En no mar mei de earms oer inoar…?
Einlings is myn masterskripsje klear:
Meartaligens yn de Fryske poëzy; krús of kâns? (Multilingualism in Frisian
poetry; problem or possibility?)
En krekt op ‘e tiid. Hie'k al sein dat ik it
as dieltiidstudint ferrekke soe om de boete foar it langstudearjen te beteljen?
Hoesa langstudearje. Dêr laitsje se by Iepen Universiteit, de LOI en it NTI
hiel hurd om. Dy steane alwer mei de kursusdoarren yn it wiidst iepen te
wapperjen. Net te leauwen dat it regear it koartlyn net iens mei himsels wurde
koe oer de ôfskaffing c.q. in oanpassing fan dat ûnsinnige beslút. Fansels
hienen se de saak ek al fierstente fier komme litten.
Ik haw begrutsjen mei dy studinten dy’t it net
foar inoar krije en helje harren diploma foar 1 septimber 2012. Dat dat mar
efkes sein is.
En fierder sit ik mei de earms oer inoar, dat
at der noch minsken binne dy’t ferlegen sitte om in ôfstudearre frisist, dy meie
wol efkes lûd jaan. Ik bin eins oeral wol goed yn, mar ik haw net in sittend
gat, dus 8 oeren op in burostoel wurdt him net. Ja, of ik moat op ‘e tiid efkes
in rûntsje rinne kinne.
Foar de klasse fyn ik ek moai, mar net foar
dat jonge guod, dat al wit dat it fak Frysk net meitelt foar it rapport. Nee,
dan leaver in Pabo, of de Stenden of soksawat. Mei jongfolk fan dy leeftyd kin ik
goed út de fuotten.
Is dit in iepen sollisitaasje?
Ja, wêrom ek net. I love social. En media.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten