Hjoed dan einlings, op de op ien nei lêste dei
hjirre, in waarme dei. Dy waard dan ek sa’n bytsje hielendal tegearre mei myn
studintedochter bûten op de feranda fan it arkje trochbrocht. Wat in hearlike
dei. Wis, moarns hawwe wy earst wurke oan it boek en de tentamens, mar middeis
hiene wy frij krigen fan ússels. By gebrek oan in bikini mar âlderwetsk yn
ûnderguod. Der is dochs nimmen dy’t ús hjir sjocht. Wûnder boppe wûnder net
folle lêst hân fan miggeguod. Soest ferwachtsje dat se fûler wêze soene.
Miskien komt dat jûn noch. Us famke hat hjir twa nachten slept en hie oeral nevebulten.
Ik noait ien. My wolle se net hawwe, want ik haw in te dikke hûd, tinkt myn
dochter. Dat kin, mar se woe ek net ruilje mei myn tikebyt. Dy byt skynt sa’t
it him no oansjen lit, gjin gefolgen t hawwen. Kinst noch wol in plakje sjen,
mar gjin ringen of ferkleurings.
De fisken springe hjir om ’e raak yn it wetter om. Hoe waarmer it wurdt, hoe mear at se springe. Ik moast hieltyd tinke oan it boppesteande fers dat ik ris skreau oer opspringende fisken.
De fisken springe hjir om ’e raak yn it wetter om. Hoe waarmer it wurdt, hoe mear at se springe. Ik moast hieltyd tinke oan it boppesteande fers dat ik ris skreau oer opspringende fisken.
No sitte hjir gjin salms yn it wetter, mar wol bleien, tink ik. Wy hawwe yn
elts gefal in silverkleurige grutte fisk springen sjoen.
Moarn wurdt de lêste dei yn it arkje. Tongersdei pak ik yn, meitsje ik de boel oan kant en dan sit it der op. Us famke ferwurde it presys goed doe’t se fan ’e middei opmurk:
“Nuver hin, mem, fielst dy hjir fuort thús.”

It sil aanst wol raar wêze om hjir wei te gean yn de wittenskip datst drekst
net wer komme silste.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten