01-07-2006

das Experiment




Freed, RTL 7, 22.30 oere.
Wow, wat in film! Ik haw yn tiden gjint sjoen dy’t der sa op yn hakke as dizze. Ik hie der al ris fan heard by de stúdzje sosjale psychology, en ik miende noch te witten fan doe dat dizze film op wiere feiten basearre wie. Doe’t ik justerjûn de film seach woe ik dat eins net mear leauwe, dus ik haw it noch efkes neisocht en it wie foar in part al sa.
No is de film faaks noch wat dramatysker wurden as de feiten doedestiids fan it Stanford Prison experiment fan prof. Zimbardo út 1971, mar de yntinsje is itselde. Yn de film kriget de lieder fan de oppassers hieltyd mear megalomane trekjes en lûkt de oare oppassers mei oer de grins fan it minslike. Ut drang om harren wurk goed te dwaan belûke se sels de projektlieders by de gefangenen. Se oerdriuwe harren machtsgefoel sa bot, dat der sels deaden by falle.
Nijsgjirrich is dat de film yn it Dútsk is, mei unifoarmen en al. Dat ferwiist fansels nei de Twadde Wrâldkriich.
It koe sa út de hân rinne omdat de lieder fan it eksperimint, prof. Klaus Thon, nei de ferwachte risseltaten behelle te hawwen, trochgean woe mei it eksperimint om te sjen wat der barre soe at de saak fierder eskalearre.

Yn it wiere eksperimint fan de Standford Prison binne der gjin deaden of ferwûnen fallen, omdat it al op de sechste dei stoppe waard. It eksperimint soe yn it earstoan fjirtjin dagen duorje. Yn de film waarden it in pear dagen mear as seis. De film is aardich dikker oanset as de werklikheid, wat op it ein wol dúdliker sichtber wurdt as it útrint op in hast Italiaansk spagettybloedbad. As twadde ferhaal spilet der in romantyske ferhâlding tuskentroch fan haadrolspiler Tarek Fahd mei in jong frommiske, Dora. Der wurde flash-backs brûkt om de finzenisbylden te trochbrekken. Skande eins wol, want dat ferhaaltsje foeget foar myn gefoel net folle ta oan de film. Wolst as taskôger wol hieltyd yn dy finzenis bliuwe om te sjen wat der no wer foarfalt.
Ja, goeie film om oer nei te tinken. Wat soe ik west ha: oppasser of finzene? Dieder of slachtoffer? Wittenskipper of dielnimmer oan it eksperimint? Lit ik foar my tinke, of tink ik (en doch ik it) sels?



Geen opmerkingen: