It wie noflik dat ik juster in
radio-cd-spilerke fan thús krieg, sa koe ik dochs it libben bûten de Feanhoop
noch in bytsje folgje. Ek kamen De
Telegraaf, Trouw en Het Friesch Dagblad mei. Dy haw ik
fansels noch net allegearre lêzen, mar dat komt fan ’e wike noch wol ris. Oars
soe ik fan ’e moarn miskien noch de fyts pakt hawwe om nei tsjerke ta,
mar ik hie my digitaal wat ynformearje litten. Der sit wol ien yn in plakje
hjir earne, en dan is Bottenbley der fansels noch, yn Drachten, mar de iene is
my te swier op ’e hân en de oare duorret my te lang. Trije kertier lofprizings
en dan trije kertier preek mei flink wat p.r. der efteroan, dat wurdt my
tefolle fan it goede. Boppedat leit it mei it tempo fan sjongen by beide tsjerken ek
krekt net goed. De lêste kear dat ik by Bottenbley wie, koe ik de songen wurden
sa fluch net út de mûle krije, en leau my mar, dat seit wat. Dat neam ik ek gjin
sjongen mar ôfraffeljen, en om dat te kompensearjen moast de tekst wol fiif
kear efterinoar werhelle wurde. No, doch my dan mar ien kear, en dan goed. Sa,
dat wie myn ferlechje dus.
Ja, en wat dogge jo dan? Dan geane jo it
ferkearde paad op, sille guon wol sizze. Dat ha’k ek keurich dien; ik bin nei
de bioskoop west. Star Trek: Into Darkness,
kin it tapasliker? It wie in supermoaie film trouwens, ik bin gek op SF, dus ik
hie dit programma fan ’e wike al stikem úttocht. Uteinlik haw ik de preek op
dizze manier ek wol meikrigen, leau ik. Yn elts gefal waard de skarlún dy’t
hast alle geboaden oertrêde, straft en kaam it op ’e ein allegear goed.
Ynstee fan pipermuntsjes hjoed dus popkorn.
Ha’k wol frede mei. "It follet wol, mar stoppet net", soe ús heit wol sizze. Dus no earst mar wat iten klearmeitsje.
Ynstee fan pipermuntsjes hjoed dus popkorn.
Ha’k wol frede mei. "It follet wol, mar stoppet net", soe ús heit wol sizze. Dus no earst mar wat iten klearmeitsje.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten