De kondysje bliuwt hjir goed op peil, want it
waait de lêste dagen as in orkaan en ik fyts oeral hinne want ik haw hjir gjin
auto. Dat ik kin mar better ekonomysk ynkeapje, want eat ferjitte betsjut net
dat jin dan noch hurd efkes nei de winkel kinne. Dus mei boadskippelistkes
wurkje.
Fan ’e moarn, en ek juster al, seach ik sa’n fiif meter fan my ôf in ielreager
fiskjen by it arkje. Prachtich, hoe’t dy grutte bisten opstige kinne. En it
jout oan dat der flink fisk sit. Dat is ek sa, want by moai waar sjochst de
fiskjes gewoan swimmen. De snoek hat him noch net wer sjen litten, mar ja, wat
wolle jo ek, mei al dat folk om ’e doar. Hoewol’t it waar him dus net fan de
moaiste kant sjen lit, bliuwt it hjir prachtich, mei al dy moaie loften boppe
it wetter. Jûns is it krekt in omkearde wrâld; dan liket it wetter fan it
petgat ljocht en de loft wurdt dan just hieltyd dûnkerder. Krekt of draait de
dei him om.
It mei hjir dan hurd waaie, mar de wyn rûst dêrtroch hearlik troch de beammen.
Dat is foar my wier in sliepmiddel. Juster op bêd, doe’t it sa hurd reinde,
hearde ik oant de oare kant fan it sket njonken my it wetter fan de reinwetterspiip
yn it petgat plûnzjen. Krekt sa ast yn guon tunen wol in fontein hast, sa klittere
it.
Ik kin my bêst yntinke dat it hjir by it hjerst ek goed tahâlden is.
Fan ‘e moarn hurd wurke oan it berneboek. At
it in bytsje meisit, wurdt de earste, rûge ferzje berne op ‘e Feanhoop.
En, wat fyn ik fan it skriuwen foar bern? No,
dat is noch net iens sa maklik. Neist it plot, dat taspitst wêze moat op de
ûnderfining fan hoe’t bern it belibje (jonges, famkes?), moat ek it taalgebrûk
passe by de leeftydsgroep dy’tst foar de eagen haste. En dêrneist is it skriuwen
yn it Hollânsk hiel oars as yn it Frysk. Hieltyd is der de kar foar it Fryske
wurd; hokker brûkst, it maklike, gongbere wurd of it wurd dat krekt fan tichter
by de bedoeling fan de auteur leit, mar dat net sa bekend is?
Ik bin der al foar warskôge dat ik net te ‘maklik’ hoech te skriuwen; bern
folje drege wurden faak sels wol mei in betsjutting yn en de kontekst helpt dêr
fansels ek by. Sa lêst yn prinsipe sels ek in frjemde taal. Hast it wurdboek
der faak net by, allinne at in wurd hieltyd weromkomt en do kinst der mar net
efterkomme wat it betsjut, pakst it wurdboek derby.
It sil my nij dwaan hoe’t it aanst lêzen wurde sil. Spitigernôch ha’k krekt net
in soad muoikesizzers yn de leeftydsgroep fan 8-10 jier, dus mar efkes sjen
hoe’t it útprobeare wurde sil.
Fan ’e middei tusken twa en fjouwer oere, nee,
tusken fjouwer en seis oere, of dochs net, it wurdt dochs sneon of moandei,
komt der immen fan de KPN del foar it ynternet, want dat hearde hieltyd gjin
útfallen te hawwen. Dat wie oars noait sa. Moandeitemiddei dan mar?
“No nee,” sei ik, “dan bin ik al hast wer yn Boerum. Kin’t echt net wat hurder?”
Se soene harren bêst dwaan. Dan wurdt it dochs mar freedtemiddei tusken twa en
fjouwer oere, binne jo dan wol op it hiem, frou?
Ik wol hear, en ik haw twa flachjes oan de beammen by de wei spikere. In Fryske
en in Nederlânske. Net te missen.
Ha’k aanst alwer in mantsje op it hiem, heare.