Tryntsje van der Veer,
dichteresse en mei-orgnisator fan it Literêr Sirkwy, docht alle rindagen fan de
Alvestêdetocht ferslach fan har wjerfarren. Fan tongersdei op freed, op
Himelfeartsdei, rint sy fan Warkum nei Frentsjer.
Hoe
let bist fan ’e moarn ôfset?
Yn Koudum gong de wekker 04.45 oere, want it wie noch
in hiel ein. Earst gie ik nei Frjentsjer mei de auto. Ik hie prima slept yn it
apartemint fan de Hettinga’s yn Koudum. Tsjin seizen bin ik yn Frjentsjer
oankommen, mar doe wie it dêr noch in hiele syktocht nei de sporthal en de
strjitte dy't oanjûn wie, bliek in langenien te wêzen. Koartsein, ik bin net
mei de bus, mar mei in organisaasjeman fan de rintocht nei Warkum weromreizge.
Wie hienen al in hiel petear oer it libben ear't wy om 06.45 oere by it
startplak oankamen.
Hokker
waar trofst op Himelfeartsdei?
Wy binne mei reinwaar ôfset. Dat de ponsjo hat oan
wêst. Lokkich knapte it nei in oerke op en de rêst fan de dei wie it prima
maitiidswaar. In lekker wyntstje waaide ús samar de kant fan Parregea út. It
soe fierder de hiele dei moai waar bliuwe.
Wat is
dy opfallen ûnderweis?
It wetter dat nei Boalsert ta rint meändert moai. De
stêd mei de tuorren lei yn in skitterjend dekôr. Ik rûn in stik op mei George
Huitema, de foarsitter fan it Obe Postma
Selskip. It is my wer opfallen hoefolle minsken oft my dizze dagen nei de
oankundige nije staveringswizigingen fregen. Dy roppe in soad op. As Skriuwersboun
binne wy der ek mei dwaande; sjoch de side fan It Skriuwersboun.
Nei Boalsert, mei de stimpelpost yn de prachtige,
iepen Broeretsjerke, gong it op Skettens oan. Dêr wie it feest, mei de fanfare
en mei de frou dy't de rinners altyd foarsjocht fan sop en dropkes. Rob Faltin
naam dizze dei in fideoklip op, dêr wy noch oan meidien hawwe. Ien grut feest
en fansels blaasde er mei syn trompet
ek noch mei it korps mei. Troch in bosk mei in soad fûgellûd kamen wy yn
Wytmarsum en doe gong it op de seedyk oan. In prachtich stik kuierjen mei wer
in hiel oar lânskip.
De Broeretsjerke yn Boalsert
Minder moai is dat jo fan Harns nei Frjentsjer in hiel
stik by de sneldyk lâns moatte, mar dêrnei makke Hjerbeam it wer goed.
Ik moete in âldere man, dy't sei dat it him opfallen
wie hoe freonlik de minsken tjin him wiene, hy woe grif nochris nei Fryslân
weromkomme. Hy hie it him nea sa yntinke kind.
Wat
wie it poëzy-momintsje ûnderweis?
Underweis ha ik twa stikjes makke foar de gastfrou en
-hear. Jûn sil ik nammentlik ite by Neeltje Bonnema en ik sil sliepe by Hein
Jaap Hilarides. Doe’t ik oprûn mei in Snitser frou fan hast sântich jier haw ik
besocht har út te lizzen wat ik oan it dwaan wie en wat ik al opskreaun hie.
Der moast noch ien rigel komme. Ik leau net dat it hielendal by it wyfke oerkaam.
Sy hie neat mei gedichten; in Sinterklaasgedicht wie al lêstich. Dochs fûn sy
it wol moai. Ynienen sei se: "dou moest denk ik fierder met dyn
gedicht" en dêr toffele sy hinne, flugger dan iksels!
By wa
skoosto oan foar in miel en hokker relaasje hat dizze persoan mei de
skriuwerij?
Neidat ik Frentsjer helle hie, haw ik iten by Neeltje Bonnema, dy't
ik earder moete hie by in kursus gedicht skriuwen by Abe de Vries. Myn organisatrise
fan dizze toernee hie it regele. Ik waard troch Neeltje by de stimpelpost
opheind en wy kuieren nei har moaie hûs mei binnentún yn it hert fan
Frjentsjer.
Neeltje, berne yn Tzummearum, hat al lang niget oan
de Fryske taal. Nei har opliedingen (húshâldskoalle, kapperfakskoalle en letter
meardere oare opliedingen en kursussen) en neist it kappersfak krige de taal
har yn de besnijing. Sy wie ek lesjouwer by de Afûk. Neeltje bruts troch mei it
Slachtegedicht (2000). Letter kaam in ferhalenbondel út (2005) en no wurket sy
oan in novelle. Fierder makket sy al sa'n tsien jier it
PC-gedicht. Bysûnder is dat sy dêrfoar alle frijheid krige, wat oars net gebrûklik wie. Neeltje sit yn de skriuwgroep Hysp, dêr't sy in soad ynspiraasje opdocht. Ik frege har nei it tema fan har wurk en sy antwurde: "de omstannichheden wêrtroch de minsken wurde sa't se binne of wêze wolle".
PC-gedicht. Bysûnder is dat sy dêrfoar alle frijheid krige, wat oars net gebrûklik wie. Neeltje sit yn de skriuwgroep Hysp, dêr't sy in soad ynspiraasje opdocht. Ik frege har nei it tema fan har wurk en sy antwurde: "de omstannichheden wêrtroch de minsken wurde sa't se binne of wêze wolle".
Hoe
stiet it mei de iterij hjoed?
By in noflik petear dronken wy, tegearre mei Neeltje har man, wat yn de wier prachtige tún. Dêrnei kaam der in miel fan eigenmakke tomatesop, in gehakbal, jierpels en blomkoal op tafel. Wy hienen yoghurt mei ierdbeien as neigesetsje. Hearlik. De skriuwsters dy't ik oant no ta troffen ha kinne beslist lekkere gehakballen klearmeitsje. Ik bin no wol tige benijd nei it miel fan moarn.
By in noflik petear dronken wy, tegearre mei Neeltje har man, wat yn de wier prachtige tún. Dêrnei kaam der in miel fan eigenmakke tomatesop, in gehakbal, jierpels en blomkoal op tafel. Wy hienen yoghurt mei ierdbeien as neigesetsje. Hearlik. De skriuwsters dy't ik oant no ta troffen ha kinne beslist lekkere gehakballen klearmeitsje. Ik bin no wol tige benijd nei it miel fan moarn.
Smakket it?
Super.
Op de efterlitten kleurige kaart fan Jan Sluiters
(Maanlicht) ha ik in haikû skreaun mei eleminten dêr't ik oan tink as ik
Neeltje foar my ha:
Pearels
famke fan 'e see
sykje pearels foar it snoer
op bleate fuotten
Dernei bin ik nei Sint-Jabik tareizge dêr’t ik op in
souderke oernachtsje sil by Hein Jaap Hilarides, foarsitter fan It Skriuwersboun.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten