03-10-2006

tillefoan...





No wienen wy dochs al gjin minsken dy't foaroan yn 'e rige stean at der wat nijs te krijen is; wy hiene noch gjin fideo doe't elk him al hie ensa, mar sa'n losse tillefoan, ja.
It kaam te faak foar dat men besocht hie ús te berikken wylst wy bûten sieten te kofje- en teedrinken, of mei oare dingen dwaande wienen. It waard ferfelend foar de minsken. En ek foar ússels, want dan dienen se oars net as ûnder iten belje.
Dat tenlêsten hawwe wy mar sa'n losse hûstillefoan oanhelle. Dat foldie bêst hear.
Mar de lêste tiid wienen we der wat minder tefreden oer, en dit kermiswykein al hielendal.

At sa'n ding net oan de muorre hinget, kin er de akku net oplade, en dan gean de batterijen leech. At dat hast safier is begjint it ding te piipjen mei in hiel trochkringend, pine-yn-'e-harsensopwekjend lûd. Dan moatst gau sjen dat de tillefoan wer oan 'e muorre komt te hingjen, want dan kin er him wer follurkje.
Mar freedtenacht soe ik op bêd - ik hie de kermis al ôfwachte, want dêr wenje wy hast boppe-op - doe't ik de lege tillefoan piipjen hearde. Maaikes feintsje, dy't by ús slepte, hie der ek al in kear ôf west, dy koe net sliepe fanwegen de kermismuzyk. En no dit geëamel wer. Wêr yn 'e goedichheid lei dat ding? Ik koe him nearne fine.
Op it lêst bin ik de sliepkeamers mar by del gien. By Jan kaam ik der net yn, dy hat de lêste tiid útfûn dat der oan 'e binnenkant fan de doar in slot sit, en om ien as oare reden moat er dat no ek brûke. Fral sneintemoarns, as ik him roppe sil foar it tsjerke, is dat lêstich. Mar no ek.
"Gean hjir wei minske" rôp Jan út it bêd wei. "Ik haw dat ding net."
Fansels liet ik my net samar ôfskepe, mar ik koe heech of leech springe, Jan die de doar net iepen.
"Ik wol wol wedzje om in scooter, dat er hjir net leit," âle er noch lilk.
No ja, dan binne jo útpraat, hin, as der sok swier geskut ynset wurdt.

Dus doe bin ik dochs ek mar efkes by Maaike har keamer delgien, want dat lûd moast wol ophâlde fansels, oars koe ik it sliepen wol ferjitte. Ik sliep mar licht.
Dat ik die wat skruten de doar iepen fan de keamer dêr't Maaike en Jopke leinen. Doarde ik de keamer wol yn en strûs dêr wat om? Ynienen kaam der in stim efter de bêdsgerdinen wei: "Wat dogge jó hjir?"
Ik wist net hoe gau ik útnaaie moast. Nee, dêr soe de tillefoan ek wol net lizze, dan hie Jopke him al lang by de trep deldondere.
Der siet neat oars op: ik moast dy nacht yn it túnhúske sliepe. Dat ik haw myn kessen ophelle, en it bêd yn it túnhúske opmakke.
Gjin lêst mear fan gepiip, dy nacht. Mar it wie wol kâld.


De oare deis hawwe Romke en ik alles ôfsocht. Mar gjin tillefoan. Wol hieltyd noch gepiip. Op it lêst hawwe ús oerjûn. "Hy hâldt fansels in kear op," sei Romke treastend tsjin my.
"Ik helje efkes de krante út de brievebus, set do mar efkes in bakje kofje."

Jimme kinne noait riede wat der út dy brievebus kaam.

Nei lang ferhear kaam it der úteinlik út: Jan wie beljendewiis ta de hûs útrûn, en oan de wei hie syn kammeraat stien mei de auto. Jan betocht him net, goaide de tillefoan yn 'e brievebus en pike mei syn kammeraat út. Noait wer oan in tillefoan tocht...




Geen opmerkingen: