16-09-2006

laitsje of gûle





Nee, hy hat it net helle, it scooterrydbewiis.
Dat ferwûndere my eins ek net, want hy wie al in pear dagen snotteferkâlden en hoaste him it hert hast út it liif. Dat folle rêst hie er net hân, en de deis foar it eksamen hie er jierdei. Moaie planning ek no? Hied er sels dien. Hy mocht de jûns tefoaren dus syn ‘earste’ bierke priuwe, en och, wat glide dy er betûft yn foar in begjinneling. De maten hienen de gek der ek al mei, der wie samar in kratsje leech.

Mar goed, dêr komt er de oare deis earst tsjin seizen wer thús. Ik hie him middeis om ien oere hinne al ferwachte, mar al wat kaam, gjin tillefoantsje en gjin Jan.
Ik seach it fol wol doe’t er der einlings yn kaam: yn ‘e war.
En hy hie de nije jas neitiid by it CBR hingje litten, dêr wie er efterkommen doe’t er hast Grins al út wie. Dus mar wer mei de bus werom. De jas hie er fan my krigen (hy woe neat hawwe foar de jierdei, no?), en Maaike hie him útsocht. Alles wat Maaike docht is moai en koel, dy kin wier neat ferkeard dwaan by him. De jas wie dus goed, dat hy doarst it net prestearje en lit him hingje by it CBR. Aldergeloks wie it gebou noch iepen en hong er der noch. Mar doe kaam er der op ‘e weromreis ynienen efter dat er yn ‘e bus nei Heechtsjerk siet. Wer mis, en sa wie er mei omballingen úteinlik thús bedarre. Hy koe twa dingen dwaan sei er: der om gûle of der om laitsje. No, dat gûlen doch je net mear op jin sechstjinde, mar sa’n puber mei in sin as in baarch wol je ek net tsjinkomme. Mar Jan lake.


11-09-2006

Yn it boek



Jan is drok oan ‘t learen. Woansdei hat er jierdei, en tongersdei wol er it rydbewiis foar de bromfyts helje. Scooterriders moatte nammentlik ek in rydbewiis ha. En Jan hat de hiele fakânsje, seis dagen wyks oan it wurk west foar syn sprintscooter. No leit der oeral wat: yn it fytsehok, yn de garaazje, boppe op syn keamer en út en troch hat er bûten op ‘e line in stik plestik te droegjen. Dan hat er earst oan it skjirjen west mei skuorpapier, en dêrnei it spul ôfspield. En dan moat it droegje.

De fakânsje is om, elkenien moat nei skoalle ta, ‘mar minent begjint no mem,’ sei Jan. Skoalgean liket op fakânsje, ast wikenlang sa bot yn ‘t spier west hast.
Even sa goed frege ik my ôf, oft er it puzzelpakket fan syn scooter no al kompleet hie. Hy hie hjir en dêr wat wei koft en byinoar sparre, mar nei trije moanne koe ik der noch gjin scooter fan meitsje. ‘Nee mem,’ sei Jan, en hy seach my der by oan as wie ik in dom blondsje, ‘mar ik wit fansels wol persys wêr’t alles leit. En aansens, ik moat noch efkes sparje, dan haw ik de saak kompleet en dan sil ik him yn inoar skroevje. Mar dat is it moaiste wurk, dat bewarje ik foar it lêst.’
‘Tinkst der dan wol efkes om jonge, datst alles ôfbetelle hast?’
Want ik hie in dei-ôfskrift fan ‘e bank fûn, dêr’t wûnderlik op stie: ‘.... en no noch tachtich euro, dan binne wy lyk.’
‘Jaja, dy ha’k allang werombetelle oan Sjouke’, sei Jan, ‘sit dêr mar net oer yn.
En wol mem no efkes stil wêze, want ik moat leare, oars helje ik it rydbewiis net.



Wist mem trouwens wol, dat jongeren gefoelens en emoasjes hawwe omdat se dan witte dat se libje? Dat stiet hjir yn it learboek. Mar dy emoasje meie se net brûke op ‘e wei.
Wat kinne der in ûnnoazele dingen yn sa'n boek stean, net?’

06-09-2006

de grutte rûnte






at men jûns it doarp útgiet
wurch fan it lange sitten
de lêste lampe efter him lit
it dizige fjild temjitte

kin men tinzen komme litte
it ynderminsk de romte jaan
útrôlje oer de slingerstrjitte
wat deis net oan bod kaam

skaden lûke oan de stappen
lûden ha gjin sicht of grûn
kikkerts plûnzje, tûkjes knappe
fan in hiem heart men de hûn

der is gjin moanneljocht
mar oer de sleat skimerje skiep
ik hie se op in grize tekken tocht
driuwend as wolkens yn har sliep

sigesaagjend yn in eachhoeke
ynienen dy skym oer de wei
hy sjit yn hûnestrûken
seker skrokken fan my

dronken fan de donkere nacht
rin ik oan op ‘e lêste lome bocht
oan de ein fan de beammeskacht
wanket noegjend lampeljocht












29-08-2006

beker fan begrutsjen







ik wol ienris yn it jier devoate
pearze knibbels krije
op in wite knikeldei
oaren de fuotten waskje
mei lij wetter de earme soalen
dy’t smoargens meitôgje
yn blierren en skrammen it teken
fan hillich Rome nei hûs

hoechst gjin keizer te wêzen
of keninginne fan it wite doek
en spiel se ôf mei wetter
út de tinnen beker
en striel it lijen sêft
mei gledde salvefingers
lit se op my del sjen
ik jou de beker mei nei hûs








25-08-2006

ouroborosfers







de skriuwfûgel skrillet
foar de mûnsterearn
dy’t op har falt yn lege loft

hja skreau hûndert rûnten
yn skripte tekens byinoar
foar it skroarsoere

om har ljochthert en rêst
eamelt de earn har mei
nei it skeamel hege nêst

hy wol heine en fiere
ferpopkje en treastgje
as soe hja it leafste

de skriuwfûgel siket tûken
skikt dy om har hinne
it bliuwe mar pylken





21-08-2006

hy koe









wei is springplanke
plûns fersteuret mimerij
mei kikkertsbomke







20-08-2006

fakânsjedrokte





Ik bin op 't heden wer wat mear oan it dichtsjen as oan it skriuwen. Oft dat de lêzers hjir wat yn 'e smaak falt, wit ik net, gjin flau idee. Us puberkes binne mar wat saai tsjinwurdich, dy binne seis dagen wyks oan it wurk.

Jan giet allinne sneontejûns op stap om te sûpen. Ferline moanne hie er de sûpbeker helle yn 'e Paradiso yn Kollum en dy moast er justerjûn wer ynleverje. Of hy hat him wer beset fansels, mar dêr kom ik net earder achter as fan 'e middei nei twaën tink. Tsjerke wol der net mear hinne, en as ienige fertier hat er in scooter, dy't er yn ûnderdielen by inoar skarrelet en yn inoar set. Wat dan wol nijsgjirrich is, is dat er dêr in weplok fan byhâldt mei foto's en al: hoe en wannear't it spul binnenkomt (it autoke fan de TPG), hoe't it spul ferpakt sit, wat der krekt út de doaze weikomt en hoe't dat der dan útsjocht...
En dan skriuwt er dêr ek oer, kinst it gnizen noait litte, sa plastysk.

Maaike fan 18 sit swier yn 'e leafde, dy hat mei it feintsje nei Portugal west. In fakânsje sa ast ek wol op folders sjochst. Blauwe see, wite strannen, en tegearre op in scooterke de kust by del. Mar hja is ek drok mei it rydbewiis dwaande, rint noch staazje en stekt hjir en dêr de hannen út om wat by te fertsjinjen. De teory fan it riden helle se yn de twadde kear, no de praktyk noch. Aanst it lêste jier fan de kappersoplieding, en dan is sy dermei klear. Hja is dit jier kapster wurden, mar giet noch in jier troch foar it allround. Drokke berntsjes, dus.





16-08-2006

fan god los









wy hoege net te reizgjen
wy moatte neat moetsje
nin oansketten wyld
yn tebrutsen sinnen
we lizze ferbannen oan
om wurden mei wûnen

betsjuttings bestopje wy
mei fyntriedderige fûgelflappen
ûnder in tekken fan dôve nuten
slomkje doardieden yn it sied

oant sy net oars kinne
wy sizze neat ta
wy sizze toe mar
wês wa’tst biste
bûten de dreamen witte wy
wêr’t de reeën wenje






14-08-2006

Dylan Thomas






Fan 'e wike de biografy oer Dylan Thomas, in grutte Welske dichter, útlêzen. It boek is skreaun troch Karel Wasch. Tige nijsgjirrich en it bewiist mar ris wer dat je net âld hoege te wurden om ferneamd wêze te kinnen. It meast opfallende elemint fûn ik wol de toan fan foardragen, hoewol't ik dat sels noch nea heard haw. Der skine ek net folle lûdsopnamen fan him te wêzen trouwens. Ik haw ek in stikmennich fersen fan him lêzen, ik fyn dat syn fersen op harsels stean kinne sûnder it slemeftige foardragen. Dat makket him ek sa goed fansels. Hearst ek wolris dichters, no ja, dichters, dy't it mear fan de performance hawwe moatte as fan de ynhâld fan de fersen.
Wat fierder opfoel wie dat der besocht waard in psychologyske skets fan syn aard te jaan, mei it each op it foarteam en it tiidsramt dêr't hy yn grutbrocht wurden is.
Want dat is fansels wol wichtich: wat makket in minske mei en wat hat er meikrigen yn ‘e genen? Dat hat lichtwol ynfloed op him as minske, en fan neisten ek op syn skriuwerij.






11-08-2006

ljochtsje op leaf






der is gjin moai
lilts, goed of leech
yn it lân fan dôf
en tsjusterte
fynst der stiltme
mar it jout dy neat

as in beam
werkenning wêze moat
yn ‘e bline tún
rint de stream
by de klinge del
mei ûnderweis in rook,
in wjukslach

dy’t tsjin de siele klotst
en opspat tsjin de rotsen
mei wite tusken
beswarst de stoarmen
en falwinen wurde loarme
mei morsehannen
út it ynderlik

der fljocht in laitsjend twamanskip
dat net mear wachtet op jierren
se lichtsje in alfabet op
yn harren mof it pakt
fan de kreaste keunst
it foegjen nei de foarm


ik taast allinne mar leaf
de dagen fljogge blyn foarby
ik ken de tún, de blommen
omearmje de beam








07-08-2006

Deventer boekemerke






Juster hawwe Romke en ik der op út west nei Deventer. De jierlikse boekemerke hie prachtich waar mei. De terraskes sieten dan ek rûchwei fol. It aardige wie dat de sponsors, yn dit gefal yn haadsaak de NS, papieren taskes beskikber steld hie mei de tekst derop: 'tijd voor lezen'. Al wa't dus mei sa'n gielwyt taske rûn, hie hannel dien.
Mar de meast betûfte ynkeapers wienen der better op klear: dy hienen kofferkes op radsjes by har, en ik haw sels ien sjoen dy't in ûnderstel fan in bernewein mei in grutte bôlekoer derop montearre by him hie. Eins wol symboalysk, fûn ik.

Fansels haw ik as earlike keapmansdochter tinge op 'e prizen fan boeken. Doe't ik it dêr letter mei in freon oer hie koe hy him dat eins net begripe, want op keunst tingest dochs net ôf? En oft ik dan gjin begrutsjen hie mei dy earme keaplju dy't dêr de hiele dei yn de baarnende sinne stean moasten. Nee, fansels haw ik dêr gjin begrutsjen mei. In merke is om te ûnderhanneljen. De keapman hat in boaiempriis yn 'e holle, en it is de sport om him dêr hinne te manoeuvrearjen. De measte keaplju hawwe dêr ek noch wol aardichheid oan. En sa net, no ja, kinst oan de lichemstaal fansels wol sjen oft er oan it ein sit of net. Dat heart der allegear by.

Mar seis kilometer boeken is al in ein kuierjen hear, as it drok is. It sjit fan gjin meter op, en oeral tusken de boekekreamen troch stienen frettinten. Soms ek wol noflik; ien derfan ferkoft farsk parse sinesappelsap.
Trochdat der safolle kreamen binne, wurdt it de skôgers al gau oermansk. Ik seach dan ek minsken hjir en dêr mei in ferlanglistke rinnen; dy fregen gewoan nei krekt dy boeken en gienen dan wer fierder. En ast wat thúsbist yn de boeke-antikêrs, dan silst ek wol sa'n bytsje witte wa't it troch dy sochte boek ha kin. Mar dy krije fansels ek steesoan troch nije oanfier dus it bliuwt in ferrassing wat elk yn de tinte te keap hat.
It foel my trouwens op hoefolle Friezen at der omrûnen. Maklik datst dy der altyd tuskenút kinst.









03-08-2006

Oanmiere









Gean net sacht troch de nacht
fan de stjerren dy’t rûnom tsjoene
nei ien fan dy lege gatten
of ingels út dyn fisioenen

ferlitte wolst dy iene
dy’t boppe alles hold fan dy
nin orchideeën yn de griene
see en gjin rôze roazen

wat dy al jong yn parten dielde
wie prinsepeal foar my
en dat oare, dat bleau driuwen
oant it by de kust oanspielde

want al wat leaf wie stjert
en wat dy leaf wie sil bliuwe
libje yn it wrak dat ik bin
dat gûlt, net hielet noch went











28-07-2006

prinsetún







De Prinsetún fan Grins wie juster en hjoed wer it plak foar dichters út it hiele lân (en Flaanderen). Ik woe freedtemiddei efkes sjen, om't der dan in protte kunde út it westen oanwêzich wêze soe. Te moaie kâns om strûpe te litten.

De twa minsken dy't my diskear it meast te pakken hienen wienen de Flaming Stijn Vranken, dy't meikoarten in bondel útbringe sil by Meulenhoff, en Vrouwkje Tuinman. De lêste koe ik alhielendal net, mar ik bleau stean yn de leafgongen fan de tún. Der sitte in soart fan natuerlike rútsjes yn, dêr't de dichters efter wei foarlêze kinne. It publyk kin dan hielendal om dy leafgongen hinne rinne en altemets efkes foar sa'n rútsje stean bliuwe om te harkjen.
It jonge frommiske die neat om har stim te ferheffen, dêrtroch diest as omstanner namste mear dyn bêst nei har te hearen. Want oardel meter fierderop stie de folgjende dichter te orearjen. Hawar, har teksten pakten my, en wat in moaie test dan foar jinsels as je nei de namme fan sa'n jonge dichteres freegje, en it blykt immen te wêzen dy'tst fan namme en lêzen al kinst, mar noch nea sjoen hast.

Cor van der Wal wie der ek, en dy smjunt woe ha dat ik alderhande frjemde drankjes preau en fan in namme foarseach. 'Hasto dat dan ek dien Cor?' frege ik. 'Nee', sei Cor, 'dat lit ik dy earst dwaan. Asto stean bliuwst wit ik dat it fertroud is'.

Cor en Tseard Bruinja wienen twa fan de pear Fryske dichters dy't ik dêr sjoen ha. Eins wat te min, fûn ik, neffens wat der wol wêze kind hie.
Faaks doch ik it oare jier sels in kear mei, as der plak is teminste. Der waard flústere dat der minder subsydzje foar dit evenemint komt, en dat it dus wolris yn oare foarm as earder presintearre wurde kinne sil. Wy wachtsje ôf.



25-07-2006

Lettertimpel





It is hiel spitich, mar der is alwer in goed poëtysk inisjatyf nei de barbysjes.
Nei Perspektyf is no ek de Lettertimpel nei de kloaten. Net omdat de redaksje dermei oerjûn hat, mar omdat de wepmaster mei de kaai útnigele is. Treurich, djip treurich. Fansels hienen wy as redaksje better tasjen moatten op de feilichheid, mar as it ien fan jin eigen folk is dy’t útnaait giet it net sasear om in tekoartsjitten mar om in skeining fan it fertrouwen. Ast soks oankommen sjoen hiest, hiest maatregels nimme kind. Yn dit gefal wie it tongerslach út in kleare loft. Mar ja, ûndertusken is ús oefenplakje moai fuort. Ik wit net oft ik de moed wol opbringe kin om nochris sokswat mei op poaten te helpen. Ik haw it lêch no út, leau ik.



17-07-2006

Timmerlju






Wy hawwe op it stuit de manlju fan de wenningbou oer de flier. Se binne altiten hiel reewillich, mar by tiden binne it krekt hurd en flut: om it minste moatte se wer nei it honk yn Kollum om in plankje sus of in skroefke sa op te heljen. Ien kear hawwe wy it belibbe dat se trije kear foar itselde kezyntsje werom komme moasten. Se hienen it opmetten, en doe moast it op it honk yninoar set wurde. De oare wyks kamen twa man sterk dermei ûnder de earm oansetten. Mar it paste net: fierstente grut. Wer opmjitte, notearje op in flitterke. In wike letter kaam deselde man wer: hy hie it papierke yn de broeksbûse sitte litten en it wie meigien de waskmasine yn. Op ‘e nij opmjitte dus. It duorre it fjirtjin dagen.
Wy seagen it autoke wer oankommen. Doe’t de man it kezyn út de wein helle sei Romke fuort al: neffens my komt it wer net goed. It liket no wol te lyts. Dat wie ek sa.
It mantsje dat de saken behertige waard doe sa lilk op himsels, dat er rea oanrûn en fûterjendeweis wer ôfstuts.

Fansels is it úteinlik wol goed kommen. Hja leinen it ek út: de maten fan de âlde hûzen wienen net standert mear en it guod koe dus net mear kant en klear oanlevere wurde. Dus moast der in protte sels makke wurde. En dan moatte jo timmerlju hawwe hin. Echte, net fan dy doch-mar-wat mantsjes.
Mar dochs is it ek wol wer gesellich. De manlju komme oeral en kinne elkenien. Se slagge wer in wike by jin om foar in piipke op it dak, en binne wer hielendal op ‘e hichte fan ús húshâlding, gjin ûnderwerp wurdt mijd. Bakje kofje der by en op ‘e tiid efkes skoftsje. Oeral hawwe se ferstân fan en hja hawwe it altiten oars en ek noch mâlder meimakke. Hea, as wienen it húspsychologen, it hoegde net oars.
En dat sit gewoan by de hier yn.








16-07-2006

de stûpa fan Hantum









Ik sykje dy yn de laaielinen fan ‘e klaai,
fan fierrens likest my ta te wiuwen.
Boppe grien beamte út in gouden tek,
wyt en read skimerje troch de kamûflaazje,
flaggen wabberje yn de soele wyn.

Ienmel it doarp út stiet weromkommen faai.
In slingerdyk om stadige stappen te riuwen
oan de fraach: ‘Is de wrâld my brek?’
At de timpel tekene is troch tatoeaazjes
blauwe man, lûk dan keal de weareld yn.









De stoepa van Hantum


Ik zoek je in de leylijnen van de klei,
van veraf lijk je me al toe te juichen.
Boven groen loof uit een gouden dak,
wit en rood schemeren door de camouflage,
vlaggen wapperen in de zwoele wind.

Ooit terugkeren naar het dorp staat je vrij.
Een slingerpad is om langzaam te buigen
voor de vraag: ‘Heb ik aan de aarde lak?’
Als de tempel getekend is door tatoeages
blauwe man, trek dan kaal de wereld in.















14-07-2006

ik ferrek it





Der wurdt fan dizze en jinge kant frege hoenear't myn twadde bondel ferskynt.
No, ik haw de wichtichste útjouwers by del west, en dy hawwe gjin belangstelling, omdat ik 'net yn harren fûns pas'. In eufemisme foar nee dus. En at de iennige mooglikheid is dat ik der dan sels oan meibetelje moat, dan jou ik him leaver yn eigen behear út, al falt de bondel dan ek bûten mooglike sirkwyen.
Ik bin der noch net mei dwaande, en faaks komt it der hielendal wol net fan want dat gearstallen en neisjen is it minste wurk dat der is.


11-07-2006

Sa lilk, en ek sa wer goed




No wurket Jan al fan foar it eksamen ôf foar de scooter dy’t er sa graach ha wol. Mar leafst seis dagen yn ‘e wike. It gie ús by tiden stoef genôch, mar Jan is in baaske en krigest it him net gau út de holle at it deryn sit. Dat wy hawwe him ek mar stil wat gewurde litten. Better sa dan sa’n 1.81 m. jonge deis wat om je hinne te ferfeeljen. Mar no, nei in moanne as twa en in heal, begjint er wat te bongeljen. Hy hat sa goed syn bêst dien dat er him al hast sjef fielt, want hy is ommers fan alle merken thús. Oeral yn te setten en op alle tiden, fan moarns seis oere oant jûns tsien oere ta.

Mar hjoed hie er it groat gear mei de ferfanger fan de baas, dy’t mei fakânsje is. Hy hie wat om ouwehoerd mei de oare jonges. Ien dêrfan moast er wat leare, mar tagelyk moast er syn eigen wurk ek yn ‘e gaten hâlde. Dat wie krekt wat tefolle foar de fyftjinjierrige harsenskes west. De ferfangende baas, baasinne yn dit gefal, hie him nei hûs ta stjoerd omdat er der mar wat mei de pet nei sloech. ‘Dat ik bin nei hûs ta gongen,’ sei Jan, ‘en ik gean ek net werom.’
Jahaa, want as lyts bern fuortstjoerd wurde, dat kin it ego net tille fansels.

Yn it skoft kaam de ferfangende baasinne noch efkes thús del en hat de jonge ek like hurd wer oannommen. Jan grommele wat, mar seach my al efkes mei in skeef eachje oan.
Sa fan: ‘Sjocht mem wol? Ik kin ommers net mist wurde.’





10-07-2006

Leardaam

Leardaam, in fers dat nominearre wie foar de priis fan de wedstriid mei it tema 'Barst'. It hat gjin priis helle, mar in nominaasje is fansels ek moai.

Ik haw it tema kombinearre mei de leafde, in ûnderwerp dat my yn deselde tiid ek nochal troch de holle spile. It is in kombinaasje wurden van 'barst' en in bewurking fan de tekst fan 1 Korintiërs 13.



Jubeltaal

Ik spruts de taal fan alle folk
rôle wurden yn in simbalen skeal
myn stim de gong dy’t it liet song
fan de âlde parrehouten peal

lit los, lit los de profesije
yn nije leafde kin alles lije
it heimnis fan de kennis dy’t ik ferlear:
sy telt grutsk alle minsken gear

sy is as in skonken wynbokaal
yn it tebrutsen krakelee
giet se in heel libben mei
fan sêfte hannen rûn beruorre

ferkent sy bûch en barst, giet
oer de skras dy’t in lustlang duorret
en at de klanketaal berêst
glazueret leafde noch it glês.





Jubeltaal

naar 1 Cor. 13


Ik sprak de taal van alle mensen
rolde woorden in een cimbalen schaal
mijn stem de gong die het lied zong
van de oude perenhouten klots

laat los, laat los die profetie
jonge liefde is verdraagzaam
het geheim van de kennis die ik verloor:
zij telt trots alle mensen saam

ze is als een geschonken wijnbokaal:
in het gebroken craquelé
draagt ze haar leven mee
door handen zacht afgerond

verkent ze buig en barst, draalt
over de kras die een lustlang duurt
en als de klankentaal verstomt
is het liefde die het glas glazuurt.


06-07-2006

stienwosken spikerguod






 


 


Hurd, stienhurd is dyn gean


mei de treen, mei de metro


yn de stêd fan knipperljocht.


Reade eagen yn in bleek gesicht


tôgje dy nei, it karke kleanguod


toait de leaden lêst fan myn


soarchsumens, mangele wurk.


 


Ik angelje de skierblauwe broek


út de hoeke fan de lege keamer.


It wie dyn moaiste, ôfdroegen en


mei in skuor oan ‘e piip dêr’t


in hûn by neare nacht de tosken


yn set hie, en in plak fan it reade


papierke yn ‘e bûse bewosken.


Dy broek, ja.


 


Der belje noch geregeld freonen


dy’t harren fersinne, dyn bêste freondinne


kaam lesten út gewoante oanrinnen.


Hja dronk in kopke tee mei, dêr woe


se net foarwei, mar sa’t jimme rattelen


fielden wy ús tangele en bedroege


as stienwosken spikerguod.