De dei begûn goed, want ik hie slept as in baarch en waard
wekker fan fûgelsang. No hie’k al sein dat ik fûgels ferstean kin. Dat sit
sisa; ús heit wie eartiids pikeslachter en wy moasten him as bern altyd helpe.
De iene die dit, de oare dat. Ik moast de piken penne, d.w.s. de lêste fearkes
fan de poaten en wjukken plukke. At jo dat mar lang genôch dogge, krije jo op
lêst in bân mei fûgels, ek al binne se dan dea.
Dat sadwaande hearde ik justermoarn ierebetiid al dat de
hiele fûgelpopulaasje hjir yn ’e touwen hong. “Hast wol heard dat hjir in wat
apart minske yn sit?” frege de iene fûgel oan de oaren. Hy doelde fansels op
my, yn it arkje. Watsoarte fûgel at it wie kin ik net sizze, dat blykt ek wol
út de enkête-test dy’t ik dien haw foar Nienke Jet de Vries, studint Fryske taal en kultuer
( http://www.skanomodu.nl/index.php/2013/respondinten-frege-foar-koarte-enkete-oer-fryske-fugelnammen/#comment-520 )
Ik koe mar inkelde fûgels by de namme, en jo?
( http://www.skanomodu.nl/index.php/2013/respondinten-frege-foar-koarte-enkete-oer-fryske-fugelnammen/#comment-520 )
Ik koe mar inkelde fûgels by de namme, en jo?
De oare fûgels anderen op de fraach “Hast wol heard dat hjir
in wat apart minske yn sit?” yn koar dat se it net wisten, mar dat se alle war
dwaan soene om my moarns ta it bêd út te krijen. De earste fûgel hâlde hieltyd
mar oan: “Hast wol heard dat hjir … ensafh.” En al wat antwurd at er ek krige
fan de oare fûgels (ik soe wat ‘skruten wêze’, ik hie ‘rôze (!) klompkes oan’,
ik hie ‘wol trije koffers’ by my hân), hy rôp hieltyd itselde rideltsje. Op it
lêst hie de kloft syn nocht fan him en sette ôf.
Doe bin ik der ek mar ôf gien. Ik wit no genôch; ik bin hjir net allinne en it is hjir in doarp gelyk.
Doe bin ik der ek mar ôf gien. Ik wit no genôch; ik bin hjir net allinne en it is hjir in doarp gelyk.
blauwe libel |
It hichtepunt fan de dei wie hjoed de gondelfeart yn it
petgat. Twa jier lyn sieten wy yn Feneetsje, en doe wie it der by bleaun, dus
dat hie ik noch t’en goede. It wie werklik prachtich. De giele blommen fan de
pompeblêden kamen hjoed foar it earst út. It sweefde fan de blauwe
hynstebiterkes en yn de fierte seachst de wite silen fan lytse boatsjes krekt
boppe de dyk út faren. Ik woe ek wol efkes roeie, mar dat mocht net fan myn man;
ik moast moai sitten bliuwe en om my hinne sjen. Dat haw ik dus ek mar dien. Ik
leau dat dit folle moaier wie as dat it yn Feneetsje west kind hie. Ik fielde
my krekt de keninginne!
’t Sil my nij dwaan wat it fûgelfolk der moarn oer te sizzen
hat.
Djiptepunt fan de dei: ik siet ûnder it faren sûnder fotobatterijen,
dat ik moat it mei myn ûnthâld dwaan.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten