Ja, hear. Hjoed wer twa frjemde mantsjes op it
hiem hân. Dizze hienen gjin griene, mar brûn-bêzje-eftige klean oan. Sy woene witte
oft it arkje wol rjocht yn it wetter lei. Dat moasten se ôfmjitte troch op it
each nei it wetteroerflak te sjen. At dat yn in rjochte line mei it hout fan it
arkje wie, soe it wol goed wêze. No tink ik by mysels, hea, jonges, dat hie ik
jimme ek wol troch in tillefoantsje fertelle kind. At de pinnen my hjir fan ’e
tafel ôfrûgelje, is it yn de war. Mar nee hear. Se komme yn eigen persoan twa man
sterk del en freegje fuort ek efkes wa’t jo binne en oft je al wat skreaun
hawwe. Dat hat oars neat mei de wetterpas te krijen, soe’k tinke. Mar goed, de
teller stiet dêrmei dus op tolve man yn 18 dagen, wêrfan’t der fiif faker as
ien kear west binne. No kinst dy ôffreegje oftst dy dêroan steure moatst. Dêr
falt oer te redendielen. Oan de iene kant moatte jo der wurdearring foar hawwe
dat der sa’n omtinken is foar it arkje, oan de oare kant haw ik al lûden heard
fan minsken dy’t hjir wol seis wike sitten hawwe en dêr't nea besite fan
alderhande ûnderhâldsmannen of hokfoar putsjemannen dan ek west is. Allinnich
de moandeitemoarnskofjedrinkersploech, dy is fêst en dêr wurde jo op tiid fan
tefoaren fan op ’e hichte steld.
De dei is noch net om, dus it sil my nij dwaan oft der noch mear wurklju komme. Ik tink dat it hast ek tiid wurdt foar it kontrolearjen fan de elektryske betriedding. By it wetter is der ommers gau kâns op korroazje. En soe de stjonkdobbe fan it húske ek net hast fol sitte? Moatte der noch beammen omseage wurde? Kin noch krekt, foardat ik hjir wei gean...
Geen opmerkingen:
Een reactie posten