05-05-2013

Pot-ite by poëten





In aksje fan it Literêr Sirkwy fan It Skriuwersboun mei as tema: sport en iten tidens de Alvestêderintocht.

In rinner – of kuierder – moat goed sportyf wêze, want der sille tidens de Alvestêderintocht hiel wat kilometers fretten wurde moatte. Underweis is it saak om op ‘e tiid wat te iten en foaral te drinken, en jûns hawwe de kuierders ferlet fan in streksum miel en in goed bêd. Mar hoe sit it mei de geastlike stipe?

It Literêr Sirkw, ûnderdiel fan It Skriuwersboun, heakket tsjinwurdich ek oan by gruttere eveneminten. Fansels is dan de Alvestêderintocht fan 2013 dêr in prachtige gelegenheid foar. Dy kuiertocht begjint tiisdei 7 maaie mei it trajekt Ljouwert-Sleat (49,84 km). Woansdei 8 maaie wurdt der rûn fan Sleat nei Warkum (44,91 km), Himelfeartsdei fan Warkum nei Frentsjer (42,37 km), freed 10 maaie fan Frentsjer nei Dokkum (43,33 km), en de tocht einicht op sneon 11 maaie mei it lêste stikje fan Dokkum nei Ljouwert (28,57 km)

Tryntsje van der Veer, dichteres en mei-organisator fan it Literêr Sirkwy , sil  besykje alle fiif dei-ôfstannen te rinnen. Leden fan It Skriuwersboun, mar ek dichters en skriuwers dy’t dêr net by oansluten binne, wurde útnoege om mei te rinnen, al is it ek mar  foar ién dei. Eltsenien dy’t wol, kin Tryntsje efkes skoftsje litte om har te stypjen mei in fers of ferhaal om de geastlike motor op te laden.

Eltse dei skoot sy op in stuit oan tafel by in Frysk dichter of skriuwer om de ynwindige minsk te fersterkjen mei in goed miel en in noflik petear oer de skriuwerij dêr’t de gasthear of –frou him of har mei dwaande hâldt. At it meisit fynt se dêr ek in plakje foar de nacht, sadat sy moarns ier wer fris oan de start ferskine kin.

Der wurdt alle dagen troch my ferslach dien fan Tryntsje har wjerfarren. Dat ferslach sil jûns, oan it ein fan de dei,  op dit weblog delset wurde en yn de rin fan 'e wike ek op de site fan It Skriuwersboun.

28-03-2013

Literêr Sirkwy set útein mei in kursus Better Presintearjen!


Workshop jûn troch Philip Curtis





Net eltse skriuwer of dichter dy't wolris op in poadium stiet, is like wis fan syn stim en hâlding by it foar it ljocht bringen fan poëzy of ferhalen.
Hoe brûkt men bygelyks in mikrofoan? Wêr lit men syn hannen?
At jo graach ris wat tips en hânfetten krije wolle soenen om dat better oan te learen, dan krije jo dêr no de kâns foar.

Op sneontemiddei 13 april wurdt der in ynteraktive kursus jûn foar skriuwers (Frysk, Hollânsk, dialekt) dy’t harren poadiumpresintaasje ferbetterje wolle. De kursus is in ferfolch fan op dy fan it skriuwerswykein yn Riis yn 2012, mar is likegoed nijsgjirrich foar minsken dy't foar it earst meidogge.

Dosint is Philip Curtis, in muzyk- en teaterman dy’t ûnderfining hat op it mêd fan presintearjen op in poadium. Nim foaral eigen wurk mei om mei te oefenjen. Curtis sil ek jo mooglike fragen beäntwurdzje.

Foar wa:                    leden en net-leden fan It Skriuwersboun
Datum:                       sneon 13 april 2013
Lokaasje:                   Kafee Wouters yn Ljouwert (foar it NS-stasjon oer)
Tiid:                            Ynrin om 13.00 oere, start 13.30 oere
Skoft:                          15.00-15.30 oere
Ofrûn:                         likernôch om 17.00 oere
Kosten:                       fergees
Opjefte:                      is nedich, graach opjaan foar 11 april fia Ruurdtsje61@gmail.com



De organisaasje fan it Literêr Sirkwy leit yn hannen fan Tryntsje van der Veer en Ruurdtsje de Haan.


14-03-2013

Wurden ynstee fan blommen

 
Tsjêbbe,


Twa kear haw ik by dy op poëzykursus sitten, ik mien yn 2005 en 2007. Wat fûn ik dat moai! It wie bepaald gjin opjefte, al like it soms dreech om in opdracht mei nei hûs te krijen en betink mar wat by in tema. Wêr’t wy dan as kursisten ek mei kamen; it wie altiten goed. Net, datst de tekst goedkardest – dêr lietst dy nea oer út – mar do lietst eltsenien yn syn wearde. De iene dichte no ienris sa en de oare sa.
Dat woe net sizze dat der net oer praat waard. Sterker noch; do joechst dyn lêserfaring op papier en joechst ek de goede en swakkere parten fan it fers oan. Mar nea yn de sin fan ‘dit is sa net goed’  of ‘ dat moatst oars dwaan’.  Do lietst leaver sjen wat der noch mear mooglik west wie, of hokker kant at jin ek út tinke koenen, en wêr’t de spanning yn in fers lei.
Ik hie it idee datsto derfan genietest. En wy mar wurkje en huverich ús wurk foarlêze oan dy en de oare kursisten. De jûnen fleagen foarby. Doe’tsto mei it kursusjaan ophâldest, bin ik der ek mei ophâlden. Ik woe drekst net wer in oarenien op dy stoel sjen.



Mar it aldermoaiste datst my joechst, wie dyn hân op myn skouder. It kaam my sa nuver foar; do hiest gjin hûn en ek net iens in stôk. Do hiest minsken. Dat wist ik doe noch net.
Dus de earste kear datst my fregest om dy mei nei ûnderen te nimmen yn Tresoar wist ik eins net hoe’t ik it hie. De hân fan immen oars, immen dy’t achter myn stean moast, in hân op myn skouder, in man, dy’t hielendal op my fertrouwe moast by it ôfrinnen fan ‘e houten treppen… Ik krige it der benaud fan. Wat as ik te hurd gie? Wat as ik net op tiid warskôge dat wy nó by de treptreden wienen? Wat as ik fergeat te sizzen dat der no in platoke mei in draai kaam, foardat de trep wer fierder gong? It wie, oftst mei dyn hân ek krekt efkes dyn libben by my op it skouder leidest. Mar it gie altiten goed.
En soms, at ik fielde dat ik net al te wis fan mysels wie, hiesto my beet. Wy foelen nea.   


 

19-02-2013

Kâld





Kâld

 


Winter komt neier.
Ik fiel it oan de loft
en oan de wurden dy’t ik skriuw.
Alles wurdt helder: de strjitte
is oan de ein ta te sjen. De wurden
hawwe gjin ein.

Ik bin tichter
by de wierheid yn desimber
as yn july. Ik bin dichter
by de graasje fan de kalinder, liket it
soms wol. Dochs, de wurden net, de stêden
nimme har ein.

At der earne
simmer en winter, mar in stjer
baarnde dy’t in ynwyt ljocht joech.
Ik sis in stjer, mar it
mei alles wêze. At it mar baarnt en
wurden waarmte jout.

Mar ik leau
net, winters noch minder, oan
sa’n stjer. Yn wurden moat ik leauwe.
Mar wa kin dat? Ik bin
in stim, stjerrend en kâld, fol
winterske wurden.






Remco Campert
Ut: Berchtensgaden,
De bezige bij, Amsterdam 1953

oersetting: R. de Haan


31-01-2013

Glydzje




it âlde wyfke
de rollator foar har út
as wie it in stoel





29-01-2013

Duorsumens

 





Hjoed moast ik ynienen tinke oan ús pake, dy’t feehanneler wie. Om’t er frjemde wurktiden hie, wie er eins noait mei itenstiid thús.
Yn de jierren sechstich en santich fan de foarige ieu wiene der yn pake syn hûs gjin gaskachels, en al hielendal gjin sintrale ferwaarming. Hy hie houtkachels. Twa. Ien yn de foarkeamer en ien yn de achterkeamer. Yn de keuken, it klompehok en boppen wie der gjin ferwaarming. Beppe hie op it graniten oanrjocht wol in twapitsgassteltsje op butagas te stean, en fierders hie se twa petroaljesteltsjes om iten op te sieden of der waarm op te hâlden. 
By pake-en-dy waard der middeis om tolve oere waarm iten. It moarns- en jûnsmiel bestie út brochjes, bakken en jûns faak mei in stik roggebrea derby.
“Brea slacht de honger dea”, sei pake dan. Leafst hie er dêr dan wat fynsnien spek op, of krûdtsiis. Dat er snijde mei in herdersmeske dat sa tin wurden wie troch it folle brûken, dat it hast wol in stikje izertried like. By pake gjin potten mei nútsjesmoar of sûkelarjepasta. Heechút ris in pakje sûkelarjekerrels, op snein of mei de hjeldagen.

