Tsjuster en ljocht sjen
Yn de tsjusterte komme se;
de fergongenen, de leaven, de deaden.
Sy flústerje net, mar lizze tinzen
njonken it kessen om op te pakken,
te befielen, te hifkjen en wer neist my
del te lizzen. Wa’t wát docht, sjochst net,
mar dû wytst it, dit is heit, dat is mem.
Beppe is al lang útpraat, sy strykt
my allinnich noch wat oer it wang en
ome Goaitsen sjocht ta en seit
sa min mooglik, dan ek neat ferkeards.
At se wyt weiwurde oan de râne fan it sicht,
nimt it tsjuster it oer. Ik bin oerlevere,
net earder as moarns betiid komme se werom
yn dreamen. De iene dream wyt ik, kin net,
mei de oare jouwe se in boadskip troch,
meast net wat ik hearre wol. Of dwaan wol.
Lyk as earder doch ik dochs presys wat se sizze
en wat in wûnder: it is altyd goed.
By ljochtskyndei wyt ik net oft ik sokke
goede ynjouwingen haw, of draach ik se mei,
berne yn it tsjuster fan de bline nacht.
.