20-12-2014
12-12-2014
Namaste!
ik notearje trije
wizen:
in Nepalees
in Litouwer
en in Marokkaan
har eachlidden
biede my oan
frije fragen en
wrantelprot
troch in
tsiisdoek te parsen
myn stimme
waakset as dame
fan fleis en
bloed nei wetter
en brokken, wyt,
in suverens dy’t
sear docht
en eagen
opljochtet
as ik skriuw
hingje ik
leafde oan myn
fingers
.
03-12-2014
beppe
Doe gie se der foar sitten en swijde net
oer har twadde mem, de bedoarne hjelsuster,
heit dy’t wat mei fee die en altyd fuort wie
de slachter oer de wei dy’ t woarst makke fan de
kij
fan heit en de earste skiep fan oer it spoar
op ‘e fyts nei Appelskea en gjin oare Tomtom
as de mûle, ûnderweis nei auto’s sjen en sels
it riidbewiis helje wolle al mocht it net fan
heit
en it gapjende folk dat op de loer lei as in
feint
de fyts tsjin de muorre oan sette, o, o,
hearebesite
en dan moast it dochs mar wêze, trouwe
en bern krije en bern krije en bern krije en
en bern krije en bern krije en bern krije en
nea mear de stiltme fan in hûs mei in
spiiskeamerke
of it lûd fan de wetterpomp by de wasktobbe
it rûzen fan beammen it lûd fan nea dat mear.
.
07-11-2014
By de seefûgels
yn dy loft, dy loft fan dy
dêr’t de skieppetekkens
dy om ’e earen fleane
dêr wol ik wêze
tegearre mei dy
wy sille fleane
nei de sinne
- of nei de moanne
it mei hjoed wêze
- of moarn
mar wy fleane mei inoar
sis it my ta dat wy
dit útsjoch net ferjitte
By in skilderijke fan Hepie de Haan
Foto: In-Dokkum
http://www.in-dokkum.nl/content/kruisbestuiving-bij-vakwerk-dokkum
24-10-2014
Krúsbestowing by it Vakwerk Dokkum
De stifting Vakwerk Dokkum (VAK stiet foar Verrassend Ambachtelijk en Kunstzinnig) jout (amateur)keunstners en ambachtslju de
gelegenheid om foar in perioade van in pear moannen yn in leechsteand winkelpân
harren wurk en wurksumheden te fertoanen. Sa dogge der der op 't heden
keunstskilders, in meubelmakker, in pottebakster en in wolbewurkster oan it projekt mei. Meast
sitte der twa of trije keunstners by inoar yn ien pân. Sommige keunstners beoefenje ek noch ris mear as ien keunstfoarm, sadat
der genôch te besjen falt. De sittende keunstners en ambachtslju noadigje út en
troch ek 'gastkeunstners' út. Hepie de Haan, myn skilderjend en byldhouwend
suske, docht ek mei.
Hepie hat koartlyn in oar suske fan my te gast hân, dy't kantklosset.
Op 1
novimber mei iksels har gast wêze. Ik sil dan besykje gedichten te skriuwen by
guon fan Hepie har keunstwurken dy't al makke binne en dy’t yn it pân oan de
Boterstraat 10 yn Dokkum steane of hingje. It kin ek samar wêze dat my it each
earne oars op falt, en dan dichtsje ik dêr oer. Hepie en ik besykje inoar te
'krúsbestowen', dat wol sizze; sy besiket oan 'e hân fan in fers fan my in
skilderij of oar wurk te meitsjen, en ik prebearje by har wurk in fers te
skriuwen.
Hjir is alfêst in priuwke fan sa'n krúsbestowing:
Hjir is alfêst in priuwke fan sa'n krúsbestowing:
swier
simmer wie it
doe’t
pake mei krebintige rêch
yn de
lannen om ’e poel
de pet
nei foarren, eagen leech
giel
de see yn wrede hannen
soeiend
stadich snee nei snee
de
risping oan syn fuotten foel
hy
wurket foar in meager lean
de
wolken drige, it waar is wier
pake
moat de simmer meane
15-07-2014
Wylgemoed
De wylch draaide him yn ‘e sûs
en waard in stille stobbe
skûlplak foar de mosk en mûs
oan de stille slingerdyk
klimmerblêd wynsele him
om ‘e stamme, yn ‘e greven
tusken loft en grûn wifelt er
mei de fuotten yn it slyk
en op ‘e griene rûge kroan
yn de âlde grouwe prûk
skoftet soms in reade wikel
dy't dan wekket oer it gea
en oer my as ik bang bin
hy docht de wjukken foar my gear
dan klim ik yn de beam syn búk
en laitsje wy de hiele weareld út.
Wylgemoes-
beam út 'e wylgefamylje, in soad as
stobbewylch brûkt,
Salix alba
19-06-2014
het lied van de molen (3)
https://sites.google.com/site/ruurdtsjesaudio/opnommen-audio
HET LIED VAN DE MOLEN
Op de wijs van: Het lied van de IJssel
(Aan
d’oever van de IJssel staat een veerhuis…)
R. Poortinga-de Haan –
JUNI 2014
TEN NOORDEN VAN DE RIJKSWEG LIGT EEN DORPJE
DAAR STOND EEN MOLEN,
WINDLUST WAS ZIJN NAAM.
U KUNT DIE OUDE REUS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.
U KUNT DIE OUDE REUS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.
DE HELE DAG ZAG JE VAN VER DE WINDLUST,
HET WAS VOOR ELK EEN OPGEWEKT GEZICHT.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.
MAAR OP EEN NACHT, EEN PAASNACHT ZONDER STERREN,
VLOOG ONZE MOLEN PLOTSELING IN BRAND.
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
DE BEELDEN GINGEN OVER ‘T HELE LAND
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
DE BEELDEN GINGEN OVER ’T HELE LAND.
HET STOND WEL VAST: ER KOMT EEN NIEUWE WINDLUST
EEN SKYLINE ZONDER MOLEN IS GEMIS
IN BURUM-city KENNEN WIJ ZIJN WAARDE,
WE RUSTEN NIET, TOT ER EEN NIEUWE IS.
IN BURUM-city KENNEN WIJ ZIJN WAARDE,
WE RUSTEN NIET, TOT ER EEN NIEUWE IS.
MET MAN EN MACHT WERD ER GEWERKT DOOR KRACHTEN
DE MOLEN WERD OPNIEUW WEER OPGEBOUWD.
Z’N WIEKEN DRAAIEN DOOR DE WIND EN WOLKEN
ZIE IK DE MOLEN, LACHT MIJN DORP ME AAN
Z’N WIEKEN DRAAIEN DOOR DE WIND EN WOLKEN
WIJ HOPEN DAT HIJ EEUWEN BLIJFT BESTAAN!
18-06-2014
bist ûnskuldich, leaf
ûnder de blommen dyn ingelgesicht
wjukken tekene fan sinnebanen
bist wier sa ûnskuldich leaf
doe’tst hieltyd minder ietst en dronkst
hongen dyn rûne foarmen noch
yn dyn klean, ton sur ton
rokich oer myn fragen leinen
de runen dy’t de hûd útlutsen
mar dyn eagen baarnden, o
wat baarne se blau, mem
troch dyn frissele hier
omkrânse, dit gouden medaljon
11-03-2014
Reizgje
As ik hjir bin,
en do oan de oare kant
dan sit it rút
tusken ús yn,
en de strjitte
mei it bushokje.
Ik sjoch op dy
del en do
sjochst nei de
bus út, mar soms
hiel efkes,
folgest mei dyn eagen
in do of hege
seefûgel bûten it ramt
fan myn rút. Dan
glânzet dyn antlit
sa moai dat it
liket oft de sinne
fan ûnderen skynt
nei boppen,
nei dit rút,
dêr’t ik efter sit te
sjen nei de jonge
fan de bus.
Letter hear ik
wa’tst wiest
en datst nei
Seelân giest.
14-02-2014
Jo steane sa stil
Sa hiel, hiel stil jo stal
mei jo hannen, ik wol
jo sizze in sa leaf wat,
mar ‘k wit net wat.
Jo skouderkes dy’t sa moai binne,
om jo hinget ljocht hinne,
waarm, waarm, waarm, - stil omhong
jo waarmte, ik doch ferlangjen om.
Jo eagen binne sa blau
as klearber wetter – ik woe
dat ik ris even jo wêze koe,
mar ‘t kin net, ik bliuw fan my.
En ik wit net wat ‘t is wat
ik jo sizze wol – ‘t wie dochs wat.
Nei
Herman Gorter (1864-1927)
20-10-2013
it each fan de dei
Hjir yn dit neiboude kabinet
fynt men it andert net
Margaretha MacLeod-Zelle, frêle frou
briek de bân fan houlikstrou.
It libben wie har molke sûnder rjemme,
man en bern waarden tûkelteammen.
Yn har holle libbe in sierlike fantasy:
se folge de rôp fan in sinlike melody.
De loaitsen fan manlju dy’t kringe woene
troch de walen dy’t dochs wol falle soene,
folgen de “Danse de Feu” fan de Yndyske sinne.
Mei koe it Each fan de dei har sege
begjinne.
De sjoernalisten ferhunen har dânskeunst,
en by offisiersfroulju wekke hja oergeunst.
Sy paste net yn it byntliif fan in troude frou
want mei har namme naam se it net sa nau.
Yn de hoeken fan in seal hingje no har jûpen.
Dêryn fielde se de manljuseagen glûpen
nei it sedich nedzje om de hals.
Of wie de hytte fan har fel faaks falsk?
De muorren fan de seal bin’ klaaid mei
frouljusfel
by de tatoeaazjes slachst de eagen del:
om de nâle en wier... ek boppe de naad!
Men rekke doe der grif troch fan de kaart.
Der leit in boek mei artikels út de krante
en it flierkleed mei fuotstappen, elegante
paskes yn yngewikkeld patroan beweefd.
Ea hat se hjir sierlik oer hinne sweefd.
In fleske lodderein earne yn in kastke
in bûsdoekje mei monogram noch yn it taske
de tiara en boarstkûmkes binne fûn
yn Ingelân en no werom op Fryske grûn.
Yn de oarloch waard se in dûbelspionne
Dútsers en Frânsen brûkten Gryt as pionne
en hoe’t se ek bearde fan neat te witten
se hawwe har dêrom stjerre litten.
Yn dizze seal hinget oeral in ljochte swime
fan Mata Hari har lêste hime,
dy’t troch gewearskûgels omkomme moast
tolve stiks, rjochte op it bedutsen boarst.
Yn in fitrine leit noch in brief oan Non,
har famke, dat se efterliet op in stasjon.
‘Zoo een rotzak’ skreau Non der letter ûnderoan.
No beide fan doe, fan leafde net bedoarn.
2003.
15-09-2013
Mien der schaap
Tink net dat ynwenners fan Nederlân bûten Fryslân net
ynteressarre wêze soene yn de Fryske taal. Sa is der in dichter, Erik
Lelieveld, dy’t al jierren yn de besnijïng is fan it wurd ‘skiep’.
It woe der ynearsten mar net by him yn dat it wurd likegoed by it iental as by it meartal deselde ferskiningsfoarm hie.
It woe der ynearsten mar net by him yn dat it wurd likegoed by it iental as by it meartal deselde ferskiningsfoarm hie.
Op Facebook hat
er it wurd werom fûn by it wurd mienskip:
“skiep!!
maar die heb ik wel onthouwe hoor!
dat is schaap
even kijke hoor? Wat type je nou?
dy’t net witte oft it no ’minskiep’ of ’mienskiep’ is..........
okeeeeeeeeeee......
oke..
kan ik wel chocola van maken hoor!
dyt net is nattuurlijk lijkt net
oft ni is alsof het geen
’minskiep’ of ’mienskiep’
hmmmmmmzzzz??
mijn schaap of Tante Mien der schaap is??
Zoiets he??
skiep!
skiep weet ik wel
heb ik van jou geleeerd!
Wel raar is dat al die mensen staan te juichen dat het Tante Miens schaap is.”
“skiep!!
maar die heb ik wel onthouwe hoor!
dat is schaap
even kijke hoor? Wat type je nou?
dy’t net witte oft it no ’minskiep’ of ’mienskiep’ is..........
okeeeeeeeeeee......
oke..
kan ik wel chocola van maken hoor!
dyt net is nattuurlijk lijkt net
oft ni is alsof het geen
’minskiep’ of ’mienskiep’
hmmmmmmzzzz??
mijn schaap of Tante Mien der schaap is??
Zoiets he??
skiep!
skiep weet ik wel
heb ik van jou geleeerd!
Wel raar is dat al die mensen staan te juichen dat het Tante Miens schaap is.”
23-06-2013
Goudbekbyldferhaal
![]() |
Ut de keuken fan de skriuwersarke wei sjoch ik in fûgeltsje sitten op it fytsehokje. |
![]() |
Hy sjongt moai, hieltyd op itselde plak. |
![]() |
Sit er no te brieden, of rêst er efkes? |
![]() | |||||||||||||
Boppe Rink syn slyptaffeltsje, lofts, dêr sit er, yn it hoekje. | |
![]() |
Nei in dei of tsien wurd ik wol hiel benijd. Mem is hieltyd faker fuort. Sil ik? Efkes in stoel derûnder sette... |
![]() |
En ja hear, de kopkes witte heech en de snaffeltsjes yn it wiidst iepen. |
![]() |
Efkes fluch in pear foto's meitsje en dan fluks wer fuort, foardat mem werom komt! |
20-06-2013
Wer thús
Neist it jeugdboek hat myn ferbliuw ien fers oplevere
Kraab en tyk
Wol ik dosinten stypje, op de Alp d'Huez?
Wêr kin ik dy namme ek alwer fan? In alp
is in berch, mar ik sit hjir oan de petgatten,
in test
foar wiken sûnder komfort en regelmjittich in
gjalp
fan ôfgriis: it libben guod komt yn kloften op
my ta
en wa’t ek delkomt, it makket neat út, se
moatte my ha.
Yn Drachten drintelje trije famkes op ’e merke
sy sjitte minsken oan; wolle jo, en ja,
wikselje kin wol
yn it sintrum ynienen belutsenheid bemerke
mei slimsike minsken, bytiid in lichem fol
de kraab slacht ta, soms neat mear oan te
dwaan
it kariljon stipet de fraach om royaal jild te
jaan.
In tyk byt ta, it bistje klammet de kaken yn
it blanke fel
fêst oan in lekker sappich stikje fleis fan ’t kút
fêst oan in lekker sappich stikje fleis fan ’t kút
hy graaft him yn, de wyn en bôle komme by him
del
hy lit my net wer los, as wie it syn lêste leafdestút.
In minibiter nei ieren en sinnen op jacht:
dat er de tentakels mar net yn myn ynderlik
slacht!
De Feanhoop, juny 2013
19-06-2013
Putsjemannen foar driuwende mankeminten socht
Ja, hear. Hjoed wer twa frjemde mantsjes op it
hiem hân. Dizze hienen gjin griene, mar brûn-bêzje-eftige klean oan. Sy woene witte
oft it arkje wol rjocht yn it wetter lei. Dat moasten se ôfmjitte troch op it
each nei it wetteroerflak te sjen. At dat yn in rjochte line mei it hout fan it
arkje wie, soe it wol goed wêze. No tink ik by mysels, hea, jonges, dat hie ik
jimme ek wol troch in tillefoantsje fertelle kind. At de pinnen my hjir fan ’e
tafel ôfrûgelje, is it yn de war. Mar nee hear. Se komme yn eigen persoan twa man
sterk del en freegje fuort ek efkes wa’t jo binne en oft je al wat skreaun
hawwe. Dat hat oars neat mei de wetterpas te krijen, soe’k tinke. Mar goed, de
teller stiet dêrmei dus op tolve man yn 18 dagen, wêrfan’t der fiif faker as
ien kear west binne. No kinst dy ôffreegje oftst dy dêroan steure moatst. Dêr
falt oer te redendielen. Oan de iene kant moatte jo der wurdearring foar hawwe
dat der sa’n omtinken is foar it arkje, oan de oare kant haw ik al lûden heard
fan minsken dy’t hjir wol seis wike sitten hawwe en dêr't nea besite fan
alderhande ûnderhâldsmannen of hokfoar putsjemannen dan ek west is. Allinnich
de moandeitemoarnskofjedrinkersploech, dy is fêst en dêr wurde jo op tiid fan
tefoaren fan op ’e hichte steld.
De dei is noch net om, dus it sil my nij dwaan oft der noch mear wurklju komme. Ik tink dat it hast ek tiid wurdt foar it kontrolearjen fan de elektryske betriedding. By it wetter is der ommers gau kâns op korroazje. En soe de stjonkdobbe fan it húske ek net hast fol sitte? Moatte der noch beammen omseage wurde? Kin noch krekt, foardat ik hjir wei gean...
18-06-2013
Waarme fisk
Hjoed dan einlings, op de op ien nei lêste dei
hjirre, in waarme dei. Dy waard dan ek sa’n bytsje hielendal tegearre mei myn
studintedochter bûten op de feranda fan it arkje trochbrocht. Wat in hearlike
dei. Wis, moarns hawwe wy earst wurke oan it boek en de tentamens, mar middeis
hiene wy frij krigen fan ússels. By gebrek oan in bikini mar âlderwetsk yn
ûnderguod. Der is dochs nimmen dy’t ús hjir sjocht. Wûnder boppe wûnder net
folle lêst hân fan miggeguod. Soest ferwachtsje dat se fûler wêze soene.
Miskien komt dat jûn noch. Us famke hat hjir twa nachten slept en hie oeral nevebulten.
Ik noait ien. My wolle se net hawwe, want ik haw in te dikke hûd, tinkt myn
dochter. Dat kin, mar se woe ek net ruilje mei myn tikebyt. Dy byt skynt sa’t
it him no oansjen lit, gjin gefolgen t hawwen. Kinst noch wol in plakje sjen,
mar gjin ringen of ferkleurings.
De fisken springe hjir om ’e raak yn it wetter om. Hoe waarmer it wurdt, hoe mear at se springe. Ik moast hieltyd tinke oan it boppesteande fers dat ik ris skreau oer opspringende fisken.
De fisken springe hjir om ’e raak yn it wetter om. Hoe waarmer it wurdt, hoe mear at se springe. Ik moast hieltyd tinke oan it boppesteande fers dat ik ris skreau oer opspringende fisken.
No sitte hjir gjin salms yn it wetter, mar wol bleien, tink ik. Wy hawwe yn
elts gefal in silverkleurige grutte fisk springen sjoen.
Moarn wurdt de lêste dei yn it arkje. Tongersdei pak ik yn, meitsje ik de boel oan kant en dan sit it der op. Us famke ferwurde it presys goed doe’t se fan ’e middei opmurk:
“Nuver hin, mem, fielst dy hjir fuort thús.”
Moarn wurdt de lêste dei yn it arkje. Tongersdei pak ik yn, meitsje ik de boel oan kant en dan sit it der op. Us famke ferwurde it presys goed doe’t se fan ’e middei opmurk:
“Nuver hin, mem, fielst dy hjir fuort thús.”
It sil aanst wol raar wêze om hjir wei te gean yn de wittenskip datst drekst
net wer komme silste.
17-06-2013
Smook en sigeunerinnen
Hjoed begûn de dei mei in swiere damp oer it
petgat. It like oft der in tekken fan smook oerhinne lei. Moai om sa de dei te
begjinnen; as rôlet de nacht steatlik in tek ôf.
Letter op de dei, doe’t de sinne wrachtich skynde en it wetter stil en helder wie, ha’k in snoek sjoen; hiel stil lei er te wachtsjen op fiskjes. Hy hie sa’n moaie skutkleur, dat it lang duorre foardat ik yn ’e gaten hie dat ik nei in snóek seach. En sa’t ik dêr in skoftsje nei him stie te sjen, foel it my op dat jeien dus soms ek in kwestje is fan hielendal gjin aksje ûndernimme. Of teminste, sa liket it. Ik haw syn eagen net sjoen. It nuvere is, át er dan aksje ûndernommen wurdt, kinst it sa gau net folgje. Sjochst allinne mar wetter opspatten en hearst it klotsen fan it slaan mei de sturt en fuort is er.
Dat ik de snoek net faak sjoen haw, sil grif wat mei in kâlde waar út te stean hawwe. Hoe moaier it waar, hoe warberder de fiskjes binne. En dat jildt ek foar de stekmiggen. Dus ja, der is altiten wol wat mei de natoer.
Letter op de dei, doe’t de sinne wrachtich skynde en it wetter stil en helder wie, ha’k in snoek sjoen; hiel stil lei er te wachtsjen op fiskjes. Hy hie sa’n moaie skutkleur, dat it lang duorre foardat ik yn ’e gaten hie dat ik nei in snóek seach. En sa’t ik dêr in skoftsje nei him stie te sjen, foel it my op dat jeien dus soms ek in kwestje is fan hielendal gjin aksje ûndernimme. Of teminste, sa liket it. Ik haw syn eagen net sjoen. It nuvere is, át er dan aksje ûndernommen wurdt, kinst it sa gau net folgje. Sjochst allinne mar wetter opspatten en hearst it klotsen fan it slaan mei de sturt en fuort is er.
Dat ik de snoek net faak sjoen haw, sil grif wat mei in kâlde waar út te stean hawwe. Hoe moaier it waar, hoe warberder de fiskjes binne. En dat jildt ek foar de stekmiggen. Dus ja, der is altiten wol wat mei de natoer.
Soms oerkomt de natoer dy ek op in hiel oare
manier. Saterdei krige ik besite fan in hiele ploech sigeunerinnen. Ik seach op
en der rûgelen samar fjouwer, fiif, seis, fyftjin sigeunerfroulju út de auto.
Tekkens, kessens en sels hiele matrassen kamen út stationcarren en drekst
waarden der territoaria ôffrede; de iene woe hjir lizze en de oare woe en soe
dêre. Der waard in tinte opset en de nachtjurken waarden útspraat oer
luchtbêden. Doe’t se dat dien hiene, tôgen se allegear pannen en skealen mei iten
nei binnen. Der wie gûlas- en grientesop, broadsjes, in panne makaroany,
hertige en swiete taarten, cupcakes, puddingtaarten, toastjes en spul foar op
’e toastjes, neigesetsjes en wit net wat al. No kamen de klapstuoltsjes út de
wein en hie ik hjir bûten samar in fjirtjin sigeunerinnen yn in rûntsje sitten.
Ien wie der dy’t de lech al út hie foardat it feest begûn, dy foel op in
útspraat matras yn sliep.
Man, man, wat koenen dy sigeunerinnen frette, sûpe en smoke. En prate fansels, de sigeunergitaarmuzyk foel der hielendal by wei. De helte fan dy froulju moast har wer melde by de baas en setten úteinlik om in oere as trije nachts hinne ôf, de oare helte hat him yn it sêfte, wite dûns deljûn. Wat wie it in gesellige jûn! En krekt op tiid, want ik hie skjin myn nocht fan it libben guod dat allinnich mar kweaket, fluitet of gûnzet.
Man, man, wat koenen dy sigeunerinnen frette, sûpe en smoke. En prate fansels, de sigeunergitaarmuzyk foel der hielendal by wei. De helte fan dy froulju moast har wer melde by de baas en setten úteinlik om in oere as trije nachts hinne ôf, de oare helte hat him yn it sêfte, wite dûns deljûn. Wat wie it in gesellige jûn! En krekt op tiid, want ik hie skjin myn nocht fan it libben guod dat allinnich mar kweaket, fluitet of gûnzet.
![]() |
| Durkje wie wat in aparte sigeunerin. Dy woe net op 'e groepsfoto. |
Abonneren op:
Posts (Atom)


























