23-11-2020

Glâns fan hoop

 

 

Lêst de krante en setst in bakje kofje,

sa gliere de wiken yn kadâns.

De tillefoan wurdt in rêstich húsdier,

tiden wolle allinnich mar skoftsje,

hieltyd minder praat komt der lâns.

 

Feardich en mei fêste hân

dochst putsjes op 't hiem of yn 'e hûs.

Al wat efterstallich is, wurdt dien.

Fan it sjoernaal krigest de nijste stân

mar fan Netflix rekkest wol yn 'e sûs. 

 

It is net sa, dat der neat mear kin

mar alle minsken nimme ôfstân.

Tinkst ommers oan dyn âlders en de bern,

fan hûs gean hat net safolle sin.

Sa hâlde wy feiligens yn 'e hân.

 

No is wekker wurde oars nei 't kûsen.
Lûkst dyn moed omheech, dochst de broek ticht, 

en pakst in goed foarnimmen út de kast.

Hellest hoeden wat toverljocht út de bûs en

waskest in glâns fan hoop op dyn gesicht.

09-10-2020

Pau en hoanne

Foar my silst altyd myn pau wêze 
 Unstjerlik, mei opstrutsen fearren 
 In fûgel dy’t nea fleane kin 
 Mei in siele, sa oerwrâldsk 
 Dat er net trochgean kin foar in do 
 Nea rêst yn ‘e bealch, net 
 Op it brutsen matras fan tiid 
 Rinne wy op in spikerpaad 
 No en dan steatlik om inoar hinne 
 Hippe, en dat neame : dûnsje 
 Dû dochst de quickstep, ik in wals 
 Hieltyd faker komme wy gelyk út 
 Dû bist pau en ik de hoanne 
 Beide drage wy ús moedfearren 
 Earne tusken grûn en loft 
 Sûnder sied foar de snaffel 
 Mar mei each foar wat foar ús leit.



04-05-2020

De wekkere man




foto: B. van Bohemen / NIOD
Kollumerpomp, verzetsmonument



De wekkere man


hy is heit. Mar ek hoeder
oer frou en bern.

Syn faam sil wer
by heit op ‘e knibbel sitte

at heit de hannen frij hat.
Hy koe net witte

oft hy derby wêze soe;
guont fan har binne sketten.

De striid is net ferlern.
Mei it famke giet it goed;

hja leit alle maaien
blommen del foar moed.