Hjoed begûn de dei mei in swiere damp oer it
petgat. It like oft der in tekken fan smook oerhinne lei. Moai om sa de dei te
begjinnen; as rôlet de nacht steatlik in tek ôf.
Letter op de dei, doe’t de sinne wrachtich skynde en it wetter stil en helder wie, ha’k in snoek sjoen; hiel stil lei er te wachtsjen op fiskjes. Hy hie sa’n moaie skutkleur, dat it lang duorre foardat ik yn ’e gaten hie dat ik nei in snóek seach. En sa’t ik dêr in skoftsje nei him stie te sjen, foel it my op dat jeien dus soms ek in kwestje is fan hielendal gjin aksje ûndernimme. Of teminste, sa liket it. Ik haw syn eagen net sjoen. It nuvere is, át er dan aksje ûndernommen wurdt, kinst it sa gau net folgje. Sjochst allinne mar wetter opspatten en hearst it klotsen fan it slaan mei de sturt en fuort is er.
Dat ik de snoek net faak sjoen haw, sil grif wat mei in kâlde waar út te stean hawwe. Hoe moaier it waar, hoe warberder de fiskjes binne. En dat jildt ek foar de stekmiggen. Dus ja, der is altiten wol wat mei de natoer.

Soms oerkomt de natoer dy ek op in hiel oare
manier. Saterdei krige ik besite fan in hiele ploech sigeunerinnen. Ik seach op
en der rûgelen samar fjouwer, fiif, seis, fyftjin sigeunerfroulju út de auto.
Tekkens, kessens en sels hiele matrassen kamen út stationcarren en drekst
waarden der territoaria ôffrede; de iene woe hjir lizze en de oare woe en soe
dêre. Der waard in tinte opset en de nachtjurken waarden útspraat oer
luchtbêden. Doe’t se dat dien hiene, tôgen se allegear pannen en skealen mei iten
nei binnen. Der wie gûlas- en grientesop, broadsjes, in panne makaroany,
hertige en swiete taarten, cupcakes, puddingtaarten, toastjes en spul foar op
’e toastjes, neigesetsjes en wit net wat al. No kamen de klapstuoltsjes út de
wein en hie ik hjir bûten samar in fjirtjin sigeunerinnen yn in rûntsje sitten.
Ien wie der dy’t de lech al út hie foardat it feest begûn, dy foel op in
útspraat matras yn sliep.
Man, man, wat koenen dy sigeunerinnen frette, sûpe en smoke. En prate fansels, de sigeunergitaarmuzyk foel der hielendal by wei. De helte fan dy froulju moast har wer melde by de baas en setten úteinlik om in oere as trije nachts hinne ôf, de oare helte hat him yn it sêfte, wite dûns deljûn. Wat wie it in gesellige jûn! En krekt op tiid, want ik hie skjin myn nocht fan it libben guod dat allinnich mar kweaket, fluitet of gûnzet.

Durkje wie wat in aparte sigeunerin. Dy woe net op 'e groepsfoto. |
Geen opmerkingen:
Een reactie posten