09-10-2022




Sêne 5.


Sy is de stim út rots, de stim fan see, 

de flakte en it bosk. Sy is sluten

en tagonklik, yntym en wrydsk.

Dy't mei har meigiet, 

sil fergroeie yn in bloeiend stribjen

dat as krêft noch oerbliuwe sil.

Neat is no noch goedernôch, oars net

as de nocht oan swerve en ferdwale.

Sy is it lêste wat ik jûns ferdutsen noch fernim,

har asem trillet by myn hûd del.

 

Wêr't ik rin, sil sy my tsjinkomme,

seit se, en oars ropt se my wol.

Yn stjitten hear ik har rûzemoezjen.

Dwylsk rin ik foarby.

Sa dûkt se op en altiten falt op 

sa'n momint it gea om my hinne wei.

Sy jout inkeld in fuotspoar oan myn wollen,

dêr't ik yn stroffelje; lês myn rigels mar.

 

Ik bin net by steat my ôf te kearen

fan har blik, dy eagen dy't myn moed

te boppe gean. Ik bin fêst set, 

de ljisken fersêfte, sy slút geheim geniet 

fan taal yn my op en lit de kaai falle.

Driigjend tref ik de betizing wer,

sa as hieltyd at ik har yntym moetsje.




Lessander.

 

 

 

Geen opmerkingen: