Fraachpetear op ̓e dei foar de rintocht
(alle dagen sille beskate fragen op ̓e nij oan bod komme)
(alle dagen sille beskate fragen op ̓e nij oan bod komme)
Hoe let bist fan hûs ôfset ?
Moandeitejûn bin ik
nei ús mem Rinkje van der Veer-Franckena ôfreizge. Sy wennet yn Ealahuzen, in
doarpke oan de súdkant fan de Fluezen. Ik sil dan moarnier nei Sleat, om dêr om
05.45 oere de bus te nimmen nei Ljouwert. Dan stiet myn wein dêr alfêst, want
dy moat ik letter noch brûke. It wurdt de earste en langste etappe. Oerdei ha
ik noch oan it wurk west en thús de brot ris goed skift. Wat moat al en wat net
mei? Oer de klean foar moarn bin ik noch net út. Der wurdt sprutsen oer mooglik
in bui mei hagelstiennen yn ’e neimiddei, mar it sil ek waarm wurde. Soenen in
ponsjo en in lytse paraplu genôch wêze of bin ik dochs in reinjas nedich?
Fansels ha ik toch te folle mei, mar hawar. Ik bin te werkennen oan myn hoed!
Hokker waar hast oan de foarjûn?
In moaie
foarjiersjûn mei rêstich waar.
Wat is dy opfallen ûnderweis?
It is altyd wer
thúskommen yn de Súdwêsthoeke mei de romte en it wetter. It sêfte grien dat no
krekt útsprút en it blau fan ’e loft.
Wie der ek in poëzy-momintsje ûnderweis?
De sinne-ûndergong
oer de mar wie prachtich. By de Lange Hoeke, op ’e grins fan de Hegemermar en
de Fluezen, ha ik efkes parkeard om in foto te meitsjen. Dêr leit it eardere tsjerkhôf fan Ealahuzen ûnder
it wetter.
Oer krekt dat plak
skreau ik in pear jier ferlien as part fan in gedicht:
‘dy’t der no op weagen it silen leare - en op ’e golfslach troch eilannen brutsen - op hûs oan lavearje - dêr’t it sjongt oer ’t tsjerkhôf - heger sylt nei myn ûnthâld - yn wolken dyn byld - wetter jout brea - somtiden in lichem - dan rommet de wyn’.
‘dy’t der no op weagen it silen leare - en op ’e golfslach troch eilannen brutsen - op hûs oan lavearje - dêr’t it sjongt oer ’t tsjerkhôf - heger sylt nei myn ûnthâld - yn wolken dyn byld - wetter jout brea - somtiden in lichem - dan rommet de wyn’.
Myn berteplak
Nijegea H.O.N. is yn 1966 omdope ta Ealahuzen, want der wiene trije plakken
Nijegea yn Fryslân. Spitigernôch hat it net folle holpen, want doe gong ús
feesttinte nei Enkhuizen. Letter kaam de postkoade. Dochs fyn ik Ealahuzen in
moaie namme, it doarpke is skoan en ik hâld der graach ta.
By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje hat
dizze persoan mei de skriuwerij?
Ik útfanhûzje hjoed
noch by ús mem (82 jier). Us heit wie altyd oan it skriuwen, dat ús mem wit wat
it is om dermei te libjen. Sels skriuwt sy graach brieven, ek yn it Frysk en yn
in moai hânskrift. Sy komt fan Molkwar en wy ha der as bern altyd niget oan hân
hoe as se der prate (lykas it wurd barn). Myn mem lêst in soad, ek Fryske
boeken. Sy hellet dy by de bibliobus. Fierder helpt myn mem har Hollânske
buorfrou Frysk te learen en oerheart sy har hûswurk. Jûn hat sy sels ynbelle op
de DichterBy-tillefoan fan Tresoar, neffens de ynstruksjes út it doarpskrantsje
om sa it doarpsgedicht te hearen (slagge) en wy ha it noch hân oer ús
doarpfers. Tige gesellich.
Wêrút bestiet it miel iten? En wêr sliepste?
Ik
hie by my thús al iten, mar mem hie noch lekkere kofje mei wat derby.
Sliepe sil ik aanst
yn it keamerke dêr’t ik ek lei doe’t ik 17-18 jier wie. Lekker fris en
fertroud.
Hoe let joust dy del, en wat is dyn lêste gedachte?
It is al te let en
de lêste gedachte is foar aanst en dy is wier privee.
Mar fansels hoopje
ik my net te fersliepen. Oft dat slagget witte wy moarnier.
Sels myn mem hat de
wekker set!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten