22-03-2022

Treffen mei myn heit

.





Doe’t ik moarns ris oan de wandel wie

-wêrom wie’k al wekker? Ik wit it net

rôpstû my, Heit, om te praten

om’t ik dy - op gjin inkele dei heare koe

dan dizze snein, yn dit skealik skoftsje.

 

Ja Heit, it stiet my noch by

ik bin by dy op ús âlde hiem

wêr’tst my mei nimst oan ‘e hân

en my wiist op it swyljende fûgelfee

sa as altiten krije se healwiis praat

at se dyn gestalte fernimme.

 

De twa parrebeammen dy’t elkoar omearmje

binne hast by de grûn tebek

swiere lêsten fan jierren op de rêgen,

tôgjend nei in wis grêf,

dochs eltse maitiid noch oplibjend

ûnder dyn ûndersykjende eagen.

 

Al it wurk fan dyn hannen

leit hjir om my hinne

wêr’t ik ek sjoch, heit is der

yn spikers, yn ‘e tegels en op it lân

it hiele hûs ropt oan dy

mar no’tst dy oerjûn hast

nimst dat net mear sa krekt.

 

Trije rûntsjes haw’ wy makke

meidat ik neat misse soe

dû hast my by dyn weareld holden

doe’tst my eefkes werom rôpst,

sadat ik gjin fersin meitsje koe

wêr’t myn hert woeksen wie.




† 13 maart 2022