29-05-2007

Tante yn 'e tinte




Net safolle nijs fan it front hjirre; wy hawwe griperich west en dan hast net oeral sinne oan. It modderet mar wat troch sa. Yntusken hat it grutte World Servantsfeest wol west yn Boerum. Jan hat dielnommen yn de organisaasje en alles wat er dwaan moast is ek útfierd, al gienen guont dingen wol op it lêste momint. Hy hie dus ek de gryp, mar hat de jûns al yn de feesttinte west. De artysten ( Henk Wijngaard, Roef en Marjan, grutte Geart, Jan Johannes, Tseard en Nick en Simon (de freonen fan Jan Smit) ) wienen allegear en op tiid presint. De presintator fan Holland FM hat de saak wat oan inoar praat. De tinte wie goed fol en Van Kammen hie it spul netsjes foar inoar, bodyguards as kleankasten included.

Kinst ek sjen dat wy net mear wend binne om dat soart feesten mei te meitsjen. Ik kaam yn dy tinte en tocht: ‘earst mar ris in bakje kofje’, dus ik trêde op ‘e drankwein oan. Se hienen der sa’n moai brechje foar. ‘Maklik,’ toch ik, ‘foar at it wat wiet waar is, dan hoege de minsken net yn de drits om te wâdzjen’. Mar nee, dat wie it plak foar de obers, dêr hie ik neat te sykjen waard my al gau dúdlik makke. Dat tante moast mar werom, en achter de baalje keurich om in bakje kofje freegje. No, dat hienen se wol. Mar mei myn jild koenen se neat, ik moast earst muntsjes keapje seinen se. No, dan earst mar op nei de munteferkeapkarre. Dêr ha’k de eagen mar efkes tichtknypt foar de prizen, oars krije jo ek neat, no. Wer op nei de kofje, en ja hear, diskear hie ik it systeem goed folge. Kofje mei molke. Nei it twadde bakje koe om my it feest wol begjinne, mar it moast noch op gong komme. Ik seach om my hinne nei stuollen en taffeltsjes, mar dat is der tsjinwurdich net mear by.
‘Dêr goaie se mei, mem,’ sei Jan. Ik koe it my net foarstelle, mar goed, skynber is dat sa. Dat jo moatte de hiele jûne no stean. Gjin wûnder dat der gjin âlderein mear yn dy tinten komt. Dat is ommers net út te hâlden. ‘No ja, dan mar wat dûnsje’, tocht ik by mysels. Ik haw dus oant 1 oere nachts ta dûnse. Twa dagen like lam yn ‘e fuotten west as wat, mar dat docht neat.
Doe’t ik letter op ‘e jûn wer by de drankwein kaam om reade wyn, sei it oberkewat spytgnyskjend: ‘O, moatte jo neat hawwe mei molke?’ Ik sei: ‘Nee jonge, ik kom der hieltyd mear yn. No wyn en as ik aanst wer kom, kinst de bearenburch mar klear hâlde.’


15-05-2007

Wat der net al driuwt





Driuw yn it limoer, myn jonkje,
no’t boppe it wetter brekt.
Dyn spegelbyld yn de plassen
makket skrassen op myn antlit,

ik kin net fierder mei de komeedzje.
Heit joech him der ûnder del,
do hiest mear myn fel. Der is
gjin remeedzje mear, remeron

kostet my de kop, dêr bliede
myn harsens. De himel spilet foar hel
om it wiif mei de blauwe mouwen.
Hjerstmis driuwt yn in loftballon.




11-05-2007

Slavinken en fuotbalfans




Juster wie it dan einliks safier. It hie gâns fuotten yn ‘e grûn hân. Jan hie ferline wike freed al foar njoggenen foar de doar fan de sigarewinkel stien om kaartsjes te keapjen, doe’t baas fiskboer al belle wêr’t er bleau. Ja, dan moatst krekt wer op guont wachtsje dy’t in pakje sigretten, twa kaugomballen, de Privé en in krante ha moatte fansels. Mar goed, it wie slagge en nei in skrobbearring fan baas fiskboer wie er mar hurd oan it wurk gien mei de karre skjin te meitsjen en yn te laden foardat er mei de sjofeur op en paad soe.

De hiele wike hie er it der oer. Oars is er de rommel altiten kwyt, mar diskear waard der op de kaartsjes past as wie it goud. Piter soe mei. Piter is syn fuotbalkammeraat, in sportive jonge dy’t sels ek fuotballet. Jan fuotballet net by in klup. Net mear. Eartiids wol, doe’t er noch in jonkje fan in jier of tsien wie, mar se koenen allegear hurder rinne as hy en dêr fûn er mar neat oan. Mar sûnt koart hat er in spultsje fûn op it ynternet, en derby is hy dan de coach fan in alvetal. Hy moat yn- en ferkeapje, it geëamel fan spilers oanharkje at se foar te min ferkoft wurde ensa, en dat hat syn belangstelling foar it fuotbaljen en wat derom hinne hinget nij libben ynblaasd. Boppedat hellet Piter him ek wol gauris op om mei in pear oare maten efkes in baltsje te traapjen, dat it fuotbaljen leit him no wer wat nijer.

Ik tocht al: no hoopje ik al dat it wat in aardige wedstriid is, want it kaartsje hat him de helte fan syn lean koste en it soe al sneu wêze at der dan in lije wedstriid spile wurdt. Mar nee, dêr hoegde ik net oer yn te sitten, sei Jan, want it wie ommers Feyenoard tsjin Grins, dat waard altiten wol in spektakel. En ja hear; der wie fan alles bard: ûnderút skopperij, in reade kaart, in stikmannich giele kaarten en trije goals. It is my fan ‘e moarn mei spjelde en nuddel bestutsen.
Vink, sa hiet de skiedsrjochter, hie twa kear net sjoen dat it in penalty foar Grins west wie. Dat Jan soe Jan net wêze as er net hiel hurd meiraast hie:
‘Slavink, slavink....’







08-05-2007

Ferkearde fragen of ferkearde leeftyd?




In âld karre of kerreven hawwe se noch net, mar al earne in hoal mei in stopkontakt.
Ik kaam thús sneintemiddei en de kast stie iepen en der misten buorden en pannen dy’t ik brûk foar it barbecuën. Efkes letter seach ik dat de frituerpanne ek fuort wie. No ja, doe hoegde ik it deksel fan de frieskast fansels net mear op te tillen; ik wist genôch.
De âld rot wie der letter wer stikem ynkommen en nei boppen slûpt.
Ik haw it mar gewurde litten.
Yn de itenspannen op it oanrjocht siet noch wat mayonêze en kurry, en it bestek lei yn de panne dêr’t de mannen it frituerde iten yn hân hienen.
Fan froeger wist ik noch dat myn bruorren ek altyd fan dy fret- en drinkplakjes hienen. De jeugd byinoar, wat frisdrinken of bier derby, muzykje oan en do hearst se de hiele middei of jûne net wer.
Dat giet der net om dat se thús gjin plak hawwe soenen, mar hja hawwe no ienris saken te besprekken dêr’t gjin folwoeksen earen by heare. Soks moatte jo as âlders oanfiele.
Lesten kamen wy fjouwer man sterk oer it mat, moai foar de tillvyzje oan in potsje bier. Hindert neat, hja binne sechtsjin west, mar doe’t ik derby sitten gie en frege wa’t foar stie mei it fuotbaljen wienen se ynienen samar fuort. Ferkearde fraach steld? Joast mei witte wêr’t se sa gau keard wienen.
Ek nei dat geheime hoal seker.








04-05-2007

Maaiedei





Yn ‘e fierte sigeunermuzyk.
Do hevest de holle skean,
as harkest,
mar de eagen bliuwe leech,
wjerspegelje it Gebou,
it lûdsmozayk
fan griis en brún
net mear dat fûle blau.





02-05-2007

Je zus rijdt






Op ‘e winkelstrjitte yn Surhústerfean hold in frou my oan; oft ik ek in pinne hawwe woe. Wis wol, in pinne komt altyd fan pas by in skriuwer. Der stie in moaie tekst op, sei se. Ja, dat wie ek sa, in bibelske tekst fan de Korintiërs seach ik. ‘Moai hear, tankewol’, sei ik en woe trochrinne, mar dat wie de bedoeling net fansels. Der wie ek in begeliedend ferhaaltsje by. Ik wie eins wat gleon, want Maaike hie my mei de mobyl skille dat se yn in kleanwinkel wat oan stie te passen en dat moast ik keure foardat se it keapje woe. Mar ik koe de frou foar my ek net foar de holle stompe wol? Dat ik haw se efkes rêstich oanheard, mar doe hie se noch folle mear spul by har. Boekjes en boekelizzers en sa. Ik koe alles wol fergees meikrije. No, ik kin dat wol brûke foar de kategisaasje, dat ik haw it yn tank oannommen. Op it lêst krige ik noch in kaaiehinger. Ik kaam fan Boerum, dat ik soe wol mei de auto wêze sei se. Dan koe de kaaiehinger moai by de autokaaien.

Doe’t ik thúskaam joech ik de kaaiehinger oan Jan. ‘Kin in kaai fan in skûter oanhingje’ sei ik.
It is al langer in tear punt tusken ús; Jan is in kear sakke foar it brommersrydbewiis en no ferrekt er it en doch it noch in kear oer. Salang’t er gjin rydbewiis hat, komt er net op ‘e skûter dy’t yn it hok stiet te ferrustjen.
‘Wat stiet der op dy kaaiehinger?’ frege Jan.
‘Je zus rijdt?! Ja, dat kin wol klopje, ik mei net op ‘e skûter ride hin?’
Hy gong fierder:
‘Mem leaut seker dat ik der in ûngelok mei krij omdat ik net in rydbewiis haw, en as ik it al doch, kriget mem de ferfrommele skûter werom mei in geve kaaiehinger deroan dêr’t opstiet: “Jezus redt”.
Mar dat leaut mem dan ek net mear, tink?’