24-10-14

Krúsbestowing by it Vakwerk Dokkum


 
De stifting Vakwerk Dokkum (VAK stiet foar Verrassend Ambachtelijk en Kunstzinnig) jout (amateur)keunstners en ambachtslju de gelegenheid om foar in perioade van in pear moannen yn in leechsteand winkelpân harren wurk en wurksumheden te fertoanen.  Sa dogge der der op 't heden keunstskilders, in meubelmakker, in pottebakster en in wolbewurkster oan it projekt mei. Meast sitte der twa of trije keunstners by inoar yn ien pân. Sommige keunstners beoefenje ek noch ris mear as ien keunstfoarm, sadat der genôch te besjen falt. De sittende keunstners en ambachtslju noadigje út en troch ek 'gastkeunstners' út. Hepie de Haan, myn skilderjend en byldhouwend suske, docht ek mei.



Hepie hat koartlyn in oar suske fan my te gast hân, dy't kantklosset. 


Op 1 novimber mei iksels har gast wêze. Ik sil dan besykje gedichten te skriuwen by guon fan Hepie har keunstwurken dy't al makke binne en dy’t yn it pân oan de Boterstraat 10 yn Dokkum steane of hingje. It kin ek samar wêze dat my it each earne oars op falt, en dan dichtsje ik dêr oer. Hepie en ik besykje inoar te 'krúsbestowen', dat wol sizze; sy besiket oan 'e hân fan in fers fan my in skilderij of oar wurk te meitsjen, en ik prebearje by har wurk in fers te skriuwen.
Hjir is alfêst in priuwke fan sa'n krúsbestowing:




 

swier simmer wie it
doe’t pake mei krebintige rêch
yn de lannen om ’e poel
de pet nei foarren, eagen leech
giel de see yn wrede hannen
soeiend stadich snee nei snee
de risping oan syn fuotten foel
hy wurket foar in meager lean
de wolken drige, it waar is wier
pake moat de simmer meane



Geen opmerkingen: