22-11-2019

Ienris wie ik mem



.






Ienris wie ik bern, faam, frou
en doe mem. De mem
mei tee, moalkoekjes en molke.
De matteklopper foar de tucht
de tuten foar de sucht.

Ienris wie ik mem, de mem
fan lila jasseberntsjes, fan oppompe
plastik trekkerbantsjes,
bedobber fan deade kattelykjes
en wachter yn de nacht.

No hein ik fûgels op, en plok
deade miggen fan de muorre.
Ik sied biten foar de friezer,
sis tsjin de baas hoe bliid ik net bin.
De hannel is fuort. En los bin ik.







.

Dat, ús paradys






.







Ienris wiene wy it paradys mei in loft
fan blauwe dagen, wy dronken kokosmolke,
ieten ananassen, waarden drûnken fan de sinne
en it wetter dat blonk yn it lette ljocht



mar de himel dústere en de moanne hold ho,
sonk efter de bergen yn de dûnkermanesee
in krûk barste, in aap griep mis en foel,
de túchjesflier fan skrokken ierde wiet



der floeide bloed en earms en fuotten
skokten skrillich tebek, bleke poppen
wachten wy mei swiere hakken yn sân
oant it lûd fan it ferstân ús wekker rôp.



Wy kearden om. Wy flechten fan it lân
dat úzes west wie, dat letter net werkend wurde woe
it earste paradys dêr’t wy berne waarden
dat ús omearme en losliet, en nea wer omsjen soe.







.

13-11-2019

Hjerst

Mocht it mar hjerst bliuwe





Op it hiem fan ús heit en mem
lizze oeral ôfwaaide blêden,
fan alderleie foarm en kleur.
Eartiids wienen se allang oprêden
krige heit op saterje de biezem beet
en hie er se allegear op ien bult rêge,
of de jonges dienen it, nei wat geseur.

Yn ‘e hûs is it ek hjerst,
mem hat alles kreas ynoarder,
mar rint algeduerigen yn in fest,
it hier wappert wylder om ‘e holle,
it wurdt faker wosken troch de help
mar opstekke wurdt har wat tefolle.
De tiid ferrint oars, elts hat tekoart.

Heit en mem rinne wat trager en
der stean twa rollators yn de gong parkeard
mem kin net stjoere, seit heit
sy nimt de bocht hieltyd ferkeard
“Dat er dat noch sjocht,” is wat mem seit,
“en hy wurdt ek al wat dôf.”

Heit en memmes hûs en hôf
rêste op in lange tiid en doer
fan moaie maitiden, simmers en hjersten,
mar de winter, dy slagge se it leafste oer.




.