Der wie noch in apartichheid mei pake syn iten. At pake der net wie mei it middeismiel, die beppe syn iten gleonhyt yn in grutte itenspanne. Net sa’n plattenien as wy hjoed-de-dei hawwe, mar it like mear op wat tsjinwurdich in soppanne is, of sa’n pastaboard, mei in djippe kûm deryn. Beppe skepte de panne goed fol, die der in omkeard board boppenop, en dan wuolle se dat yn in grutte baddoek. It hiele gefaarte waard
ûnder de tekkens en de wytkanten sprei, oan it fuottenein fan it âldersbêd skood. At pake dan thúskaam fan de freedsmerk yn Ljouwert, sa om twa oere hinne, koe er earst even lekker ite, en neitiid in kniperke dwaan yn in swietrokich, waarm bêd.  It is noch gjin fyftich jier lyn dat it sa gie, miskien ek wol by oare minsken út dy tiid. Der waard net folle wei.

Bûten, tsjin it hûs oan, wie in soarte fan ticht ôfdakje boud, dêr’t pake it hout foar de kachels yn bewarre. It hokje wie wol wetter-, mar net wynticht. Dan siichde it hout goed troch, sei pake, en waard it hout fansels droech. Yn dat hokje hie er in ekstra keamerke timmere. By’t simmer sliepten de útfanhûzers dêryn. En sliépe datst dêr koest! It rook altiten hearlik nei hout en hea en gers. Meidat der gauris in sigentsje trochhinne gie, wie it krekt oftst yn de bûtenlucht leidest te sliepen. Los fan it hûs, mei in skulpepaadsje dernei ta, stie de stâl. Dêr wie it húske; in brede, houten kiste mei in gat deryn en in lid mei hantfet derop, moai laaiblau farve. It húske stie boppen de groppe, dus fan minske en bisten koe alles yn ien kear ferwurke wurde. Dêr siichde it ek, trouwens. Mar sa wienen der gjin spuitbussen mei rûkersguod nedich. En at it al te donker wie, stie der in nachtromer ûnder it bêd.



14-01-2013

Meander

Update

Der binne in pear nije - út it Frysk oerset - gedichten fan my pleatst yn it Hollânsktalich Meandermagazine.

11-11-2012

Alle dagen binne wer oars





No’t de stúdzje ôfrûne is, falt der in reade see foar my iepen. Wis, ik sjoch om nei betelle wurk, mar dat skynt op dit stuit in yllúzje te wêzen. Net dat ik dêr lest fan haw, oeh deule nee. Yntusken haw ik alwer ien holpen te ferhúzjen, húshâldlike putsjes dien dy’t allang dien west moatten hiene, striklinten oan de doarpshûsskelken naaid, tûzen boesgroenen strutsen en 50 pakketsjes mei snobbersguod klearmakke foar Sint Marten.
Fan ‘e wike kaam der in skoansuster del dy’t der in hiele fytstocht foar oer hân hie om hjir te kommen. Doe’t se deryn kaam frege se mei in suver benaud gesicht oft it wol paste foar de tee. Skynber haw ik my de lêste tiid nochal wat ôfsluten. Dat benaude fan har, dat wie wol in teken oan de wand, net? De sosjale kontakten ûnderhâlde, dêr bin ik noch nea goed yn west. Ik wol wol goed, mar it slagget my mar net om maklik ta de doar út. En wês no earlik; eltse kear at jo earne komme skept dat al hast ferplichtings. Of jo moatte de lju, dêr’t jo by op besite west hawwe, útnoegje om ‘ it ris wer op te heljen’, of se helje jo oer om earne oan mei te wurkjen, eat foar se te dwaan of, yn it slimste gefal, sit te nimmen yn it bestjoer fan de feriening dêr’t jo op dat stuit te gast binne.  Ik haw dus hâlden en kearen om my te hanthavenjen yn it ‘normale’ libben. Dit efkes ta ynformaasje fan dyjingen dy’ t tinke dat ik no ‘yn in gat fallen bin’.
Net dus, mar mei skriuwen hawwe dizze nije tiidsomstannichheden ek noch net folle te krijen.

28-10-2012

Tweedehandsboeken zijn uitgelezen koopjes *

Top of Form
Bottom of Form



Juster haw ik einlings de reis ris ûndernommen nei Tresoar syn jierlikse boekeferkeap. Dêr wie oant no ta neat fan kommen omdat ik my der de tiid net foar gunde. De ferkeap duorre fan 10.00 oant 14.00 oere. Doe’t ik der om 11.00 oere hinne wie, hienen de measte sneupers de bút al binnen seach ik wol. Der stienen etlike fytskes mei grouwe fytstassen deroan bûten foar de doar. Binnen strúnde ûnder oaren myn âld-dosint O.V. om. De feiling fan âlde, djoere en seldsume eksimplaren wie krekt begûn.
Ik wist net rjocht wat ik ferwachtsje koe, mar der leinen boek en yn it Frânsk, Ingelsk, Dútsk, Frysk en Hollânsk yn lange rigen op tafels útspraat, mei de rêgen nei boppen ta. Der siet wol in sekere oardering yn; keunstboeken leinen byinoar, en foar safier mooglik ek de talen. De moaiste boeken binne foar my de brûkte boeken, brûkt yn de wiere sin fan it wurd; dêr’t de foarige eigner eat ûnderstreke of wat yn skreaun hat. Altyd nijsgjirrich wat in oar derfan fynt. Der leinen âlde, mar ek noch wol frijwat nije boeken. Myn rispinge wie:

Onze mysterieuze wereld, Heilige plaatsen. Verloren Continenten, Symbolische landschappen, Antieke steden. Houten, Van Holkema & Warendorf, 1987.  € 3,00

Geschiedenis van Friesland. Kalma, J.J., Spahr van der Hoek, J.J. en De Vries, K., Leeuwarden, Miedema Pers, 1973. € 5,00. In meidielsum boek, dat seach ik sawol, en omdat der noch wol in pear lakunen by my sitte oer de skiednis fan Fryslân, like my dit boek wol goed ta om ris troch te nimmen.

Bydragen ta de didaktyk fan it Frysk yn it fuortset ûnderwiis. Breuker, P. e.o., Ljouwert, Afûk, 1982.  € 1,00. Bin benijd nei it nivo dat dizze learlingen behearskje kinne moatte.

Nederlandsch – Friesch Woordenboek. Wumkes, G.A. en De Vries, A., Sneek, A.J. Osinga, 1918. € 3,00. Lekker, sa’n âld wurdboek!

De mens en zijn handschrift. Van der Wal, T.J., Amsterdam/Antwerpen, L.J. Veen 1947. € 1,00. Hânlêzen en grafology boeie my oermjittich.

Op ’t aljemint. Dykstra J.K., Ljouwert, Afûk, 1987. € 1,00 Dizze hie’k al, mar dêr wie ik op it stuit net wis fan. Om dy iene euro koe ik it risiko net nimme en lit him lizze. Omdat ik sljocht op taaldinkjes bin, woe ik him perfoarst hawwe. € 1,00

Efkes taalbuorkje. Tsjepkema, H., Ljouwert, Koperative Utjowerij, 1978. € 1,00. Dizze hie’k ék noch net!

Nederlandse Spraakkunst. Derde stuk, De leer van de woordsoorten. Den Hertog, C.H., Amsterdam, W. Versluys, 1973. € 1,00

Tussen volkstaal en schrijftaal. Feitsma, A., Ljouwert, Koperative Utjowerij, 1978. € 1,00. Bin benijd.

Omgean mei literatuer. Riemersma, Tr., Ljouwert, Noarderlike leargongen, 1987, € 1,00. Dit boekje ha’k meinommen om in sin dy’t ik lies (mar sa gau net weromfine kin) wêryn’t Riemersma sa likernôch seit dat jo fansels net alle literatuer dy’t der is, lêzen hawwe kinne en dat jo dus ek net oer elts ferneamd literatuerboek meiprate kinne, domwei omdat in minske no ienris net alles lêze kind hat. Dy sin spruts my oan, omdat er sa raak is.

Lexicon van de taalwetenschap. Booij, G.E, Kerstens, J.G. en Verkuyl, H.J., Utrecht/Antwerpen, Het Spectrum, 1975. € 1,00. Altyd nuttich. Dit is bygelyks in aardich lemma: Seks-antomynie. Twee constituenten zijn seks-antoniem wanneer hun betekenisinhoud identiek is behalve voor wat betreft de specificatie ‘mannelijk’ en ‘vrouwelijk’. Voorbeeld: bruidegom-bruid, acteur-actrice, conducteur-conductrice, dief-dievegge. Bij neutralisatie van de seks-antonymie wordt de mannelijke vorm gebruikt, bijvoorbeeld: Wie eens steelt, is altijd een dief (niet: dievegge).

* Sitaat fan: Bert Dewilde



27-10-2012

P- tinzen

 

Yn it brief dat de organisatoaren fan Projekt P nei deputearre Jannewietske de Vries stjoerd hawwe, meitsje sy melding fan in goed tritich skriuwers dy’t protestearren tsjin it foarnimmen fan de provinsje om twa wichtige literêre prizen ôf te skaffen, nammentlik dy foar oersetting en dy foar debuten. Noch ris sa’n tweintich oare skriuwers wienen net by it protest tidens de útrikking fan de Obe Postma-oersetpriis en de Fedde Schurerprizen op 12 oktober lêstlyn oanwêzich yn Tresoar, mar makken wol kenber dat sy it ek net iens wienen mei de ôfskaffing fan de neamde prizen. Mei-inoar binne dat in goed fyftich skriuwers dy’ t fan har hearre litten hawwe. Ik tink dat dat in oantal is om rekken mei te hâlden. Ik wit net krekt hoefolle skriuwers der yn it Frysk skriuwe, mar foar myn literatuerûndersyk oan de RuG kaam ik yn 2010 op 93 dichters (dy’t te trasearjen wiene). Guon fan dy dichters binne ek proazaskriuwers. Der sit dus in oerlaap yn. Ik sei al dat ik net krekt wit hoefolle skriuwers der binne dy’t suver en allinne proaza skriuwe, mar ik tink dat at de fyftich skriuwers dy’t protestearren in frij heech persintaazje foarmje fan it gehiel oan Fryske skriuwers. Troch de provinsje mei de aksje fan Protest P dus wis wol as in serieus sinjaal opfet wurde.

Wat it ferdwinen fan prizen foar debutanten oangiet; ek dy soe ik net te gau fersmite, net de Fedde Schurer-, mar ek net de Fedde Schurerpublykspriis. Hoewol’ t dy lêste priis by it stimmen dêrop no noch fraudegefoelich wêze kin, soe der dochs in publykspriis bliuwe moatte, al is it allinnich mar om de ‘gewoane’  Frysklêzers temjitte te kommen. Oft dat no in  'Fedde'priis wêze moat of dat dy priis in oare namme kriget, dat makket my neat út.

Likegoed fyn ik it idee fan debutante-beurzen nijsgjirrich. Der stiet yndie efter eltse beam net in nije talintfolle skriuwer, mar by sa’n beurs is it dochs eins begûn om it skriuwen te stimulearjen? Om my hoecht dat jild net oan âlde rotten bestege te wurden; dy hawwe harren paad al fûn. It stimulearjen fan debutanten moat nije Fryskskriuwers just oantrune om har yn it skriuwen te ferdjipjen en te ûntwikkeljen. Miskien groeit sa’n debutant net út ta in bekend of produktyf skriuwer, mar miskien ek wól. It giet de provinsje tink ik earder om it idee. Foardat sa’n beurs oanfrege wurde kin sil de aspirant-skriuwer him ommers earst goed yn de Fryske skriuwtaal ferdjipje, oars kin er sa’n beurs nea besette. Dat is de earste winst al. In manier om út te finen oft it in talintfolle debutant betreft soe de eask fan ien eardere publikaasje fan dy debutant wêze kinne (jildt dat allinne by it Letterenfonds foar in stimulearringsbeurs, of sil dat aanst ek sa wêze by it plan fan de provinsje foar de fiif nij yn te stellen stimulearringsbeurzen?), mar eins fyn ik dat net in goede manier. Want dan hat de aspirant beurs-oanfreger de útjouwer earst al as hifker hân. At er dy tûkelteam passearre is, is er dus eins al gjin debutant mear. Boppedat liket dat in fisieuske sirkel te wurden, want hokker útjouwer stekt syn nekke tsjinwurdich noch út foar in debutant? Utsein at dy debutant sels mei in sekfol jild by de útjouwer oansetten komt, fansels. Mar dan liket it oft de debutant syn earste útjefte 'koft' hat en driget it gefaar fan klasseferskil tusken debutanten, allinne om’t de iene de middelen ta in earste publikaasje wol hat en de oare net. Dy kant moatte wy net út wolle.
Wêrom soe de redaksje fan Ensafh., dy’t al of net in x-oantal bydragen fan in mooglike beursoanfreger behoffene hat, net fiif kandidaten jiers foardrage kinne oan de provinsje, bygelyks? De redaksje fan Ensafh. bestiet út minsken dy’t yn it fjild wurkje en doel hawwe oer de matearje. Eventueel soe dat yn gearwurking kinne mei It Skriuwersboun. Dizze foarm fan foardragen fan kandidaten tsjinnet dan fuort-en-daliks twa doelen: én it leveret mear kopij op foar it literêre blêd (en faaks ek mear lêzers) én skriuwers binne mear belutsen en krije sels mear ynfloed op it takennen fan in beurs. Koartsein; de prizen net samar ôfskaffe (om it prizejild hoecht dat ek net), dy miskien al wat oars ynrjochtsje, en de stimulearringsbeurzen likegoed ynfiere. En dan foar de organisaasje fan de priis-útrikkingen in studint Frysk as staazjerinner ynsette. Ek wer twa doelen mei tsjinne; in staazjeplak kreëarre dy't stúdzjepunten opleveret foar in studint én de provinsje hat dan gjin drokte mear fan de organisaasje fan de priisútrikkingen.

12-10-2012

Dreamspul




It deksel fan de doaze teart in weareld iepen;
in boerd sjocht ús oan, ien stien knypeaget en
in rinner skoot troch de drokte om in leech fakje hinne.

In spul spilest net allinne, earmtakken wurde plante
yn it plústerkleed, hollen stinne yn palmen en
mei eltse set komt de reek fan in sigaret –

romfels lûke galen yn it gesicht, der wurdt stoarre
troch in wale. Is dit it spul, of binn’ it tinzen mei gewicht?
Wyt slacht swart mei in dûbele rêdslach

en it hynder springt samar oer trije hindernissen.
In reade pion wurdt derôf mept, de stien dobbelet foarút,
ienen kin men misse, en alles op it honk is út.

05-10-2012

By elts spul giet it om de pot



It is net te leauwen dat de provinsje twa wichtige Fryske literatuerprizen ôfskaffe wol, de Obe Postma oersetpriis en de Fedde Schurer (fak- en publyks)priis foar debutanten. En wêrom eins? Is it tefolle gedoch om der sjuery’s foar te finen, of tiid en plak te finen foar de útrikking fan dy prizen? Of moat der foar de kommende jierren alfêst in breed ferskaat oan ferantwurde kultuerprizen yn it bidboek 2018 komme te stean? In rekkensom leart ús dat it de provinsje Fryslân ynearsten net om in tekoart oan beskikber prizejild giet.
Ut myn skripsje hat wol bliken dien dat de measte Fryske auteurs ek net skriuwe foar de opbringsten fan harren skriuwwurk, dat is langer in yllúzje. De eare en de erkenning foar it wurk, dêr giet it auteurs benammen noch om.
Ik kin begripe dat de provinsje ek oare keunst- en kultuerúteringen stypje wol troch dêr prizen foar yn te stellen. Mar soe it dan net logysker wêze om de prizepot sa’t dy der no is, evenredich te ferdielen tusken de besteande literatuer- en kultuerúteringen en de nije? Wêrom prizen fuortsnije? Moat it wat lykje, dy iene grutte jildpriis foar Fryske literatuer? En moat dêrom in goede en nuttige tradysje ferbrutsen wurde? Krekt as soenen de oerset- en debutantepriis gjin doel mear hawwe. Just wol, en just nó wol, soe ik sizze, yn dizze tiid dat wy wer opkomme moatte foar it Frysk as taal (ik tink bygelyks oan it ôfbroazeljen fan de selstannige stúdzje Frysk oan de universiteit fan Grins). Literêre prizen binne no krekt oantruningen foar oersetters en nije skriuwers en dichters om foar it ljocht te kommen mei harren wurk. Wat bliuwt er oars noch foar reden oer? Altruisme foar it skreaune Frysk oer? Dan wurdt der wol hiel wat frege fan auteurs. It is mei auteurs krekt sa as mei alle oare minskebern: der moat wat tusken stean yn it spul, oars is der neat oan. 




25-09-2012

Ienris wie ik mem



Ienris wie ik bern, faam, frou
en doe mem. De mem
mei tee, moalkoekjes en molke.
De matteklopper foar de tucht
de tuten foar de sucht.

Ienris wie ik mem, de mem
fan lila jasseberntsjes, it oppompen
fan plastik trekkerbantsjes,
bedobber fan deade kattelykjes
en wachter yn de nacht.

No hein ik fûgels op, plok
deade miggen fan de muorre.
Ik sied iten foar de friezer,
sis tsjin de baas hoe bliid ik bin:
de hannel is fuort. En ik bin los.


.

02-09-2012

Skripsje is ôf!


En no mar mei de earms oer inoar…?

Einlings is myn masterskripsje klear: Meartaligens yn de Fryske poëzy; krús of kâns? (Multilingualism in Frisian poetry; problem or possibility?)
En krekt op ‘e tiid. Hie'k al sein dat ik it as dieltiidstudint ferrekke soe om de boete foar it langstudearjen te beteljen? Hoesa langstudearje. Dêr laitsje se by Iepen Universiteit, de LOI en it NTI hiel hurd om. Dy steane alwer mei de kursusdoarren yn it wiidst iepen te wapperjen. Net te leauwen dat it regear it koartlyn net iens mei himsels wurde koe oer de ôfskaffing c.q. in oanpassing fan dat ûnsinnige beslút. Fansels hienen se de saak ek al fierstente fier komme litten.
Ik haw begrutsjen mei dy studinten dy’t it net foar inoar krije en helje harren diploma foar 1 septimber 2012. Dat dat mar efkes sein is.

En fierder sit ik mei de earms oer inoar, dat at der noch minsken binne dy’t ferlegen sitte om in ôfstudearre frisist, dy meie wol efkes lûd jaan. Ik bin eins oeral wol goed yn, mar ik haw net in sittend gat, dus 8 oeren op in burostoel wurdt him net. Ja, of ik moat op ‘e tiid efkes in rûntsje rinne kinne.
Foar de klasse fyn ik ek moai, mar net foar dat jonge guod, dat al wit dat it fak Frysk net meitelt foar it rapport. Nee, dan leaver in Pabo, of de Stenden of soksawat. Mei jongfolk fan dy leeftyd kin ik  goed út de fuotten.
Is dit in iepen sollisitaasje?
Ja, wêrom ek net. I love social. En media. 



30-08-2012

Exit gouden fel





It libben is in prelude
op de fiksje dy’t ik skriuw,
de dream, winsk en wurklikheid
beskine de ljochtgatten fan 't fel,
meitsje fan teare ieren rivieren
dy’t brûzje fan de libbensdriuw.

It libben is in ôflaat 

fan in ivich besteand momint,
de tiid, wrâld en weardichheid
nimme it falkrûd en focht fan 't fel,
meitsje fan mûtel fleis en fearkrêft
in moarmeren monumint.





15-07-2012

K&K



 

in libbensferoarjend momint
komt foar
hoewol – eins mar twa kear echt

Komrij en Kopland
yn 2012
waans amme feroare

wierheid yn skyn
missen yn reitsjen
en wa wit wat der noch komt

23-06-2012

Oan ‘e bak




Ja, der bart in soad op ’t heden. Oan de RuG, mei de stúdzje Frysk dy’t kwalitatyf faai driget komme te stean, it filologekongres by de Fryske Akademy dat tige nijsgjirrich wie, it Oeralfestival dêr’t ik oars graach wat fan sjen wollen hie, nije boekepublikaasjes, en gean sa mar wat troch. Ik kin my der spitigernôch op ’t heden net al te bot oan steure, omdat ik tangele bin mei de finale fan de masterskripsje Fryske Taal en Kultuer. Miskien binne Janneke (Spoelstra) en ik wol de lêsten fan de Mohikaner masterstudinten Frysk. Wa wit. Sa’t it no liket kin dat bêst. En dan moat it ús ek noch meisitte, want as ik de skripsje net foar augustus ôfkrij en takom jier ynienen as ‘langstudearder’oanmurken wurd, dan is it ferhaal wol út. Want ik ferrek it om 3000 boete betelje te moatten omdat wilens de wedstriid de spulregels feroare binne. En dan te betinken dat wy alle jierren it kolleezjejild foar dizze stúdzje, dy’t wy doe-des-tiids yn dieltyd folgje woene, út eigen bûse betellen. Dus neat gjin stúdzjefinansjearring foar ús. Yn dat gefal hie’k my der noch wat by foarstelle kind. No net. Dus, jo begripe, ik moat hurd oan de bak, en ik lit it (kulturele) libben mar efkes oan my foarby gean.

21-05-2012

Promo Boerum!

http://www.youtube.com/watch?feature=player_embedded&v=DczGSbvDagc#!

De promoasjefilm fan Boerum waard makke mei help fan de ynwenners,
muzyk fan Doe Maar,
muzykútfiering fan Dicky (sang en muzyk), Alice en Bea Riemersma (sang)
en tekst fan Ruurdtsje de Haan.

20-05-2012

Boerum Docht it!


Boerum docht it dizze wike foar Boerum!

Sjoch alfêst de earste útstjoering mei de spannende CSI ôflevering en it grutte mini rap-talint fan Kenau en Kelsey Windsant!


http://www.youtube.com/watch?feature=player_embedded&v=j0XKm5I0cqI



Utstjoering wike 21 by Omrop Fryslân,
hieltyd om 16.30 oere (jûns 21.25 oere de herhelling):

moandei 21 maaie
woansdei 23 maaie
tongersdei 24 maaie
freed 25 maaie
saterdei 26 maaie





14-05-2012

It liet fan de mûne fan Boerum





Op de wize fan: Het lied van de IJssel
(Aan d’oever van de IJssel staat een veerhuis…)




TEN NOORDEN VAN DE RIJKSWEG LIGT EEN DORPJE
DAAR STOND EEN MOLEN, WINDLUST WAS ZIJN NAAM.
U KUNT HEM DAAR HELAAS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.
U KUNT HEM DAAR HELAAS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.

DE HELE DAG ZAG JE VAN VER DE WINDLUST,
HET WAS VOOR ELK EEN OPGEWEKT GEZICHT.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.

MAAR OP EEN NACHT, EEN PAASNACHT ZONDER STERREN,
VATTE DE MOLEN PLOTSELING EEN VLAM.
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
EN NIEMAND WIST, HOE DAT PRECIES NOU KWAM.
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
EN NIEMAND WIST, HOE DAT PRECIES NOU KWAM.

NU STAAN WIJ HIER, IN DEZE LEGE WEIDE,
WIJ MISSEN WINDLUST' MOOIE BEELTENIS.
IN DE HISTORIE BLIJFT VOOR ONS ZIJN WAARDE,
OOK ALS ER EENS EEN NIEUWE MOLEN IS.
IN DE HISTORIE BLIJFT VOOR ONS ZIJN WAARDE,
OOK ALS ER EENS EEN NIEUWE MOLEN IS.





Dit fers waard op 13 april yn Boerum op it terrein fan de mûne ynsongen troch de ynwenners fan Boerum en opnommen troch Omrop Fryslân. It wurdt útstjoerd yn de tredde wike fan maaie, op moandei 21 maaie, yn de earste útstjoering fan Doch it foar dyn Doarp. De tekst fan it liet is yn it Hollânsk, omreden dat net allinne de Boerumers, mar ek in protte minsken om utens belangstelling toane en harren belutsen fiele by it ferlies fan de mûne.


Boerum, 08-04-2012
tekst: Ruurdtsje de Haan