei wat moai is
mar net oan my

de waanwizens
fan myn tinken
dat ik it better kin

dan sil ik ek ferjaan
dy’t my biddelje
- knibbelje hoecht net -

iens




22-10-2006

it besykjen






Under de yinyangbeam


Doe’t ik lêsten yn jim tún kaam
ûntduts ik dêr de yinyangbeam.
Hy die my tinken oan myn earste faam,
ik sjoch har noch foar my stean:

har earms wienen bûgde tûken,
de blêden rûsden as har hier.
Hja koe de mûle yn in o’ke lûke
lykas in glinsterjend wetterdier.

As kwiksulver skeat de tiid foarby.
It libben hie oars mei ús foar:
ik fergeat har, en sy ek my.

Oant no, ûnder dizze blêdepoart,
mei in hert dat yint en yangt,
fan nijs oan nei har leafde langt.






13-10-2006

bombaarje






Bombaarje


O, do eale beam,
sjoch dy hjir no stean:
de blêden brún
yn deade tún

ropt it glêde sied nei de sinne
mei mûltsjes fan o, wêr moat’ wy hinne,
heit wiuwt se mei fiiffingerhân fuort,
dy dript noch fan giel hunningguod.
Him heucht de tiid fan de kearsen;
hja brânen, hy koe him net behearskje
mei yn de rouwe bolster in blanke nút
joech er mem pripkes en in waarme tút.
Syn manlike magy waakset yn ‘e maitiid
ieren en sinnen wurde langsum laaihyt.
De beam wol dan barste fan libbenskrêft,
dat de reis is lang. De lâning sêft.

Dêr giet dyn team
do mâle beam,
hja barste daadlik
bjusterbaarlik!







Bombarie


O, jij edele boom
je staat er als een droom:
de bladeren bruin
in deze dode tuin

roept je gladde zaad naar de zon,
of hun mondje ‘o’ roepen kon.
Vader wuift ze weg met vingerhanden,
herinnert zich hoe de kaarsen brandden.
De honing drupt nog van de bladeren,
hij voelde warmte in zijn aderen.
In de bolster groeide een blanke pit
zodat hij af en toe moeder kust en prikt.
Zijn mannelijke magie groeit altijd
in het voorjaar, dat is de juiste tijd.
De boom barst dan van levenskracht,
dus de reis is lang. De landing zacht.

Daar gaat het nageslacht
met dolle bommenkracht.
Ze barsten dadelijk
wonderbaarlijk!







09-10-2006

Sonnetten





Ja, wy moatte der no dochs oan leauwe; wy binne al oan it sonnetteskriuwen by Tsjêbbe.
En dat falt my net ta, want ik bin in frije foarmdichter. Dy steure har net sa bot oan it ritme of it rym, mar dy binne wat mear mei de ynhâld fan it fers oan it pielen.
Mar goed, earne hie ik heard datst net earder in dichter wêze kinst foardatst in sonnet skriuwe kinst.
No, ik wit no al dat it myn hobby net wurdt.
Ik haw seker in eigen ritme yn ‘e holle, want de fersfuotten klopje allinne mar as ik it fers foarlês. As in oar dat docht doocht it net. Sizze se. Ja, net op ‘e kursus hear, want safier binne wy noch net, mar by eardere probearsels.
Foar woansdei moast it sonnet ynstjoerd wêze. Tsjêbbe sjocht it dan nei en set der wat opmerkings by, en op ‘e kursusjûn sels gean wy der dan mei ús allegear oer gear. Ik haw myn sonnet ynstjoerd, mei foar de wissichheid mar in lûdsbestân derby. Dan wit de man dochs hoe’t it klinke kin. As ik it mar foarlês.



07-10-2006

Sa net





net as in stoarm, die nearne om jout
de ljochtsjes út myn eagen hout,

in liuw dy’t de proai bespringt
wylst de bek yn it rôze sinkt,

de fisken, sjittend yn it wylde wei,
of de skylpaad, dy’t it yn it sân leit,

de fûgels, fan wa’t nimmen it fernimt,
of de bargebear mei swit yn ‘t himd

mar as in striker dy’t kidelet oan it ear
sa jou ik oan myn leaf de leafde tear.





03-10-2006

tillefoan...





No wienen wy dochs al gjin minsken dy't foaroan yn 'e rige stean at der wat nijs te krijen is; wy hiene noch gjin fideo doe't elk him al hie ensa, mar sa'n losse tillefoan, ja.
It kaam te faak foar dat men besocht hie ús te berikken wylst wy bûten sieten te kofje- en teedrinken, of mei oare dingen dwaande wienen. It waard ferfelend foar de minsken. En ek foar ússels, want dan dienen se oars net as ûnder iten belje.
Dat tenlêsten hawwe wy mar sa'n losse hûstillefoan oanhelle. Dat foldie bêst hear.
Mar de lêste tiid wienen we der wat minder tefreden oer, en dit kermiswykein al hielendal.

At sa'n ding net oan de muorre hinget, kin er de akku net oplade, en dan gean de batterijen leech. At dat hast safier is begjint it ding te piipjen mei in hiel trochkringend, pine-yn-'e-harsensopwekjend lûd. Dan moatst gau sjen dat de tillefoan wer oan 'e muorre komt te hingjen, want dan kin er him wer follurkje.
Mar freedtenacht soe ik op bêd - ik hie de kermis al ôfwachte, want dêr wenje wy hast boppe-op - doe't ik de lege tillefoan piipjen hearde. Maaikes feintsje, dy't by ús slepte, hie der ek al in kear ôf west, dy koe net sliepe fanwegen de kermismuzyk. En no dit geëamel wer. Wêr yn 'e goedichheid lei dat ding? Ik koe him nearne fine.
Op it lêst bin ik de sliepkeamers mar by del gien. By Jan kaam ik der net yn, dy hat de lêste tiid útfûn dat der oan 'e binnenkant fan de doar in slot sit, en om ien as oare reden moat er dat no ek brûke. Fral sneintemoarns, as ik him roppe sil foar it tsjerke, is dat lêstich. Mar no ek.
"Gean hjir wei minske" rôp Jan út it bêd wei. "Ik haw dat ding net."
Fansels liet ik my net samar ôfskepe, mar ik koe heech of leech springe, Jan die de doar net iepen.
"Ik wol wol wedzje om in scooter, dat er hjir net leit," âle er noch lilk.
No ja, dan binne jo útpraat, hin, as der sok swier geskut ynset wurdt.

Dus doe bin ik dochs ek mar efkes by Maaike har keamer delgien, want dat lûd moast wol ophâlde fansels, oars koe ik it sliepen wol ferjitte. Ik sliep mar licht.
Dat ik die wat skruten de doar iepen fan de keamer dêr't Maaike en Jopke leinen. Doarde ik de keamer wol yn en strûs dêr wat om? Ynienen kaam der in stim efter de bêdsgerdinen wei: "Wat dogge jó hjir?"
Ik wist net hoe gau ik útnaaie moast. Nee, dêr soe de tillefoan ek wol net lizze, dan hie Jopke him al lang by de trep deldondere.
Der siet neat oars op: ik moast dy nacht yn it túnhúske sliepe. Dat ik haw myn kessen ophelle, en it bêd yn it túnhúske opmakke.
Gjin lêst mear fan gepiip, dy nacht. Mar it wie wol kâld.


De oare deis hawwe Romke en ik alles ôfsocht. Mar gjin tillefoan. Wol hieltyd noch gepiip. Op it lêst hawwe ús oerjûn. "Hy hâldt fansels in kear op," sei Romke treastend tsjin my.
"Ik helje efkes de krante út de brievebus, set do mar efkes in bakje kofje."

Jimme kinne noait riede wat der út dy brievebus kaam.

Nei lang ferhear kaam it der úteinlik út: Jan wie beljendewiis ta de hûs útrûn, en oan de wei hie syn kammeraat stien mei de auto. Jan betocht him net, goaide de tillefoan yn 'e brievebus en pike mei syn kammeraat út. Noait wer oan in tillefoan tocht...




16-09-2006

laitsje of gûle





Nee, hy hat it net helle, it scooterrydbewiis.
Dat ferwûndere my eins ek net, want hy wie al in pear dagen snotteferkâlden en hoaste him it hert hast út it liif. Dat folle rêst hie er net hân, en de deis foar it eksamen hie er jierdei. Moaie planning ek no? Hied er sels dien. Hy mocht de jûns tefoaren dus syn ‘earste’ bierke priuwe, en och, wat glide dy er betûft yn foar in begjinneling. De maten hienen de gek der ek al mei, der wie samar in kratsje leech.

Mar goed, dêr komt er de oare deis earst tsjin seizen wer thús. Ik hie him middeis om ien oere hinne al ferwachte, mar al wat kaam, gjin tillefoantsje en gjin Jan.
Ik seach it fol wol doe’t er der einlings yn kaam: yn ‘e war.
En hy hie de nije jas neitiid by it CBR hingje litten, dêr wie er efterkommen doe’t er hast Grins al út wie. Dus mar wer mei de bus werom. De jas hie er fan my krigen (hy woe neat hawwe foar de jierdei, no?), en Maaike hie him útsocht. Alles wat Maaike docht is moai en koel, dy kin wier neat ferkeard dwaan by him. De jas wie dus goed, dat hy doarst it net prestearje en lit him hingje by it CBR. Aldergeloks wie it gebou noch iepen en hong er der noch. Mar doe kaam er der op ‘e weromreis ynienen efter dat er yn ‘e bus nei Heechtsjerk siet. Wer mis, en sa wie er mei omballingen úteinlik thús bedarre. Hy koe twa dingen dwaan sei er: der om gûle of der om laitsje. No, dat gûlen doch je net mear op jin sechstjinde, mar sa’n puber mei in sin as in baarch wol je ek net tsjinkomme. Mar Jan lake.


11-09-2006

Yn it boek



Jan is drok oan ‘t learen. Woansdei hat er jierdei, en tongersdei wol er it rydbewiis foar de bromfyts helje. Scooterriders moatte nammentlik ek in rydbewiis ha. En Jan hat de hiele fakânsje, seis dagen wyks oan it wurk west foar syn sprintscooter. No leit der oeral wat: yn it fytsehok, yn de garaazje, boppe op syn keamer en út en troch hat er bûten op ‘e line in stik plestik te droegjen. Dan hat er earst oan it skjirjen west mei skuorpapier, en dêrnei it spul ôfspield. En dan moat it droegje.

De fakânsje is om, elkenien moat nei skoalle ta, ‘mar minent begjint no mem,’ sei Jan. Skoalgean liket op fakânsje, ast wikenlang sa bot yn ‘t spier west hast.
Even sa goed frege ik my ôf, oft er it puzzelpakket fan syn scooter no al kompleet hie. Hy hie hjir en dêr wat wei koft en byinoar sparre, mar nei trije moanne koe ik der noch gjin scooter fan meitsje. ‘Nee mem,’ sei Jan, en hy seach my der by oan as wie ik in dom blondsje, ‘mar ik wit fansels wol persys wêr’t alles leit. En aansens, ik moat noch efkes sparje, dan haw ik de saak kompleet en dan sil ik him yn inoar skroevje. Mar dat is it moaiste wurk, dat bewarje ik foar it lêst.’
‘Tinkst der dan wol efkes om jonge, datst alles ôfbetelle hast?’
Want ik hie in dei-ôfskrift fan ‘e bank fûn, dêr’t wûnderlik op stie: ‘.... en no noch tachtich euro, dan binne wy lyk.’
‘Jaja, dy ha’k allang werombetelle oan Sjouke’, sei Jan, ‘sit dêr mar net oer yn.
En wol mem no efkes stil wêze, want ik moat leare, oars helje ik it rydbewiis net.



Wist mem trouwens wol, dat jongeren gefoelens en emoasjes hawwe omdat se dan witte dat se libje? Dat stiet hjir yn it learboek. Mar dy emoasje meie se net brûke op ‘e wei.
Wat kinne der in ûnnoazele dingen yn sa'n boek stean, net?’

06-09-2006

de grutte rûnte






at men jûns it doarp útgiet
wurch fan it lange sitten
de lêste lampe efter him lit
it dizige fjild temjitte

kin men tinzen komme litte
it ynderminsk de romte jaan
útrôlje oer de slingerstrjitte
wat deis net oan bod kaam

skaden lûke oan de stappen
lûden ha gjin sicht of grûn
kikkerts plûnzje, tûkjes knappe
fan in hiem heart men de hûn

der is gjin moanneljocht
mar oer de sleat skimerje skiep
ik hie se op in grize tekken tocht
driuwend as wolkens yn har sliep

sigesaagjend yn in eachhoeke
ynienen dy skym oer de wei
hy sjit yn hûnestrûken
seker skrokken fan my

dronken fan de donkere nacht
rin ik oan op ‘e lêste lome bocht
oan de ein fan de beammeskacht
wanket noegjend lampeljocht












29-08-2006

beker fan begrutsjen







ik wol ienris yn it jier devoate
pearze knibbels krije
op in wite knikeldei
oaren de fuotten waskje
mei lij wetter de earme soalen
dy’t smoargens meitôgje
yn blierren en skrammen it teken
fan hillich Rome nei hûs

hoechst gjin keizer te wêzen
of keninginne fan it wite doek
en spiel se ôf mei wetter
út de tinnen beker
en striel it lijen sêft
mei gledde salvefingers
lit se op my del sjen
ik jou de beker mei nei hûs








25-08-2006

ouroborosfers







de skriuwfûgel skrillet
foar de mûnsterearn
dy’t op har falt yn lege loft

hja skreau hûndert rûnten
yn skripte tekens byinoar
foar it skroarsoere

om har ljochthert en rêst
eamelt de earn har mei
nei it skeamel hege nêst

hy wol heine en fiere
ferpopkje en treastgje
as soe hja it leafste

de skriuwfûgel siket tûken
skikt dy om har hinne
it bliuwe mar pylken





21-08-2006

hy koe









wei is springplanke
plûns fersteuret mimerij
mei kikkertsbomke







20-08-2006

fakânsjedrokte





Ik bin op 't heden wer wat mear oan it dichtsjen as oan it skriuwen. Oft dat de lêzers hjir wat yn 'e smaak falt, wit ik net, gjin flau idee. Us puberkes binne mar wat saai tsjinwurdich, dy binne seis dagen wyks oan it wurk.

Jan giet allinne sneontejûns op stap om te sûpen. Ferline moanne hie er de sûpbeker helle yn 'e Paradiso yn Kollum en dy moast er justerjûn wer ynleverje. Of hy hat him wer beset fansels, mar dêr kom ik net earder achter as fan 'e middei nei twaën tink. Tsjerke wol der net mear hinne, en as ienige fertier hat er in scooter, dy't er yn ûnderdielen by inoar skarrelet en yn inoar set. Wat dan wol nijsgjirrich is, is dat er dêr in weplok fan byhâldt mei foto's en al: hoe en wannear't it spul binnenkomt (it autoke fan de TPG), hoe't it spul ferpakt sit, wat der krekt út de doaze weikomt en hoe't dat der dan útsjocht...
En dan skriuwt er dêr ek oer, kinst it gnizen noait litte, sa plastysk.

Maaike fan 18 sit swier yn 'e leafde, dy hat mei it feintsje nei Portugal west. In fakânsje sa ast ek wol op folders sjochst. Blauwe see, wite strannen, en tegearre op in scooterke de kust by del. Mar hja is ek drok mei it rydbewiis dwaande, rint noch staazje en stekt hjir en dêr de hannen út om wat by te fertsjinjen. De teory fan it riden helle se yn de twadde kear, no de praktyk noch. Aanst it lêste jier fan de kappersoplieding, en dan is sy dermei klear. Hja is dit jier kapster wurden, mar giet noch in jier troch foar it allround. Drokke berntsjes, dus.





16-08-2006

fan god los









wy hoege net te reizgjen
wy moatte neat moetsje
nin oansketten wyld
yn tebrutsen sinnen
we lizze ferbannen oan
om wurden mei wûnen

betsjuttings bestopje wy
mei fyntriedderige fûgelflappen
ûnder in tekken fan dôve nuten
slomkje doardieden yn it sied

oant sy net oars kinne
wy sizze neat ta
wy sizze toe mar
wês wa’tst biste
bûten de dreamen witte wy
wêr’t de reeën wenje






14-08-2006

Dylan Thomas






Fan 'e wike de biografy oer Dylan Thomas, in grutte Welske dichter, útlêzen. It boek is skreaun troch Karel Wasch. Tige nijsgjirrich en it bewiist mar ris wer dat je net âld hoege te wurden om ferneamd wêze te kinnen. It meast opfallende elemint fûn ik wol de toan fan foardragen, hoewol't ik dat sels noch nea heard haw. Der skine ek net folle lûdsopnamen fan him te wêzen trouwens. Ik haw ek in stikmennich fersen fan him lêzen, ik fyn dat syn fersen op harsels stean kinne sûnder it slemeftige foardragen. Dat makket him ek sa goed fansels. Hearst ek wolris dichters, no ja, dichters, dy't it mear fan de performance hawwe moatte as fan de ynhâld fan de fersen.
Wat fierder opfoel wie dat der besocht waard in psychologyske skets fan syn aard te jaan, mei it each op it foarteam en it tiidsramt dêr't hy yn grutbrocht wurden is.
Want dat is fansels wol wichtich: wat makket in minske mei en wat hat er meikrigen yn ‘e genen? Dat hat lichtwol ynfloed op him as minske, en fan neisten ek op syn skriuwerij.






11-08-2006

ljochtsje op leaf






der is gjin moai
lilts, goed of leech
yn it lân fan dôf
en tsjusterte
fynst der stiltme
mar it jout dy neat

as in beam
werkenning wêze moat
yn ‘e bline tún
rint de stream
by de klinge del
mei ûnderweis in rook,
in wjukslach

dy’t tsjin de siele klotst
en opspat tsjin de rotsen
mei wite tusken
beswarst de stoarmen
en falwinen wurde loarme
mei morsehannen
út it ynderlik

der fljocht in laitsjend twamanskip
dat net mear wachtet op jierren
se lichtsje in alfabet op
yn harren mof it pakt
fan de kreaste keunst
it foegjen nei de foarm


ik taast allinne mar leaf
de dagen fljogge blyn foarby
ik ken de tún, de blommen
omearmje de beam








07-08-2006

Deventer boekemerke






Juster hawwe Romke en ik der op út west nei Deventer. De jierlikse boekemerke hie prachtich waar mei. De terraskes sieten dan ek rûchwei fol. It aardige wie dat de sponsors, yn dit gefal yn haadsaak de NS, papieren taskes beskikber steld hie mei de tekst derop: 'tijd voor lezen'. Al wa't dus mei sa'n gielwyt taske rûn, hie hannel dien.
Mar de meast betûfte ynkeapers wienen der better op klear: dy hienen kofferkes op radsjes by har, en ik haw sels ien sjoen dy't in ûnderstel fan in bernewein mei in grutte bôlekoer derop montearre by him hie. Eins wol symboalysk, fûn ik.

Fansels haw ik as earlike keapmansdochter tinge op 'e prizen fan boeken. Doe't ik it dêr letter mei in freon oer hie koe hy him dat eins net begripe, want op keunst tingest dochs net ôf? En oft ik dan gjin begrutsjen hie mei dy earme keaplju dy't dêr de hiele dei yn de baarnende sinne stean moasten. Nee, fansels haw ik dêr gjin begrutsjen mei. In merke is om te ûnderhanneljen. De keapman hat in boaiempriis yn 'e holle, en it is de sport om him dêr hinne te manoeuvrearjen. De measte keaplju hawwe dêr ek noch wol aardichheid oan. En sa net, no ja, kinst oan de lichemstaal fansels wol sjen oft er oan it ein sit of net. Dat heart der allegear by.

Mar seis kilometer boeken is al in ein kuierjen hear, as it drok is. It sjit fan gjin meter op, en oeral tusken de boekekreamen troch stienen frettinten. Soms ek wol noflik; ien derfan ferkoft farsk parse sinesappelsap.
Trochdat der safolle kreamen binne, wurdt it de skôgers al gau oermansk. Ik seach dan ek minsken hjir en dêr mei in ferlanglistke rinnen; dy fregen gewoan nei krekt dy boeken en gienen dan wer fierder. En ast wat thúsbist yn de boeke-antikêrs, dan silst ek wol sa'n bytsje witte wa't it troch dy sochte boek ha kin. Mar dy krije fansels ek steesoan troch nije oanfier dus it bliuwt in ferrassing wat elk yn de tinte te keap hat.
It foel my trouwens op hoefolle Friezen at der omrûnen. Maklik datst dy der altyd tuskenút kinst.









03-08-2006

Oanmiere









Gean net sacht troch de nacht
fan de stjerren dy’t rûnom tsjoene
nei ien fan dy lege gatten
of ingels út dyn fisioenen

ferlitte wolst dy iene
dy’t boppe alles hold fan dy
nin orchideeën yn de griene
see en gjin rôze roazen

wat dy al jong yn parten dielde
wie prinsepeal foar my
en dat oare, dat bleau driuwen
oant it by de kust oanspielde

want al wat leaf wie stjert
en wat dy leaf wie sil bliuwe
libje yn it wrak dat ik bin
dat gûlt, net hielet noch went











28-07-2006

prinsetún







De Prinsetún fan Grins wie juster en hjoed wer it plak foar dichters út it hiele lân (en Flaanderen). Ik woe freedtemiddei efkes sjen, om't der dan in protte kunde út it westen oanwêzich wêze soe. Te moaie kâns om strûpe te litten.

De twa minsken dy't my diskear it meast te pakken hienen wienen de Flaming Stijn Vranken, dy't meikoarten in bondel útbringe sil by Meulenhoff, en Vrouwkje Tuinman. De lêste koe ik alhielendal net, mar ik bleau stean yn de leafgongen fan de tún. Der sitte in soart fan natuerlike rútsjes yn, dêr't de dichters efter wei foarlêze kinne. It publyk kin dan hielendal om dy leafgongen hinne rinne en altemets efkes foar sa'n rútsje stean bliuwe om te harkjen.
It jonge frommiske die neat om har stim te ferheffen, dêrtroch diest as omstanner namste mear dyn bêst nei har te hearen. Want oardel meter fierderop stie de folgjende dichter te orearjen. Hawar, har teksten pakten my, en wat in moaie test dan foar jinsels as je nei de namme fan sa'n jonge dichteres freegje, en it blykt immen te wêzen dy'tst fan namme en lêzen al kinst, mar noch nea sjoen hast.

Cor van der Wal wie der ek, en dy smjunt woe ha dat ik alderhande frjemde drankjes preau en fan in namme foarseach. 'Hasto dat dan ek dien Cor?' frege ik. 'Nee', sei Cor, 'dat lit ik dy earst dwaan. Asto stean bliuwst wit ik dat it fertroud is'.

Cor en Tseard Bruinja wienen twa fan de pear Fryske dichters dy't ik dêr sjoen ha. Eins wat te min, fûn ik, neffens wat der wol wêze kind hie.
Faaks doch ik it oare jier sels in kear mei, as der plak is teminste. Der waard flústere dat der minder subsydzje foar dit evenemint komt, en dat it dus wolris yn oare foarm as earder presintearre wurde kinne sil. Wy wachtsje ôf.



25-07-2006

Lettertimpel





It is hiel spitich, mar der is alwer in goed poëtysk inisjatyf nei de barbysjes.
Nei Perspektyf is no ek de Lettertimpel nei de kloaten. Net omdat de redaksje dermei oerjûn hat, mar omdat de wepmaster mei de kaai útnigele is. Treurich, djip treurich. Fansels hienen wy as redaksje better tasjen moatten op de feilichheid, mar as it ien fan jin eigen folk is dy’t útnaait giet it net sasear om in tekoartsjitten mar om in skeining fan it fertrouwen. Ast soks oankommen sjoen hiest, hiest maatregels nimme kind. Yn dit gefal wie it tongerslach út in kleare loft. Mar ja, ûndertusken is ús oefenplakje moai fuort. Ik wit net oft ik de moed wol opbringe kin om nochris sokswat mei op poaten te helpen. Ik haw it lêch no út, leau ik.



17-07-2006

Timmerlju






Wy hawwe op it stuit de manlju fan de wenningbou oer de flier. Se binne altiten hiel reewillich, mar by tiden binne it krekt hurd en flut: om it minste moatte se wer nei it honk yn Kollum om in plankje sus of in skroefke sa op te heljen. Ien kear hawwe wy it belibbe dat se trije kear foar itselde kezyntsje werom komme moasten. Se hienen it opmetten, en doe moast it op it honk yninoar set wurde. De oare wyks kamen twa man sterk dermei ûnder de earm oansetten. Mar it paste net: fierstente grut. Wer opmjitte, notearje op in flitterke. In wike letter kaam deselde man wer: hy hie it papierke yn de broeksbûse sitte litten en it wie meigien de waskmasine yn. Op ‘e nij opmjitte dus. It duorre it fjirtjin dagen.
Wy seagen it autoke wer oankommen. Doe’t de man it kezyn út de wein helle sei Romke fuort al: neffens my komt it wer net goed. It liket no wol te lyts. Dat wie ek sa.
It mantsje dat de saken behertige waard doe sa lilk op himsels, dat er rea oanrûn en fûterjendeweis wer ôfstuts.

Fansels is it úteinlik wol goed kommen. Hja leinen it ek út: de maten fan de âlde hûzen wienen net standert mear en it guod koe dus net mear kant en klear oanlevere wurde. Dus moast der in protte sels makke wurde. En dan moatte jo timmerlju hawwe hin. Echte, net fan dy doch-mar-wat mantsjes.
Mar dochs is it ek wol wer gesellich. De manlju komme oeral en kinne elkenien. Se slagge wer in wike by jin om foar in piipke op it dak, en binne wer hielendal op ‘e hichte fan ús húshâlding, gjin ûnderwerp wurdt mijd. Bakje kofje der by en op ‘e tiid efkes skoftsje. Oeral hawwe se ferstân fan en hja hawwe it altiten oars en ek noch mâlder meimakke. Hea, as wienen it húspsychologen, it hoegde net oars.
En dat sit gewoan by de hier yn.








16-07-2006

de stûpa fan Hantum









Ik sykje dy yn de laaielinen fan ‘e klaai,
fan fierrens likest my ta te wiuwen.
Boppe grien beamte út in gouden tek,
wyt en read skimerje troch de kamûflaazje,
flaggen wabberje yn de soele wyn.

Ienmel it doarp út stiet weromkommen faai.
In slingerdyk om stadige stappen te riuwen
oan de fraach: ‘Is de wrâld my brek?’
At de timpel tekene is troch tatoeaazjes
blauwe man, lûk dan keal de weareld yn.









De stoepa van Hantum


Ik zoek je in de leylijnen van de klei,
van veraf lijk je me al toe te juichen.
Boven groen loof uit een gouden dak,
wit en rood schemeren door de camouflage,
vlaggen wapperen in de zwoele wind.

Ooit terugkeren naar het dorp staat je vrij.
Een slingerpad is om langzaam te buigen
voor de vraag: ‘Heb ik aan de aarde lak?’
Als de tempel getekend is door tatoeages
blauwe man, trek dan kaal de wereld in.















14-07-2006

ik ferrek it





Der wurdt fan dizze en jinge kant frege hoenear't myn twadde bondel ferskynt.
No, ik haw de wichtichste útjouwers by del west, en dy hawwe gjin belangstelling, omdat ik 'net yn harren fûns pas'. In eufemisme foar nee dus. En at de iennige mooglikheid is dat ik der dan sels oan meibetelje moat, dan jou ik him leaver yn eigen behear út, al falt de bondel dan ek bûten mooglike sirkwyen.
Ik bin der noch net mei dwaande, en faaks komt it der hielendal wol net fan want dat gearstallen en neisjen is it minste wurk dat der is.


11-07-2006

Sa lilk, en ek sa wer goed




No wurket Jan al fan foar it eksamen ôf foar de scooter dy’t er sa graach ha wol. Mar leafst seis dagen yn ‘e wike. It gie ús by tiden stoef genôch, mar Jan is in baaske en krigest it him net gau út de holle at it deryn sit. Dat wy hawwe him ek mar stil wat gewurde litten. Better sa dan sa’n 1.81 m. jonge deis wat om je hinne te ferfeeljen. Mar no, nei in moanne as twa en in heal, begjint er wat te bongeljen. Hy hat sa goed syn bêst dien dat er him al hast sjef fielt, want hy is ommers fan alle merken thús. Oeral yn te setten en op alle tiden, fan moarns seis oere oant jûns tsien oere ta.

Mar hjoed hie er it groat gear mei de ferfanger fan de baas, dy’t mei fakânsje is. Hy hie wat om ouwehoerd mei de oare jonges. Ien dêrfan moast er wat leare, mar tagelyk moast er syn eigen wurk ek yn ‘e gaten hâlde. Dat wie krekt wat tefolle foar de fyftjinjierrige harsenskes west. De ferfangende baas, baasinne yn dit gefal, hie him nei hûs ta stjoerd omdat er der mar wat mei de pet nei sloech. ‘Dat ik bin nei hûs ta gongen,’ sei Jan, ‘en ik gean ek net werom.’
Jahaa, want as lyts bern fuortstjoerd wurde, dat kin it ego net tille fansels.

Yn it skoft kaam de ferfangende baasinne noch efkes thús del en hat de jonge ek like hurd wer oannommen. Jan grommele wat, mar seach my al efkes mei in skeef eachje oan.
Sa fan: ‘Sjocht mem wol? Ik kin ommers net mist wurde.’





10-07-2006

Leardaam

Leardaam, in fers dat nominearre wie foar de priis fan de wedstriid mei it tema 'Barst'. It hat gjin priis helle, mar in nominaasje is fansels ek moai.

Ik haw it tema kombinearre mei de leafde, in ûnderwerp dat my yn deselde tiid ek nochal troch de holle spile. It is in kombinaasje wurden van 'barst' en in bewurking fan de tekst fan 1 Korintiërs 13.



Jubeltaal

Ik spruts de taal fan alle folk
rôle wurden yn in simbalen skeal
myn stim de gong dy’t it liet song
fan de âlde parrehouten peal

lit los, lit los de profesije
yn nije leafde kin alles lije
it heimnis fan de kennis dy’t ik ferlear:
sy telt grutsk alle minsken gear

sy is as in skonken wynbokaal
yn it tebrutsen krakelee
giet se in heel libben mei
fan sêfte hannen rûn beruorre

ferkent sy bûch en barst, giet
oer de skras dy’t in lustlang duorret
en at de klanketaal berêst
glazueret leafde noch it glês.





Jubeltaal

naar 1 Cor. 13


Ik sprak de taal van alle mensen
rolde woorden in een cimbalen schaal
mijn stem de gong die het lied zong
van de oude perenhouten klots

laat los, laat los die profetie
jonge liefde is verdraagzaam
het geheim van de kennis die ik verloor:
zij telt trots alle mensen saam

ze is als een geschonken wijnbokaal:
in het gebroken craquelé
draagt ze haar leven mee
door handen zacht afgerond

verkent ze buig en barst, draalt
over de kras die een lustlang duurt
en als de klankentaal verstomt
is het liefde die het glas glazuurt.


06-07-2006

stienwosken spikerguod






 


 


Hurd, stienhurd is dyn gean


mei de treen, mei de metro


yn de stêd fan knipperljocht.


Reade eagen yn in bleek gesicht


tôgje dy nei, it karke kleanguod


toait de leaden lêst fan myn


soarchsumens, mangele wurk.


 


Ik angelje de skierblauwe broek


út de hoeke fan de lege keamer.


It wie dyn moaiste, ôfdroegen en


mei in skuor oan ‘e piip dêr’t


in hûn by neare nacht de tosken


yn set hie, en in plak fan it reade


papierke yn ‘e bûse bewosken.


Dy broek, ja.


 


Der belje noch geregeld freonen


dy’t harren fersinne, dyn bêste freondinne


kaam lesten út gewoante oanrinnen.


Hja dronk in kopke tee mei, dêr woe


se net foarwei, mar sa’t jimme rattelen


fielden wy ús tangele en bedroege


as stienwosken spikerguod.


 


 


 



05-07-2006

Húsingel




Ja, efkes op heale krêft wurke, mei dizze waarmte. Ik leau dat Word der ek lêst fan hat, want de oanwizer bliuwt hieltyd hingjen. Dat, of de brot is hast oanein.
Twa kear al haw ik dizze wike it kuierjen útstelle moatten oant jûns let. Romke warskôge my al oft ik dat no wol dwaan soe, jûns let noch allinne bûtenút, mar hy woe sels net mei. No ja, en as hý al te lamliddich wie om mei, fan wa soe ik dan oars noch te duchtsjen ha?
Dat it wie suver noflik. De soele wyn waaide om my hinne, kuolle net drekst ôf mar joech wol efkes lucht. En dat wie nedich. Noch ien of twa sokke hite dagen, dan moat it earst wer oer wêze, oars kinne se my wol opdweilje. Ik mei hoopje dat it dan dien is, want ik soe net graach op in kantoar sitte wolle mei dy waarmte. Of der moat al luchtkuolling wêze fansels.

Moarn sille wy mei Jan nei de nije skoalle yn Grins. Dêr sil er de oankommende fjouwer jier de boel ûnfeilich meitsje.
Doe’t er it diploma VMBO yn ûntfangst naam hie de koördinatrise der noch in moaie anekdoate by:
op skoalreiske nei Londen hienen de learlingen deis in middeisbrochje meikrigen. Mar de Ingelsken dogge der dan gauris gjin bûter, mar mayonêze tusken de bôle. Dat hienen in soad bern net lekker fûn, en dy soenen harren lunspakketten dan ek fuortgoaie. ‘Ho!’ hie Jan sein, ‘dat dogge wy net hin. Jou my dy pakketten mar.’ Hy hie in jiskepûde opskarrele en dêr alle pakketsjes yn sammele. Doe wie er op ien fan de swalkers tastapt, dy’t se dêr fansels al lang sinjalearre hienen, en hie de man de pûde jûn.
De man seach deryn en sei ferheard tsjin Jan: ‘Are you an angel?’
En Jan hie sein:
‘Yes, I am.’



01-07-2006

das Experiment




Freed, RTL 7, 22.30 oere.
Wow, wat in film! Ik haw yn tiden gjint sjoen dy’t der sa op yn hakke as dizze. Ik hie der al ris fan heard by de stúdzje sosjale psychology, en ik miende noch te witten fan doe dat dizze film op wiere feiten basearre wie. Doe’t ik justerjûn de film seach woe ik dat eins net mear leauwe, dus ik haw it noch efkes neisocht en it wie foar in part al sa.
No is de film faaks noch wat dramatysker wurden as de feiten doedestiids fan it Stanford Prison experiment fan prof. Zimbardo út 1971, mar de yntinsje is itselde. Yn de film kriget de lieder fan de oppassers hieltyd mear megalomane trekjes en lûkt de oare oppassers mei oer de grins fan it minslike. Ut drang om harren wurk goed te dwaan belûke se sels de projektlieders by de gefangenen. Se oerdriuwe harren machtsgefoel sa bot, dat der sels deaden by falle.
Nijsgjirrich is dat de film yn it Dútsk is, mei unifoarmen en al. Dat ferwiist fansels nei de Twadde Wrâldkriich.
It koe sa út de hân rinne omdat de lieder fan it eksperimint, prof. Klaus Thon, nei de ferwachte risseltaten behelle te hawwen, trochgean woe mei it eksperimint om te sjen wat der barre soe at de saak fierder eskalearre.

Yn it wiere eksperimint fan de Standford Prison binne der gjin deaden of ferwûnen fallen, omdat it al op de sechste dei stoppe waard. It eksperimint soe yn it earstoan fjirtjin dagen duorje. Yn de film waarden it in pear dagen mear as seis. De film is aardich dikker oanset as de werklikheid, wat op it ein wol dúdliker sichtber wurdt as it útrint op in hast Italiaansk spagettybloedbad. As twadde ferhaal spilet der in romantyske ferhâlding tuskentroch fan haadrolspiler Tarek Fahd mei in jong frommiske, Dora. Der wurde flash-backs brûkt om de finzenisbylden te trochbrekken. Skande eins wol, want dat ferhaaltsje foeget foar myn gefoel net folle ta oan de film. Wolst as taskôger wol hieltyd yn dy finzenis bliuwe om te sjen wat der no wer foarfalt.
Ja, goeie film om oer nei te tinken. Wat soe ik west ha: oppasser of finzene? Dieder of slachtoffer? Wittenskipper of dielnimmer oan it eksperimint? Lit ik foar my tinke, of tink ik (en doch ik it) sels?