28-03-2007

woansdeimiddeis frij




Hjoed hie ik beide grutte bern om ‘e teannen. Ien wie siik, ús Maaike, dat bekomt krekt wat, mar it is in gemien grypke. Koarts, pine holle, pine yn ‘e kiel...ja, ik wit der alles fan want hja hat it fan my. Mar goed, hja klaude dus krekt wer wat by de wâl op en lei moai op ‘e bank yn ‘e keamer ûnder de rôze tekken wat om har hinne te gowen.

Jan hie hjoed mar in heale dei op skoalle, dus dy wie ek al om ien oere hinne thús. Mei oandacht hawwe se beiden in skoftke sjoen wat mem allegear by de ein hie. No, ik siet yn de reiskostefergoedings. Fan in hiel jier yn de aginda de kilometers opsykje dy’t der riden binne foar Romkes baas, it doarpshûs. Affijn, op it lêst sa’n kantsje as 6, 7 fol. Ik hie it al útrekkene, mar om’t Jan my dochs mar wat op de hannen stie te sjen (syn peesee is stikken en no wol er minent brûke), mocht hy it saakje earst efkes foar my neirekkenje. No kinne jo wol tinke; ‘kin dat minske dat sels net?’, mar soks hat fansels in opfiedkundige bedoeling. Jo moatte op it lêst ek witte oft sa’n fiskboer wol rekkenje kin, is ‘t net sa? No, hy hat rap de rekkenmasine fan boppen helle, en ja, it kloppe allegear, op ien kantsje nei. Dat wie ek sa, want dy hie ik ek al neirekkene.

Undertusken waarden wy wol sân kear steurd troch de tillefoan. Maaike sei: ‘hoe kinne jimme de holle der no by hâlde mei al dy tillefoan?’ Datselde freegje ik my ek wolris ôf. Mar der moasten noch wat sluven op ‘e brievebus en de listen mei biljerte-útslaggen koenen nei de ponghâlder fan klup De Klos en buorman Hâns woe de grûnboar werom hawwe út it hok, koe Jan him dy efkes opsykje? De kaartsjes foar it benefytfeest moasten stimpele wurde. Dat woe Maaike wol efkes dwaan. Ik hie de folders ek al klear te lizzen, dy koenen ek by del brocht wurde.
‘Hat mem it altiten sa drok op woansdei?’ sei Jan,
‘dan bliuw ik foartaan wol wat langer op skoalle.'


16-03-2007

fiskferkeap




Jan is fiskboer wurden.
It baantsje by de canvascompany is er wat sneu weirekke; in frommeske dêr hat him in slach foar de harses jûn en Jan woe net weromslaan, doe is er der mar mei de reade holle lulk fuortrûn.
Ja, dat is Jan. Kinst alle kanten mei him út mar moatst net oan him komme. Op skoalle lesten ek, sei er, 'der binne wat fan dy stedske jonges dy't miene dat se oaren narje meie'.
'No', sei ik tsjin Jan, 'en peste se dy ek wolris?'
Jan seach my oan as wie it my yn de plasse slein.
'Mem,' seit er, 'ik hoech se allinne mar oan te sjen.
En at dat net helpt, dan sis ik hiel rêstich tsjin harren:
'Jonges, no efkes te plak, hin. Ien kear snuve en dizze jonge hat jim dwers foar de noastergatten.
No ja, du jonges witte fansels net wat de noastergatten binne, mar mear hoech ik net te sizzen mem.'

Kinst dy net foarstelle hin, dat er dan sneons mei in wyt skelkje foar yn de wein stiet en seit:
'noch in farsk hjerrinkje, mefrou, of sille wy it samar dwaan?'


13-03-2007

tink titelroazen




Tsja, jo hienen it al fernommen tink; ik bin wer wat oan it logjen. Moast ek, as skriuwer moatte je net te lang de penne dellizze of it toetseboerd fersloere litte. Foarst tinkt men dan dat der wat mei jo is en twads tinkst sels datst fergetten wurdst (joechhei!). Sa’n skriuwstop, bêste minsken, betsjut oars net as datst efkes wat mear oan it libjen bist as oan it skriuwen. Guont kinne dat tagelyk, mar ik wikselje it ôf. No soest dy ôffreegje kinne: ‘wat hat se dan belibbe?’ mar dat kin ik eins sa hurd net betinke. Der falt altiten genôch te dwaan, ik ferfeel my nea, mar ast my fregest wat ik hjoed dien ha, kom ik net fierder as trije, fjouwer dingen opneame, wylst de dei dochs om is en ik net mei de hannen oer inoar sitten haw. Ik tink dat ik in hiel soad....tink. En it is krekt sa as mei enerzjy, ast dat net opheinst, slacht it de grûn yn.
Dêrom hawwe wy hjir ek sokke bêste grûn yn Boerum. It gewaaks fljocht derút. Ferline wike noch liderkes, doe de krookjes, en moarn de titelroazen. Tink ik.










10-03-2007

groeistûp




Ik tink wat lûd hear ik dêr dochs? It is net de tillefoan, en ik haw de ôfwaskmasine en de waskmasine ek noch net oanset. Wat bromt hjir dan dochs sa? Dat ik mar ris efkes in slach troch it hûs. Dêr stie er hear, ús Jan, pontifikaal foar de gongsspegel. It hier te dwaan, tocht ik, mar nee, sokke wylde meneuvels hie der oars noait by it kjimmen. Doe seach ik it: hy wie him oan it skearen.
Jan seach my sjen en ik seach in skealik glimke om syn mûle.
‘Moatsto al skéare, Jan??’ frege ik fernuvere, mar ek wol wat optein.
‘Jawis,’ seit Jan, ‘ik wurd al wat rûch yn it burd, no?’
Ik seach ris goed. No, rûch? Mar goed, hjir en dêr stike al wat.
‘Ik skear my oars al in heal jier hear’, sei Jan wat breinroer.
Ik hie dêr noch neat fan fernommen oars, ek al omdat er noch net om in skearapparaat of sokswat frege hie. Mar ja, hy wurdt santjin yn septimber, dat it is ek gjin wûnder.

‘Haha,’ sei Maaike doe’t ik it letter oan har en Romke fertelde, ‘myn broerke wurdt ek al grut.'
‘O,’ sei Romke, ‘ik tocht dat ìk yn myn twadde jeugd siet...
ik himmelje al in heal jier poddehier út ‘t apparaat.’


06-03-2007

kolampe






Is it keunst, in ko
of is it keunst in ko
te wezen? Wa’t it wit
mei it sizze. Ik knip
in lampke oan en gean
foar myn buroke stean.
Ynienen seit it koke:
‘no sa!’ En knikt
my freonlik ta.




















Is het kunst, een koe
of is het kunst een koe
te zijn? Wie het weet
mag het zeggen. Ik knip
een lampje aan en ga
voor mijn bureautje staan.
Opeens zegt de koe:
’t is goe!’ En knikt
me vriendelijk toe.




05-03-2007

lolly




Moai is dat om te sjen yn sa'n sineesk restaurant mei útstald buffet. Kinst fan alles nimme, en ast ienris goed en wol sitst, kinst sjen wat der noch mear omrint. Paken, beppen, dikke froulju, froulju dy't neat ha om by te setten, manlju mei grouwe kontbusen, famkes mei hakken sa heech dat se der mar kwalik op rinne kinne. En bern. Oeral bern. Stroffelst der hast oer, want sy sjogge net út. Der binne guont by dy't rinnendewei nei de tafel al fan har pantsje ite. Der stie ien njonken my mei in lyts topke taugé op it itensboard, dat moast mar efkes wokt wurde. De Sinees efter de baalje wist eins net wat er der oan hie. Ssssausss erbij? frege er op it lêst mar. Jawis, swietsoere.

Wy sieten moai yn it midden, mei it each op 'e kassa. Dy hat net ien kear iepen west. Allegear plestik jild. Pake helle him troch de slûf as hie er noait oars dien. Beppe stie geduldich te wachtsjen, taske ûnder de earm want dêr moast it paske aanst al wer yn. Pake wie klear. Hy lange beppe de pas oer, méi in pipermuntsje.

'As hat se leaver in lolly, leave?' frege er.
'Dy krij ik jûn wol' sei beppe.