16-04-2026


























“it each fan de dei” 

 

 

Hjir yn dit neiboude kabinet

fynt men it andert net

Margaretha MacLeod-Zelle, frêle frou

briek de bân fan houlikstrou.

 

It deistich libben wie as molke sûnder rjemme

har man en bern waarden tûkelteammen.

Sý hie yn de holle in oare fantasy

en folge de rôp fan de sinlike melody.

 

De loaitsen fan manlju dy’t kringe woenen

troch de walen dy’t dochs wol falle soenen,

folgen de “Danse de Feu” fan de Yndyske sinne.

It ‘each fan de dei’ soe hjir har sege begjinne.

 

De sjoernalisten ferhunen har dânskeunst,

mar by offisiersfroulju wekke hja oergeunst.

Hja paste net yn it byntliif fan troude frou 

want mei har namme naam se it net sa nau. 

 

Yn de hoeken fan har seal hingje no de jûpen.

Hja fielde fêst de manljuseagen glûpen

nei it sedich nedzje om de hals.

Of wie de hytte fan har fel faaks falsk?

 

De muorren binne hjir beklaaid mei frouljusfel

by de tatoeaazjes slachst de eagen del:

om de nâle en wier! Ek boppe de naad!

Men rekket der grif troch fan de kaart. 

 

Dêr leit it boek mei artikels út de krante

en it flierkleed mei fuotstappen, elegante

paskes yn yngewikkeld patroan beweefd,

dêr hat hja ea sierlik oer hinne sweefd.

 

In fleske lodderein stiet earne yn in kastke

en in bûsdoekje mei monogram, foar yn it taske

Har tiara en boarstkûmkes binne fûn 

yn Ingelân en no werom op Fryske grûn.

 

Yn de oarloch waard hja in dûbelspionne

Dútsers en Frânsen brûkten Gryt as pionne

en hoe’t se ek bearde fan neat te witten

se hawwe har dêrom stjerre litten.  

 

Yn dizze seal hinget oeral in ljochte swime

fan Mata Hari har lêste hime,

dy’t troch gewearskûgels omkomme moast

tolwe stiks, rjochte op it bedutsen boarst.

 

Yn in fitrine leit noch in brief oan Non

har famke, dat se efterliet op in stasjon.

‘Zoo een rotzak’ skreau dy der ûnderoan.

Hja binne net yn frede stoarn

 

 

 


 

----------------------------------------------------------------

 


 

 

 

 

“ het oog van de dag “ 

 

 

Hier in dit nagebouwde kabinet

heeft men haar spullen neergezet

Margaretha MacLeod-Zelle, frêle vrouw,

brak de band van huwelijkstrouw.

 

Het dagelijks leven was als melk zonder room

man en kinderen belemmerden de droom.

In haar hoofd had zij een andere fantasie

ze volgde de roep van de zinnelijke melodie.

 

Een stroom van bewonderaars volgde haar

nieuwsgierig naar de sluiers en meer, waar

ze in de “Danse de Feu”  haar lichaam onthult

en het ‘oog van de dag’ de grage blikken duldt.

 

De journalisten hoonden haar danskunst

maar bij officiersvrouwen wekte ze afgunst.

Ze paste niet in het keurslijf van getrouwde vrouw

want met haar naam nam ze het niet zo nauw.

 

In de hoeken van de zaal hangen haar japonnen

geschonken door officieren en baronnen

het kant sierde haar zedige hals

of was de hitte van haar vel toch vals?

 

De muren zijn hier bekleed met vrouwenhuid

bij de tatoeages kijk je je ogen uit:

om de navel, en eerlijk waar! boven de bilnaad!

Bij het kijken raak je al bijna van de kaart.

 

Daar ligt het boek met artikelen uit de krant

en het tapijt met voetstappen, zo elegant

met pasjes in een ingewikkeld patroon geweven,

in gedachten zie ik haar daar sierlijk zweven.

 

Een parfumflesje staat er ergens in een kastje

bij een zakdoek met monogram, voor in haar tasje.

Haar tiara en borstkommetjes heeft men gevonden

en naar Friese grond teruggevoerd via Londen.

 

In de oorlog werd ze een dubbelspion

Duitsers en Fransen gebruikten Greet als pion

en hoe ze ook zweerde van niets te weten

voor haar sterven maakte het niet uit hoe ze heette.

 

In deze zaal hangt overal een lichte vleug

van haar, van haar laatste ademteug.

Mata Hari werd door geweerkogels gedood 

twaalf stuks in haar borst, niet ontbloot.

 

In een vitrine ligt nog een brief aan Non

haar dochter, die ze achterliet op een station.

‘Zoo een rotzak’ staat er onderaan.

Ze zijn niet in vrede van hier gegaan.




By de útstalling yn it Frysk Museum 2017-2018

" Mata Hari: de mythe en het meisje " 

 

 

 

 

 

15-07-2025





 

Sêne 6.

 

Der giet in luchtstream troch it hûs

wylst ik dochs gjin raam of doar

iepen dien haw. It is hjir kâld

en waarm en yn dat momint 

lês ik tinzen oft it in ôfskie is,

in mijen loaze sin dêr't ik yn weifal,

healwiis de rûmte yn.

 

It liif bliuwt in hoalle, hâldt it binnen,

as in klankkast sûnder toanen.

It liket oft it bealgjend

swier oanslein is. Ik flakkerje.

ut de flakte fan de nacht

komme fierstente ljochte tekens.

Se flechtsje foar in waaksend

unbehagen. Betsjutting ûntkomt

út harren gestel en ien nei ien

moat ik my yn de gearhing fersinne.

 

Ik wol de keamer út

en stilsteand wetter sykje

mei in ronfelleaze moanne,

de spegel fan har blik.

Neat bliuwet er fan ûnthjittings oer,

at ik har net ûnder de eagen kom,

want dêryn kin myn doarren

as in nij momint ûntstean.

Ik moat it skaad út myn hâlding

draaie, at sy foar my stiet.



Lessander




 

03-06-2025


Titel: De Poel
Gedichtewedstriid Kollumersweach
by de Lauwerspoele
Maaie 2025
1e priis

 

16-02-2025




Tsjuster en ljocht sjen

 

Yn de tsjusterte komme se;

de fergongenen, de leaven, de deaden.

Sy flústerje net, mar lizze tinzen

njonken it kessen om op te pakken,

te befielen, te hifkjen en wer neist my

del te lizzen. Wa’t wát docht, sjochst net,

mar dû wytst it, dit is heit, dat is mem.

Beppe is al lang útpraat, sy strykt

my allinnich noch wat oer it wang en

ome Goaitsen sjocht ta en seit 

sa min mooglik, dan ek neat ferkeards.

 

At se wyt weiwurde oan de râne fan it sicht,

nimt it tsjuster it oer. Ik bin oerlevere,

net earder as moarns betiid komme se werom 

yn dreamen. De iene dream wyt ik, kin net,

mei de oare jouwe se in boadskip troch,

meast net wat ik hearre wol. Of dwaan wol.

Lyk as earder doch ik dochs presys wat se sizze 
en wat in wûnder: it is altyd goed.

By ljochtskyndei wyt ik net oft ik sokke 
goede ynjouwingen haw, of draach ik se mei,

berne yn it tsjuster fan de bline nacht.





.

09-10-2022




Sêne 5.


Sy is de stim út rots, de stim fan see, 

de flakte en it bosk. Sy is sluten

en tagonklik, yntym en wrydsk.

Dy't mei har meigiet, 

sil fergroeie yn in bloeiend stribjen

dat as krêft noch oerbliuwe sil.

Neat is no noch goedernôch, oars net

as de nocht oan swerve en ferdwale.

Sy is it lêste wat ik jûns ferdutsen noch fernim,

har asem trillet by myn hûd del.

 

Wêr't ik rin, sil sy my tsjinkomme,

seit se, en oars ropt se my wol.

Yn stjitten hear ik har rûzemoezjen.

Dwylsk rin ik foarby.

Sa dûkt se op en altiten falt op 

sa'n momint it gea om my hinne wei.

Sy jout inkeld in fuotspoar oan myn wollen,

dêr't ik yn stroffelje; lês myn rigels mar.

 

Ik bin net by steat my ôf te kearen

fan har blik, dy eagen dy't myn moed

te boppe gean. Ik bin fêst set, 

de ljisken fersêfte, sy slút geheim geniet 

fan taal yn my op en lit de kaai falle.

Driigjend tref ik de betizing wer,

sa as hieltyd at ik har yntym moetsje.




Lessander.

 

 

 


Sêne 4. 



Hieltyd stean ik óp

yn in opwelle oarder,

in stien wêr't ik har hieltyd

fan weihelje wol.

Ik moat har skatte

yn myn fantasy, lykas

se my yn de ferskining

fan de regels stjoert;

it kin swiet, of sâlt wêze

yn in ferbyldzjen op 'e tonge.

 

Sy nûget my mei in stim

dy't leger klinkt as't ik befetsje kin.

Sy liedet my langs

it groffe talud fan tinzen 

nei har spitste sinnen

en stekt de ferlieding 

as in degen yn it sân,

flitsend yn it sinneljocht,

hel ferblyndzjend.

 

Sy winket my, hoewol't ik har

net sjoch. Har eagen skowe

my by de geast del, dy't

opheven omheech springt.

Sy hûkearzet yn mominten

fan betizing, skrikt my op

en skoot mei omtinken nei my út

op panielen fan fernoeging

dy't my delbêdzje. Ik uterje

my yn ferzen om har hinne. 

 

Lessander