21-09-2022


 

 





 

 sêne 3

 


O, hy hâldt hoek, hâldt dagen oan

it wjerlûd wynt him om yn talmjen,

woegen, tute en weromblaasd

sels noch yn swiere sliep.
Dream ik? By Apollo, ik dream.

De master ken syn muzen.

Hy stelt syn easken swier: in brek,

ûnsichtber, sil my tantearje,

skimmel sil by reinwaar tine,

teare plakken pleagje. En dan:

myn gewicht moat ik twaris drage.

 

 

Ik mei dan wol myn keunsten hâlde

mar fierdere geunsten binne net te ferwachtsjen.

As einpylk skikt er my tsien lange jierren ta

dy’t ik langer trochgean moat as myn libbensfeint.

In panfluit lûkt my nei it libben,

de lûden ferklinke myn fertriet

dat gearlûkt as ien grutte wiete wûne.

Ik wol ien wurde mei de stien

dy’t myn taflecht is. It witten is like hurd:

ik sil kieze moatte tusken him en it gemis.

 

 

Mei drôvige stim begjint it sjongen,

wringjend fjochtsje holle en hert

wilens it beslút nommen wurdt

feroaret it lichem fan slank en fyn

yn in boerske bou mei sichtbere soarch

dat him ôfskrikke moatte sil.

Nóch bin ik wapene mei myn gaven

dy’t ik oan de ein ta tôgje moat:

in stimme as fan in nachtegeal

en eagen dêr't in siel yn ferdrinke kin.







.


Geen opmerkingen: