29-06-2006

ferfolch

Ha, in útnoeging om oan de poëzykursus fan Tsjêbbe Hettinga mei te dwaan! Dat fyn ik aardich fan Oppewal, want ik haw my der al twa jier foar oanmeld en it koe hieltyd neat wurde omdat it fol siet. No ja, ik haw wol geduld hear. Mar doe’t ik ferline jier op ‘e begjinnerskursus poëzy fan Jan Kooistra siet, waard dêr al gau dúdlik dat ik net echt in begjinner mear wie. Sa wienen der noch wol in pear by, mar de measten wienen der noch net sa lang mei dwaande. Wat my opfoel wie it ferskil tusken de minsken dy’t in bettere taalkundige ûndergrûn fan it Frysk hienen. Ast dichtsje wolst, ast góed dichtsje wolst meist yn myn eagen (en dit is in gefaarlike útspraak, mar ik doch him dochs) pas flaters meitsje ast witst datst se makkest. At se dus mei doel makke wurde, bygelyks omdat de oanpassing fan in wurd, de grammatika of de syntaksis yn tsjinst stiet fan de tekst. Ast gjin goeie ûndergrûn hast, wurde der noch faak flaters út ûnkunde makke, en dy binne ek as soksoarte flaters te werkennen. Wat sloarderich is fertsjinwurdicht foar my no net drekst skientme, hoewol’t dat net betsjut dat der gjin belofte yn sit. Unkunde is te ferjaan, mitsdatst iepen stiest foar ferbetterings.

Yn de rin fan de tiid die bliken dat de begjinnerskursus net de útdaging wie dy’t ik socht. Mar dochs haw ik der mei nocht en wille oan dielnommen, want oeral learst wat en it is ek wol saak om linich te bliuwen. Fierder fyn ik dat ik ek in protte opdien haw troch goed te sjen nei wat oaren dienen. It is wat oars om de krityk net skriftlik te krijen, mar lyk yn it gesicht. Men seit it wol hoedener, mar it boadskip bliuwt gelyk.
Wat ek moai is ast in tekst mear oandacht joust as ien en twa kear trochlêze, dat der dan ek mear sichtber wurdt fan it dichteproses fan de dichter. En fansels is it altiten aardich dat de dichter sels by de hân is om parten fan syn tekst ta te ljochtsjen. Ik die dat sels leaver net, mar op sa’n kursus kinst der net altiten foarwei strûpe. It sil my nij dwaan hoe’t dat by Hettinga giet. Ik sjoch der wol nei út!










Geen opmerkingen: