19-11-2006

Dreamarena





Sjoch mem, at de bijen gûnzje
moat ik der wêze, se dûnsje om my hinne.
Ik bin der net allinne, der paradearje froulju
by my del, grut en swier en fyn en slank.
Ik bin net bang. Ik pak de stôk mei it rea
flanel en slach foar by de bolle langs, och ju,
wat soe my dochs dat bist, dit is in dream
en ik sil him krije troch linigens en krêft,
net mei in list. Ik bin wier net bang.

Dy froulju mem, guont sitte fol bijen,
dy’t hunning bringe of helje
en der falle dingen fan boppen: XTC
pillen en snobbersguod, roazen, anjers
en fantasy, der komt gjin ein oan
dy frouwerigele. Ik bin in jonkje, mem,
mei in hoep, en ik stoarje oer de râne
fan in dream. Skielk wurd ik torearo,
mei stekstokken yn ‘e hannen en in frou
thús oan bannen. Ik bin net bang.











By The Hallucinogenic Toreador
fan Salvador Dali

09-11-2006

Ride






En at it rydbewiis helle jo hawwe, moatte jo ek ride fansels.
Maaike woe yn ús auto te winkeljen, mar dêr hie se noch noait earder sels yn riden. Hja moast nije learzens hawwe foar nei it wurk, en mem koe wol krekt efkes mei. No ja, dat moast dochs in kear wêze, dus dan drekst mar.

Dat Maaike pakt de kaaien fan it boardsje by de doar en docht eigenwiis mei de ôfstânsbetsjinning de doarren fan de wein iepen. Hja kin deryn, mar ik net, dan moat de wein earst út de garaazje riden wurde. Dat kin mar krekt, moatst goed op ‘e spegels lette en der ek om tinke datst mei in slachje derút rydst, oars sitst fuort yn ‘e hage. En pront rydt se yn 'e hage.

No, ik haw wol tweintich minuten efter har stien te healwiizjen. ‘Ja, sóks hawwe wy mei de rydlessen net leard hear!’ sei Maaike. Nei lofts wizend, nei rjochts wizend, winkend nei my ta, efterútrinnend en wer nei foaren late ik har de garaazje út, de wei op. Krekt mei de kont de ferkearde kant útdraaid fansels, ik swaai de auto altiten nei rjochts, dan kin ik de wei nimme dy’t om it doarp hinne giet en hoech ik net troch it sintrum.
Sy net. Ik fûtere al; ‘do stiest ferdoarje no ek noch ferkeard!’, mar hja lake ris en sei leaf tsjin my: ‘ik moat dochs efkes sjen litte dat ik myn rydbewiis haw en ride kin, mem?’
No ja, it rydbewiis hat se.

Doe’t wy – mei flink wat oanwizings ûnderweis fan myn kant – einliks yn Súdhorn wiene, hawwe wy earst mar ris in rûntsje riden op it parkearterrein. At der safolle romte is, wurdt it in kear sa dreech kiezen, no? Uteinlik sette hja de wein deun neist in oaren del.
‘Hast moai dien, leave,’ sei ik, ‘mar mem moat der ek noch út hin?’
Ja, dat koe net, of mem moast wilens de reis al flink ôfslanke wêze.
Hawar, in kear derút ride, in kear der yn, in kear der wer út en nochris wer deryn, dat kaam ek goed.

Hja slagge mei de learzens en de weromreis gie goed.
‘Heit moat de auto aanst seker ek noch brûke, hin?’ sei Maaike loftich doe’t wy it hiem wer op rieden.
En hja parkeare de auto keurich foar de garaazje.

26-10-2006

Ferjou my heden









ferjou my Hear
it âlde sear
in swolm fan jierren

ferjou it sied
dat it opsjit
út oergeunstgrûn

by de buorlju
it farske gers
it waakst en baret

de begearte
nei wat moai is
mar net oan my

de waanwizens
fan myn tinken
dat ik it better kin

dan sil ik ek ferjaan
dy’t my biddelje
- knibbelje hoecht net -

iens




22-10-2006

it besykjen






Under de yinyangbeam


Doe’t ik lêsten yn jim tún kaam
ûntduts ik dêr de yinyangbeam.
Hy die my tinken oan myn earste faam,
ik sjoch har noch foar my stean:

har earms wienen bûgde tûken,
de blêden rûsden as har hier.
Hja koe de mûle yn in o’ke lûke
lykas in glinsterjend wetterdier.

As kwiksulver skeat de tiid foarby.
It libben hie oars mei ús foar:
ik fergeat har, en sy ek my.

Oant no, ûnder dizze blêdepoart,
mei in hert dat yint en yangt,
fan nijs oan nei har leafde langt.






13-10-2006

bombaarje






Bombaarje


O, do eale beam,
sjoch dy hjir no stean:
de blêden brún
yn deade tún

ropt it glêde sied nei de sinne
mei mûltsjes fan o, wêr moat’ wy hinne,
heit wiuwt se mei fiiffingerhân fuort,
dy dript noch fan giel hunningguod.
Him heucht de tiid fan de kearsen;
hja brânen, hy koe him net behearskje
mei yn de rouwe bolster in blanke nút
joech er mem pripkes en in waarme tút.
Syn manlike magy waakset yn ‘e maitiid
ieren en sinnen wurde langsum laaihyt.
De beam wol dan barste fan libbenskrêft,
dat de reis is lang. De lâning sêft.

Dêr giet dyn team
do mâle beam,
hja barste daadlik
bjusterbaarlik!







Bombarie


O, jij edele boom
je staat er als een droom:
de bladeren bruin
in deze dode tuin

roept je gladde zaad naar de zon,
of hun mondje ‘o’ roepen kon.
Vader wuift ze weg met vingerhanden,
herinnert zich hoe de kaarsen brandden.
De honing drupt nog van de bladeren,
hij voelde warmte in zijn aderen.
In de bolster groeide een blanke pit
zodat hij af en toe moeder kust en prikt.
Zijn mannelijke magie groeit altijd
in het voorjaar, dat is de juiste tijd.
De boom barst dan van levenskracht,
dus de reis is lang. De landing zacht.

Daar gaat het nageslacht
met dolle bommenkracht.
Ze barsten dadelijk
wonderbaarlijk!







09-10-2006

Sonnetten





Ja, wy moatte der no dochs oan leauwe; wy binne al oan it sonnetteskriuwen by Tsjêbbe.
En dat falt my net ta, want ik bin in frije foarmdichter. Dy steure har net sa bot oan it ritme of it rym, mar dy binne wat mear mei de ynhâld fan it fers oan it pielen.
Mar goed, earne hie ik heard datst net earder in dichter wêze kinst foardatst in sonnet skriuwe kinst.
No, ik wit no al dat it myn hobby net wurdt.
Ik haw seker in eigen ritme yn ‘e holle, want de fersfuotten klopje allinne mar as ik it fers foarlês. As in oar dat docht doocht it net. Sizze se. Ja, net op ‘e kursus hear, want safier binne wy noch net, mar by eardere probearsels.
Foar woansdei moast it sonnet ynstjoerd wêze. Tsjêbbe sjocht it dan nei en set der wat opmerkings by, en op ‘e kursusjûn sels gean wy der dan mei ús allegear oer gear. Ik haw myn sonnet ynstjoerd, mei foar de wissichheid mar in lûdsbestân derby. Dan wit de man dochs hoe’t it klinke kin. As ik it mar foarlês.



07-10-2006

Sa net





net as in stoarm, die nearne om jout
de ljochtsjes út myn eagen hout,

in liuw dy’t de proai bespringt
wylst de bek yn it rôze sinkt,

de fisken, sjittend yn it wylde wei,
of de skylpaad, dy’t it yn it sân leit,

de fûgels, fan wa’t nimmen it fernimt,
of de bargebear mei swit yn ‘t himd

mar as in striker dy’t kidelet oan it ear
sa jou ik oan myn leaf de leafde tear.





03-10-2006

tillefoan...





No wienen wy dochs al gjin minsken dy't foaroan yn 'e rige stean at der wat nijs te krijen is; wy hiene noch gjin fideo doe't elk him al hie ensa, mar sa'n losse tillefoan, ja.
It kaam te faak foar dat men besocht hie ús te berikken wylst wy bûten sieten te kofje- en teedrinken, of mei oare dingen dwaande wienen. It waard ferfelend foar de minsken. En ek foar ússels, want dan dienen se oars net as ûnder iten belje.
Dat tenlêsten hawwe wy mar sa'n losse hûstillefoan oanhelle. Dat foldie bêst hear.
Mar de lêste tiid wienen we der wat minder tefreden oer, en dit kermiswykein al hielendal.

At sa'n ding net oan de muorre hinget, kin er de akku net oplade, en dan gean de batterijen leech. At dat hast safier is begjint it ding te piipjen mei in hiel trochkringend, pine-yn-'e-harsensopwekjend lûd. Dan moatst gau sjen dat de tillefoan wer oan 'e muorre komt te hingjen, want dan kin er him wer follurkje.
Mar freedtenacht soe ik op bêd - ik hie de kermis al ôfwachte, want dêr wenje wy hast boppe-op - doe't ik de lege tillefoan piipjen hearde. Maaikes feintsje, dy't by ús slepte, hie der ek al in kear ôf west, dy koe net sliepe fanwegen de kermismuzyk. En no dit geëamel wer. Wêr yn 'e goedichheid lei dat ding? Ik koe him nearne fine.
Op it lêst bin ik de sliepkeamers mar by del gien. By Jan kaam ik der net yn, dy hat de lêste tiid útfûn dat der oan 'e binnenkant fan de doar in slot sit, en om ien as oare reden moat er dat no ek brûke. Fral sneintemoarns, as ik him roppe sil foar it tsjerke, is dat lêstich. Mar no ek.
"Gean hjir wei minske" rôp Jan út it bêd wei. "Ik haw dat ding net."
Fansels liet ik my net samar ôfskepe, mar ik koe heech of leech springe, Jan die de doar net iepen.
"Ik wol wol wedzje om in scooter, dat er hjir net leit," âle er noch lilk.
No ja, dan binne jo útpraat, hin, as der sok swier geskut ynset wurdt.

Dus doe bin ik dochs ek mar efkes by Maaike har keamer delgien, want dat lûd moast wol ophâlde fansels, oars koe ik it sliepen wol ferjitte. Ik sliep mar licht.
Dat ik die wat skruten de doar iepen fan de keamer dêr't Maaike en Jopke leinen. Doarde ik de keamer wol yn en strûs dêr wat om? Ynienen kaam der in stim efter de bêdsgerdinen wei: "Wat dogge jó hjir?"
Ik wist net hoe gau ik útnaaie moast. Nee, dêr soe de tillefoan ek wol net lizze, dan hie Jopke him al lang by de trep deldondere.
Der siet neat oars op: ik moast dy nacht yn it túnhúske sliepe. Dat ik haw myn kessen ophelle, en it bêd yn it túnhúske opmakke.
Gjin lêst mear fan gepiip, dy nacht. Mar it wie wol kâld.


De oare deis hawwe Romke en ik alles ôfsocht. Mar gjin tillefoan. Wol hieltyd noch gepiip. Op it lêst hawwe ús oerjûn. "Hy hâldt fansels in kear op," sei Romke treastend tsjin my.
"Ik helje efkes de krante út de brievebus, set do mar efkes in bakje kofje."

Jimme kinne noait riede wat der út dy brievebus kaam.

Nei lang ferhear kaam it der úteinlik út: Jan wie beljendewiis ta de hûs útrûn, en oan de wei hie syn kammeraat stien mei de auto. Jan betocht him net, goaide de tillefoan yn 'e brievebus en pike mei syn kammeraat út. Noait wer oan in tillefoan tocht...




16-09-2006

laitsje of gûle





Nee, hy hat it net helle, it scooterrydbewiis.
Dat ferwûndere my eins ek net, want hy wie al in pear dagen snotteferkâlden en hoaste him it hert hast út it liif. Dat folle rêst hie er net hân, en de deis foar it eksamen hie er jierdei. Moaie planning ek no? Hied er sels dien. Hy mocht de jûns tefoaren dus syn ‘earste’ bierke priuwe, en och, wat glide dy er betûft yn foar in begjinneling. De maten hienen de gek der ek al mei, der wie samar in kratsje leech.

Mar goed, dêr komt er de oare deis earst tsjin seizen wer thús. Ik hie him middeis om ien oere hinne al ferwachte, mar al wat kaam, gjin tillefoantsje en gjin Jan.
Ik seach it fol wol doe’t er der einlings yn kaam: yn ‘e war.
En hy hie de nije jas neitiid by it CBR hingje litten, dêr wie er efterkommen doe’t er hast Grins al út wie. Dus mar wer mei de bus werom. De jas hie er fan my krigen (hy woe neat hawwe foar de jierdei, no?), en Maaike hie him útsocht. Alles wat Maaike docht is moai en koel, dy kin wier neat ferkeard dwaan by him. De jas wie dus goed, dat hy doarst it net prestearje en lit him hingje by it CBR. Aldergeloks wie it gebou noch iepen en hong er der noch. Mar doe kaam er der op ‘e weromreis ynienen efter dat er yn ‘e bus nei Heechtsjerk siet. Wer mis, en sa wie er mei omballingen úteinlik thús bedarre. Hy koe twa dingen dwaan sei er: der om gûle of der om laitsje. No, dat gûlen doch je net mear op jin sechstjinde, mar sa’n puber mei in sin as in baarch wol je ek net tsjinkomme. Mar Jan lake.


11-09-2006

Yn it boek



Jan is drok oan ‘t learen. Woansdei hat er jierdei, en tongersdei wol er it rydbewiis foar de bromfyts helje. Scooterriders moatte nammentlik ek in rydbewiis ha. En Jan hat de hiele fakânsje, seis dagen wyks oan it wurk west foar syn sprintscooter. No leit der oeral wat: yn it fytsehok, yn de garaazje, boppe op syn keamer en út en troch hat er bûten op ‘e line in stik plestik te droegjen. Dan hat er earst oan it skjirjen west mei skuorpapier, en dêrnei it spul ôfspield. En dan moat it droegje.

De fakânsje is om, elkenien moat nei skoalle ta, ‘mar minent begjint no mem,’ sei Jan. Skoalgean liket op fakânsje, ast wikenlang sa bot yn ‘t spier west hast.
Even sa goed frege ik my ôf, oft er it puzzelpakket fan syn scooter no al kompleet hie. Hy hie hjir en dêr wat wei koft en byinoar sparre, mar nei trije moanne koe ik der noch gjin scooter fan meitsje. ‘Nee mem,’ sei Jan, en hy seach my der by oan as wie ik in dom blondsje, ‘mar ik wit fansels wol persys wêr’t alles leit. En aansens, ik moat noch efkes sparje, dan haw ik de saak kompleet en dan sil ik him yn inoar skroevje. Mar dat is it moaiste wurk, dat bewarje ik foar it lêst.’
‘Tinkst der dan wol efkes om jonge, datst alles ôfbetelle hast?’
Want ik hie in dei-ôfskrift fan ‘e bank fûn, dêr’t wûnderlik op stie: ‘.... en no noch tachtich euro, dan binne wy lyk.’
‘Jaja, dy ha’k allang werombetelle oan Sjouke’, sei Jan, ‘sit dêr mar net oer yn.
En wol mem no efkes stil wêze, want ik moat leare, oars helje ik it rydbewiis net.



Wist mem trouwens wol, dat jongeren gefoelens en emoasjes hawwe omdat se dan witte dat se libje? Dat stiet hjir yn it learboek. Mar dy emoasje meie se net brûke op ‘e wei.
Wat kinne der in ûnnoazele dingen yn sa'n boek stean, net?’

06-09-2006

de grutte rûnte






at men jûns it doarp útgiet
wurch fan it lange sitten
de lêste lampe efter him lit
it dizige fjild temjitte

kin men tinzen komme litte
it ynderminsk de romte jaan
útrôlje oer de slingerstrjitte
wat deis net oan bod kaam

skaden lûke oan de stappen
lûden ha gjin sicht of grûn
kikkerts plûnzje, tûkjes knappe
fan in hiem heart men de hûn

der is gjin moanneljocht
mar oer de sleat skimerje skiep
ik hie se op in grize tekken tocht
driuwend as wolkens yn har sliep

sigesaagjend yn in eachhoeke
ynienen dy skym oer de wei
hy sjit yn hûnestrûken
seker skrokken fan my

dronken fan de donkere nacht
rin ik oan op ‘e lêste lome bocht
oan de ein fan de beammeskacht
wanket noegjend lampeljocht












29-08-2006

beker fan begrutsjen







ik wol ienris yn it jier devoate
pearze knibbels krije
op in wite knikeldei
oaren de fuotten waskje
mei lij wetter de earme soalen
dy’t smoargens meitôgje
yn blierren en skrammen it teken
fan hillich Rome nei hûs

hoechst gjin keizer te wêzen
of keninginne fan it wite doek
en spiel se ôf mei wetter
út de tinnen beker
en striel it lijen sêft
mei gledde salvefingers
lit se op my del sjen
ik jou de beker mei nei hûs








25-08-2006

ouroborosfers







de skriuwfûgel skrillet
foar de mûnsterearn
dy’t op har falt yn lege loft

hja skreau hûndert rûnten
yn skripte tekens byinoar
foar it skroarsoere

om har ljochthert en rêst
eamelt de earn har mei
nei it skeamel hege nêst

hy wol heine en fiere
ferpopkje en treastgje
as soe hja it leafste

de skriuwfûgel siket tûken
skikt dy om har hinne
it bliuwe mar pylken





21-08-2006

hy koe









wei is springplanke
plûns fersteuret mimerij
mei kikkertsbomke







20-08-2006

fakânsjedrokte





Ik bin op 't heden wer wat mear oan it dichtsjen as oan it skriuwen. Oft dat de lêzers hjir wat yn 'e smaak falt, wit ik net, gjin flau idee. Us puberkes binne mar wat saai tsjinwurdich, dy binne seis dagen wyks oan it wurk.

Jan giet allinne sneontejûns op stap om te sûpen. Ferline moanne hie er de sûpbeker helle yn 'e Paradiso yn Kollum en dy moast er justerjûn wer ynleverje. Of hy hat him wer beset fansels, mar dêr kom ik net earder achter as fan 'e middei nei twaën tink. Tsjerke wol der net mear hinne, en as ienige fertier hat er in scooter, dy't er yn ûnderdielen by inoar skarrelet en yn inoar set. Wat dan wol nijsgjirrich is, is dat er dêr in weplok fan byhâldt mei foto's en al: hoe en wannear't it spul binnenkomt (it autoke fan de TPG), hoe't it spul ferpakt sit, wat der krekt út de doaze weikomt en hoe't dat der dan útsjocht...
En dan skriuwt er dêr ek oer, kinst it gnizen noait litte, sa plastysk.

Maaike fan 18 sit swier yn 'e leafde, dy hat mei it feintsje nei Portugal west. In fakânsje sa ast ek wol op folders sjochst. Blauwe see, wite strannen, en tegearre op in scooterke de kust by del. Mar hja is ek drok mei it rydbewiis dwaande, rint noch staazje en stekt hjir en dêr de hannen út om wat by te fertsjinjen. De teory fan it riden helle se yn de twadde kear, no de praktyk noch. Aanst it lêste jier fan de kappersoplieding, en dan is sy dermei klear. Hja is dit jier kapster wurden, mar giet noch in jier troch foar it allround. Drokke berntsjes, dus.





16-08-2006

fan god los









wy hoege net te reizgjen
wy moatte neat moetsje
nin oansketten wyld
yn tebrutsen sinnen
we lizze ferbannen oan
om wurden mei wûnen

betsjuttings bestopje wy
mei fyntriedderige fûgelflappen
ûnder in tekken fan dôve nuten
slomkje doardieden yn it sied

oant sy net oars kinne
wy sizze neat ta
wy sizze toe mar
wês wa’tst biste
bûten de dreamen witte wy
wêr’t de reeën wenje






14-08-2006

Dylan Thomas






Fan 'e wike de biografy oer Dylan Thomas, in grutte Welske dichter, útlêzen. It boek is skreaun troch Karel Wasch. Tige nijsgjirrich en it bewiist mar ris wer dat je net âld hoege te wurden om ferneamd wêze te kinnen. It meast opfallende elemint fûn ik wol de toan fan foardragen, hoewol't ik dat sels noch nea heard haw. Der skine ek net folle lûdsopnamen fan him te wêzen trouwens. Ik haw ek in stikmennich fersen fan him lêzen, ik fyn dat syn fersen op harsels stean kinne sûnder it slemeftige foardragen. Dat makket him ek sa goed fansels. Hearst ek wolris dichters, no ja, dichters, dy't it mear fan de performance hawwe moatte as fan de ynhâld fan de fersen.
Wat fierder opfoel wie dat der besocht waard in psychologyske skets fan syn aard te jaan, mei it each op it foarteam en it tiidsramt dêr't hy yn grutbrocht wurden is.
Want dat is fansels wol wichtich: wat makket in minske mei en wat hat er meikrigen yn ‘e genen? Dat hat lichtwol ynfloed op him as minske, en fan neisten ek op syn skriuwerij.






11-08-2006

ljochtsje op leaf






der is gjin moai
lilts, goed of leech
yn it lân fan dôf
en tsjusterte
fynst der stiltme
mar it jout dy neat

as in beam
werkenning wêze moat
yn ‘e bline tún
rint de stream
by de klinge del
mei ûnderweis in rook,
in wjukslach

dy’t tsjin de siele klotst
en opspat tsjin de rotsen
mei wite tusken
beswarst de stoarmen
en falwinen wurde loarme
mei morsehannen
út it ynderlik

der fljocht in laitsjend twamanskip
dat net mear wachtet op jierren
se lichtsje in alfabet op
yn harren mof it pakt
fan de kreaste keunst
it foegjen nei de foarm


ik taast allinne mar leaf
de dagen fljogge blyn foarby
ik ken de tún, de blommen
omearmje de beam








07-08-2006

Deventer boekemerke






Juster hawwe Romke en ik der op út west nei Deventer. De jierlikse boekemerke hie prachtich waar mei. De terraskes sieten dan ek rûchwei fol. It aardige wie dat de sponsors, yn dit gefal yn haadsaak de NS, papieren taskes beskikber steld hie mei de tekst derop: 'tijd voor lezen'. Al wa't dus mei sa'n gielwyt taske rûn, hie hannel dien.
Mar de meast betûfte ynkeapers wienen der better op klear: dy hienen kofferkes op radsjes by har, en ik haw sels ien sjoen dy't in ûnderstel fan in bernewein mei in grutte bôlekoer derop montearre by him hie. Eins wol symboalysk, fûn ik.

Fansels haw ik as earlike keapmansdochter tinge op 'e prizen fan boeken. Doe't ik it dêr letter mei in freon oer hie koe hy him dat eins net begripe, want op keunst tingest dochs net ôf? En oft ik dan gjin begrutsjen hie mei dy earme keaplju dy't dêr de hiele dei yn de baarnende sinne stean moasten. Nee, fansels haw ik dêr gjin begrutsjen mei. In merke is om te ûnderhanneljen. De keapman hat in boaiempriis yn 'e holle, en it is de sport om him dêr hinne te manoeuvrearjen. De measte keaplju hawwe dêr ek noch wol aardichheid oan. En sa net, no ja, kinst oan de lichemstaal fansels wol sjen oft er oan it ein sit of net. Dat heart der allegear by.

Mar seis kilometer boeken is al in ein kuierjen hear, as it drok is. It sjit fan gjin meter op, en oeral tusken de boekekreamen troch stienen frettinten. Soms ek wol noflik; ien derfan ferkoft farsk parse sinesappelsap.
Trochdat der safolle kreamen binne, wurdt it de skôgers al gau oermansk. Ik seach dan ek minsken hjir en dêr mei in ferlanglistke rinnen; dy fregen gewoan nei krekt dy boeken en gienen dan wer fierder. En ast wat thúsbist yn de boeke-antikêrs, dan silst ek wol sa'n bytsje witte wa't it troch dy sochte boek ha kin. Mar dy krije fansels ek steesoan troch nije oanfier dus it bliuwt in ferrassing wat elk yn de tinte te keap hat.
It foel my trouwens op hoefolle Friezen at der omrûnen. Maklik datst dy der altyd tuskenút kinst.









03-08-2006

Oanmiere









Gean net sacht troch de nacht
fan de stjerren dy’t rûnom tsjoene
nei ien fan dy lege gatten
of ingels út dyn fisioenen

ferlitte wolst dy iene
dy’t boppe alles hold fan dy
nin orchideeën yn de griene
see en gjin rôze roazen

wat dy al jong yn parten dielde
wie prinsepeal foar my
en dat oare, dat bleau driuwen
oant it by de kust oanspielde

want al wat leaf wie stjert
en wat dy leaf wie sil bliuwe
libje yn it wrak dat ik bin
dat gûlt, net hielet noch went