Fan ’e moarn gie it goed mei it skriuwen en
oersetten. It ferhaal is noch net hielendal ôf, want ik moat noch efkes oer de
ein neitinke. Dat komt grif wol goed, mar it lit him net ôftwinge. Dan is moai
om it begjin fan it boek alfêst oersette te kinnen, want dan bliuwst moai yn de
sfear en bist goed dwaande. It wurdt in boek foar bern fan 10-12 jier. De taal
dy’t ik brûk, is net dreech, mar ik besykje wol om flot Frysk te skriuwen. Ik
tink net dat bern der in wurdboek by nedich hawwe sille. Dat is teminste it
stribjen. Oft it ea útjûn wurde sil troch in útjouwer, doar ik net te sizzen.
At dy kâns der net ynsit, publisearje ik
it faaks yn eigen behear. It doel is wol der yllustraasjes bykomme sille,
tekene troch myn suster.
Ik krige omtrint alve oere hinne ûnferwachts in prater. Dat sit deryn, as men jins werfarren op it ynternet set. In pypskoftsje mei wat drinken kaam goed út, mar it wie in echte prater en nei in oere ofsa woe ik ek wol wer graach fierder mei it skriuwwurk; ik siet der goed yn. Middeis soe myn man efkes delkomme, dy’t wykeins in soad wurket, om nei in goed miel wer ôf te setten. En jûns woe ik nei Ljouwert, nei de gearkomst oer de staverkadavers, Hollânsk-oermânskdâns, wurdferbouwings, oer-’t-mad-beslissings en soksoarte saken. Dat myn dei soe wol wer fol wurde.
Djiptepunt: My is dúdlik wurden dat de Wifi yn
it arkje op it einpunt fan de ferbining sit en geregelwei útfalt, mei hieltyd
langere skoften liket it wol. Dus at der in dei oerslein wurdt yn it
arkjedeiboek, witte jimme wat nei alle gedachten de oarsaak is.
Hichtepunt fan de dei wie dat ik in snoek yn
it wetter sjoen haw! De ferhalen deroer giene al om foardat ik hjir wie.
Hoewol’t ik hieltyd nei him útsjoen hie, koe ik mei gjin mooglikheid in grutte
fisk ûntdekke. Wol in soad lytskes. Oft dit no de ferneamde fadersnoek is, doar
ik net te sizzen; hie is likernôch sa grut as in klompe. Mar hie skeat ûnder it
arkje, dus hy wennet hjir al. No wit ik teminste seker dat it snoekeferhaal
gjin mearke is!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten