In aksje fan it Literêr Sirkwy fan It Skriuwersboun mei
as tema: sport en iten tidens de Alvestêderintocht.
In rinner – of kuierder – moat goed sportyf
wêze, want der sille tidens de Alvestêderintocht hiel wat kilometers fretten
wurde moatte. Underweis is it saak om op ‘e tiid wat te iten en foaral te
drinken, en jûns hawwe de kuierders ferlet fan in streksum miel en in goed bêd.
Mar hoe sit it mei de geastlike stipe?
It Literêr Sirkw, ûnderdiel
fan It Skriuwersboun, heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de Alvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige
gelegenheid foar. Dy kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt
Ljouwert-Sleat (49,84 km). Woansdei 8 maaie wurdt der rûn fan Sleat nei Warkum
(44,91 km), Himelfeartsdei fan Warkum nei Frentsjer (42,37 km), freed 10 maaie
fan Frentsjer nei Dokkum (43,33 km), en de tocht einicht op sneon 11 maaie mei
it lêste stikje fan Dokkum nei Ljouwert (28,57 km)
Tryntsje van der Veer, dichteres en
mei-organisator fan it Literêr Sirkwy , sil besykje alle fiif dei-ôfstannen te rinnen.
Leden fan It Skriuwersboun, mar ek dichters en skriuwers dy’t dêr net by
oansluten binne, wurde útnoege om mei te rinnen, al is it ek mar foar ién dei. Eltsenien dy’t wol, kin Tryntsje
efkes skoftsje litte om har te stypjen mei in fers of ferhaal om de geastlike
motor op te laden.
Eltse dei skoot sy op in stuit oan tafel by in
Frysk dichter of skriuwer om de ynwindige minsk te fersterkjen mei in goed miel
en in noflik petear oer de skriuwerij dêr’t de gasthear of –frou him of har mei
dwaande hâldt. At it meisit fynt se dêr ek in plakje foar de nacht, sadat sy
moarns ier wer fris oan de start ferskine kin.
Der wurdt alle dagen troch my ferslach dien fan
Tryntsje har wjerfarren. Dat ferslach sil jûns, oan it ein fan de dei, op dit weblog delset wurde en yn de rin fan 'e wike ek op de site fan It Skriuwersboun.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten