22-06-2007

mûzen om 'e hjouwer




23 juny is it dan safier, dan sil ik oan de dyk stean mei poëzy. Wurden mei de wyn mei oer de minsken hinne struie. De kuierders sille my net ûntkomme, dat wol sizze; ik haw altiten wol ien te pakken, want der komt in dixie yn de buert fan myn tintsje te stean. It earste húske dêr’t de kuierders te plak kinne, dus it kin wêze dat der sporadysk gebrûk fan makke wurdt, mar it kin ek wêze dat er algeduerich beset is. En at se ienris sitte....dan binne se oerlevere fansels.

Romke hat in aggregaatsje liend, wy hienen sels in mikrofoan en wy mochten in fersterker liene fan it shantykoar, dat it kin heve. Ik haw in sjarmante assistint sjartere dy’t apels útdielt, in saneamde apeljonge. Wy moatte moarns earst mar efkes mûskopje. Ik sil him ynstruksjes jaan dat er net al te ree wêze moat mei se oan de minsken oer te jaan. Se moatte eins even op de striepakken sitten gean om te harkjen nei in wurdsje foar ûnderweis. Kinne se wilens moai dat apeltsje opite.
It sil my nij dwaan; soenen de kuierders de blik op ûneinich hawwe, of dogge se it harren oan tiid? Hinget ek fan it waar ôf fansels. No, wy sjogge wol, ik bin der klear foar, ik haw myn flowerpowerklean al opsocht en blommen op it striehuodsje. No noch ôfwachtsje oft der mûzen om ‘e hjouwer strune sille.


1 opmerking:

Ruurdtsje de Haan zei

850 kuierders, mei derûnder harkers nei Fryske poëzy oersettings. Ek fersiken om fersen yn it Grunnings (!).
Moai waar, genôch belangstelling, prachtige dei.