24-03-2010

Túnkjen en striken





Hjoed mar ris de tún yn west. Dat liet ik oars graach oan Romke oer, mar dy hat it op it stuit drok mei jiersfergaderingen fan doarpsbelangen en oranjeferienings ensa. Dat dan is de tún noch langent oan de beurt.

Eartiids die ik hielendal neat oan de tún. Dat wie ik ek net wend; by ús yn de Wâlden lieten we alles gewoan waakse. By myn âlden is dat noch hieltyd sa. Us heit hat in bosk om hûs hinne oanlein. Dat wie net sa dreech, want de beammen skeaten as poddestuollen op. Hy hoegde se allinne mar út te dollen en op it plak te setten dêr’t er se ha woe. No hat er oeral om hûs hinne pytfersideplakjes foar himsels. Ast der bist kinst wol in oere sykje foardatst him fynst. De measte kâns hast ast nei de plakjes sikest mei it útsicht op syn Normandiërs.

By heit-en-dy moasten eartiids de hagen en beammen wolris snoeid en it gers meand, mar dêr wienen de jonges foar. Wy dienen frouljuswurk. Mar no, no’t ik al in jier of wat de keunst fan Romke ôfsjoen haw, fyn ik it wol aardich om my der ek mei te bemuoien. It begûn mei it útkiezen fan de kleur fan de blommen op Pinkstermoandei. Omdat ik krekt dy kleuren byinoar hawwe woe, bleau ik der by stean at Romke de saak te plak wrotte. Want at ik dat net die, dat wie nuver, dan die er it altiten krekt ferkeard. Nuver ja, want soest sizze, fan al dy kearen koe er it per ûngelok ek wolris goed dwaan, mar dat barde nea. Dus at hy dan dochs oan it heisterjen wie mei de modder en skepkes en potten, dan koe ik likegoed efkes meihelpe. Dan wienen wy in oere as wat moai bezich en wie it hielendal nei it sin. Romke is sa goed as koeke, dy folge de oanwizings trou op.

Mar no gean ik der sels oer gear. In dei moai waar set de masine oan ‘e gong. Hjoed ha’k Jan ynskeakele foar it oanfeien fan it hiem. Dat lei fol túch. De jonge moat it ek wat meikrije, no? Dat besykje ik mei mear dingen, want ik wol skielk net hawwe dat myn skoandochter my ferwyt dat ik in prins ôflevere haw. Juster ha’k him foardien hoe’t er syn boesgroen strike moast.
Doe’t ik sei: ‘en no do!’ sei er dat dat net hoegde, omt er de blaudruk fan de hanneling yn de holle opslein hie.
No ja, dat kin. Sa haw ik ek jierren de keunst fan it túnkjen opslein.


Geen opmerkingen: