28-07-2007

Ketsjupferslaving





Maaike en har freon Jopke en ús Jan sitte no goed in wike yn Egypte. Fan it tsjerke hawwe wy heard dat se in goeie fleanreis hân hawwe en dat se goed oankommen binne. Maaike hat in ferslachje oer de ôfreis opstjoerd nei de Sneinspetiele fan it Frysk Deiblêd, sy is no foar trije wike
‘ús korrespondinte yn Egypte’.

Fansels hie ik de bern fan alles wat meijûn. Pûdsjes droege sop, kaugom, in ammerke sâlte drop, wat krintekoekjes, salmiakkûgels en mear fan sokswat. Sy moasten al ris wat hawwe te haffeljen dêre. Spultsjes gienen ek mei: in lege learen fuotbal en follybal, in pompke, in spultsje Frysk boerekwartetten en gewoane spylkaarten om mei te klaverjassen.
Mar doe’t ik fan ‘e wike op Jans keamer kaam en de kompjûtermonitor útsette woe omdat it lampke al mar oan stie te flikkerjen, seach ik ynienen wat frjemds efter de kompjûter lizzen. Alle snobberij dy’t ik yn de reistas stutsen hie lei der moai ferdutsen efter. ‘No, dochs flink fan de jonge’, tocht ik by mysels. Hy is net de lichtste kant neist, dat hy hie him skynber foarnommen dy tiid oan te gripen om fan it swietguod ôf te bliuwen. Netsjes!

Mar doe’t Romke en ik fan ‘e wike oan ús mieltsje bakte earpels sieten (oerbleaun fan de oare deis, ik hie fierstente folle skyld) soe Romke de mayonêze en ketsjup efkes út de kelder helje. Mayonêze wie der noch wol, mar de ketsjup koe er nearne fine.
‘Och jong, sjoch doch ris better om dy hinne’ sei ik, ‘der moatte noch ien oanbrutsen en minstens twa nije flessen stean.’
Romke nochris de kelder yn.
‘Nee hear’, sei er. ‘Of ik mei wol kluten yn ‘e eagen hawwe, mar ik sjoch it net’.
Dat doe moast mem sels mar even hinne. Mar Romke hie wol gelyk, der stie net iens in flesse dy’t der wat op like.
Doe gie my in ljochtsje op.

Fan ‘e jûns belle Maaike op út Egypte. Nei in praatsje hoe’t it dêr wie fertelde se dat it mei Jan ek goed gie. ‘Allinne oan de itenstafel hat er it efkes dreech’ sei sy.
‘Hy hat hâlden en kearen om syn flesse ketsjup ûnder behear te hâlden.
Der sitte tritich man om ‘e tafel en se binne ynienen allegear sljocht op ketsjup...’









12-07-2007

Hingje de jas mar yn de gong





hoe’t ik dy ha wol
mei hier
en dat brune fel
witer yn ‘e winter

altiten wer
nei my takeard
mei seine
koartknipte fingerseinen

en eagen
dy’t nei lippen lûke
foar wurden, in tút
of in tongetip

at ik rin
nimst deselde trêd
mei dyn lingte
en dat bytsje breedte

op dyn grûn
wurd ik túnker
gjin plant negeret
dy dûbele segen

datst thús bist
dêr genietsje ik fan
steesoan eefkes myn noas
yn dyn jas op ‘e gong










08-07-2007

tarieding





Noch alve dagen, dan sil ús jeugd nei Egypte ta foar har World Servants projekt. De jongste hat noch nea flein, mar hy is mei in ploech bekenden, dat it sil wol wat tafolle mei de fleandersangst. Boppedat, Jan wol, - at er him ienris byinoar sparre en yninoar set hat - mei de skûter sprinte. En dat giet ek aardich hurd, dus dat sil it him wol net dwaan. Mar ja, witst nea mei Jan, dy set dy altyd foar ferrassings. Ik hoopje al dat se spuipûdsjes yn syn buert delhingje.

Mar no it folgjende: om't der safolle meigean, moatte se merkjes yn de klean ha mei harren namme derop. Alle guod fan tritich man wurdt deis wosken dêr yn Egypte, en dan moat dúdlik wêze fan wa't wat is. No ha'k al sa tûk west om in roltsje stoffen lint te keapjen dêr'tst de namme op skriuwe kinst, en dan kinst dat stikje derôf knippe en dan moat it mei in hyt strykizer op 'e klean strutsen wurde. Dat ik hie wat nij ûnderguod foar de bern helle, en sokken en sokswat, en wie al drok oan it striken (lamme earm derfan, want it moast mei lofts omdat der yn it rjochterskouder in slymbeurstûnstekking sit), doet Jan by de noas lâns opmurk dat er allinne âld spul meinimme woe, dat siet lekkerder en dat koed er dan ôfbrûke en fuortsmite.
Ja, dêr sit je dan mei je goed gedrach.
No moat ik nochris. En it minste is: guont merkjes moatte deryn nááid wurde. No, ik en nuddels, dat is twa. Ik ha noch nea in naaimasine hân, sa'n hekel ha'k oan dat pokkewurk.

MAAIKE | JAN | MAAIKE | JAN | MAAIKE | MEM | WURDT | SPIKER | GEK




01-07-2007

Ik de beahipper









It hat gjin doel en jou lûd,
ik krij hieltyd gjin gehoar en ik
wit wat der bard is mei dy mosk
op it dak. De rein en de wyn

makken fan dy de kjeld en my sa hosk
en ik tocht ús dy swiete pea nochris yn
foar’t de sinne syn ljocht wer falle liet.
Ik bin de beahipper en do de hearemyt.

It hat gjin doel en bûch nei dy oer,
wy steane op de râne fan it dak
fan in glêzen hûs. Yn de dream

sweefde ik nei dy ta, oant er bruts.
No bid ik my de knibbels hast krom,
myn leave en de line bliuwe stom.



22-06-2007

mûzen om 'e hjouwer




23 juny is it dan safier, dan sil ik oan de dyk stean mei poëzy. Wurden mei de wyn mei oer de minsken hinne struie. De kuierders sille my net ûntkomme, dat wol sizze; ik haw altiten wol ien te pakken, want der komt in dixie yn de buert fan myn tintsje te stean. It earste húske dêr’t de kuierders te plak kinne, dus it kin wêze dat der sporadysk gebrûk fan makke wurdt, mar it kin ek wêze dat er algeduerich beset is. En at se ienris sitte....dan binne se oerlevere fansels.

Romke hat in aggregaatsje liend, wy hienen sels in mikrofoan en wy mochten in fersterker liene fan it shantykoar, dat it kin heve. Ik haw in sjarmante assistint sjartere dy’t apels útdielt, in saneamde apeljonge. Wy moatte moarns earst mar efkes mûskopje. Ik sil him ynstruksjes jaan dat er net al te ree wêze moat mei se oan de minsken oer te jaan. Se moatte eins even op de striepakken sitten gean om te harkjen nei in wurdsje foar ûnderweis. Kinne se wilens moai dat apeltsje opite.
It sil my nij dwaan; soenen de kuierders de blik op ûneinich hawwe, of dogge se it harren oan tiid? Hinget ek fan it waar ôf fansels. No, wy sjogge wol, ik bin der klear foar, ik haw myn flowerpowerklean al opsocht en blommen op it striehuodsje. No noch ôfwachtsje oft der mûzen om ‘e hjouwer strune sille.


14-06-2007

Jan & Jopie




Jan en Jopie binne twa hannen op ien búk. Sadree’t Jan thúskomt út skoalle, fisket er Jopie út de koer op it hege kastke foar it rút yn it hok wei en mei de oare hân smyt er de tas del en docht er de jas út. En dan giet it saakje nei boppen ta. Jopie hinget him dan like slop oer de earm as wat, want it bistke docht deis oars net as sliepe.
‘Wêrom moat dy kat eins mei nei boppen ta, at er dochs mar wat op dyn bêd leit te sliepen, Jan?’ frege ik okkerdeis. ‘Wat hast dêr no oan?’
‘No,’ sei Jan, mei de iene hân set ik dan de kompjûter oan en mei de oare aai ik myn katsje eefkes. Dat fynt er moai.’
‘Fral Jan fynt dat moai’, tocht ik by mysels, want it heucht my noch dat ús mem eartiids tsjin my sei dat at bern har wat iensum fiele, dat se dan in bistke hawwe moatte, in marmot, in lamke of in knyn, makket neat út. Dan hawwe se wat by har en kinne se der wat mei om fandelje.

Justerjûn hie Jan al dûst en stie er mei de kat klear om nei boppen, doe’t ik Jopies eachjes wat al te wekker glinsterjen seach. Hy sloech ek wat mei de sturt. At er mei de sturt slacht, is dat meast in teken dat er ûntkomme wol. Mar hy sloech noch net sa hurd, miskien foel it wat ta. Ik warskôge Jan dochs mar efkes.
‘Jan, hy wol by dy wei, hy slacht mei de sturt.’
Jan seach ris in kear, mar allinnich it puntsje ferweegde.
‘Nee hear,’ sei er, ‘hy fynt it lekker.’



12-06-2007

poëzydrokte




Kommende wiken bin ik mei de poëzy op paad.

Nee, net mei it Literêr Sirkwy,
dêr bin ik net foar frege wurden, mar yn
Amsterdam op 17 juny (Iepenbiere Bibleteek Amsterdam),
oan de kuierrûte fan de Lauwerswandeltocht takom 23 juny,
yn de Prinsetún fan Grins (26 of 27 july)
en op 8 septimber by it kultureel festival fan it Kollumer Oproer, yn it Witwaterbos fan Kollum.


05-06-2007

It fleis fan pake Durk




Doe’t ik snein de sneonsbylage fan de Ljouwerter fan 2 juny lies kaam ik de namme ‘tante Hebel’ tsjin, om krekter te wêzen stie der: ‘De jus van tante Hebel’. ‘Hea’ tocht ik, ‘moat dat gjin tante Heabel wêze?’

En drekst wie ik nijsgjirrich, want ik hie ek in tante Heabel, tante Hepie seinen wy thús. Us mem har suster hiet sa, en ek fierderop yn de famylje sieten Heabeltsjes. It artikel gong oer de kollumnist Martin Bril en syn Fryske roots. Nei’t ik fierder lies kaam ik hieltyd mear bekende nammen tsjin en wat blykt: Bril en ik binne fiere famylje, syn mem en minent binne nichten. No is dat útsykjen fan besibbens altiten in grage beuzichheid fan Friezen. Kinst net mei in Fries om útens yn de kunde komme dat der net praat wurdt oer fan wa’tst ien biste en oftst dy-en-dy ek kinst. Skynber binne alle Friezen famylje fan inoar. Ja, dik kâns eins ek wol.

Doe’t ik my twa jier lyn bezich holden haw mei de stambeam fan ús heit en mem ha’k my fansels ek ferdjippe yn de Pilatten. En yndie, wat kamen der doe in ferhalen foar it ljocht. Ek al omdat de famyljes sa grut (en earm, fral yn de njoggentjinde ieu) wienen. Net earder as doe’t it spoar fan Ljouwert nei Grins oanlein waard klaude de famylje wat oerein, want doe krigen de manlju wurk by it spoar en dat betelle goed. Dêrnjonken hat de famylje altiten bekend stien om de feehannel. Ek dy smiet moaie ferhalen op. Ik hoopje dat Bril se opskreaun hat.

Wat hy neamt yn it artikel, dat der nei in optreden fan him trije nichtsjes op him ôfstapten en dat hy se net mear koe, mar wol drekst fernaam dat it famylje wie, fyn ik hiel wjerkenber. Der sitte trekken yn dy Pilatfamylje dy’t hieltyd weromkomme, en dat fernimst fral troch de ferhalen dy’t der ferteld wurde, mei steesoan deselde soart fiten en prinsipes. Wat ik net werom fyn by Bril is de Frysksinnigens, dy’t de Pilatten oars ek wol ha. Mar dat kin perfoarst lizze oan it feit dat hy gruttendiels bûten Fryslân opgroeid is. Hy ferstiet de taal wol, mar praten bliuwt by twa rigels en him lêze sil der ek net kinne. Miskien wie dat oars west at er hjir bleaun wie. De opmerking dat it wichtiger is foar in bern om te witten wêr’t Brussel leit as hoe’t Frjentsjer stavere wurdt yn it Frysk floeit dêr hast automatysk út wei en is ek mear de Hollânske opfetting. Hy hat noch net yn de gaten dat Friezen wolris trochsjitte yn harren stribjen de taal en kultuer te behâlden. Want ast it fleane litst, komt it net werom. En dan kinst sizze: ‘so what?’ Mar ik freegje my ôf; bliuwe de Pilatten dan de Pilatten noch wol?

It docht my tinken oan pake Durk Pilat. Pake Durk wenne op Sânbulten en kocht it fleis altiten by Abele Kamminga oer de wei. Abele Fogel (sa hiet syn frou) wiene slachter. Pake koft it fee yn, Abele kocht it fan pake en pake koft it fleis dan wer fan Abele. In kilo kowefleis, in pûn bargefleis, in leverwoarst en in stik as wat droege woarstjes wyks. Dat helle er saterdeimiddeis op. Sa gie dat, stielen wet. Sels doe’t pake út de hannel wie helle er it fleis noch by Abele wei. Trou as goud. Syn dochter Heabel sil it fleis ek grif ris taret hawwe. En de sjú.







29-05-2007

Tante yn 'e tinte




Net safolle nijs fan it front hjirre; wy hawwe griperich west en dan hast net oeral sinne oan. It modderet mar wat troch sa. Yntusken hat it grutte World Servantsfeest wol west yn Boerum. Jan hat dielnommen yn de organisaasje en alles wat er dwaan moast is ek útfierd, al gienen guont dingen wol op it lêste momint. Hy hie dus ek de gryp, mar hat de jûns al yn de feesttinte west. De artysten ( Henk Wijngaard, Roef en Marjan, grutte Geart, Jan Johannes, Tseard en Nick en Simon (de freonen fan Jan Smit) ) wienen allegear en op tiid presint. De presintator fan Holland FM hat de saak wat oan inoar praat. De tinte wie goed fol en Van Kammen hie it spul netsjes foar inoar, bodyguards as kleankasten included.

Kinst ek sjen dat wy net mear wend binne om dat soart feesten mei te meitsjen. Ik kaam yn dy tinte en tocht: ‘earst mar ris in bakje kofje’, dus ik trêde op ‘e drankwein oan. Se hienen der sa’n moai brechje foar. ‘Maklik,’ toch ik, ‘foar at it wat wiet waar is, dan hoege de minsken net yn de drits om te wâdzjen’. Mar nee, dat wie it plak foar de obers, dêr hie ik neat te sykjen waard my al gau dúdlik makke. Dat tante moast mar werom, en achter de baalje keurich om in bakje kofje freegje. No, dat hienen se wol. Mar mei myn jild koenen se neat, ik moast earst muntsjes keapje seinen se. No, dan earst mar op nei de munteferkeapkarre. Dêr ha’k de eagen mar efkes tichtknypt foar de prizen, oars krije jo ek neat, no. Wer op nei de kofje, en ja hear, diskear hie ik it systeem goed folge. Kofje mei molke. Nei it twadde bakje koe om my it feest wol begjinne, mar it moast noch op gong komme. Ik seach om my hinne nei stuollen en taffeltsjes, mar dat is der tsjinwurdich net mear by.
‘Dêr goaie se mei, mem,’ sei Jan. Ik koe it my net foarstelle, mar goed, skynber is dat sa. Dat jo moatte de hiele jûne no stean. Gjin wûnder dat der gjin âlderein mear yn dy tinten komt. Dat is ommers net út te hâlden. ‘No ja, dan mar wat dûnsje’, tocht ik by mysels. Ik haw dus oant 1 oere nachts ta dûnse. Twa dagen like lam yn ‘e fuotten west as wat, mar dat docht neat.
Doe’t ik letter op ‘e jûn wer by de drankwein kaam om reade wyn, sei it oberkewat spytgnyskjend: ‘O, moatte jo neat hawwe mei molke?’ Ik sei: ‘Nee jonge, ik kom der hieltyd mear yn. No wyn en as ik aanst wer kom, kinst de bearenburch mar klear hâlde.’


15-05-2007

Wat der net al driuwt





Driuw yn it limoer, myn jonkje,
no’t boppe it wetter brekt.
Dyn spegelbyld yn de plassen
makket skrassen op myn antlit,

ik kin net fierder mei de komeedzje.
Heit joech him der ûnder del,
do hiest mear myn fel. Der is
gjin remeedzje mear, remeron

kostet my de kop, dêr bliede
myn harsens. De himel spilet foar hel
om it wiif mei de blauwe mouwen.
Hjerstmis driuwt yn in loftballon.




11-05-2007

Slavinken en fuotbalfans




Juster wie it dan einliks safier. It hie gâns fuotten yn ‘e grûn hân. Jan hie ferline wike freed al foar njoggenen foar de doar fan de sigarewinkel stien om kaartsjes te keapjen, doe’t baas fiskboer al belle wêr’t er bleau. Ja, dan moatst krekt wer op guont wachtsje dy’t in pakje sigretten, twa kaugomballen, de Privé en in krante ha moatte fansels. Mar goed, it wie slagge en nei in skrobbearring fan baas fiskboer wie er mar hurd oan it wurk gien mei de karre skjin te meitsjen en yn te laden foardat er mei de sjofeur op en paad soe.

De hiele wike hie er it der oer. Oars is er de rommel altiten kwyt, mar diskear waard der op de kaartsjes past as wie it goud. Piter soe mei. Piter is syn fuotbalkammeraat, in sportive jonge dy’t sels ek fuotballet. Jan fuotballet net by in klup. Net mear. Eartiids wol, doe’t er noch in jonkje fan in jier of tsien wie, mar se koenen allegear hurder rinne as hy en dêr fûn er mar neat oan. Mar sûnt koart hat er in spultsje fûn op it ynternet, en derby is hy dan de coach fan in alvetal. Hy moat yn- en ferkeapje, it geëamel fan spilers oanharkje at se foar te min ferkoft wurde ensa, en dat hat syn belangstelling foar it fuotbaljen en wat derom hinne hinget nij libben ynblaasd. Boppedat hellet Piter him ek wol gauris op om mei in pear oare maten efkes in baltsje te traapjen, dat it fuotbaljen leit him no wer wat nijer.

Ik tocht al: no hoopje ik al dat it wat in aardige wedstriid is, want it kaartsje hat him de helte fan syn lean koste en it soe al sneu wêze at der dan in lije wedstriid spile wurdt. Mar nee, dêr hoegde ik net oer yn te sitten, sei Jan, want it wie ommers Feyenoard tsjin Grins, dat waard altiten wol in spektakel. En ja hear; der wie fan alles bard: ûnderút skopperij, in reade kaart, in stikmannich giele kaarten en trije goals. It is my fan ‘e moarn mei spjelde en nuddel bestutsen.
Vink, sa hiet de skiedsrjochter, hie twa kear net sjoen dat it in penalty foar Grins west wie. Dat Jan soe Jan net wêze as er net hiel hurd meiraast hie:
‘Slavink, slavink....’







08-05-2007

Ferkearde fragen of ferkearde leeftyd?




In âld karre of kerreven hawwe se noch net, mar al earne in hoal mei in stopkontakt.
Ik kaam thús sneintemiddei en de kast stie iepen en der misten buorden en pannen dy’t ik brûk foar it barbecuën. Efkes letter seach ik dat de frituerpanne ek fuort wie. No ja, doe hoegde ik it deksel fan de frieskast fansels net mear op te tillen; ik wist genôch.
De âld rot wie der letter wer stikem ynkommen en nei boppen slûpt.
Ik haw it mar gewurde litten.
Yn de itenspannen op it oanrjocht siet noch wat mayonêze en kurry, en it bestek lei yn de panne dêr’t de mannen it frituerde iten yn hân hienen.
Fan froeger wist ik noch dat myn bruorren ek altyd fan dy fret- en drinkplakjes hienen. De jeugd byinoar, wat frisdrinken of bier derby, muzykje oan en do hearst se de hiele middei of jûne net wer.
Dat giet der net om dat se thús gjin plak hawwe soenen, mar hja hawwe no ienris saken te besprekken dêr’t gjin folwoeksen earen by heare. Soks moatte jo as âlders oanfiele.
Lesten kamen wy fjouwer man sterk oer it mat, moai foar de tillvyzje oan in potsje bier. Hindert neat, hja binne sechtsjin west, mar doe’t ik derby sitten gie en frege wa’t foar stie mei it fuotbaljen wienen se ynienen samar fuort. Ferkearde fraach steld? Joast mei witte wêr’t se sa gau keard wienen.
Ek nei dat geheime hoal seker.








04-05-2007

Maaiedei





Yn ‘e fierte sigeunermuzyk.
Do hevest de holle skean,
as harkest,
mar de eagen bliuwe leech,
wjerspegelje it Gebou,
it lûdsmozayk
fan griis en brún
net mear dat fûle blau.





02-05-2007

Je zus rijdt






Op ‘e winkelstrjitte yn Surhústerfean hold in frou my oan; oft ik ek in pinne hawwe woe. Wis wol, in pinne komt altyd fan pas by in skriuwer. Der stie in moaie tekst op, sei se. Ja, dat wie ek sa, in bibelske tekst fan de Korintiërs seach ik. ‘Moai hear, tankewol’, sei ik en woe trochrinne, mar dat wie de bedoeling net fansels. Der wie ek in begeliedend ferhaaltsje by. Ik wie eins wat gleon, want Maaike hie my mei de mobyl skille dat se yn in kleanwinkel wat oan stie te passen en dat moast ik keure foardat se it keapje woe. Mar ik koe de frou foar my ek net foar de holle stompe wol? Dat ik haw se efkes rêstich oanheard, mar doe hie se noch folle mear spul by har. Boekjes en boekelizzers en sa. Ik koe alles wol fergees meikrije. No, ik kin dat wol brûke foar de kategisaasje, dat ik haw it yn tank oannommen. Op it lêst krige ik noch in kaaiehinger. Ik kaam fan Boerum, dat ik soe wol mei de auto wêze sei se. Dan koe de kaaiehinger moai by de autokaaien.

Doe’t ik thúskaam joech ik de kaaiehinger oan Jan. ‘Kin in kaai fan in skûter oanhingje’ sei ik.
It is al langer in tear punt tusken ús; Jan is in kear sakke foar it brommersrydbewiis en no ferrekt er it en doch it noch in kear oer. Salang’t er gjin rydbewiis hat, komt er net op ‘e skûter dy’t yn it hok stiet te ferrustjen.
‘Wat stiet der op dy kaaiehinger?’ frege Jan.
‘Je zus rijdt?! Ja, dat kin wol klopje, ik mei net op ‘e skûter ride hin?’
Hy gong fierder:
‘Mem leaut seker dat ik der in ûngelok mei krij omdat ik net in rydbewiis haw, en as ik it al doch, kriget mem de ferfrommele skûter werom mei in geve kaaiehinger deroan dêr’t opstiet: “Jezus redt”.
Mar dat leaut mem dan ek net mear, tink?’










30-04-2007

Fol fan Keninginnedei





Mar foardat it safier is, moat de jeugd mei de trein. Of mei de bus, mar dat is hjir út Boerum wei al hielendal in crime. En de auto, dêr hoege wy it net iens oer te hawwen, dat ding kinst nearne kwyt yn Grins op sa’n dei.
De trein dus. Dat betsjut datst earst yn Bûtenpost, Gryptsjerk of Súdhoarn besykje moatst te kommen. Dat is in makky, pakst de wein en rydst de bern der efkes hinne. Of hja kinne op ‘e fyts, mar mei it each op de weromreis en de tastân dêr’t se dan wierskynlik yn ferkeare is dat net ferstannich.
‘En wat docht mem hjoed?’ frege Maaike.
No, mem woe mei.
Op it stasjon fan Gryptsjerk seagen wy al hiele kloften klear stean op it perron, en foar de kaartferkeapmasine stie ek in hiele kliber. Guont namen de muoite net en keapje in kaartsje, dat seagen wy wol, dy baarnden sa troch. Mar dat doarst ik net. Stel je foar, sit je yn de trein en krije jo in fette boete. Moaie Keninginnedei.
Mar doe’t wy ynstappe woenen, wienen wy wol de lêsten, want der koe gjin kop mear by. It lêste famke hong noch mei de efterein ta de trein út, dy ha’k mar efkes oanlutsen, want oars wie se tusken de doar kommen. De trein siet sá fol, dat der mei gjin mooglikheid noch in kondukteur tuskentroch koe. Jan seach my al meilijend oan; dy mem, dy’t sa noadich noch kaartsjes keapje moast.
Foardat de kondukteur ek mar ien boete útskreaun hie, soenen wy al yn Grins wêze.
Sels de trein dindere oars as oars, koest it gewoan fernimme sa tsjokfol siet er. Der kaam in jonge fan syn plak ôf, hy wjirme him tusken ús troch en soe nei it húske. Moai mis, want it wie beset. Hy timmere wat op ‘e doar om.
‘Hy moat bier kwyt,’ nokkere syn maat tsjin ús. In Westereiner, sa te hearen. Wy knikten wat stom. Siet dy jonge op ‘e hinnereis al fol bier?
Doe’t de doar fan it húske op it lêst iepen gie rûgele der in spantsje út mei reade hollen. Dy hienen dus wol plak hân. Yn Súdhoarn fleach de trein it stasjon foarby. De masinist hat de trein ek hifke tink, en tocht: fol is fol.


28-04-2007

Sjoernaliste mei kreas hier?







Dat de wrâld en dêrmei ek it skoalbarren feroaret is foar minsken mei bern yntusken al gjin nijs mear. Sels it MBO docht mei oan de moderne tiid. Maaike hat goed har bêst dien op skoalle. Omdat der in pear kear yn it jier deselde praktykeksamens oanbean wurde, kinst as learling sels bepale hoenear’tst dêrfoar tentamen dochst. En alles wêr’tst foar slaggest, dat is binnen. Sy hie alles goed op gleed en sa koe it barre dat hja net yn juny, mar yn febrewaris al mei al har tentamens en opdrachten klear wie. Moai, mar moast se dan oan july ta wachtsje foar har diploma?
‘Nee,’ seinen se by har op skoalle, ‘wy dogge mei de tiid mei, dus se mei it earder oanfreegje en dan wurdt it har ek earder útrikt. Dat sa koe it dat wy tongersdei in tillefoantsje krigen mei it berjocht dat har diploma ophelle wurde koe.
Dat hawwe wy dus mar efkes tegearre dien, Maaike en ik. It moast eins ek drekst, want at se it diploma fóar 1 maaie yn har besit hie, koe se in part fan it skoaljild werom barre.
Op nei Grins dus. En ja, it wie wat in keale bedoening fansels, want mei it setten fan har hân ûnder it formulier wie it ek dien. Oars wol in hiel aardige mentor hear, dy’t har it diploma oerlange, mar gjin taspraakje of sa.

‘Dochs mar moai binnen, mem,’ sei Maaike.
En dat is sa, allround kapster is se no. Mar knippe? Ho mar. Hja wol wer oan it learen...
In sprinthavo. Ja, ek wer wat nijs. Twa jier Havo yn ien jier dwaan. En dêrnei? Skoalle foar sjoernalistyk yn Swol seit se...
Se wit wat se wol. No wol.


25-04-2007

Boppe en ûnder de grûn





Hjoed wie ik efkes by heit en mem. Hja wenje noch altyd op it boerespultsje yn ‘e bocht, efter it griene stek mei it hekje mei de izeren hoanne derop. Heit hy krekt wer in ikebeamke ta de grûn útlutsen, it swit stie him tsjok op ‘e holle. Dit beamke hie tsjin de flearebeam oanstien en dat mocht perfoarst net, want dan krige de flear wer net genôch lucht en wetter. “Kloppet ek wol,” sei heit, “want dat ikebeamke hie mear woartel ûnder de grûn as stamme boppe de grûn. Dat is in teken dat er djip gean moat om wetter te krijen. En dizze flearebeam giet dea ast dy ikebeam syn gong gean litst.
Ja, sokke wiisheden hoege de minsken tsjinwurdich net mear te hearen hin,” sette er fuort, “hja sjogge op ‘t heden leaver nei Jensen mei syn smoarch boskje hier en ôfwaaid praat. Mar wat hat dy man ús no te learen?” Ik sei mar neat, want ast der tsjinyn giest, rekket de âld man noch mear yn redendrift oer alles dêr’t er neat mei te meitsjen ha wol.
Mem sei ek neat.
Dy seach nei it fûgeltsje dat in oardel meter fan ús ôf op ‘e grûn stie te stampen.
“Sjochst wol wat er docht, Ruurdtsje?” frege se. Ja, ik seach in fûgeltsje dûnsjen.
“Nee,” sei se, “hy siket om iten. Moatst mar ris sjen.”
It duorre mar krekt even of der kaam wrachtich in wjirm ta de grûn út. “Dat docht dat fûgeltsje mei doel hear,”sei mem. En wier, it bistke stie oan dy wjirm te lûken, wolst it net leauwe, mar hy wie wol trije kear sa lang as himsels. It fûgeltsje wie der suver mei oan. Mar hy krige him út de grûn. Hy lei de wjirm foar him del en begûn de lange slanter yn stikjes te hakjen. Dat slagge mar foar in part, mar hjir rêde er ek mei: hy tearde de sliert in pear kear op en naam de deade wjirm doe as in strikje mei yn de snaffel.
Doe fleach er nei it nêst.
“Sa,” sei mem, “dy wurde wol sêd, dit is syn tredde hjoed al.”





