28-07-2007

Ketsjupferslaving





Maaike en har freon Jopke en ús Jan sitte no goed in wike yn Egypte. Fan it tsjerke hawwe wy heard dat se in goeie fleanreis hân hawwe en dat se goed oankommen binne. Maaike hat in ferslachje oer de ôfreis opstjoerd nei de Sneinspetiele fan it Frysk Deiblêd, sy is no foar trije wike
‘ús korrespondinte yn Egypte’.

Fansels hie ik de bern fan alles wat meijûn. Pûdsjes droege sop, kaugom, in ammerke sâlte drop, wat krintekoekjes, salmiakkûgels en mear fan sokswat. Sy moasten al ris wat hawwe te haffeljen dêre. Spultsjes gienen ek mei: in lege learen fuotbal en follybal, in pompke, in spultsje Frysk boerekwartetten en gewoane spylkaarten om mei te klaverjassen.
Mar doe’t ik fan ‘e wike op Jans keamer kaam en de kompjûtermonitor útsette woe omdat it lampke al mar oan stie te flikkerjen, seach ik ynienen wat frjemds efter de kompjûter lizzen. Alle snobberij dy’t ik yn de reistas stutsen hie lei der moai ferdutsen efter. ‘No, dochs flink fan de jonge’, tocht ik by mysels. Hy is net de lichtste kant neist, dat hy hie him skynber foarnommen dy tiid oan te gripen om fan it swietguod ôf te bliuwen. Netsjes!

Mar doe’t Romke en ik fan ‘e wike oan ús mieltsje bakte earpels sieten (oerbleaun fan de oare deis, ik hie fierstente folle skyld) soe Romke de mayonêze en ketsjup efkes út de kelder helje. Mayonêze wie der noch wol, mar de ketsjup koe er nearne fine.
‘Och jong, sjoch doch ris better om dy hinne’ sei ik, ‘der moatte noch ien oanbrutsen en minstens twa nije flessen stean.’
Romke nochris de kelder yn.
‘Nee hear’, sei er. ‘Of ik mei wol kluten yn ‘e eagen hawwe, mar ik sjoch it net’.
Dat doe moast mem sels mar even hinne. Mar Romke hie wol gelyk, der stie net iens in flesse dy’t der wat op like.
Doe gie my in ljochtsje op.

Fan ‘e jûns belle Maaike op út Egypte. Nei in praatsje hoe’t it dêr wie fertelde se dat it mei Jan ek goed gie. ‘Allinne oan de itenstafel hat er it efkes dreech’ sei sy.
‘Hy hat hâlden en kearen om syn flesse ketsjup ûnder behear te hâlden.
Der sitte tritich man om ‘e tafel en se binne ynienen allegear sljocht op ketsjup...’









Geen opmerkingen: