12-12-2021

Ferkleurje


 

 

 

Ik liet my mânske tatoeaazjes sette,

fûle griene, giele, reade en blauwe

fjoerspuiende slangen, in roas, in hert, in krús 

en in anker oan in skip yn de mouwe

 

en yn de bloei fan myn libben 

stiigde myn oansjen dus mei stip

mei myn bûnte earms út ‘t himd

en de kûten ûnder de rok fersierd.

 

No ferblikket myn rykdom stadichoan,

de roas en de slangen lizze ûnder it wier

noch eefkes en dan sinkt my ek it skip,

lûk ik der hieltyd mear klean by oan.

06-09-2021

Dichters gean dea

Sa gean der mar dichters dea en dea en dea,

net eltse dei, mar stadichwei, ien foar ien

reitsje wy se kwyt. En de politisy, sy sizze neat

mar smite mei wurden, deawurch wurde je derfan,

je gunne har je tiid, mar wat dogge se dermei?

In dichter tinkt nei. Soms in ûre, soms dagen,

en by flagen duorret in gedicht jierren foardat

it syn lêste wurden kriget. Mar dy, dat wik ik jim,

binne oertocht, der giet in lang sykjen oan foarôf,

in goaien en fangen fan ferwidering en ferlangen

fan mear nei minder, fan tefolle nei te min.

Sa gau binne se politisi nei it sin, wurden, mar leech,

dichters sykje se sa dreech, dochs dy geane dea,

allinnich harren wurden net, dy bliuwe bestean.




.


24-08-2021

livich lok


 

 

bist fan in oare diminsje

yn dyn binnenwrâld

makkest fan alles mei

op lettere leeftyd

foelst noch

 

foar my

 

yn tûzen stikken

dy’t ik lime

lape

mei de tonge

ik sykje noch

de 0 en 0

fan dyn boarst

 

en ik hie

hier op ’e tosken

tocht ik

mar ik dreau

nei de lijte

fan it libben

 

it read fan ús lippen

graffearre

mei ferlangen

om dit livich lok

te fangen

 

frees net

ûneinich leaf

litte wy in fers

yn fersleine stilte

 

trilje






.

30-05-2021

Jubeltaal

Ik spruts de taal fan alle folk

rôle wurden yn in simbalen skeal

myn stim de gong, it liet dat song

fan de âlde parrehouten peal    

 

lit los, lit los de profesije!

ik krij kennis oan in nij ferhaal

yn in heimnis dat ik ea ferlear:

sy telt grutsk alle minsken gear

 

sy is as in skonken wynbokaal 

yn it brutsen krakelee jit se 

in hiel fol en droegen libben

fan sêfte hannen rûn beruorre

 

ferkent sy bûch en barst, giet

oer de skras dy’t in lustlang duorret

en at de klanketaal berêst

glazueret leafde noch it glês.




 

 

© Ruurdtsje de Haan

(nei 1 Kor. 13)

28-04-2021

Kamp Moarre


 

‘Hastû noch berneklean,’ frege se.

‘Nee, gelokkich net. Us bern binne al grut.’

Wat sucht ik dat faak. Suchten fan ferlichting,

suchten fan spyt, lang lyn wienen se lyts.

 

At harren hert kloppe tsjin myn wang

oan myn liif, rûn alle soarch

út my wei, gjin gewicht, gjin libben.

Hjir yn Moarre is allinne mar stiltme

 

en kâlde lucht, oan see stiicht ien sucht 

stadich út de klean, om ús allen

gûle sielen oan in houten bonkerak

soargen wapperje yn de wyn.