04-05-2020

De wekkere man




foto: B. van Bohemen / NIOD
Kollumerpomp, verzetsmonument



De wekkere man


hy is heit. Mar ek hoeder
oer frou en bern.

Syn faam sil wer
by heit op ‘e knibbel sitte

at heit de hannen frij hat.
Hy koe net witte

oft hy derby wêze soe;
guont fan har binne sketten.

De striid is net ferlern.
Mei it famke giet it goed;

hja leit alle maaien
blommen del foar moed.


22-11-2019

Ienris wie ik mem



.






Ienris wie ik bern, faam, frou
en doe mem. De mem
mei tee, moalkoekjes en molke.
De matteklopper foar de tucht
de tuten foar de sucht.

Ienris wie ik mem, de mem
fan lila jasseberntsjes, fan oppompe
plastik trekkerbantsjes,
bedobber fan deade kattelykjes
en wachter yn de nacht.

No hein ik fûgels op, en plok
deade miggen fan de muorre.
Ik sied biten foar de friezer,
sis tsjin de baas hoe bliid ik net bin.
De hannel is fuort. En los bin ik.







.

Dat, ús paradys






.







Ienris wiene wy it paradys mei in loft
fan blauwe dagen, wy dronken kokosmolke,
ieten ananassen, waarden drûnken fan de sinne
en it wetter dat blonk yn it lette ljocht



mar de himel dústere en de moanne hold ho,
sonk efter de bergen yn de dûnkermanesee
in krûk barste, in aap griep mis en foel,
de túchjesflier fan skrokken ierde wiet



der floeide bloed en earms en fuotten
skokten skrillich tebek, bleke poppen
wachten wy mei swiere hakken yn sân
oant it lûd fan it ferstân ús wekker rôp.



Wy kearden om. Wy flechten fan it lân
dat úzes west wie, dat letter net werkend wurde woe
it earste paradys dêr’t wy berne waarden
dat ús omearme en losliet, en nea wer omsjen soe.







.

13-11-2019

Hjerst

Mocht it mar hjerst bliuwe





Op it hiem fan ús heit en mem
lizze oeral ôfwaaide blêden,
fan alderleie foarm en kleur.
Eartiids wienen se allang oprêden
krige heit op saterje de biezem beet
en hie er se allegear op ien bult rêge,
of de jonges dienen it, nei wat geseur.

Yn ‘e hûs is it ek hjerst,
mem hat alles kreas ynoarder,
mar rint algeduerigen yn in fest,
it hier wappert wylder om ‘e holle,
it wurdt faker wosken troch de help
mar opstekke wurdt har wat tefolle.
De tiid ferrint oars, elts hat tekoart.

Heit en mem rinne wat trager en
der stean twa rollators yn de gong parkeard
mem kin net stjoere, seit heit
sy nimt de bocht hieltyd ferkeard
“Dat er dat noch sjocht,” is wat mem seit,
“en hy wurdt ek al wat dôf.”

Heit en memmes hûs en hôf
rêste op in lange tiid en doer
fan moaie maitiden, simmers en hjersten,
mar de winter, dy slagge se it leafste oer.




.




12-10-2019

Oan 't wurk

It wurdt wier tiid dat ik wer ris dichtsje, mar ik haw it lang drok hân. De holle stie my der net nei. Wa wit, komt der meikoarten wer ris wat.

16-01-2019

Snoopy



"Snoopy" sei ik
om’ster sa skattich útseachst
hurd en glêd fan bûten
sêft oan de ûnderkant

wiest net in wei-joukatsje
mar ik hie it der foar oer
om’st sa moai omfleachst
mei yn dyn eachjes fjoer

en jachtsje datst koest!
in slak, in rûp, in hynstebiter
en doe it ultime doel:
mûzen by de rûs.

Hjoed siet der ien yn de keukenkast.
De âlde katten ferweegden net
ik jage him yn it hok
wylst ik oan dy tinke moast.






02-11-2017

pake Durk

.



It fleis fan pake Prûmke
rûn earst oardel jier yn’t lân
as it net nei de merk gie
- fuortslein mei in klap fan ’e hân -
dan kaam it by slachter Abele.

Dy makke der kilo’s kofleis fan
dy’t er pake dan werom ferkocht.
Beppe makke der sjú fan en bakte
greaukes út bargefet foar by de
brune beannen mei appelsmots.

Pake kocht alle wiken in kilo 
kowefleis, trije pûn bargelapkes,
sân droege woarstjes foar by 't bier
en ien leverwoarst by Abele,
yn wyt en dan brún pakpapier.

Abele Fogel is al wei
lykas as pake Durk en it fleis
smakke my nea wer sa goed
as eartiids by pake Prûmke,
op ’e potkachel, in oere as seis.







03-06-2016

IRL

Ik haw in skoftsje ôfwêzich fan dit blog west, mar dat moat eins al wer feroarje.
Kursussen dien, dreech frijwilligerswurk op my nommen, de twa 'Boemerang'-bern binne wer yn 'e hûs, organisatrise foar BoerumCity2018, ik bin op it stuit oan it staazjerinnen foar BABS, no sa sawat.
Safolle ferskillende dingen irl (skreaunen wy eartiids op de messenger; irl = in real life) dat ik
amperoan oan skriuwen takom. Mar it bloed krûpt wêr't it net gean kin, dus meikoarten hjir dochs wer út en troch wat te lêzen fan my. Is it doel.

03-12-2015

Reis mei stûpen







Sjochst it net faak:
de dea, in Molukker en de laak
tagelyk op in stasjon.

De dea die him foar as bline reizger
hy kocht in kaart op goed gelok,
rûn in skoftsje troch it middenpaad
bejoech him doe nei in skeane hoeke.

De Molukker wie net allinne, nea.
Syn maten laken en fernuveren har
mei skilich sjen nei it útsicht
op bettere tiden soe skielk blike.

It foel foar dat de trein ho hold.
Lichter letter oer it wikselspoar
wie net te sizzen hokker ûntbruts;
de dea, in koffer of de laak.






10-07-2015

dêrhinne





trije dagen haw ik stien
griis de loft, swart it wetter
myn fuotten woartels, yn grûn sa âld

trije dagen haw ik heard
lang it wurd, tsjuster de tinge
myn earmen wjukken, de wyn ta wiis

trije dagen hold ik hoek
fûl de kjeld, wyt en yvich
it hert sa hurd, it moed sa stil

doe kaam de koarte nacht
en ik stapte út de oeren
de eagen heger, nei de stjerren





.

07-05-2015

Op jacht yn it petgat






Wetter, wetter, goudfiskje, wêr giesto hinne?
De spoekesnoek leit ûnder slyk bedobbe
en loert op dyn flugge fleanen, dyn blikken
skobben yn de ûndergeande sinne.

Lit him stikelbearskes pakke, dy’t oars
neat dogge as it plantelaach besette,
lit him wytfisken frette, dy’t yn grutte
skotten plakke ûnder it einekroas.

Goudfiskje, goudfiskje, witst wol fan de jacht?
Wês tûk, krûp ferside yn it beammeskaad,
kom net oan it oerflak en ferweech dy net!
At de snoek mei de sturt op it wetter slacht –
wiest te let.



25-04-2015

Yn koarte halen





Ik tekenje. Yn grutte swarte streken
set ik syn bilbonken del, de sêfte búk
stekt der boppenút (goed foar in waarme krúk
yn de rêch) en mei de holle ha’k net folle wurk;
it lêste hier is fuort en de noas is grutter.

My heucht noch dy jonge jonge
waans boppelippe krolle as er wat sei
mei grutte mûle en noch gruttere hannen,
blauwe knibbelhoazzen en in swarte lange jas.
De hoed siet fol kranteproppen en de
gespen fan ’e skuon yn ’e sinne blonken.

Deselde jonge fan doe is no in oar,
al sjoch ik noch hieltyd in feint yn him
hy is no mear en minder de man
dy’t ik yn him seach, en ik sjoch, ik fiel
dat it goed wie, en ik tekene derfoar.




28-03-2015

stippestap hinkelspring




sa dûnsje ik yn myn hinkelhok
stippestap sprinkelsprong
ik goai it stientsje of bin bok
bûten yn de maitiidssinne
bin ik swan of rin ik hinne
yn spin, it touke yn
út, sprút, de winter út





12-12-2014

Namaste!





ik notearje trije wizen:
in Nepalees
in Litouwer
en in Marokkaan

har eachlidden biede my oan
frije fragen en wrantelprot
troch in tsiisdoek te parsen

myn stimme waakset as dame
fan fleis en bloed nei wetter
en brokken, wyt,

in suverens dy’t sear docht
en eagen opljochtet

as ik skriuw 
hingje ik
leafde oan myn fingers



.



03-12-2014

beppe





Doe gie se der foar sitten en swijde net
oer har twadde mem, de bedoarne hjelsuster,
heit dy’t wat mei fee die en altyd fuort wie
de slachter oer de wei dy’ t woarst makke fan de kij
fan heit en de earste skiep fan oer it spoar

op ‘e fyts nei Appelskea en gjin oare Tomtom
as de mûle, ûnderweis nei auto’s sjen en sels
it riidbewiis helje wolle al mocht it net fan heit
en it gapjende folk dat op de loer lei as in feint
de fyts tsjin de muorre oan sette, o, o, hearebesite

en dan moast it dochs mar wêze, trouwe
en bern krije en bern krije en bern krije en
nea mear de stiltme fan in hûs mei in spiiskeamerke
of it lûd fan de wetterpomp by de wasktobbe
it rûzen fan beammen it lûd fan nea dat mear.



.

07-11-2014

By de seefûgels




yn dy loft, dy loft fan dy
dêr’t de skieppetekkens
dy om ’e earen fleane
dêr wol ik wêze
tegearre mei dy
wy sille fleane
nei de sinne
- of nei de moanne
it mei hjoed wêze
- of moarn
mar wy fleane mei inoar
sis it my ta dat wy
dit útsjoch net ferjitte



By in skilderijke fan Hepie de Haan
 
Foto: In-Dokkum

http://www.in-dokkum.nl/content/kruisbestuiving-bij-vakwerk-dokkum

24-10-2014

Krúsbestowing by it Vakwerk Dokkum


 
De stifting Vakwerk Dokkum (VAK stiet foar Verrassend Ambachtelijk en Kunstzinnig) jout (amateur)keunstners en ambachtslju de gelegenheid om foar in perioade van in pear moannen yn in leechsteand winkelpân harren wurk en wurksumheden te fertoanen.  Sa dogge der der op 't heden keunstskilders, in meubelmakker, in pottebakster en in wolbewurkster oan it projekt mei. Meast sitte der twa of trije keunstners by inoar yn ien pân. Sommige keunstners beoefenje ek noch ris mear as ien keunstfoarm, sadat der genôch te besjen falt. De sittende keunstners en ambachtslju noadigje út en troch ek 'gastkeunstners' út. Hepie de Haan, myn skilderjend en byldhouwend suske, docht ek mei.



Hepie hat koartlyn in oar suske fan my te gast hân, dy't kantklosset. 


Op 1 novimber mei iksels har gast wêze. Ik sil dan besykje gedichten te skriuwen by guon fan Hepie har keunstwurken dy't al makke binne en dy’t yn it pân oan de Boterstraat 10 yn Dokkum steane of hingje. It kin ek samar wêze dat my it each earne oars op falt, en dan dichtsje ik dêr oer. Hepie en ik besykje inoar te 'krúsbestowen', dat wol sizze; sy besiket oan 'e hân fan in fers fan my in skilderij of oar wurk te meitsjen, en ik prebearje by har wurk in fers te skriuwen.
Hjir is alfêst in priuwke fan sa'n krúsbestowing:




 

swier simmer wie it
doe’t pake mei krebintige rêch
yn de lannen om ’e poel
de pet nei foarren, eagen leech
giel de see yn wrede hannen
soeiend stadich snee nei snee
de risping oan syn fuotten foel
hy wurket foar in meager lean
de wolken drige, it waar is wier
pake moat de simmer meane



15-07-2014

Wylgemoed





De wylch draaide him yn ‘e sûs
en waard in stille stobbe
skûlplak foar de mosk en mûs
oan de stille slingerdyk

klimmerblêd wynsele him
om ‘e stamme, yn ‘e greven
tusken loft en grûn wifelt er
mei de fuotten yn it slyk

en op ‘e griene rûge kroan
yn de âlde grouwe prûk
skoftet soms in reade wikel
dy't dan wekket oer it gea

en oer my as ik bang bin
hy docht de wjukken foar my gear
dan klim ik yn de beam syn búk
en laitsje wy de hiele weareld út.




Wylgemoes-
beam út 'e wylgefamylje, in soad as stobbewylch brûkt,
Salix alba

19-06-2014

het lied van de molen (3)

https://sites.google.com/site/ruurdtsjesaudio/opnommen-audio 



HET LIED VAN DE MOLEN

Op de wijs van: Het lied van de IJssel
(Aan d’oever van de IJssel staat een veerhuis…)

R. Poortinga-de Haan – JUNI 2014

TEN NOORDEN VAN DE RIJKSWEG LIGT EEN DORPJE
DAAR STOND EEN MOLEN, WINDLUST WAS ZIJN NAAM.
U KUNT DIE OUDE REUS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.
U KUNT DIE OUDE REUS NIET MEER BEGROETEN,
WANT NOODLOT TROF ONS MOOIE DORPSGEZICHT.

DE HELE DAG ZAG JE VAN VER DE WINDLUST,
HET WAS VOOR ELK EEN OPGEWEKT GEZICHT.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.
DE ZILV’REN WIEKEN WENKTEN IN HET ZONLICHT,
ZAG IK DE MOLEN, WAS IK BIJNA THUIS.

MAAR OP EEN NACHT, EEN PAASNACHT ZONDER STERREN,
VLOOG ONZE MOLEN PLOTSELING IN BRAND.
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
DE BEELDEN GINGEN OVER ‘T HELE LAND
DE REUS GEVELD, STORTTE GEKNAKT TER AARDE
DE BEELDEN GINGEN OVER ’T HELE LAND.

HET STOND WEL VAST: ER KOMT EEN NIEUWE WINDLUST
EEN SKYLINE ZONDER MOLEN IS GEMIS
IN BURUM-city KENNEN WIJ ZIJN WAARDE,
WE RUSTEN NIET, TOT ER EEN NIEUWE IS.
IN BURUM-city KENNEN WIJ ZIJN WAARDE,
WE RUSTEN NIET, TOT ER EEN NIEUWE IS.

MET MAN EN MACHT WERD ER GEWERKT DOOR KRACHTEN
DE MOLEN WERD OPNIEUW WEER OPGEBOUWD.
Z’N WIEKEN DRAAIEN DOOR DE WIND EN WOLKEN
ZIE IK DE MOLEN,  LACHT MIJN DORP ME AAN
Z’N WIEKEN DRAAIEN DOOR DE WIND EN WOLKEN
WIJ HOPEN DAT HIJ EEUWEN BLIJFT BESTAAN!