SMS’kes fan Tryntsje nei Ruurdtsje:
Ljouwert! 07.00
oere
Boazum! 10.31
oere
Snits! 12.27 oere
mei sop by it Bolwurk
Drylts! 14.13
oere
Wâldsein! 16.39
oere, de skuon net úthân, gjin blierren!
Spannenburg!
16.48 oere
Sleat! 18.36
oere, úttsjekt en no ûnder de brûs!
Hoe let bist moarns ôfset (by de start wei)?
De wekker skille hjir
yn Ealahuzen om 04.45, mar ik wie al earder wekker mei in gedicht yn ’e holle.
Om 05.15 wie ik yn Sleat. Ik koe mei de twadde bus en wie al om 06.20 yn
Ljouwert. It waard doe ljocht.
Hokker waar hiest by de start, en feroare dat ûnder it
rinnen ek?
It bleau de hiele dei
moai waar, al waard de loft middeis wat fet. Hoed op, in ekstra bloeske oan en
faak ynsmard, want it baarde der yn. Ik gloei noch. Nei’t ik oer de finish wie
foel der in sêft buike. It rûzerke út it easten op ’e middei wie hearlik, dat
joech in ympuls foar de lange einen op ’e romte fan de earste dei.
Wat is dy opfallen ûnderweis?
It wie in prachtige
dei. It begûn goed, al om 07.05 kaam ik Tjipke Bloemhof tsjin, de PR-man fan
Sint Jabik, sjonger yn tal fan koaren, ynsprekker op in cd fan my en no
ferkearsregeler. Dernei moete ik him
noch trije kear.
Ik ha yn it begjin
oprûn mei in Friezinne om útens, nei in tal kilometers die bliken dat har man
de ‘stêdsdichter’ fan Dronten is. Fierder ha ik geregeld in stik kuiere mei Rob
Faltin, dy’t yn alle stêden op syn trompet in Frysk fers hearre liet.
Tryntsje moetet Rob Faltin
De measte stikken ha
ik allinne rûn en genoaten fan de maitiid. By Weidum learde in prachtich Frysk
hynder har foaltsje it draven. Meardere swannen sieten op it
nêst en der wie ek in hielendal swarte swannefamylje. De natoer is dit jier in pear wiken letter as
gewoanlik, mar yn Snits bloeide de Spirea geweldich moai. By de Swette del steane
moaie âlde beammen.
Underweis frege in
aardige frou oft ik ferlet hie fan in sâlt koekje. Sy en har man gongen
fierder, maar wachten my letter op. Se tochten dat se my koenen. Dat bliek te
klopjen: fan de Muzykmaraton yn Lollum, mei de opbringst foar Tadzjikistan, in lân yn Sintraal-Azië. Ik bin no
bypraat oer it hjoeddeistich biologysk molkebedriuw mei in 70 kij dy’t harsels
melke litte troch in robot. Sadwaande koenen dizze minsken in hiele dei kuierje.
Wat wie in ‘poëzy-momintsje’ ûnderweis?
Dy bestienen hjoed foaral út poëtyske printsjes. Sa sprutsen de ferweesde brievebussen my bot oan, mar ek it driuwende hout yn it wetter by de moune fan Drylts.
Dy bestienen hjoed foaral út poëtyske printsjes. Sa sprutsen de ferweesde brievebussen my bot oan, mar ek it driuwende hout yn it wetter by de moune fan Drylts.
By wa skoosto oan foar in miel en hokker relaasje ha dizze
persoanen mei de skriuwerij?
Ik hie fan ’e moarn
al brea iten by Jan en Marja Schotanus yn Easterwierrum, dy’t der in soad wurk
fan makke ha: mei oankundigingen oer my op ’e dyk, musicalmuzyk út in echte
speaker (Kabaret, troch har oerset) en in itenstafel, kompleet mei boeken en
blommen. It brochje bestie út in hearlike omelet mei champignons, griente, in
broadsje en twa bakjes kofje. It smakke út ’e keunst.
Jan is bestjoerslid
fan It Skriuwersboun. Hy en syn frou binne drok mei oerset-, skriuw-, skoal- enharkboekwurk yn it Frysk en yn de oersettaal. Op dit stuit wurkje sy oan De
Reade Bwarre. Fierder steane der noch skiednisprojekten en in berneboek fan de
Travelliers op stapel.
Ik ha dêr in haikû
efterlitten op in kaart fan Willem Anthoni Oeps (1904-1988), dy’t ík net koe,
mar Marja wol.
reizgje
yn tinzen
fiere
tochten al ôflein
stiloan
no lichter
Marja Schotanus hat it moarnsbrochje klear
Wêr
silst it jûnsmiel nuttigje?
Ik yt
en sliep hjoed wer by ús mem, dus op itselde adres as juster, mar moarn sliep
ik by in skriuwster en toanielwurkoersetster!
Hoe
let joust dy del, en wat is dyn lêste gedachte?
Dat ik my ek no net fersliepe wol. De bus giet 6.15 út
Warkum nei Sleat. Ik reizgje dus hieltyd earst werom mei de bus foardat ik
begjin te rinnen. Moarn is de etappe fan Sleat nei Warkum, en dy is 44.91 km. lang.
Oant moarn!
Oant moarn!
Geen opmerkingen:
Een reactie posten