Moandei 6 maaie
Moarn is it safier; de Alvestêderintocht fan
2013 mei de start om 07.00 oere yn Ljouwert. Tryntsje van der Veer, dichteres
en mei-organisator fan it Literêr Sirkwy,
is der klear foar. Alle dagen wurdt der sa’n 40 oant 50 km. rûn. It soe geweldich wêze dat der safolle mooglik dichters en skriuwers meirûnen, dy’t út en troch ho hâlde om sels in fers of ferhaal foar te lêzen, of harren foarlêze te litten troch skriuwers dy’t net meidogge, mar de rinners al efkes stypje wolle mei in moaie tekst. Elts is wolkom om dat te dwaan.

Om yn foarm te bliuwen bringt Tryntsje alle
dagen in besite oan in Frysk dichter of skriuwer om de ynwindige minsk te
fersterkjen mei in goed miel en in noflik petear. Foar eltse gasthear of –frou sil
se ûnderweis in passend presintsje meitsje yn foarm fan in hyt-fan-̓e-pinne-haiku.
Wilens it miel wurdt der uteraard praat oer it earder wurk en de nijste
projekten fan de skriuwers. Binne jo benijd?
Folgje dan de kommende wike dit weblog, dêr’t de reis alle dagen beskreaun wurdt.
Folgje dan de kommende wike dit weblog, dêr’t de reis alle dagen beskreaun wurdt.
Tryntsje van der
Veer skriuwt oer de wrâld om har hinne. It tema ̀binnen en bûten’ komt hieltiden mear nei
foaren. It giet oer oergongen, it oerflak, it trochbrekken en de ûntjouwing
dernei. Oer it eigene en it oare, it sichtbere en it ûnsichtbere en de syktocht
ûnderweis.
Der steane twa
bondels mei cd op har namme: Binnentún
(2009) en Fan binnen út, ier foarjier –
From within, early spring (2011). Ouke Kooistra en Rob
du Jardin wurken oan dizze cd's mei (foto’s, muzyk). Sy wurket as
psychiater-psychoterapeut en coach yn Noard-Nederlân en Utert.
Wa’t Tryntsje persoanlik in tekst foarlêze
wol, kin de deis tefoaren in e-mail stjoere (mei syn tillefoannûmer en it plak
fan moeting) nei ruurdtsje61@gmail.com.
Ik sil it tillefoannûmer dan trochstjoere nei Tryntsje en dy nimt dan ûnderweis
sels kontakt mei jo op om troch te jaan wannear’t sy op it plak fan de moeting
oankomt. Foar wa't har net ken; dit is se:
Tryntsje van der Veer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten