Yn it brief dat de organisatoaren fan Projekt
P nei deputearre Jannewietske de Vries stjoerd hawwe, meitsje sy melding fan
in goed tritich skriuwers dy’t protestearren tsjin it foarnimmen fan de provinsje om twa
wichtige literêre prizen ôf te skaffen, nammentlik dy foar oersetting en dy
foar debuten. Noch ris sa’n tweintich oare skriuwers
wienen net by it protest tidens de útrikking fan de Obe Postma-oersetpriis en de Fedde Schurerprizen op
12 oktober lêstlyn oanwêzich yn Tresoar, mar makken wol kenber dat sy it ek net
iens wienen mei de ôfskaffing fan de neamde prizen. Mei-inoar binne dat in goed
fyftich skriuwers dy’ t fan har hearre litten hawwe. Ik tink dat dat in oantal
is om rekken mei te hâlden. Ik wit net krekt hoefolle skriuwers der yn it Frysk
skriuwe, mar foar myn literatuerûndersyk oan de RuG kaam ik yn 2010 op 93
dichters (dy’t te trasearjen wiene). Guon fan dy dichters binne ek
proazaskriuwers. Der sit dus in oerlaap yn. Ik sei al dat ik net krekt wit
hoefolle skriuwers der binne dy’t suver en allinne proaza skriuwe, mar ik tink
dat at de fyftich skriuwers dy’t protestearren in frij heech persintaazje
foarmje fan it gehiel oan Fryske skriuwers. Troch de provinsje mei de aksje fan
Protest P dus wis wol as in serieus sinjaal opfet wurde.
Wat
it ferdwinen fan prizen foar debutanten oangiet; ek dy soe ik net te gau
fersmite, net de Fedde Schurer-, mar ek net de Fedde Schurerpublykspriis.
Hoewol’ t dy lêste priis by it stimmen dêrop no noch fraudegefoelich wêze kin,
soe der dochs in publykspriis bliuwe moatte, al is it allinnich mar om de
‘gewoane’ Frysklêzers temjitte te
kommen. Oft dat no in 'Fedde'priis wêze
moat of dat dy priis in oare namme kriget, dat makket my neat út.
Likegoed
fyn ik it idee fan debutante-beurzen nijsgjirrich. Der stiet yndie efter eltse beam
net in nije talintfolle skriuwer, mar by sa’n beurs is it dochs eins begûn om
it skriuwen te stimulearjen? Om my hoecht dat jild net oan âlde rotten bestege
te wurden; dy hawwe harren paad al fûn. It stimulearjen fan debutanten moat
nije Fryskskriuwers just oantrune om har yn it skriuwen te ferdjipjen en te
ûntwikkeljen. Miskien groeit sa’n debutant net út ta in bekend of produktyf skriuwer,
mar miskien ek wól. It giet de provinsje tink ik earder om it idee. Foardat
sa’n beurs oanfrege wurde kin sil de aspirant-skriuwer him ommers earst goed
yn de Fryske skriuwtaal ferdjipje, oars kin er sa’n beurs nea besette. Dat
is de earste winst al. In manier om út te finen oft it in talintfolle debutant
betreft soe de eask fan ien eardere publikaasje fan dy debutant wêze kinne
(jildt dat allinne by it Letterenfonds foar in stimulearringsbeurs, of sil dat aanst
ek sa wêze by it plan fan de provinsje foar de fiif nij yn te stellen
stimulearringsbeurzen?), mar eins fyn ik dat net in goede manier. Want dan hat
de aspirant beurs-oanfreger de útjouwer earst al as hifker hân. At er dy
tûkelteam passearre is, is er dus eins al gjin debutant mear. Boppedat liket
dat in fisieuske sirkel te wurden, want hokker útjouwer stekt syn nekke
tsjinwurdich noch út foar in debutant? Utsein at dy debutant sels mei in sekfol
jild by de útjouwer oansetten komt, fansels. Mar dan liket it oft de debutant
syn earste útjefte 'koft' hat en driget it gefaar fan klasseferskil tusken
debutanten, allinne om’t de iene de middelen ta in earste publikaasje wol hat
en de oare net. Dy kant moatte wy net út wolle.
Wêrom soe de redaksje fan Ensafh., dy’t al of net in x-oantal bydragen fan in mooglike beursoanfreger behoffene hat, net fiif kandidaten jiers foardrage kinne oan de provinsje, bygelyks? De redaksje fan Ensafh. bestiet út minsken dy’t yn it fjild wurkje en doel hawwe oer de matearje. Eventueel soe dat yn gearwurking kinne mei It Skriuwersboun. Dizze foarm fan foardragen fan kandidaten tsjinnet dan fuort-en-daliks twa doelen: én it leveret mear kopij op foar it literêre blêd (en faaks ek mear lêzers) én skriuwers binne mear belutsen en krije sels mear ynfloed op it takennen fan in beurs. Koartsein; de prizen net samar ôfskaffe (om it prizejild hoecht dat ek net), dy miskien al wat oars ynrjochtsje, en de stimulearringsbeurzen likegoed ynfiere. En dan foar de organisaasje fan de priis-útrikkingen in studint Frysk as staazjerinner ynsette. Ek wer twa doelen mei tsjinne; in staazjeplak kreëarre dy't stúdzjepunten opleveret foar in studint én de provinsje hat dan gjin drokte mear fan de organisaasje fan de priisútrikkingen.

Geen opmerkingen:
Een reactie posten