24-04-2007

Moarnsmuzyk








Neier en neier komsto
op my of. In slûpskaad
op oaljige fuotten mei rôze neilen.
Se gienen fan boppen nei ûnderen
hâlden ho by it húske en ik hearde dy:
it klettere en pofte, de doar stiet iepen.

De doar stiet iepen, it bêd kreaket.
do komst deryn. De sinne flamket
at it kezyn dyn laits heint.
It gerdyn knikt meistimmend;
nim it, nim it, jou dy del.
Kinst noch wol efkes sliepe.

Efkes sliepe wurdt neat, dyn
bleate skouder wanket en
blomket ûnskuld. No komt it
lusten neier, yn de rêst fan
geduld. Sêft tsjurrelet it bloed.
Ik haw lake en it die my goed.












23-04-2007

Dalfsen



De bern (ik haw der op ’t heden trije; Jopke, de feint fan ús Maaike rekkenje ik der ek mar by) hawwe dit wykein nei Dalfsen west foar de tarieding foar har reis nei Egypte, takom simmer. Se sille der meibouwe oan in tehûs foar dakleaze froulju mei bern. It plak dêr’t se hinne sille hjit Beni Suef en leit yn de kontreien fan Kaïro. Yn july, dus dan kin it der wol fjirtich graden wêze. Of noch hiter, wa wit. It griist my oan. Sa lang at se libje binne Jan en Maaike my alle jierren ûntkommen, eltse simmer ferbaarnden se earst in kear foardat se in kleurke krigen. Dat ik hâld my it hert beet. Ik moat se earst thús mar wat brúnje litte tink.
Mar goed, sa’n projekt giet dus fan de World Servants-organisaasje út, en freget hast wol in jier tarieding. Der moat in bedrach betelle wurde foar de reis (dat moatte de dielnimmers sels betelje) en der moat jild komme om it hiele projekt te beteljen. Dat wol sizze, foar safier’t der troch dizze groep oan boud wurdt. Ien groep kin sa’n tehûs net bouwe, sa’n projekt nimt wol in jier as twa, trije yn beslach en der gean dan fiif of seis groepen nei inoar hinne om hieltyd wer in stikje fierder oan de bou by te dragen. De groep út Boerum moat soargje foar de binnenmuorren. Om it jild byinoar te krijen hat de groep yn it doarp ferskate aksjes opset.

Tsjin it wykein yn Dalfsen seagen ús bern nochal op, omdat it allegearre halleluja-gedoch wêze soe, sa’t Jan sei. Dy wie al hielendal net te sprekken, want hy miste syn boarne fan ynkomsten no, de deihier fan de fiskkarre dêr’t er sneons op rydt. Boppedat moast in maat fan him sneins in skûterrace ride yn Meppel, en dat hie er ek graach sjen wollen. Hy hat noch efkes besocht om my te sjantearjen, dan moast ik dy miste ynkomsten mar fergoedzje, mar dêr trapet dizze mem net yn hin. Hy moat der ek mar wat foar oer ha.
Likegoed wie it dochs wol in moai wykein west, seinen de bern. Wol twa en in heal oere tsjerke hân, hieltyd wer stean en dan wer sitte en sjonge mei de hantsjes omheech, jimme kinne dat wol. Jan hie him op it lêst mar deljûn en Maaike koe fan ‘e wike har fitness-oerke wol oerslaan sei se. De goemoarnpetearkes hienen se noch it moaiste fûn. Deryn koe elk fertelle wat him dwers siet of wêr’t er nachts fan dreamd hie.
It team is build. No it dakleazensintrum noch.


22-04-2007

letter





letter


Hjir is de roas
Dy’t ik foar dy koft
Hast him op tafel set
Yn in reade wynflesse

Dêr stie er dan
Twa moanne lang
In reade roas sûnder bledsjes
Yn in griene flesse.

No haw ik de roas
Op sterk wetter set
Badwetter
Yn in wite flesse
Om te bewarjen
Foar -