21-09-2022


 

 





 

 sêne 3

 


O, hy hâldt hoek, hâldt dagen oan

it wjerlûd wynt him om yn talmjen,

woegen, tute en weromblaasd

sels noch yn swiere sliep.
Dream ik? By Apollo, ik dream.

De master ken syn muzen.

Hy stelt syn easken swier: in brek,

ûnsichtber, sil my tantearje,

skimmel sil by reinwaar tine,

teare plakken pleagje. En dan:

myn gewicht moat ik twaris drage.

 

 

Ik mei dan wol myn keunsten hâlde

mar fierdere geunsten binne net te ferwachtsjen.

As einpylk skikt er my tsien lange jierren ta

dy’t ik langer trochgean moat as myn libbensfeint.

In panfluit lûkt my nei it libben,

de lûden ferklinke myn fertriet

dat gearlûkt as ien grutte wiete wûne.

Ik wol ien wurde mei de stien

dy’t myn taflecht is. It witten is like hurd:

ik sil kieze moatte tusken him en it gemis.

 

 

Mei drôvige stim begjint it sjongen,

wringjend fjochtsje holle en hert

wilens it beslút nommen wurdt

feroaret it lichem fan slank en fyn

yn in boerske bou mei sichtbere soarch

dat him ôfskrikke moatte sil.

Nóch bin ik wapene mei myn gaven

dy’t ik oan de ein ta tôgje moat:

in stimme as fan in nachtegeal

en eagen dêr't in siel yn ferdrinke kin.







.


07-09-2022

 


 

 

sêne 2, fan Lessander

 

 

Oan de râne fan stiltme leit 

sy wurden del. Se wurde 

ûnferweechlik oppakt.

Ik besykje ûntfanklik 

te wêzen en wyt dat eagen 

myn ûntjouwing teste. 

Sy wiist my nei de 

net ferkende plakken, 

sa as de schieding tusken

boarst en búk. Ik 

fermoed dêr fingers 

dy't my sketse. Se sit hjir 

foar my oer op in rots 

mei oan har foet dy wetterslach; 

de oanset ta in antwurd 

hâldt se yn har hân.

 

Ik lês har foar, 

beken my mei krongen 

stim. Sy lit my gean, 

heechhertich hast, as in 

swaan. En dêrby kringt

har staltme wêr't se 

my yn opnimt. Seldsum 

spriek ik regels iler út.

 

Ik sjoch ús rinnen troch de stêd,

wylst wy hieltyd besykje 

in petear te begjinnen. Sy mei 

myn hân wol pakke. Se nimt 

my as gehiel en knypeaget. 

Se lit my binnen, heakket har ankels 

om minent en yn ien dreaun 

dûnsje wy yn it linnen ljocht. 

Sa hat se my 

oan wurden tipjen leard.

 

 

.