No’t de stúdzje ôfrûne is, falt der in reade see foar my
iepen. Wis, ik sjoch om nei betelle wurk, mar dat skynt op dit stuit in yllúzje
te wêzen. Net dat ik dêr lest fan haw, oeh deule nee. Yntusken haw ik alwer ien
holpen te ferhúzjen, húshâldlike putsjes dien dy’t allang dien west moatten
hiene, striklinten oan de doarpshûsskelken naaid, tûzen boesgroenen strutsen en
50 pakketsjes mei snobbersguod klearmakke foar Sint Marten.
Fan ‘e wike kaam der in skoansuster del dy’t der in hiele
fytstocht foar oer hân hie om hjir te kommen. Doe’t se deryn kaam frege se mei
in suver benaud gesicht oft it wol paste foar de tee. Skynber haw ik my de
lêste tiid nochal wat ôfsluten. Dat benaude fan har, dat wie wol in teken oan
de wand, net? De sosjale kontakten ûnderhâlde, dêr bin ik noch nea goed yn
west. Ik wol wol goed, mar it slagget my mar net om maklik ta de doar út. En
wês no earlik; eltse kear at jo earne komme skept dat al hast ferplichtings. Of
jo moatte de lju, dêr’t jo by op besite west hawwe, útnoegje om ‘ it ris wer op
te heljen’, of se helje jo oer om earne oan mei te wurkjen, eat foar se te
dwaan of, yn it slimste gefal, sit te nimmen yn it bestjoer fan de feriening
dêr’t jo op dat stuit te gast binne. Ik
haw dus hâlden en kearen om my te hanthavenjen yn it ‘normale’ libben. Dit
efkes ta ynformaasje fan dyjingen dy’ t tinke dat ik no ‘yn in gat fallen bin’.
Net dus, mar mei skriuwen hawwe dizze nije
tiidsomstannichheden ek noch net folle te krijen.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten