Workshop jûn troch Philip Curtis
Net eltse skriuwer of dichter dy't wolris op in poadium stiet, is like wis fan syn stim en hâlding by it foar it ljocht bringen fan poëzy of
ferhalen.
Hoe brûkt men bygelyks in mikrofoan? Wêr lit men syn hannen?
At jo graach ris wat tips en hânfetten krije wolle soenen om dat better oan te learen, dan krije jo dêr no de kâns foar.
Hoe brûkt men bygelyks in mikrofoan? Wêr lit men syn hannen?
At jo graach ris wat tips en hânfetten krije wolle soenen om dat better oan te learen, dan krije jo dêr no de kâns foar.
Op sneontemiddei 13
april wurdt der in ynteraktive kursus jûn foar skriuwers (Frysk, Hollânsk, dialekt) dy’t harren
poadiumpresintaasje ferbetterje wolle. De kursus is in ferfolch fan op dy fan it skriuwerswykein yn Riis yn 2012, mar is likegoed nijsgjirrich foar minsken dy't foar it earst meidogge.
Dosint is Philip Curtis, in muzyk- en teaterman dy’t ûnderfining hat op it mêd fan presintearjen op in poadium. Nim foaral eigen wurk mei om mei te oefenjen. Curtis sil ek jo mooglike fragen beäntwurdzje.

Foar wa: leden en net-leden fan It Skriuwersboun
Datum: sneon 13
april 2013
Lokaasje: Kafee
Wouters yn Ljouwert (foar it NS-stasjon oer)
Tiid: Ynrin
om 13.00 oere, start 13.30 oere
Skoft: 15.00-15.30
oere
Ofrûn: likernôch
om 17.00 oere
Kosten: fergees
Opjefte: is nedich, graach opjaan foar 11 april fia Ruurdtsje61@gmail.com
Oer Philip Curtis: http://www.onwings.nl/programma/philip-curtis/
De organisaasje fan it Literêr Sirkwy leit yn hannen fan Tryntsje van
der Veer en Ruurdtsje
de Haan.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten