23-03-2011

Kontrasten yn Boerum




Literêr Sirkwy

Wêr: Herfoarme tsjerke Boerum, middenyn it doarp
Wannear: 3 april 2011, fan 15.00 – 17.00 oere
Entree: € 4,00
Skoft: kofje/fris om 16.00 oere hinne

Boerum leit op de râne fan trije taalgebieten, en dy talen wol it Sirkwy graach ris oan bod komme litte. Der sille fersen en ferhalen yn it Frysk, Westerkwartiersk en yn it Boerums te hearren wêze. De tema's binne diskear it kontrast (yn talen, bygelyks) en rjocht-ûnrjocht. Foar de tsjerke fan Boerum leit noch hieltyd de rjochterstien, dêr't eartiids rjocht sprutsen waard. It muzikale part komt fan it Walke Hofstee Brass Ensemble, dat foarme wurdt troch pleatslike spilers. Ik ferwachtsje dat it wer in middei wurdt sa't Boerum dat wend is; mei in soad folk dat der nocht oan hat.

16-01-2011

Nijelogismen





Ranchsirkus of It Paradyske?



Hoe wol’ je lju ferliede nei Fryslân te kommen,
At al it oare lân ferhuftere is mei hûzen en fabriken?
Men sûget in streekplan foar Fryslân út de tomme
mei grutte hûzen en nóch gruttere hiemen en diken.

At der tusken de kûlissen in park fan ranches ferriist,
dat de ‘smart-agent’ foar it ferhynsterpôljen betocht hat,
is dat de Griene Pieren yn de krite in ôfgriis.
De ‘experience’ yn libjen en wenjen wie in alâlde skat,

dy’ t ferkwânsele wurdt foar ymport, jild en ferkear,
- in solitêre mienskip -, as soe dy der no al net wêze.
Bûgje boargemaster en wethâlders foar mear, of foar ear?

Sil’ wy aanst op it boerd it oppoaike ‘Blommedael’ lêze,
en giet it folksprotteljen oer: wa hat de grutste pimel?
Wês mar wis: It Paradyske wurdt gjin hynstehimel.


11-01-2011

Ranch-Fryslân of It Paradyske



Hoe wol’ je lju ferliede nei Fryslân te kommen,
At al it oare lân fersmoarge is mei hûzen en fabriken?
Men sûget in streekplan foar Fryslân út de tomme
mei grutte hûzen en nóch gruttere hiemen en diken.

At der tusken de kûlissen in park fan ranches ferriist,
sa’ t de ‘smart-agent’ dat foar de greiden ûntwurpen hat,
is’t foar de minsken yn de kriten in ôfgriis,
de ‘experience’ yn libjen en wenjen wie in alâlde skat,

dy’ t ferkwânsele wurdt foar ymport, jild en ferkear,
- in solitêre mienskip -, as soe dy der no al net wêze.
Bûgje boargemaster en wethâlders foar mear, of foar ear?

Sil’ wy aanst op it plaknammeboerd ‘Blommedael’ lêze,
en wurdt it oars net in spultsje fan: wa hat de grutste pimel?
Wês mar wis: It Paradyske wurdt gjin hynstehimel.






Tekenje de petysje!

10-01-2011

Dreech wurk



Hiel nuver is it om te fernimmen dat minsken soms by je komme mei it fersyk om in gedicht te skriuwen, meast in opdracht foar in hiel bysûndere gelegenheid. Oan de iene kant begryp ik it wol; it moat in bysûnder ferwurdzjen wêze fan in bysûnder gefoel, en dat kin fakentiids better mei dichterlike wurden dan sa planút. Oan de oare kant is it fansels in sizzen mei in omwei: it wurdt net streekrjocht of mei safolle wurden sein. In fers is net altiten like iepenlik, en dy fan my perfoarst net. Dus wêrom freget men it? Moatte de harkers of lêzers harren eigen konklúzjes lûke út de sprutsen of skreaune taal?

En dan is der noch de kwestje fan ynformaasje. Ik freegje de oanfreger it himd fan it gat. Ik wol wite wa’t de persoan is dêr’t it oer gean moat, ik wol alle mooglike ynformaasje hawwe en foaral fansels wêrom’t er neamd (lês: ) eare wurde moat yn in fers. Ik wol witte hoe’t de haadpersoan himsels sjocht of seach en hoe’t de oanfreger him sjocht. Dat leveret faak al de nedige problemen op, want dy fisy’s kinne aardich útinoar rinne. Wêrom dan dochs sokke putsjes oannimme? Want maklik binne se nea. In berteferske, bygelyks, seit eins folle mear oer de âlden fan it bern as oer it berntsje sels, dat der is, mar noch gjin persoanlikheid is. Ik ferdichtsje leaver in âlder persoan.

Foar my is it in útdaging om it byld dat ik krij, sa oer te setten dat de persoan werkenber wurdt. Soms sprekt dy persoan troch it gedicht hinne en wurdt dy tekst hast like libben as in foto, of, noch better, in fideo. De macht fan taal is hiel oars as dy fan byldmateriaal, minder direkt en dochs kin dy minsken behoarlik reitsje. Moai, mar dreech wurk dus.

26-12-2010

Hearst de ealjebijen?





Yn dizze wite winternacht
hearst de ealjebijen gûnzjen.
It is net lûd, hearst se hiel sacht,
at de tsjerkeklokken stilhâlde fan bûnzjen.
Of binne it myn tinzen, yn ieren en sinnen,
oer wat der bard is yn dit healwize jier
en slacht it bloed de bân fan binnen?

De tsjerkedoar stiet yn it tsier,
ik rûk de beam, de wijde sfear,
hjir sille wy it hillich feest wer fiere,
mar it berntsje, ús bern, komme der net mear,
it leauwe kin harren herten net beriere.

Faaks komt der ea foar har ek in nacht
dat sy de ealjebijen gûnzjen hearre.
Dan slagge sy ek ynienen acht
op wat him oan my oppenearre:
it bern waard net droegen fan stiltme of snie,
mar troch wa’t it gûnzjen yn de macht hie.





Hoor je de bijen?




In deze witte winternacht
hoor je de bijen gonzen.
Het is niet luid, ze zoemen zacht,
als de kerkklokken stoppen met bonzen.
Of zijn het mijn gedachten, in hart en zinnen,
over wat er in dit rare jaar gebeurd is hier
en slaat het bloed de band van binnen?

De kerkdeur staat op een kier,
ik ruik de boom, de gewijde sfeer,
hier gaan wij het heilig feest weer vieren,
maar het kind, onze kinderen, komen er niet meer,
het geloof kan niet in hun harten tieren.

Misschien komt er ooit voor hen ook een nacht
dat zij luisteren naar het gonzen van de bijen.
Wellicht zal er dan worden nagedacht
over wat zich openbaarde in mij en
dat stilte of sneeuw een kind niet draagt, maar puur
door wie het gonzen van de bijen bestuurt.



11-11-2010

Súntsjes sjonge





Ik rin neist har en sjoch
wat ik tink dat sy sjocht.
Sy jout de grize wolkens kleur,
foarseit it waar en dan
sakket har blik nei in beam,

hja flodderet rûntsjes en sjoch!
Hy hat in tigerfel oan,
teare plakjes op in wyt front.
En o, o de beam hat ek
wolkjes, hja driuwe oan ‘e tûken.

Ik hingje oan har mûle.
Ivich moai falt it ljocht
op har skean ferhefte kopke.
Fan no ôf bin ik wis:
sy hat fûgels yn de eagen.




08-11-2010

Sagrada Familia






Yn dit sakrale lichem hâldt in geast ta
skoarre fan alve mânske pynbeammen.
Hja lykje dea oanein, de skouders sakje.
De wite bast fertoant wat krakelee,
in mozayk fan opswolde en delbêde ieren.

Myn timpel is net ôf, der is gjin pryster
genôch om kreft út te putten,
ik bliuw te jong, de skonken ûnbeboud,
ûnder it gewicht fan ûngeriven sûnder tal
wrot it houtrot warber troch.

Der waard my in lichem tabetroud
dêr’t in geast yn skûlje koe. Ik oanbid
de God fan sinne en moanne, myn stalt
wiist har oan mar ik mis in rib en tiid.
De frede sil my oerkomme as
it lichem riist en de dowen falle.





02-11-2010

De grutte Jo







Jo, jo binne de grutte Jo,
mei ljocht lang burd en sinlike lippen.
Wêrnei smachtsje Jo?

De fioel begjint te fideljen, it oargel spilet dûnker.
In jonkje blaast him de wangen stikken en de lippen soer.
Foar him oer stiet in man yn in swart streekjesjak.

Tsjin droege kalk stiet in bosk swurden yn ‘e herne, krúst,
yn rêst en rust, de tastân fan no efkes ho.
In foarbyld foar de leavjende sedekeunst.

Of fjochtsje Jo allinne mei wurden? Boeken en lampen
yn de oare hoeke. Sis, kinne Jo sels net út de rie komme?
Ik soe sizze: folgje de kleare leafde fan it hert.

Ik ets Jo leaver yn ’t Latyn, mei drokke kriminele wurden,
dan kinne Jo je ferwar fiere by de swiete stien
fan it gelyk en sil ik Jo neffens de wet fan minder berjochtsje.

Dit is myn giele fonnis fan fertreasting:
Jo bliuwe in man, in grutte man,
mei in ljocht lang burd en sinlike lippen.



12-10-2010

De Oanwiisfrou








…Doe’t der net ien myn kaartsje skuorde of bearde
net smoke – alle stuollen útsein de reade
begriep ik: de oanwiisfrou wie in deade.

In blêd mei ijsko’s bingele by har side del.
Har eagen hie se iepen en it hier wie noch snel
nei achteren bûn, foar de dea har foel op ‘t fel.

Ik makke op, út de kjeld fan har hûd,
de dea hie taslein wilens it reklamelûd
fan de Beerenburg. De lêsten, sûnder hazzekrûd,

drukten har de kaartsjes yn de hân,
skeuvelen by har earm del dy’t lei as yn linebân
mei gjin aan fan benijen of roppen as de brân.

Hja gienen sitten. Ik dûkte del yn de paadsjepoart
neist de oanwiisfrou. De laits fan in beferzen soart
koe myn stoarjen net stykje. Nei in hoart

foel ik yn sliep. Wat der doe barde wie nij -
doe’t ik wekker waard wie har lichem wei.
Dat nimmen it leauwe soe, wie de eangst dy’t op my lei.

Nei de film doarme ik noch wat by de doar
elts antlit dat ik seach, hâlde ik stiif my foar
en doe gie ik, mear koe ik net dwaan foar in oar.







The Usherette

...When no-one tore my ticket up or said
No smoking – any seats except the red
I realised the usherette was dead.

A tray of ice-creams dangled at her side.
Her eyes were open and her hair was tied
Up at the back, just like before she died.

I gathered, from the coldness of her skin,
Death had occurred during the Gordon’s Gin
Advertisement. Latecomers, trailing in,

Deposited their tickets in her palm
As, one by one, they passed her stiff, white arm
Showing no sign of interest or alarm.

They took their seats. I crouched down in the aisle,
Next to the usherette. Her frozen smile
Wouldn’t release my stare. After a while

I fell asleep. What happened next was weird –
When I woke up her corpse had disappeared.
Nobody would believe me now, I feared.

After the film I waited by the door
Trying to memorise each face I saw
And then I left, since I could do no more.




(from SOPHIE HANNAH “The Hero and the Girl Next Door” ; Carcanet 1995)
oersetting: Ruurdtsje de Haan


29-09-2010

Poppekream




Fjouwerkant de himel yn



Sy sit njonken it loophek, de boarsten los
ûnder it blauwe t-shirt. De iene dei blau, de oare
deis rôze, de eagen stoarje rjochtút nei it skerm.
Boppe de bank in foto fan har en mem.

De keamer is keal, de skaden hâlde de siken yn.
De fjouwer lamkes yn it loophek lizze stiif
tsjin inoar oan, se koese mei iepen eachjes.
Jûn gean se wer nei boppe, de koffer yn.

Hja wit hoe’t it heart: bern hawwe regel nedich.
Mem wêze is sa dreech noch net.
Bylden fan bern dy’t bûten boartsje
glydzje fjouwerkant de brilleglêzen foarby.










19-09-2010

Marijke van Ruiten



Utstalling Marijke van Ruiten yn Iepenbiere bibleteek Ljouwert




Fotograaf Marijke van Ruiten stjoerde my in foto ta fan in famke, mei de fraach om te beskriuwen wat ik op/yn de foto seach. It risseltaat stiet hjirûnder, de Fryske ferzje is opnommen yn de útstalling dy't men besjen ken yn de Iepenbiere Bibleteek yn Ljouwert. De útstalling bestiet út fjouwer dielen: twa foto's, in soad reaksjes dêrop yn tekst, in lûdsrekorder mei ynsprutsen reaksjes op de foto' s en t'en lêsten noch in ôfslutend boekje fan de fotograaf sels.












Nynke, op de râne fan it bêd




Njonken my sit myn skaad
moai te wêzen, tin,
tinner as ik bin.

Myn hannen binne bûn
mei sulveren rinkelbellen,
it ratteljen klinkt as skellen.

Us mem pakte myn hals yn
mei in slabbe fan fatsoen,
skouderbonken read katoen.

Sy wol dat ik myn knuffels fuort doch.
Ik bin te grut foar in krûpersknyn,
mar dêr sit leafde yn.

Ik bliuw it skaad de baas
mei myn bonken en myn fet.
Sy en ik akkordearje net.




15-08-2010

Ynterval

Der is de lêste tiid, - wat sis ik, it lêste jier? – net folle publisearre op de Kidelkollum. Der foel faaks genôch te kideljen, mar ik haw mear it idee dat iksels kidele west bin. En oer jinsels skriuwe is net echt nijsgjirrich. Gean mar nei; de âlde mantsjes dy’t hjir sneons yn it doarpshûs om fjouwer oere op de barkrukken sitte (wy hawwe gjin leagenbankje yn Boerum) hawwe it altiten oer in oar, nea of leaver net oer harren sels. Wat dat oangiet bin ik neat oars as in âld wyfke.

Dus ik kin it better efkes oer de bern hawwe. Us Maaike sil hokje (samenwenje; wat in ôfgryslik wurd! Hokje ek trouwens.), de lapen gear smite dus, mei har freon. De jonge wennet yn it goarige Goai foar syn wurk en ferhuzet no dus nei Swol, dêr’t Maaike sjoernalistyk studearret. Dy giet mei glâns oer nei it tredde jier, dus mem kin der neat op tsjin hawwe. Nee, at it dan ek mar glânzich bliuwt.

Jan hat allegear plannen. Hy is slagge foar it MBO as ICT-systeembehearder. No wie dat net sa’n keunst haw ik begrepen, want it Alfakolleezje yn Grins is wat dizze rjochting oangiet in sopsoai. Ik kin hiel wat fertelle oer wat der allegear mis is, mar it stiet al yn de kranten, dus dat soe oerstallich wêze. Stjoer jimme jim bern der mar net hinne, lit se dan mar leaver timmerman wurde of sa.
Dat wol net sizze dat Jan gjin kennis opdien hat. Der hawwe twa frijwat lange staazjes west by bazen dêr’t er aldergeloks in protte leard hat. Leare út de praktyk dus, en de skoalle it jild mar opstrike.

Mar no wol er dus luchtferkearslieder wurde, dat betsjut dat er fleantugen binnen loadsje moatte soe. As er oannommen wurdt. De proseduere om talitten te wurden ta de oplieding liicht der net om; in stik as fjouwer swiere testen wêrby’t se in soad dingen tagelyk útfiere moatte, in sûnenstest en in psychologyske test. En dan is de leeftyd ek noch wol in faktor dy’t meispilet. Se hawwe nije rekruten leafst wat âlder. Plan B, foar as er net oannommen wurdt, is HBO International Management oan de Hanzeschool yn Grins. Dat twadde sil it wol op útdraaie tink, want hy kin de bok melk prate as it moat.
Ik haw der ûnderfining mei.

Wurdt fuortset, mar wannear is ôfwachtsjen.

25-06-2010

Ulebuorden







Mei ús twaën warre wy de iensumens
fan âlde dagen, tegearre beweitsje wy wyt
de lankmoedigens fan it libben
ûnder it reiten tek fan de pleats.

Ulen mije it ljocht en yn harren wiisdom
hawwe boeren in kearpunt fûn.

De oranjegiele eagen beweitsje kwea
tsjusterens en mûzen mei nocht.
In stjer blinkeret har temjitte,
it fleangat fine se nea werom.



23-06-2010

Goed





No ja, nei dat berjochtsje fan juster is it net mear as billik om te melden dat it in moaie middei wie yn seal A2 fan it Akademygebou, by de yngong rjochts. De powerpointpresintaasje rûn goed. It wie myn earste, mar ik soe foar lettere presintaasjes wol graach wer powerpoint brûke wolle. Yn dy seal wie nammentlik in beamer oanwêzich en yn it buro foaroan siet in monitor ynboud. Sa koe it publyk nei it grutte skerm sjen, en ik nei it publyk en nei it monitorskerm. Foar my wurke dat perfekt. Ik siet tefoarren in bytsje yn oer it trochklikken fan de dia's, mar ast sa'n monitorke foar dy haste, kinst it tempo der moai ynhâlde. It tempo wie tink ik ek myn grutste kwaliteit. Net it praten, mar it my oan de beskikbere tiid hâlden fan 10 minuten. Ik hie my der op talein it te besprekken ûnderwerp en de fragen dêrby binnen dy tiid te hâlden. Dat is dus slagge.
De oare presintaasjes wienen ek fan in goed kaliber. De iene al krekt wat dreger as de oare, mar se wienen stik foar stik de muoite fan it hearen wurdich en de tiid fleach samar om.
Eins wie it in nijsgjirrige kulturele middei. De tema's wienen (as ik it goed beskriuw): in besprek fan in weblog(ger), (Fryske) nammekunde, in Midfrysk toanielstik, in brief fan R. Posthumus, in trânskripsje, in autosticker, in boek oer it NSB-kamp yn Burgum, en as lêste: ûlebuorden.

Ik bleau wol mei in fraach sitten. Soenen dy swannen fan de ûlebuorden der no oars net as om it sierlike uterlik op sitte? Of....is der noch ien as oare tsjustere symboalysk-mytyske betsjutting oan ferbûn?


Lêste leadsjes





It is hast fakânsje, noch krekt net. Moarn is der in powerpointpresintaasje fan acht studinten en dan moat der noch in essay ynlevere wurde.
De masterstúdzje is dreger as ik tocht. Mar der wienen dit jier ek nochal wat persoanlike hichte- en djiptepunten dy't in soad tiid en omtinken fregen.
Dat fan poëzyskriuwen is net folle kaam, spitigernôch. Ik mis it wol.
Faaks smyt de fakânsje wat op!



11-06-2010

Fûgel mei ljochte kúf





Skaadfanger





Ik hearde him tsjotterjen
mei syn kleare tsjirpende fûgelstim.
Ik hearde him sels bewearjen
dat nimmen it better kinne soe,
yn dizze jûchheiende sinne.

It strewiel smiet in skaad nei foaren.
Ik seach hoe’t er siet te loeren,
de eagen feroaren fan kleur.
Immen soe it hjoed besoere,
sa foel seach er; ik waard gewaar
de inge bân tusken wollen en hawwen.
Nea witten hoe heech er springe koe
en hoe skerp de heaken fan de kloeren.
It einiget steesoan hurder as it begjint:
in fioel sjongt en in fûgel flodderwjukket.

De moarne boarget de sinne yn syn skoat,
de dei briedt en de dea is read.





05-05-2010

Fiktoarje




Frijheid fan miening,
frijheid fan godstsjinst,
frijheid fan ûnderwiis,
frijheid fan feriening,
frijheid fan slavernij,
o, wat binn' wy heden frij!


Frijheid om foar te bidden,
frijheid om foar te tankjen,
frijheid befjochtsje as in liuw
- al is it mar in jier as fiif -
en de dichterlike frijheid
haw ik sa leaf dat ik dit skriuw.



18-04-2010

Neat om ‘e hakken, mar dêrom dus




Nei in lang skoft wer ris in jûn trochbrocht yn it doarpshûs. Nuver, soenen je tinke, foar de frou fan it beheardersechtpear. Mar ja, wy wienen twa kapteins op ien skip en dus ha’k de oare kaptein it griene ljocht jûn. Mar fan ‘e jûn dus, wie ik wer efkes yn de roef. Wat hat in doarpshûs dochs in wichtige funksje foar it doarp. Alteast, sa’n as úzes. Middeis wienen der sa’n acht oant tsien frijwilligers dwaande west mei it timmerjen fan in houten sket om it al earder oanleine terras hinne. Doe’t se ienris goed op gong wienen, waard besletten dat der ek in sket om de oanswette jeu de boulesbaan lein wurde moast. No is de jeu de boulesbaan der noch net, mar it sket stiet der alfêst mar, sadat de âlderein de ballen aanst sa heech smite kin at er wol. Jûns moast besprutsen wurde wat der deis taret wie oan dy baan.

Ik siet sa tusken it wurk- en oanrûn folk en it foel my op hoe gau it petear oergie fan dy jeu de boulesbaan op oare ûnderwerpen, lykas dreamen, fisy op gemeentlik belied foar lytse doarpen, de jongerein dy’t earst thús wêze moast jûns foardat memmen (en stikem ek heiten) sliepe koenen. Wat is it libben dochs eins ek simpel as it oer soksoarte dingen giet. En wat is it moai dat minsken sa’n plakje hawwe dêr’t se efkes hinne gean kinne om út te pûsten fan de wurkwike en it sechje kwyt kinne dat harren eigen frou al hûndert kear heard hat, mar nij is foar guon minsken yn it doarpshûs. Watte? Ik sil it better sizze: jo kinne better in jûne nei it doarpshûs (yn Boerum) ta
as tsien kear nei de psycholooch.
In x-oantal gintonics yn oanmerking nimmend,


01-04-2010

Keurich regele






De leste wiken moast ik in kear as wat yn it sikehûs yn Ljouwert wêze. Eartiids gie ik nei it Bonnehos, mar no is der it MCL, it Medisch Centrum Leeuwarden. In prachtich moai grut gebou hear, en heldere paadwizers boppe de brede en lange gongen mei ôfslaggen lofts en rjochts. In brede ynformaasjebaalje rjocht foar dy, fuort ast de mânske rûne draaioargeldoar útrûgelest. Dan komt der earst oan de lofterhân in ôfsketten romte, dêr’t minsken harren ponskaartsje meitsje litte kinne. Op fertoan fan in identiteitsbewiis, fansels, oars kinst drekst wol wer nokke.

Earder koest dyn wein earne delsette en neitiid giest wer gewoan nei hûs, mar tsjinwurdich hawwe se slachbeammen foar in parkearterrein en moatst earst in kaartsje út it apparaat lûke. Dat is op himsels al in aventoer, want do nimst in draai, rydst sa ticht mooglik njonken it apparaat oars binne dyn earms te koart, dan moatst hurd sjen datst dyn rút del krigest en op de griene knop drukke. Spannend. Komt it kaartsje?
Afijn, de dingen dien dy’t je sa al dogge yn in sikehûs, en dan sil je wer op hûs oan. De apparaten binnen- en bûtendoar roppe alwer oan dy: hjir betelje, blinder! Minsken binne hastich oan it sykjen nei lytsjild, want as je ienris klear binne, telt eltse tel. Hoe jin auto op langer op it parkearterrein stiet, hoe djoerder. Sels bin ik ek net sa’n ien fan beteljen (teminste net foar ditsoarte dingen), dus ik ek hurry up dy kaart deryn en de Rabopas by de hân. Mar dat ding hoegde er net, sei it apparaat. Achterlik, fûn ik. Kinst oeral mei dyn pas betelje tsjinwurdich, mar yn sa’n modern, nij gebou net.

Mar no siet ik der al mei, want baar jild hie’k net by my. Dat earst mar ris op dy brede ynformaasjebaalje ta, dêr’t in stik of trije minsken yn moaie stewardessepakjes omstapten.
‘Ja, mefrou, dan kinne jo hjir om ‘e hoeke, yn de buert fan ‘e winkeltsjes wol efkes jild pinne’, sei it freonlike frommiske. Ha! Fansels. Sa’n sjyk sikehûs hat ek in pinautomaat. Dêr’t winkeltsjes binne, moat ek jild wêze. Dêr mar op ta, dus. It apparaat lykwols, friet myn pas wol op, mar spuide gjin jild. ‘Pas ongeschikt’. Hmm.
Mar fuort net ferslein, gie ik ien fan de winkeltsjes yn en frege oft se by it beteljen fan in produkt ek wat ekstra jild ferskaffe koenen. Dat woenen se wol. Ik krige keurich in briefke fan tweintich euro mei. Dat soe de kosten dekke moatte, tocht ik.
Nei wer trije minsken by de parkearautomaat, wie ik oan de beurt. It wie yntusken in kertier, tweintich minuten letter. De kaart deryn, briefke fan tweintich deryn. Mis. Nochris besykje. Wer mis. Miskien hie’k it biljet der op ‘e kop yndien? Nee hear, dat wie it ek net. Ik haw alle kanten besocht. Dan no dochs mar ris de ynstruksjes lêze. Doe seach ik, dat der t’en heechsten in biljet fan tsien euro yn mocht. Jasses!

Ik wer nei it winkeltsje ta. ‘Nee,’ sei it famke fan de Etos freonlik, sûnder earst yn de kassa te sjen; ‘ik haw gjin lytsere biljetten mear. Faaks kinne jo it ris by de ynformaasjebaalje prebearje? Dy hawwe fêst wol lytsjild.’
Sucht. Op nei de unifoarmfamkes. Dêr krige ik yndie twa tientsjes. Ik stapte op de parkearautomaat ta en wachte wer myn beurt ôf.
At it ding it no net die, stie ik net foar mysels yn.



24-03-2010

Túnkjen en striken





Hjoed mar ris de tún yn west. Dat liet ik oars graach oan Romke oer, mar dy hat it op it stuit drok mei jiersfergaderingen fan doarpsbelangen en oranjeferienings ensa. Dat dan is de tún noch langent oan de beurt.

Eartiids die ik hielendal neat oan de tún. Dat wie ik ek net wend; by ús yn de Wâlden lieten we alles gewoan waakse. By myn âlden is dat noch hieltyd sa. Us heit hat in bosk om hûs hinne oanlein. Dat wie net sa dreech, want de beammen skeaten as poddestuollen op. Hy hoegde se allinne mar út te dollen en op it plak te setten dêr’t er se ha woe. No hat er oeral om hûs hinne pytfersideplakjes foar himsels. Ast der bist kinst wol in oere sykje foardatst him fynst. De measte kâns hast ast nei de plakjes sikest mei it útsicht op syn Normandiërs.

By heit-en-dy moasten eartiids de hagen en beammen wolris snoeid en it gers meand, mar dêr wienen de jonges foar. Wy dienen frouljuswurk. Mar no, no’t ik al in jier of wat de keunst fan Romke ôfsjoen haw, fyn ik it wol aardich om my der ek mei te bemuoien. It begûn mei it útkiezen fan de kleur fan de blommen op Pinkstermoandei. Omdat ik krekt dy kleuren byinoar hawwe woe, bleau ik der by stean at Romke de saak te plak wrotte. Want at ik dat net die, dat wie nuver, dan die er it altiten krekt ferkeard. Nuver ja, want soest sizze, fan al dy kearen koe er it per ûngelok ek wolris goed dwaan, mar dat barde nea. Dus at hy dan dochs oan it heisterjen wie mei de modder en skepkes en potten, dan koe ik likegoed efkes meihelpe. Dan wienen wy in oere as wat moai bezich en wie it hielendal nei it sin. Romke is sa goed as koeke, dy folge de oanwizings trou op.

Mar no gean ik der sels oer gear. In dei moai waar set de masine oan ‘e gong. Hjoed ha’k Jan ynskeakele foar it oanfeien fan it hiem. Dat lei fol túch. De jonge moat it ek wat meikrije, no? Dat besykje ik mei mear dingen, want ik wol skielk net hawwe dat myn skoandochter my ferwyt dat ik in prins ôflevere haw. Juster ha’k him foardien hoe’t er syn boesgroen strike moast.
Doe’t ik sei: ‘en no do!’ sei er dat dat net hoegde, omt er de blaudruk fan de hanneling yn de holle opslein hie.
No ja, dat kin. Sa haw ik ek jierren de keunst fan it túnkjen opslein.