30-04-2008

dichtersjûn yn De Bres

Op 29 april 2008, 20:00 oere wie it dan safier; de dichtersjûn mei muzyk yn De Bres, Ljouwert. It moast yn de buert fan de Harmonie wêze. Wy moasten efkes sykje, mar fûnen it frij makkelik.

Tresoar organisearret alle jierren kursussen kreatyf skriuwen. Op 29 april joegen in oantal poëzykursisten in presintaasje fan har wurk yn teater De Bres yn Ljouwert. De dichters folgen in kursus poëzij skriuwe by Tsjêbbe Hettinga. De bekende Fryske dichter hat elke optreder oankundige en twa kear sels wurk foardroegen. De muzikale bydragen wienen fan Gerbrich van Dekken mei begelieding fan Josse Postma en fan in âldere man waans namme ik sa net mear wit, mar faaks is dat ek net sa slim, want hy song net hielendal suver. Dizze optreders folgen op Tresoar de kursus lietteksten skriuwe by Jurjen van der Meer. De tagong wie € 5,–, mar ik twifelje oer it tal beteljende besikers want der wienen wakker wat frijkaarten yn omloop. Der sieten sa'n fyftich, sechstich minsken. Yn it nochal tsjustere sealtsje ha’k efkes om my hinne sjoen oft ik ek B.F’ers seach (bekende Friezen), en ik stuite op Melvin van Eldik, Diva Yva en Arjan Hut. Der sille grif mear west hawwe, mar dy hawwe harren oan myn each ûntlutsen.



De dichters wienen gjin begjinners, al wie de iene wol wat fierder as de oare. Guon fan har hienen al in bondel publisearre of gedichten yn tydskriften en op ynternet hân. Guon hawwe Rely- of oare prizen wûn. Sommigen hawwe ek in eigen webside. Koartsein, it ferskaat wie grut – ien fan de dingen dy’t it programma oantreklik makken. Under begelieding fan Hettinga skerpen de dichters har yn de kursus mei poëtyske taalmiddels op. It reagearjen op elkoars wurk makke in protte entûsjasme los, en dat poende de ynspiraasje en de kreativiteit oan. In heal oere oer in komma of punt prate soe in oar al lang ferfeeld hawwe, mar de kursisten koenen har der goed yn fêstbite. It skilde fansels al dat it hûswurk foar de kursusjûn eltse kear al keurich troch Hettinga fan kommentaar foarsjoen nei de kursisten opstjoerd wie, sadat elk him thús al ferdjipje koe yn de opmerkings dy’t Hettinga der neffens it close reading systeem byset hie.

In oantal fan de gedichten sille ferskine yn it folgjende nûmer fan literêr tydskrift Hjir. Spitigernôch sil der gjin fan my by wêze, neffens de redaksje litten de fersen oan rymtwang. Dat wie nij foar my, mar goed, it betroffen dan ek trije sonnetten en dat sjenre is eins ek nij foar my.
Sipke de Schiffart, dy't de kursus ek folge, hie der foar keazen syn fersen net foar te lêzen.

De optredende dichters wienen yn folchoarder fan opkomst:

Edwin de Groot; mei yndie in tal fersen dy’t wilens de kursus ek behannele binne. Edwin prate syn fersen flot oan inoar, hy fertelde dat er fan is fan C.O. Jellema omdat dy mei in pear wurden hast alles omfiemje koe en ek fan Rainer Maria Rilke is er fan. Edwin ljochte syn fersen yn it foar soms in bytsje ta, sa as it fers oer in ‘ding’ dat net neamd wurde mocht yn it fers. It bliek in grêf, en at it fers net taljochte west wie, tink ik ek net dat de harkers it der sa gau út opmeitsje kind hienen.

Elske Kampen hie in dûbelde kursus folge, sawol de liettekst skriuwkursus as de poëzykursus. Dat wie ek goed te hearren oan har sêfte klankferzen. It moaie fan Elske har teksten fyn ik altiten dat se it goed dogge op papier mar ek at se foardroegen wurde. Elske har poëzy hat prachtige, poëtyske bylden.

Hjirnei krigen wy in stikje sjong- en gitaarmuzyk fan ien fan de manlike kursisten fan Jurjen van der Meer.

Nei dit blokje gong Meintsje Brouwer fierder mei de poëzy. Meintsje har fersen befetten diskear alliteraasje en binnenrym. De betsjutting wie oer it generaal goed nei te kommen. Sy hie har goed oan de opjeften fan Tsjêbbe holden en ik wjerkende ek it fers oer de ballon dat ek al publisearre wurden is, at ik it goed haw. Har fersen slagge dus ek goed oan.

Oan de ein fan de earste rige kaam Aafke Koster, dy ús ferraste mei it út de holle foardragen fan har fersen. No binne dy fersen net sa wiidweidich, mar it wienen der wol fjouwer stik en dy moatte wol nei inoar opsein wurde. Tusken de fersen die se by tiden hast letterlik in stapke tebek om efkes te sykheljen en har te konsintrearjen op it ferfolch fan de foardracht. It kaam der allegear goed út en neffens my hie har foardracht de measte spanning foar it publyk, it wie mûsstil.

Tsjêbbe Hettinga, de master himsels, lies foar it skoft ‘It Wikeler Hop’ fan himsels foar, in fers dêr’t wy mar leafst twa kursusjûnen oan wijd hienen om it te filearjen. Ek dat ûnderdiel fan de kursus wie tige nijsgjirrich, de lûp op in fers fan Tsjêbbe sette. Tsjêbbes fersen binne bepaald net koart te neamen, dus wy hienen de hannen der fol oan.

It skoft duorre te koart, mar ja, it wie goed dat de tiid bewekke waard, want poëzy is in tear yts, je kinne de oandacht fan de harkers net tefolle op de proef stelle. Harkje nei poëzy freget folle mear as – bygelyks – in preek oanheare.

Nei it skoft wie Wietske Borger oan bar. Sy wie net hielendal frij fan senuwen, mar se liet har der net troch út it fjild slaan. Se fertelde wat oer de kursus en hoe’t it har foldien hie en spruts har wurdearring foar Tsjêbbe út. Trije fersen mochten wy fan har heare en persoanlik fûn ik ‘Wa is no gek’ it moaist.

Renske de Boer gie der fol yn en begûn mei har fers oer in ‘ding’. It publyk mocht sizze wat it úteinlik wie, en it kaam der al rillegau út: in harp. In Ierske harp, wol te ferstean, foege Renske der noch oan ta. Ek it folgjende fers mocht it tema fan ret wurde, en Arjan Hut njonken my wist it andert al rillegau: in Ierske slak. Renske har poëzy is tagonklik fyn ik, yn in pear wurden wit sy te fangen wat sy sizze wol.

It muzikale yntermezzo wie de twadde kear van Gerbrich van Dekken en Josse Postma. Mei de stim fan dizze jonge sjongster ha’k my tige fernuvere. It blykt dat hja ek in protte optreedt mei Gurbe Douwstra. In namme om te ûnthâlden!

Jantsje Post spruts de minsken oan mei har moaie en dúdlike poëzy. Sy draacht ek hiel rêstich foar, sadat de fersen goed ta har rjocht komme. It grien, blau en read spilen my út har fers wei foar myn eagen foar. De bylden binne helder. Opfallend fûn ik it fers oer de tsjerke en it sjongen yn de tsjerke. Ik hie it fers al earder op de kursus heard, mar it kaam nochris alhiel ta syn rjocht yn dit teatergebou.

De lêste fan de kursisten wie iksels. Ik haw myn sonnet oer Foekje Dillema oerset yn it Boerums en it ek yn it Boerums foarlêzen. It ‘ding’ wie, foar wa’t it noch ynteressearret, in miicheamelskeninginne. It mocht dus ek in minsk of in bist wêze. Ik bin einige mei ‘It gepiip by de hear en mefrou Postma’, minsken út in rychjeshûs. Wy hienen it sels wêze kind.

Tsjêbbe sluet de jûn ôf mei it foardragen fan ien fan syn fersen dêr’t ik de titel efkes fan kwyt bin. It gie yn elts gefal oer in fereale man yn de bus. Doe’t er útstappe moast, wie er de himel kwyt, dêr kaam it sa’n bytsje op del leau’k. Tige moai om nei te harkjen.

Fan de kursisten krige Tsjêbbe twa flessen lekkere wyn en Teake Oppewal die der út namme fan Tresoar noch ientsje by. Tsjêbbe hat earst foar it lêst poëzykursus jûn by Tresoar, en dat wie wol in ekstra presintsje wurdich yn foarm fan in saksofoan - c.d.

Tsjêbbe soe de wyn troch him hinne gean litte, sei er ta beslút.