09-02-2021
23-11-2020
Glâns fan hoop
Lêst de krante en setst in bakje kofje,
sa gliere de wiken yn kadâns.
De tillefoan wurdt in rêstich húsdier,
tiden wolle allinnich mar skoftsje,
hieltyd minder praat komt der lâns.
Feardich en mei fêste hân
dochst putsjes op 't hiem of yn 'e hûs.
Al wat efterstallich is, wurdt dien.
Fan it sjoernaal krigest de nijste stân
mar fan Netflix rekkest wol yn 'e sûs.
It is net sa, dat der neat mear kin
mar alle minsken nimme ôfstân.
Tinkst ommers oan dyn âlders en de bern,
fan hûs gean hat net safolle sin.
Sa hâlde wy feiligens yn 'e hân.
No is wekker wurde oars nei 't kûsen.
Lûkst dyn moed omheech, dochst de broek ticht,
en pakst in goed foarnimmen út de kast.
Hellest hoeden wat toverljocht út de bûs en
waskest in glâns fan hoop op dyn gesicht.
09-10-2020
Pau en hoanne
Foar my silst altyd myn pau wêze
Unstjerlik, mei opstrutsen fearren
In fûgel dy’t nea fleane kin
Mei in siele, sa oerwrâldsk
Dat er net trochgean kin foar in do
Nea rêst yn ‘e bealch, net
Op it brutsen matras fan tiid
Rinne wy op in spikerpaad
No en dan steatlik om inoar hinne
Hippe, en dat neame : dûnsje
Dû dochst de quickstep, ik in wals
Hieltyd faker komme wy gelyk út
Dû bist pau en ik de hoanne
Beide drage wy ús moedfearren
Earne tusken grûn en loft
Sûnder sied foar de snaffel
Mar mei each foar wat foar ús leit.
04-05-2020
De wekkere man

foto: B. van Bohemen / NIOD
Kollumerpomp, verzetsmonument
De wekkere man
hy is heit. Mar ek hoeder
oer frou en bern.
Syn faam sil wer
by heit op ‘e knibbel sitte
at heit de hannen frij hat.
Hy koe net witte
oft hy derby wêze soe;
guont fan har binne sketten.
De striid is net ferlern.
Mei it famke giet it goed;
hja leit alle maaien
blommen del foar moed.
22-11-2019
Ienris wie ik mem
.
Ienris wie ik bern, faam, frou
en doe mem. De mem
mei tee, moalkoekjes en molke.
De matteklopper foar de tucht
de tuten foar de sucht.
Ienris wie ik mem, de mem
fan lila jasseberntsjes, fan oppompe
plastik trekkerbantsjes,
bedobber fan deade kattelykjes
en wachter yn de nacht.
No hein ik fûgels op, en plok
deade miggen fan de muorre.
Ik sied biten foar de friezer,
sis tsjin de baas hoe bliid ik net bin.
De hannel is fuort. En los bin ik.
.
Dat, ús paradys
.
Ienris wiene wy it paradys mei in loft
fan blauwe dagen, wy dronken kokosmolke,
ieten ananassen, waarden drûnken fan de sinne
en it wetter dat blonk yn it lette ljocht
mar de himel dústere en de moanne hold ho,
sonk efter de bergen yn de dûnkermanesee
in krûk barste, in aap griep mis en foel,
de túchjesflier fan skrokken ierde wiet
der floeide bloed en earms en fuotten
skokten skrillich tebek, bleke poppen
wachten wy mei swiere hakken yn sân
oant it lûd fan it ferstân ús wekker rôp.
Wy kearden om. Wy flechten fan it lân
dat úzes west wie, dat letter net werkend wurde woe
it earste paradys dêr’t wy berne waarden
dat ús omearme en losliet, en nea wer omsjen soe.
.
13-11-2019
Hjerst
Mocht it mar hjerst bliuwe
Op it hiem fan ús heit en mem
lizze oeral ôfwaaide blêden,
fan alderleie foarm en kleur.
Eartiids wienen se allang oprêden
krige heit op saterje de biezem beet
en hie er se allegear op ien bult rêge,
of de jonges dienen it, nei wat geseur.
Yn ‘e hûs is it ek hjerst,
mem hat alles kreas ynoarder,
mar rint algeduerigen yn in fest,
it hier wappert wylder om ‘e holle,
it wurdt faker wosken troch de help
mar opstekke wurdt har wat tefolle.
De tiid ferrint oars, elts hat tekoart.
Heit en mem rinne wat trager en
der stean twa rollators yn de gong parkeard
mem kin net stjoere, seit heit
sy nimt de bocht hieltyd ferkeard
“Dat er dat noch sjocht,” is wat mem seit,
“en hy wurdt ek al wat dôf.”
Heit en memmes hûs en hôf
rêste op in lange tiid en doer
fan moaie maitiden, simmers en hjersten,
mar de winter, dy slagge se it leafste oer.
.
Op it hiem fan ús heit en mem
lizze oeral ôfwaaide blêden,
fan alderleie foarm en kleur.
Eartiids wienen se allang oprêden
krige heit op saterje de biezem beet
en hie er se allegear op ien bult rêge,
of de jonges dienen it, nei wat geseur.
Yn ‘e hûs is it ek hjerst,
mem hat alles kreas ynoarder,
mar rint algeduerigen yn in fest,
it hier wappert wylder om ‘e holle,
it wurdt faker wosken troch de help
mar opstekke wurdt har wat tefolle.
De tiid ferrint oars, elts hat tekoart.
Heit en mem rinne wat trager en
der stean twa rollators yn de gong parkeard
mem kin net stjoere, seit heit
sy nimt de bocht hieltyd ferkeard
“Dat er dat noch sjocht,” is wat mem seit,
“en hy wurdt ek al wat dôf.”
Heit en memmes hûs en hôf
rêste op in lange tiid en doer
fan moaie maitiden, simmers en hjersten,
mar de winter, dy slagge se it leafste oer.
.
12-10-2019
Oan 't wurk
It wurdt wier tiid dat ik wer ris dichtsje, mar ik haw it lang drok hân. De holle stie my der net nei. Wa wit, komt der meikoarten wer ris wat.
16-01-2019
Snoopy
"Snoopy" sei ik
om’ster sa skattich útseachst
hurd en glêd fan bûten
sêft oan de ûnderkant
wiest net in wei-joukatsje
mar ik hie it der foar oer
om’st sa moai omfleachst
mei yn dyn eachjes fjoer
en jachtsje datst koest!
in slak, in rûp, in hynstebiter
en doe it ultime doel:
mûzen by de rûs.
Hjoed siet der ien yn de keukenkast.
De âlde katten ferweegden net
ik jage him yn it hok
wylst ik oan dy tinke moast.
02-11-2017
pake Durk
.
It fleis fan pake
Prûmke
rûn earst oardel
jier yn’t lân
as it net nei de
merk gie
- fuortslein mei
in klap fan ’e hân -
dan kaam it by
slachter Abele.
Dy makke der
kilo’s kofleis fan
dy’t er pake dan
werom ferkocht.
Beppe makke der sjú
fan en bakte
greaukes út
bargefet foar by de
brune beannen mei
appelsmots.
Pake kocht alle
wiken in kilo
kowefleis, trije pûn bargelapkes,
sân droege
woarstjes foar by 't bier
en ien leverwoarst by Abele,
yn wyt en dan brún pakpapier.
en ien leverwoarst by Abele,
yn wyt en dan brún pakpapier.
Abele Fogel is al
wei
lykas as pake
Durk en it fleis
smakke my nea wer
sa goed
as eartiids by
pake Prûmke,
op ’e potkachel, in oere as seis.
op ’e potkachel, in oere as seis.
03-06-2016
IRL
Ik haw in skoftsje ôfwêzich fan dit blog west, mar dat moat eins al wer feroarje.
Kursussen dien, dreech frijwilligerswurk op my nommen, de twa 'Boemerang'-bern binne wer yn 'e hûs, organisatrise foar BoerumCity2018, ik bin op it stuit oan it staazjerinnen foar BABS, no sa sawat.
Safolle ferskillende dingen irl (skreaunen wy eartiids op de messenger; irl = in real life) dat ik
amperoan oan skriuwen takom. Mar it bloed krûpt wêr't it net gean kin, dus meikoarten hjir dochs wer út en troch wat te lêzen fan my. Is it doel.
Kursussen dien, dreech frijwilligerswurk op my nommen, de twa 'Boemerang'-bern binne wer yn 'e hûs, organisatrise foar BoerumCity2018, ik bin op it stuit oan it staazjerinnen foar BABS, no sa sawat.
Safolle ferskillende dingen irl (skreaunen wy eartiids op de messenger; irl = in real life) dat ik
amperoan oan skriuwen takom. Mar it bloed krûpt wêr't it net gean kin, dus meikoarten hjir dochs wer út en troch wat te lêzen fan my. Is it doel.
03-12-2015
Reis mei stûpen
Sjochst it net faak:
de dea, in Molukker en de laak
tagelyk op in stasjon.
De dea die him foar as bline reizger
hy kocht in kaart op goed gelok,
rûn in skoftsje troch it middenpaad
bejoech him doe nei in skeane hoeke.
De Molukker wie net allinne, nea.
Syn maten laken en fernuveren har
mei skilich sjen nei it útsicht
op bettere tiden soe skielk blike.
It foel foar dat de trein ho hold.
Lichter letter oer it wikselspoar
wie net te sizzen hokker ûntbruts;
de dea, in koffer of de laak.
10-07-2015
dêrhinne
trije dagen haw ik stien
griis de loft, swart it wetter
myn fuotten woartels, yn grûn sa âld
trije dagen haw ik heard
lang it wurd, tsjuster de tinge
myn earmen wjukken, de wyn ta wiis
trije dagen hold ik hoek
fûl de kjeld, wyt en yvich
it hert sa hurd, it moed sa stil
doe kaam de koarte nacht
en ik stapte út de oeren
de eagen heger, nei de stjerren
.
07-05-2015
Op jacht yn it petgat
Wetter, wetter, goudfiskje, wêr giesto hinne?
De spoekesnoek leit ûnder slyk bedobbe
en loert op dyn flugge fleanen, dyn blikken
skobben yn de ûndergeande sinne.
Lit him stikelbearskes pakke, dy’t oars
neat dogge as it plantelaach besette,
lit him wytfisken frette, dy’t yn grutte
skotten plakke ûnder it einekroas.
Goudfiskje, goudfiskje, witst wol fan de jacht?
Wês tûk, krûp ferside yn it beammeskaad,
kom net oan it oerflak en ferweech dy net!
At de snoek mei de sturt op it wetter slacht –
wiest te let.
25-04-2015
Yn koarte halen
Ik tekenje. Yn grutte swarte streken
set ik syn bilbonken del, de sêfte búk
stekt der boppenút (goed foar in waarme krúk
yn de rêch) en mei de holle ha’k net folle
wurk;
it lêste hier is fuort en de noas is grutter.
My heucht noch dy jonge jonge
waans boppelippe krolle as er wat sei
mei grutte mûle en noch gruttere hannen,
blauwe knibbelhoazzen en in swarte lange jas.
De hoed siet fol kranteproppen en de
gespen fan ’e skuon yn ’e sinne blonken.
Deselde jonge fan doe is no in oar,
al sjoch ik noch hieltyd in feint yn him
hy is no mear en minder de man
dy’t ik yn him seach, en ik sjoch, ik fiel
dat it goed wie, en ik tekene derfoar.
28-03-2015
stippestap hinkelspring
sa dûnsje ik yn myn hinkelhok
stippestap sprinkelsprong
ik goai it stientsje of bin bok
bûten yn de maitiidssinne
bin ik swan of rin ik hinne
yn spin, it touke yn
út, sprút, de winter út
20-12-2014
12-12-2014
Namaste!
ik notearje trije
wizen:
in Nepalees
in Litouwer
en in Marokkaan
har eachlidden
biede my oan
frije fragen en
wrantelprot
troch in
tsiisdoek te parsen
myn stimme
waakset as dame
fan fleis en
bloed nei wetter
en brokken, wyt,
in suverens dy’t
sear docht
en eagen
opljochtet
as ik skriuw
hingje ik
leafde oan myn
fingers
.
03-12-2014
beppe
Doe gie se der foar sitten en swijde net
oer har twadde mem, de bedoarne hjelsuster,
heit dy’t wat mei fee die en altyd fuort wie
de slachter oer de wei dy’ t woarst makke fan de
kij
fan heit en de earste skiep fan oer it spoar
op ‘e fyts nei Appelskea en gjin oare Tomtom
as de mûle, ûnderweis nei auto’s sjen en sels
it riidbewiis helje wolle al mocht it net fan
heit
en it gapjende folk dat op de loer lei as in
feint
de fyts tsjin de muorre oan sette, o, o,
hearebesite
en dan moast it dochs mar wêze, trouwe
en bern krije en bern krije en bern krije en
en bern krije en bern krije en bern krije en
nea mear de stiltme fan in hûs mei in
spiiskeamerke
of it lûd fan de wetterpomp by de wasktobbe
it rûzen fan beammen it lûd fan nea dat mear.
.
07-11-2014
By de seefûgels
yn dy loft, dy loft fan dy
dêr’t de skieppetekkens
dy om ’e earen fleane
dêr wol ik wêze
tegearre mei dy
wy sille fleane
nei de sinne
- of nei de moanne
it mei hjoed wêze
- of moarn
mar wy fleane mei inoar
sis it my ta dat wy
dit útsjoch net ferjitte
By in skilderijke fan Hepie de Haan
Foto: In-Dokkum
http://www.in-dokkum.nl/content/kruisbestuiving-bij-vakwerk-dokkum
Abonneren op:
Posts (Atom)



