26-02-2010

Avatar












Hjoed einliks nei Avatar west, de film yn 3D dy’t Jan al lang sjoen hie en mei in ‘hmm’ ôfdie. Hjir en dêr al wat kommentaar heard, net goed, net beroerd, mar fierder waard ik net folle gewaar. Blykt it dochs krekt myn soarte film te wêzen. Ik hâld wol fan wat fantasy, it tilt my efkes yn oare sfearen. Aliëns bin ik ek sljocht op, grien of blau, it makket my allegear neat út, at se mar net as domme bargen fjochtsje. In bytsje tûk dus.

Mar bûten dat de film wol wat foarsisber wie, sieten der hiel aardige metafoaren yn. De minske wurdt wer as it grutste, mar ek edelste bist delset. De lieder is de fernieler en de lêste (skeinde minske) sil de earste wêze. It natuerleauwe slacht foar master op, mei leaver in mem as in heit as God. Amen.

De natuer wint it fan minske en masines. At dat ris echt wier wêze koe. Dat slagget op dizze wrâld al net mear, bin ik bang. Wat ik ek wol aardich fûn wie de ynfiltraasje yn de liven fan de aliëns. Op ierde binne faaks ek wol aliëns dy’t ik wol ris ynfiltrearje wolle soe. Ek oaren wol trouwens. Liket my machtich; in dei of wat yn it lichem fan in oar krûpe en sjen wat dy docht en seit. Of soe ik dan de bestjoering ek oernimme meie? Dat is noch better. Kin ik de man of frou dingen dwaan en sizze litte dy’t er de oare deis wer ferantwurdzje moat. Ik soe der gjin misbrûk fan meitsje hear. Och heden, nee. Mar in dei de foarman fan de PVV wêze en dan leaf laitsjend reade roazen útdiele oan moslima’s mei holdoekjes? Of yn de Twadde Keamer Femke Halsema’s tonge sa lamlizze dat se in dei allinne mar kraaie kin. Yn Sven krûpe, fleane oer it iis en him de lêste race nochris ride litte, twa kear sa hurd as Lee. Of...Of....zzzzzzzz.


19-02-2010

Frysk sankje




De A is fan aapke, dat hinget yn de beam,
de B is fan bearke, dat fisket yn de stream.
De D is de do, dy sit op in tûke,
de E is de ealjebij, dêr moat je foar dûke.

De F is fan fisk, dy swimt yn it wetter,
de G is de guos, dy giet op ‘e kletter.
De H is in hauk mei skerpe eagen,
de I is in iisfûgel dy driuwt op weagen.

De J is de jachthûn, dy jaget op in knyn,
de K is fan kamiel, dy rint yn de woastyn.
De L is it lamke dat dûnset op it lân,
de M is fan marmot, dy sliept yn it sân.

De N is fan noashoarn, lôch en tjok,
de O fan oaljefant, mei in sloarf, gjin fok.
De P is fan panter, dy slûpt yn it gers,
de R is de roek, dy snobbet in kers.

De S is de slange, dy’t glidet oer de grûn,
de T is fan tiger dy’t oer de prêry rûn.
De U is in ûle, hy flocht om ‘e toer
de W is fan wolf, dy gûlt der oer.

Hawwe jimme wol goed oplet?
De C, Q, V, X, Y en Z
binne gjin begjinletters
yn it Fryske alfabet!




18-02-2010

lykwicht





ik koe mei myn liif
fêst better oerwei
at it wicht yn 'e kiif
fan myn skriuwen lei




15-02-2010

Ahoy, it skip sinkt!





Dit wykein wienen wy yn Rotterdam, wy soenen nei de tennisfinale yn it Ahoy. Om’t je noait witte hoe’t it mei it waar sit, binne wy deis tefoaren al dy kant út gien. Wy woenen der wis fan wêze dat wy der op tiid wêze soenen. De finale soe sneins om 12.00 oere middeis begjinne. Doe’t wy der kamen om in oere of alve hinne, bliek dat om 12.00 oere net de inkeld, mar de finale dûbeld spile wurde soe. Alderbêst, tochten wy, mar dy moat der dan op ta wêze, want wy komme foar de finale inkeld. Dy soe dêrnei wêze, om 14.00 oere. Fuort mar wer.
Us wurdt neat frege, men is oerlevere, no? Mar eins hienen wy doe al op skerp stean moatten. Dat is mei fersekeringen ek sa. Ast wat fergees krigest, moatst derop rekkenje datst it dûbelde kwyt bist fan watst fan plan wiest út te jaan.
Seit ús heit altiten.

Hawar, de dûbeld wurdt spile. Moaie wedstriid, mar it gie my fluch genôch. Dûbeld sa hurd, hin. Ik bin der wis fan dat at se my filme hienen, dat ik dan oars net dien hie as sitten te nee-skodholjen.
De finale wie tusken Robin Söderling en Mikhail Youzhny. In Sweed en in Rusk. Doe’t dy lêste it fjild op kaam hie al wat in nuver gefoel, want hy hie in lyts famke oan de hân dat strielde as in sintsje, sa wiis wie se dat se him it fjild op bringe mocht. Mar hoewol’t er har hantsje beet hie, gie der neat fan him út, hy seach net iens nei it famke. It like wol oft er har plichtmjittich meitôge.
Raar fûn ik dat. Mar miskien wie er wol sa bot konsintrearre dat er him fan neat bewust wie?

De Rusk briek de service fan Söderling drekst yn de earste game al. Mar Söderling rekke net yn panyk en pakt de tried rêstich op yn de twadde game.
It slagget him en brek werom yn de tredde en fjirde game. Nei it winnen fan de earste set moat de Rusk behannele wurde. Net oan de pols dêr’t er earder oan blessearre west wie, mar oan de hamstring. Dêrnei gie er suver opknapt goed fierder, mar hy koe de goed spyljende Söderling net hâlde. Dat fernaam er, en doe joech er belies. De hearen hienen doe likernôch trije kertier spile. It oerjaan fan Youzhny kaam út it neat wei opsetten. Hy wie net fallen, hie net mei de foet lutsen of ompield, neat fan dat alles. Hy gie gewoan sitten en rôp de wedstriidlieder. En dat wie it dan.
Wy hienen de kaartsjes al hast in jier lyn koft foar Romke, foar syn fyftichste jierdei. Dy hâldt ôfgriislik fan tennis. Leit der hiele nachten foar. Mar hy hoecht der net wer hinne, sei er fan ’e moarn. Wy hoege der net wer in kaartsje oan te spandearjen.
Mikhail Youzhny hat yn Rotterdam € 125.000,00 opstrutsen.









10-02-2010

De waskman





It iennige dêr’t ik hjoed echt myn aardichheid oan hie wie buorman Postma.
Ik hearde him op klompen klepperjen op it klinkertpaad njonken ús hûs. Ik hie krekt strutsen en siet efkes achter de pc om dat wer kwyt te reitsjen. Ik fyn it moai, mar doelleas wurk, dat ik haw de manlju opdroegen net mear as trije boesgroenen elk wyks smoarch te meitsjen, want oars kin ik wol oan de gong bliuwe. Lesten hie Jan in haastputsje en woe er krekt dat boesgroen oan hawwe dat noch by it striken lei. ‘Wol mem...?’ De opdracht yndachtich dat memmen harren soannen net as prinsen ôfleverje meie oan skoandochters, griep ik de kâns oan en haw him efkes lês jûn. No ja, dat wol sizze, ik die it him foar en hy seach dernei. No mar hoopje dat er it salang ûnthâldt.

Mar Postma dus, hearde ik klepperjen, dat ik rûn nei de achterdoar om him op te heinen. Hie’k al sein dat ik der sa’n hekel oan haw at minsken der drekst mar ynbaarne? Sy binne my al ferskeidene kearen oer it mat kaam mei in heale piama oan, dus soks hoecht om my net. Postma brocht de waskkoer. Dat wol sizze, ik tink dat Postma de wask brocht dy’t de frou dien hie foar it doarpshûs. Dy wask besjoch ik meast mei arguseagen, en wol, omdat dy der folle skjinner en netsjeser útsjocht as minent. Al die handoeken, teedoeken, dweilen, ja sels de oanrjochtdoekjes sit net in tear yn. Sy strykt álles.

Ik kin my dêr net by. Sjoch, der binne ek minsken dy strike hielendal neat. De bûsdoeken net en de slopen ek net. Dat hoecht net, sizze se, want ien kear brûke en sjochst al net mear dat se strutsen binne. Dêr sit wat yn, fansels. Mar wa wol no net at er yn in krekt ferskjinne bedsje stapt, yn dat hearlik kessen dûke dat sa swiet rûkt nei striken? Soks animearret dochs?
Hawar, buorman brocht de waskkoer, en it foel my ynienen yn: wat as buorman no ek net as prins grutbrocht is? Miskien is it syn eigen hantwurk wol. Ja, dan sjochst dochs mei hiel oare eagen nei sa’n koer.


06-02-2010

Minder Frysk, dus kwaliteit ynhâld moat better







Fan ‘e middei drok sitten mei Culler en Heslinga, want moandei hawwe wy in dreech tentamen fan it kolleezje literatuerskiednis ûnder tafersjoch fan prof. Goffe Jensma. Om healwei seizen ha’k efkes skoft nommen om sipelsop te sieden en wat ierpels op te bakken. Ik wie dochs mar allinne thús en dan hawwe je krekt it gefoel fan de jierdei: je meie sels witte wat je ite. Dus sipelsop klear, ierpels op sacht en efkes de tillefyzje oan. Wat sketst myn ferbazing: sjoch ik dêr de professor net sitten? Njonken Huub Mous noch wol. It like oars wol moai, dat reade en wite hier neist inoar. It hie better oarsom op de hollen sitte kinnen, want Mous liket my út aard wei wat read ta. Ynhâld en foarm, no.

Oare kant de tafel sieten in Katalaan, Miquel Marzabal Galano en Annigje Toering, ik tocht fan de F.N.P., mar dêr wol ik of wêze, dat wit ik net wis. De Katalaan hat in Fryske freon en ferwûndere him deroer dat der sa rûch mei it Frysk omgien wurdt en dat it sa’n bytsje brûkt wurdt yn iepenbiere romten. Wy Friezen soenen mear foar ús taal opkomme moatte. Der ûntwikkele him in aardige diskusje dy’t de presintatrise Miranda Werkman net hielendal yn de hân hie. Dat wie ek wol te ferwachtsjen, want it rôp emosjonele reaksjes by de sprekkers op. Net by de professor trouwens, dy bliuwt altiten sa rêstich as in pûn moal, mar de oaren sieten aardich op ‘e preekstoel. Foaral Mous
skeat út de slof. It wurd ‘twinge’ wurke as in reade lape op ‘e bolle.
Wat is twingen eins? At de pro-NLers harren sin krije, is it likegoed twingerij. Allinne is dat al sa lang oan ‘e gong dat wy dêr al net iens mear om meale.

It meast nijsgjirrige fan dit petear fûn ik de opmerking fan prof. Jensma dat it Frysk holpen wurde kin troch ynhâldlik goeie teksten te skriuwen of út te sprekken. As it wichtige saken betreft en dêr wurdt tapaslik op yngongen, dan makket de taal eins neat út en kin dat likegoed it Frysk wêze.
Fierder wie men it der wol oer iens dat de befoardering fan it Frysk de lêste jierren faaks tefolle by de ynstituten lein hat. Ik wit net oft dat wier is, mar dat nim ik graach oan.

Ik tink sels dat it ûnderwiis op de basisskoallen (dêr’t it lêzen en skriuwen begjint) en it fuortset ûnderwiis de bêste plakken binne om de taal goed op gleed te krijen. En dan net sa frijbliuwend at it no is, nee, men moat de skoallen twinge it Frysk ferplichte te stellen. It is folle better in taal jong oan te learen. Want in taal ferlieze giet fansels, mar ast âlder bist, kinst al wol fiifentweintich jier yn Fryslân wenne hawwe sûnder de taal oait mûnling yn de macht te krijen.

Ik woe wol dat dat dat ferrekte tentamen hjir moandei oer gie, ik haw goed oplet.




04-02-2010

Hast wol ris wraak nommen?





Dat wie in fraach by ‘Man bijt hond’ hjoed.
Wraak. Wraak. Jin wreke. Ik tink dat dat minder faak bart dan datst eins wolle soest. As ik wraak nimme woe, kin ik my dêr eins neat by foarstelle. Wraak komt by my pas yn byld by ûnrjochtfeardichheid, as immen in oar moedwillich skeint, sûnder dat dêr drekst in reden foar oan te wizen is. En dan heakket it dus al, want kinst altiten op slach witte oft der gjin reden foar is? Dus op de died straffe dochst faak net. Je litte it ‘ûnrjocht’ oer je hinne komme en tinke: wêr komt dit wei? Wat sit der efter? Wêrom moat dizze persoan krekt dit tsjin my sizze of dit my (of myn famylje) oandwaan?
Mar by gefallen fan sinleas geweld fiel ik de wraakgefoelens wol yn my opkommen. At de oarsaak drank is, en de died dus net alhiel tarekkene wurde kinne soe, ja dan tink ik dat der altiten wol in ekskús te finen is. En dat jild ek foar dronken autobestjoerders. Se hawwe it net wold, mar se hawwe ek gjin war dien om it te foarkommen. No ja, soks soarte gefallen roppe by my dus wraakgefoelens op.
As ik der goed oer neitink soe ik de moaiste wraak de wraak op politisy fine, dy’t ien of oare maatregel dertrochhinne jage hawwe, dy’t minsken mei in tinne beurs treffe, of minsken dy’t ta de swakkeren yn de maatskippij behearre. Dan woe ik eins hawwe dat hja har oait sels yn dy posysje komme soenen en dan ûnderfine wat sa’n maatregel betsjut. It is kalvinistysk tocht, ik wit it, mar jo leare nea better as dat je it sels ûnderfine. Wraak is eins in re-aksje, hast de kar om dy aksje út te fieren of net.


03-02-2010




Us Maaike had okkerdeis mei stúdzjereis nei New York west.
Omdat it in stúdzjereis wie, moasten de dagen troch groepkes studinten ynrjochte wurde oan de hân fan tema’s. Yn dit gefal: it apel tema. The Big Apple, the Money Apple, the Art Apple, the Movie-apple, the Apple for the thirst, etc., you name it.
Hiel nuttich eins wol, want hja moasten har ynlêze, se moasten efter tickets oan en dy tefoaren betelje en se moasten fansels ek soargje dat de ûnderdielen fan harren tema op inoar oanslueten. Ek praktysk moasten dy ûnderdielen te realisearjen wêze. As se tefier út inoar leinen, waard der tefolle tiid ferlern mei it reizgjen. Fuortendaliks krigest dan ek mei de manieren fan ferfar te krijen. Boppedat moast de lichaamlike kondysje prima wêze, want der soe nochal wat ôftoffele wurde. Ien fan de begeliedende dosinten hie sein dat men in stêd noait better kennen learde as rinnend. Dus wienen se yn en om Central Park hinne it bokje.
Alles wie ynoarder, útsein it netwurk yn it hotel dêr’t se ferbleaunen. Dat koste nochal wat, dus wy bleaunen ferstoke fan de reisferslaggen dy’t ús foar eltse dei tasein wienen. Ik koe it my eins net begripe, dat it brûken fan ynternet yn de F.S. of all places sa djoer wêze moast. Maaike hat dat oplost troch ienris wer thús der eltse dei in tekst fan ien dei mei wat foto’s op te setten. Dan krigest fansels wol it kommentaar dat minsken tochten dat se noch yn NY siet.
Op ‘e bank, lekker yn in tekken nussele sei Maaike dat se har wat frjemd fielde. No se thús wie, wie it krekt oft se noait fuort west wie, mar tagelyk ek oft se in hiel skoft fuort west wie.
En yn NY hie se it gefoel hân dat se al hiel lang fan hûs wie. Krekt as rûn se wat efter harsels oan.
Dat is de jetlag, leave, sei ik. Dat tink ik dan mar, want ik haw sels noch nea flein.
Oan har te sjen wie it earder in bêdlêch.




Efkes nijslêzeres foar de NBC...


http://www.gepkepoortinga.nl/

01-02-2010

de poëtyske spieren




‘Daarom voor mij geen Laverman
tussen Leeuwarden en Sneek
Geen Ruurdsje de Haan-gepreek
De stilte, daar word ik poëtisch van’

boarne: http://www.huubmous.nl/2010/02/01/het-solipsisme-van-een-kind/#comment-94708



Knilles seit dat der net genôch blogge wurdt op it momint.
Oan de oare kant: der wurdt ús stilte oanrekommandearre.
Dat soe op de poëtyske spieren wurkje. Dat hat ek wol wat.


22-01-2010

Lyts taalleske






Okkerdeis kaam Boate by my del. Boate docht dat út en troch. It is in âld freon fan ús heit, dy’t op ien of oare manier in swak foar my hat. Ik wit wol wêrom, hear. Hy hat eartiids in famke hân, dat oan leukemy ferstoarn is. Sy hie itselde fleurige oer har as my, sei er wol ris. Ik wit dat net, ik koe har net. At er soks sei fielde ik my altiten wat nuver, in bytsje skuldich hast, as koe ik der wat oan dwaan dat ik libbe en hja net. Mar Boate prate noait sa lang oer har. Hy stoarre efkes nei bûten en gie dan fierder mei wat er oan it dwaan wie. Of hy prate fierder.
Boate is in Harkyt.
Wy net, wy komme wol út de Wâlden, mar fan sêftere plakken. Ik haw wolris tocht dat wy de Hillbillies fan de Wâlden binne. Wy mei ús grutte gesin wienen altiten dyjingen dêr’t nei wiisd waard at der op skoalle in luzepleach útbrutsen wie. Of at der wer ris fruit stellen wie út de finsterbanken fan de klasse. Dat fruit namen de skoalbern mei foar it skoft, mar der miste altiten wol in apel of in par, en dan waard der nei ús sjoen. Wy seagen spikerhurd werom.
Hawar, it gie oer Boate. Boate mei syn smout praat. Boate fertelde by in bakje kofje dat er lesten op ‘e klaai west wie, by in pear maten fan it leger. Ut en troch, at er dêr dochs yn de buert wie, stuts er efkes oan en dan hienen se it oer froeger fansels. ‘Mar ja,’ sei Boate, ‘sy binne dêre sa serieus , hin. En sa kalm at se bliuwe. Soest tinke, sjitte dy minsken wolris út de slof?’
‘No,’ hie syn maat tsjin him sein, ‘de holle wurdt ús net sa gau oranje as by jimme út de Wâlden, Boate! Wy binne net sa’n driftich en opljeppen folkje. Wy skelle net sa gau en wy hâlde meast ek de hannen thús.
En át wy se brûke, dan leit der gjin ark yn.’
Dêrmei seach er mei in skean eachje nei Boate, want dêr wie wol fan bekend dat er eartiids gau mei de fûsten en soks klear stie. Boate wie hiel bêst, mar moast him net in mis wurd sizze, want dat koe samar ferkeard falle. Wat syn maat him sei, wie eins ek al gefaarlik.
Mar Boate wie gjin achttjin mear. Hy lake ris nei syn maat en sei:
‘Jonge, bêste maat, dat leit him net oan ús, hear. Dat wurdt ús mei de brijleppel ynjûn op skoalle. Hawwe jimme it alfabet dan net leard? It heucht my noch bêst. It gie fan: aap-noat-mes.
En at wy moarns wekker waarden hie ús heit noch foar it hinnefuorjen op earst al in healoere yn it hok stien te slypjen, alle moarnen.
No, en dan litte jo it risseltaat út en troch ek efkes sjen, net?’
Dat wie syn maat flot mei him iens.


30-12-2009

Nijjiersdûk





De snie is fuort. It jier is op.
Wy hakje gatten yn it iis
en dûke yn it saunawetter.
De dea of de idioaten, moatst mar tinke.



27-11-2009

Fiskerssin






Sa sêft en blierread
iezje ik op dy, myn skat,
kringelje wetter ta kronkels
jou dy oan my bleat
sjoch de blei springen
hjir yn Peazens Moddergat




22-11-2009

Oergong






It wetter giselet glês
sa stadich straffend
- deade beammen
leauwe oan de ein -
as moat de maitiid wachtsje.
Wêrom besjoch ik dit?
Men wachte leaver op ‘e sinne
dy’t smoarge streken lûkt
en op ‘e sige stofkes glânzgje lit.

Hjir stean ik, de eagen lilk
om wat net bûge of barste sil,
it antlit ljochtet flammen.
Ik stean op frede, gjin oerjaan
mar de dâns fan dy nei my.
Yn trage wissens floeit my oan -
de nacht langet nei de moanne.




Blom fan it libben






Hoe’t ik dy fyn: yn in lekken lizzend
op de rêch, de eagen ferhelje
fan de flits fan it witten,
de wrâld leit njonken dy útspuid.

Ik telde de stientsjes fan dit paad,
read is wier en grien is it mier,
loftsôf is gewoan en rjochts wie
in soan dy’t moed mjitte woe.

Segeningen binne no ferbruid,
telst de helte en dyn rêch ferfellet mar
in krûpke makket koarte metten,
bonken rattelje as kastanjetten.

Wy knippe repen fan it libben
ôf, fuort dermei, it is net mear, hjir
en dêr in blomke op in farsk grêf,
dêrfoar is de ierde skepen.





01-10-2009

In oare wyn








Dit is net myn nacht. Ik Phoenix,
doe’t ik boppe it doarp fleach,
doe’t ik ferlitten strjitten seach,
in Arabyske nacht, winliks.


Yn it moanneljocht sweeft it tapyt.
De tsjokke loft liftet mar min,
der is neat dêr’t ik de finger op lizze kin
as libben guod, sterke spyt.


De sok fan de lampe is op syn koartst,
en it lemieret al, de wyn is soel.
At hjir ea wat foar my te finen foel
wie it dizze nacht, dy’t skine moast.






12-07-2009

It woeksen krûd





Hoe prachtich kinsto wêze?
Ik tref dy yn de tún
mei laapkes foar it folk,
in streekje read foar
al dy leave biten,
in griperke grien
foar poatige poelen,
in fjild dat nei de himel rikt.

Jin binne der by en jin binne der fan
sasto by de minsken bist
sasto de froulju kinst,
de sigret is de sigaar,
it libben fan in bon vivant
giet fan sprút nei boppeste bêste
salang’t it libben skikt.



17-06-2009

† 104










Sy sliept. Sa djip en fêst dat

flústerjen, neamen en lûd útsetten

net telt. De keamer azemt de rook

fan wiete waskhantsjes. Ik fyn it skouder

op de taast en moat de broazelige bonkjes aaie.



De nachtpronkrêch fertoant in skuor.

Har jurk hinget oer in stoel en as ik wiis

lûkt sy as andert it nachtguod omheech,

de panty foarby, har skonken prikstokken

dêr't it fine gaas omhinne spookje moat.



Sy bazet lûd, biedt my har kopke molke

oan en wriuwt mei beide hannen it wetter

út de eagen. Ik bin de ûnbekende besite

dy't op snein oanwaaien komt. Wy kinne

inoar ferstean, mar fan it sprekken net.





26-05-2009

Earste leafde











‘Wolst springe, of sweve?’ frege pake.

‘Sweve!’ sei it bern.



en ik joech dy myn hân en wy dienen it

fan doe ôf meiïnoar.

Wat koenen wy libje! Wy beleinen

bêd en brochje, wy heinen de segen

út de loft en brûsden fan enerzjy.



Wat is leafde?

It is wat farsk út de eagen floeit,

in stream dy’t streaket ast by my del rinst,

it hert dat tsjûkeret by dyn swym.

Mar leafde, leave, bestiet net.



Sy komt as in ljip yn de maitiid

en giet mei de guozzen fan de winter,

simmers siket se net

en de hjerst, och yn de hjerst



kin se springe.

Mar sweve docht se it leafst.





19-05-2009

Ka, ka





Tip top tipeljend wa
sit dêr de heakse ka
as wie it syn sark
de beïere bjirk it ark

iepen eagen bolle kralen
kin er nei de himel tale
sykjend nei twiich of bút
skreaut er freugde út.







Ka, ka



Tip top tergend blauw
zit de haakse kauw
als was het zijn zerk
op een geaderde berk

open ogen bolle kralen
kan hij naar de hemel talen
op zoek naar twijg of buit
schreeuwt hij vreugde uit.









Houtsnede: Jan Mankes, 1918


09-05-2009

Fantastysong

Dizze bliuwt fantastysk fansels:

(ik kin spitigernôch it filmke net deladen krije)


http://www.youtube.com/watch?v=JKtr1yEKxYg