Snein is it safier; dan sil ik in wike as wat trochbringe yn
iensumens. No wie ik fan doel om dêr alle dagen ferslach fan te dwaan op it
weblog, mar ik bin der yn ’t foar net wis fan dat ik dat folhâlde sil. Ik wit
nammentlik net hoe’t de tiid him dêr ferhâldt. Oft der dagen wêze sille dy’t
ferglydzje sûnder dat der eat fan belang bart. Dat it hichtepunt fan de dei de
ferside snoek is dy’t him efkes sjen lit, of dat de teepot oan diggels giet of
dat it jûnsmiel bestiet út in opwaarme pantsje bamy. Dan kinst dy ôffreegje
oftst dat no wier mei de hiele wrâld (no ja, mear in protsje tafallige
foarbygongers) diele wolst. Oan de oare kant; kinst fansels ek alle war dwaan
om eltse dei dyn eigen klapperke te kreëarjen en dan tink ik net oan iten of it
wurk dat ik fan plan bin om te dwaan. Mar wat dan wol?
Soe it slagje eltse dei in draakje te ferslaan?
Soe it slagje eltse dei in draakje te ferslaan?
Geen opmerkingen:
Een reactie posten