De stifting Vakwerk Dokkum (VAK stiet foar Verrassend Ambachtelijk en Kunstzinnig) jout (amateur)keunstners en ambachtslju de
gelegenheid om foar in perioade van in pear moannen yn in leechsteand winkelpân
harren wurk en wurksumheden te fertoanen. Sa dogge der der op 't heden
keunstskilders, in meubelmakker, in pottebakster en in wolbewurkster oan it projekt mei. Meast
sitte der twa of trije keunstners by inoar yn ien pân. Sommige keunstners beoefenje ek noch ris mear as ien keunstfoarm, sadat
der genôch te besjen falt. De sittende keunstners en ambachtslju noadigje út en
troch ek 'gastkeunstners' út. Hepie de Haan, myn skilderjend en byldhouwend
suske, docht ek mei.
Hepie hat koartlyn in oar suske fan my te gast hân, dy't kantklosset.
Op 1
novimber mei iksels har gast wêze. Ik sil dan besykje gedichten te skriuwen by
guon fan Hepie har keunstwurken dy't al makke binne en dy’t yn it pân oan de
Boterstraat 10 yn Dokkum steane of hingje. It kin ek samar wêze dat my it each
earne oars op falt, en dan dichtsje ik dêr oer. Hepie en ik besykje inoar te
'krúsbestowen', dat wol sizze; sy besiket oan 'e hân fan in fers fan my in
skilderij of oar wurk te meitsjen, en ik prebearje by har wurk in fers te
skriuwen.
Hjir is alfêst in priuwke fan sa'n krúsbestowing:
Hjir is alfêst in priuwke fan sa'n krúsbestowing:
swier
simmer wie it
doe’t
pake mei krebintige rêch
yn de
lannen om ’e poel
de pet
nei foarren, eagen leech
giel
de see yn wrede hannen
soeiend
stadich snee nei snee
de
risping oan syn fuotten foel
hy
wurket foar in meager lean
de
wolken drige, it waar is wier
pake
moat de simmer meane
Geen opmerkingen:
Een reactie posten