28-03-2007

woansdeimiddeis frij




Hjoed hie ik beide grutte bern om ‘e teannen. Ien wie siik, ús Maaike, dat bekomt krekt wat, mar it is in gemien grypke. Koarts, pine holle, pine yn ‘e kiel...ja, ik wit der alles fan want hja hat it fan my. Mar goed, hja klaude dus krekt wer wat by de wâl op en lei moai op ‘e bank yn ‘e keamer ûnder de rôze tekken wat om har hinne te gowen.

Jan hie hjoed mar in heale dei op skoalle, dus dy wie ek al om ien oere hinne thús. Mei oandacht hawwe se beiden in skoftke sjoen wat mem allegear by de ein hie. No, ik siet yn de reiskostefergoedings. Fan in hiel jier yn de aginda de kilometers opsykje dy’t der riden binne foar Romkes baas, it doarpshûs. Affijn, op it lêst sa’n kantsje as 6, 7 fol. Ik hie it al útrekkene, mar om’t Jan my dochs mar wat op de hannen stie te sjen (syn peesee is stikken en no wol er minent brûke), mocht hy it saakje earst efkes foar my neirekkenje. No kinne jo wol tinke; ‘kin dat minske dat sels net?’, mar soks hat fansels in opfiedkundige bedoeling. Jo moatte op it lêst ek witte oft sa’n fiskboer wol rekkenje kin, is ‘t net sa? No, hy hat rap de rekkenmasine fan boppen helle, en ja, it kloppe allegear, op ien kantsje nei. Dat wie ek sa, want dy hie ik ek al neirekkene.

Undertusken waarden wy wol sân kear steurd troch de tillefoan. Maaike sei: ‘hoe kinne jimme de holle der no by hâlde mei al dy tillefoan?’ Datselde freegje ik my ek wolris ôf. Mar der moasten noch wat sluven op ‘e brievebus en de listen mei biljerte-útslaggen koenen nei de ponghâlder fan klup De Klos en buorman Hâns woe de grûnboar werom hawwe út it hok, koe Jan him dy efkes opsykje? De kaartsjes foar it benefytfeest moasten stimpele wurde. Dat woe Maaike wol efkes dwaan. Ik hie de folders ek al klear te lizzen, dy koenen ek by del brocht wurde.
‘Hat mem it altiten sa drok op woansdei?’ sei Jan,
‘dan bliuw ik foartaan wol wat langer op skoalle.'


Geen opmerkingen: