Oankomst by de skriuwersarke op ’e Feanhoop.
Hichtepunt fan de dei: nei 28 jier wer in
earste ôfspraakje mei myn man hân. Hy moat my trije wike misse, en dat besef
gie him ynienen net yn de kâlde klean sitten.
Dêrom hat er my earst breedút mei út iten
nommen en dêrnei ôfset by it arkje. Ik krige in wat ûnwennige tút, want it
fielde as ‘ hie er in earste ôfspraakje’ sei er. Doe ried er fuort.
Djiptepunt: it wie mar goed dat ik myn eigen
ark meinommen haw. De foto’s sprekke foar harsels. Ik hie dat histoarysk guod
allang yn in petgat dondere. O, nee, dat mei net. Ik sit hjir middenyn it
Fryske Gea…
No mar gau op bêd, want moarn om 09.00 oere
(!) moat ik de kofje klear hawwe foar it wurkfolk. Njoggen oere! Beseffe se
eins wol dat dit in skriuwersarkje
is?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten