19-08-2022

  

 






Kalliope en de leafdein epysk fers 


fan Kalliope

sêne 1

 

 

Om in rots, boppe de kâlde see

sweve swietrokige dampen

dy’t fan himel noch fan ierde binne.

Sjoch it kontoere­teare byld:

knoop nei knoop los

litte fingers trots fersinke.

Fûgels dûke nei it wetter.

As woene se in bekfol drinke.

 

Ik bin middeler tusken god en 

pine, bestopje eagen en earen

foar de man mei diggelstim.

O, moat ik wier in muze wêze

en myn god ferlern litte om

mei him te praten? De man

oan myn fuotten ferdizenet at

ik yn suvere mominten sjong

de lieten dy’t him fergje te ferjitten.

Sa beskermje ik de man en my.

 

Ik bin it frommis fan de rots,

in stienen frou. Myn barrikade broazelet

at der passy fan it perkamint springt

en ik myn stimme leech hâld.

Hy azemt noch, en dochs ferdrinkt

hy dreamen mei fragen dy’t er

yn melodieuze ûndertoanen stelt.

Ik orakelje him en hy wjerleit my 

mei platwâlde wite skelpen,

swijsum skikt ta in fraach.






.